Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 112]
| |
Broer van der Hoek
| |
[pagina 113]
| |
lizzen. Sierksma en Schurer binne fan betinken dat it Haisma net hielendal slagge is it realisme ta symbolisme te meitsjen. Konkrete tsjinstellings en problemen hiene transformearre wurde moatten ta... Ja, ta wat? Kin oan Haisma dy eask ta symbolisearring eins wol steld wurde? Neffens my siket er no krekt nei it konkrete fan wat west hat. Hie Haisma fierder gean moatten? Mar is it dan in tekoart as in minske werom wol nei it konkrete fan wat achter him leit? Faaks is in flecht yn in transformaasje nei in symboalysk begryp gefaarliker en stiet soks ticht by in soarte fan dûbele flecht. De langst nei it konkrete ferline hie symboal wurde moatten fan...? Is alles yn it libben dan symboal fan wat oars? (En leafst fan wat hegers tink.) Ek Haisma jout him lykwols net del by dy konkrete wrâld allinne. Der is yn syn proaza in ûntjouwing nei in net genôch hawwen oan it konkrete. It fermidden fan it ferline hâldt syn benammen geastlike ynfloed. Om't se gjin geastlike ynhâld oan harren libben jaan kinne, falle de haadfigueren werom op hoe't se harren jeugd belibbe hawwe. Wie it dêrby bleaun, dan wie it konflikt net ta in oplossing kaam, mar faaks hiene de haadfigueren my dan sympatiker west. Mar uteinlik jout de skriuwer yn sekere sin belies. De langst nei in katarsis fan it libben is by him like grut as by syn besprekkers, om't er net oan syn eardere fermidden ûntkomme kinnen hat. It is dy stelling dy't ik yn dit artikel útwurkje wol. | |
It ûntbrekken fan in geastlike wrâldWêr't gjin inkelde resinsint fan Haisma syn proaza op wiist, is it ûntbrekken fan in geastlike wrâld. It falt dochs op dat de haadfigueren suver gjin geastlik kontakt hawwe mei oaren. Hoe tochten harren âlden, harren froulju, wat gie der om yn harren bern, wat wie der sa goed oan ‘de Friezen’? It giet derom wat te learen yn it libben, mar wat hawwe se dan by einsluten leard? Der is inkeld in weromfallen op konkrete dingen: it wurk, it lân, de natuer, it ritueel. Nee, guon besprekkers hawwe dêr gjin genôch oan. Sy besykje dêrom mar sels in geastlike ynfolling te jaan. Ik kin it net litte en neam hjir wat foarbylden. C. Kramer wurdearret de foarútgong yn it wurk fan Haisma, in foarútgong dy't him uteret yn it skuldbesef fan Peke.Ga naar eind6. W. Kok wit Haisma by it kristlike kamp yn te heljenGa naar eind7. en Y. Poortinga besiket him ta de bewegingslju te rekkenjen. Peke hat de slach neffens him wûn om't er op 't lêst dochs aardzje kin yn Fryslân, en foar alle (goede!) Friezen dy't it bûten Fryslân socht hawwe is hy dêrom in symboal en in teken: der is in plak te finen yn it Heitelân.Ga naar eind8. Dy oplossing stiet my hielendal tsjin, ek | |
[pagina 114]
| |
al om't it deun leit by it ‘hy moat him fernederje’ fan de kristlike besprekkers. | |
It perspektyfEk yn it perspektyf komt eat fan de hâlding fan de skriuwer nei foaren. Tr. Riemersma wiisde der al op dat der wat frjemds is mei dat perspektyf.Ga naar eind9. Neffens my hat dat te krijen mei it geastlike klimaat fan wêrút Haisma skriuwt: in soarte fan kalvinisme wêryn't it net om it hjir en it no giet, mar om in geastlike mearwearde. Wearden kinne in minske sa faak oanpraat wurde dat se op 't lêst eins ynslipe binne yn syn psyche. Hy rekket in beskate hâlding dan net mear kwyt, al ferwachtsje guons op dat mêd nochal wat fan psvcho-analyse. Sa binne Haisma syn haadfigueren oanfretten troch in besef dat der mear is, al kinne se nea oantsjutte wat der dan west hat. As de skriuwer syn haadfigueren harren ynderlik beskriuwe lit, moat er dêr stopje (it ‘och, och, och - hark, de gamelan!’ fan Riemersma).Ga naar eind10. De fertelynstânsje moat it wurd dan wol oernimme. Dêrtroch ûntstiet it gefoel dat er mear wit en der boppe stiet. Haisma brûkt dat prosedee ek om oan te jaan dat syn figueren it net maklik hawwe en dat de lêzer wol begrypt wêrom. Sa kin er by syn figueren djipgong en in geastlik mear suggerearje, sûnder it fierder oan te tsjutten. Lykas de dûmny op s. 33 fan It lân forline rint de lêzer as tsjin in muorre. Wat de figueren tinke oer it leauwe, oer God, oer... hoecht de skriuwer net oan te jaan: de lêzer hat wol weet fan dy ôfgryslike djipte. De haadpersoanen kinne ek fan harren ûnwennigens allinne konkrete dingen neame, mar dochs is der in suggestje dat der mear is, troch it yngripen fan de fertelynstânsje. Dat it nea om it hjir en it no giet, docht ek bliken út wàt beskreaun wurdt. De ferteller stiet benammen stil by it ferline en de takomst. Eazge, de haadfiguer yn It lân forline, giet fuort om't it om syn takomst giet. Wat er docht en hoe't er libbet, wurde yn in pear siden ôfdien. Wat oerbliuwt is it langjen nei wat west hat.
De wrâld dy't Haisma opropt besprek ik oan de hân fan in tal ûnderwerpen: | |
De posysje fan de ynlanner en de frouNeffens my is in emansipaasje of in opkommen foar hokker minske dan ek net mooglik yn it wurk fan Haisma. Sa wurde de ynlanners yn de sket- | |
[pagina 115]
| |
sen yn Suderkrús faak allinne brûkt om de blanken te tekenjen, of, yn de wurden fan Inne de Jong: ‘It beswier tsjin hast alle koloniale literatuer jildt foar in part ek foar dit boek fan Haisma: it biskriuwt de kolonisten en net it oerhearske folk.’Ga naar eind11. Yn in ferhaal as ‘De bisegeling’ liket Haisma al each te hawwen foar de ynlanner, mar lykas yn alle ferhalen is dat mar skyn: it binne net de minsken dy't syn belangstelling hawwe. De minsken moatte ommers harren plak fine yn in heger oarder as dy fan dit libben. De dochter fan de mestys Hilbrand wurdt dan ek sûnder mear yndield by de ferdrukten. Alles bliuwt by it âlde, syn dochter fynt allinne in oar plak yn de maatskiplike ferhâlding, in ferhâlding dy't in soad wei hat fan in natuersaak. Oer geastlike saken wurdt net mei syn dochter praat. Noch dúdliker wurdt dit tekoart oan persoanlike ferhâldingen by de frou. As Eazge Tadema, de haadfiguer út it titelferhaal fan de ferhalebondel It lân forline, foar it earst nei Ynje giet, hat er it der hast allinne mar oer dat syn âlden it slim fine. Oer syn faam Baukje wurdt net praat, wol wer oer wat har âlden der fan fûnen. As Baukje dan in pear jier letter nei Ynje komt, docht de skriuwer dat ôf mei in inkelde sin. Fan in relaasje mei Baukje is by Eazge dan ek hast gjin sprake en fan hertstocht haw ik ek net folle fûn. En dochs langet er nei har werom. Sels foarm jaan oan sa'n relaasje giet Eazge te fier. Letter tinkt er dat er it troch skuld op him te nimmen wer goed meitsje kin. Skuld achterôf nimt de ferantwurdlikens wei om sels wat te meitsjen fan dy relaasje. Yn de sketsen hat de frou faak de funksje om de ûnwennigens fan de man te fersterkjen, of se hat gjin weet fan de langst fan de man en fersterket op dy wize syn weemoed. Har funksje is yn in soad sketsen in tsjinjende (‘Rimboe’, ‘De twadde dead’) en yn ‘Op 'e grins’ wurde de gefoelens fan de frou oer har bern dat stoarn is minder achte as de oertinkings fan de man. No smyt syn gefilosofear net safolle mear op as it fertriet fan de frou, mar de ferteller jout yn alle gefallen oan dat der mear is, dat der djipper tocht wurde kin. It risseltaat is it ynsjoch dat de minske lyts is tsjinoer de natuer en dat er grutte problemen (tiid en romte) oerjaan moat. De hegere ienheid is mear in yntuysje as in skôging en of sokke oertinkings it ‘och, och, och’ te boppen geane, hinget fan de lêzer ôf. It psychologyske ynsjoch (romme troch safolle besprekkers) falt hjir raar ôf. Baukje kriget in klisjee-êftige behanneling fan Eazge en wat slimmer is, ek fan de ferteller. De haadfiguer hat allinne belangstelling foar har foarsafier't se him ferbynt mei it ferline, it ferline fan syn heit en mem... Opfallend fyn ik dat de memmefiguer net better útwurke wurdt. Sy komt yn It lân forline hast net foar en spilet dochs op de eftergrûn in grutte rol. Har posysje wurdt dêryn spegele mei dy fan de ynlanner en de frou. En dy | |
[pagina 116]
| |
komme bygelyks gear yn de posysje fan de mem fan Mardjo yn Peke Donia. Mar foar har hawwe Peke en de ferteller net folle each; sy komt eins net yn it boek foar (it hjir en it no), al hie se der al yn foarkomme moatten. | |
De âldenIt plak fan God wurdt yn de ferhalen en romans ynnaam troch de âlden. Eazge yn It lân forline, s. 60: ‘[...] yn myn libben hat gjin oare greate leafde west as foar Heit en Mem en foar de tiid, dat hja by inoar wiene [...]’ Allyksa is it skuldgefoel tsjinoer God yn it skeppingsferhaal neidat fan de apel iten is, hjir ta skuldgefoel tsjinoer de âlden wurden. En ek dat hat te krijen mei de geastlike achtergrûn fan Haisma, want wêrom soe in jongfeint him skuldich fiele tsjinoer syn âlden as er kiest foar de wrâld (de apel). As Eazge letter as âldfeint in jûn de jongereinferiening bywennet, heart er net nei wat der ynhâldlik sein wurdt. Lykas de haadfigueren yn tsjerke nea net ynhâldlike belangstelling hawwe. Wylst de fammen mei kofje rinne, oertinkt er dat syn libben allinne noch sin en doel hawwe soe as er der sitte soe te praten (wàt der sein wurdt, docht der blykber net ta) yn de eagen fan syn âlden. Libje yn de eagen fan syn âlden soe doel en sin hawwe. Dat wurdt spegele yn it besef dat hjir sitte te harkjen allinne sin hawwe soe as er der as soan diel oan hie. In kalvinistysk skuldbesef hat hjir in wat oare foarm krigen. It hâldfêst wurdt socht yn de rite en der is in tekoart oan ynhâldlike ynfolling. Los fan dy tradysjes binne de haadpersoanen net by steat en jou it libben ynhâld. En dat de skriuwer dit as in tekoart fielen bliuwen is, seit dat er net los kaam is fan syn fermidden. | |
Skuldbesef en relaasjesAchterôf is der it skuldbesef. Of eins is dat besef der al foardat hokker kar dan ek makke is. De minske hat skuld en it kiezen foar de wrâld is altiten ferkeard. Dat skuldbesef is ferlamjend en liket soms in ferlech om gjin stal jaan te hoegen oan hokker minsklike relaasje dan ek. De spanning rûnom it ‘ik’ wurdt net útspile trochdat de haadfigueren werom wolle nei harren jeugd. Dêrom ek wurdt allinne mar praat oer de dingen om harren hinne: de natuer, it wurk. Oer hegere en geastlike saken kinne se ek net prate mei harren heit. En wie it hjir mar by bleaun, mar se hawwe dochs in besef skipe dat der mear is. Peke kin dat sels net oanjaan, mar hy tinkt wol dat dat der by oaren is. De ‘oaren’ binne ek altiten ‘lokkich en ienfâldich’, | |
[pagina 117]
| |
lykas de bern yn Haisma syn ferhalen altiten fleurich en blier laitsjend troch it libben geane. | |
Natuer en bertegrûnDat Kramer yn de natuerbeskriuwings in literêr romantysk prosedee sjocht, hat der alles mei te krijen dat hy net ynsjen wol dat it hâldfêst fan de skriuwer no krekt yn de konkrete natuer sels leit. Ek Kramer wol ‘in mear’. Ik leau der net yn dat Haisma de beskriuwings as in literêr prosedee tapaste, om't sy neat sizze oer de geastlike tastân fan de haadfiguer. De natuer hat in doel en bliuwt yn tsjinstelling ta de minske altiten lyk: ‘Natuer is ivich, it libben is ivich, dit jier sil wêze lykas it foarige en oant yn ivichheit wurdt it ierdryk nij [...]’ (Paed oer it hiem, s. 18). Dat soe dochs de mooglikheid iepenje ta in soarte fan natuergodstsjinst, mar spitigernôch kin de haadfiguer him yn 'e rin fan it boek hieltiten minder losmeitsje fan syn kalvinistysk fermidden. Der is mear as wat de minske hjir sjocht en belibbet en yn dat mear moat de minske in plak sykje. Hoewol't it langjen nei de bertegrûn benammen in fêsthâlden is oan wat west hat, soe men der ek gefaarliker tendinzen yn fine kinne. Sa hellet S. Bloembergen yn 1946 de folgjende sin oan út Peke Donia: ‘Ynje forbredet, mar fordjippet net. Fordjipping fynt men allinne yn it lân en mids it folk dêr't men yn berne en foar skepen is.’ Soks tsjûget fan in frjemde tinkwrald.Ga naar eind12. Bloembergen wurket fanút deselde hâlding as er net in geastlike ûntjouwing sjocht foar de minske, mar in ûntjouwing dy't derop delkomt dat de minske it oerjout. De minske moat berêste yn de fêste oarder (natuer en maatskippij), dy't ferbûn is mei God en Heitelân. Frede krije mei God en de Fryske grûn, dêr giet it om, en net om de minske as yndividu. | |
It jin lyts fielenDat in soad besprekkers it jin lyts fielen yn Haisma syn proaza posityf achtsje is al folle sizzend. Jin fernederje foar God, of foar de minsken of sels foar ‘Fryslân’, skuld hawwe oan de morele iensumens of oan de kar foar de wrâld, it komt allegearre út inselde geastesklimaat wei. Minder slim is dat de skriuwer it hieltiten hat oer in jin lyts fielen tsjinoer de natuer dy't ivich liket. Wol stiet it in konflikt yn de minske tusken frjemd en eigen, of in konflikt dat weikomt út morele iensumens yn de wei. Slimmer is dat Haisma op 't lêst dochs wer itselde ramt kiest as it fermidden dêr't er yn opgroeid is. Hy kin dat no wol net mear fan binnenút belibje, mar hy wit geastlik gjin oare ynfolling te finen en slút opnij oan by de tradysje. | |
[pagina 118]
| |
It leauweYnhâldlik wurdt der net oer it leauwe praat. Peke, Eazge en ek de haadfigueren yn de sketsen hawwe gjin djipgong op dat punt. Yn tsjerke sjogge se nei bûten, op de jongereinferiening wurdt der net lústere nei wat der sein wurdt. Tsjinoer de dûmny wurdt djipgong suggerearre, mar dy docht fierder nearne út bliken. Yn de (bêste) sketsen komt it leauwe noch it minste foar. It liket oft de jonge skriuwer noch it measte tajaan koe oan syn leafde foar de gewoane dingen, sûnder daliks oan in ‘mear’ te tinken. It kristlike komt der wat as in sauske oerhinne en God wurdt as in ‘deus ex machina’ brûkt. Yn It lân forline hâldt Eazge him benammen fêst oan de rituele kant fan it leauwe. De tsjerkegong liket ek it geastlike yn te hâlden (s. 59-60): Eazge hat nea in goed harker west en it measte fan in preek ûntgiet him noch al ris. Dochs sit er trou, alteast as er Sneintomiddei net nei de oare buorren giet, twaris op syn plak. En dochs soe er it gjin gewoante neame wolle. Der sit hwat goeds yn, hjir mei dit ienfâldige folk gear to wêzen op it eigen âlde doarp yn 'e tsjerke, dêr't er as jonge him forfeeld hat of problemen úttocht. Wol stiet hy der oars foar dy dingen oer hjoed de dei; hy hat leard, dat der hwat oars yn sit as kâlde foarm en oanwenst en dat it daelk jins inerlik rekket en jins forhâlding tsjinoer libben en dea en God. Troch it perspektyf hoecht de skriuwer net krekt oan te jaan wat er no tinkt oer God ensfh. It folk is ienfâldich en lokkich (wêrom dat eins?) en wat hat er no krekt leard? Dúdlik mei wêze dat it benammen de bûtenkant fan de dingen is, of de konkrete dingen sels binne, dy't ta it ‘ferlerne paradys’ hearre. Wêrom dan dochs werom nei dat tradisjonele leauwe? It gefoel dat der mear is, hat ek ta gefolch dat der in oplossing wêze moat. Der moat in katarsis wêze. It libben moat ta in grutter doel wêze. Dêrom ek skriuwt Haisma sa faak oer minsken op 'e ein fan harren libben en net der middenyn. As alles west hat, komt de fraach: wêrta dit alles? Siket er it antwurd earst yn in wat dizich natuergefoel, letter komt er hieltyd tichter by it leauwe fan syn ferline. Wa't fan dat lêste bewizen hawwe wol, kin terjochte by in artikel fan J. Knol yn De Stim fan Fryslân.Ga naar eind13. Mei in soad sitaten lit dy sjen dat de haadfigueren fan Haisma faaks net echt tsjerklik binne, mar al kristlik. De siele | |
[pagina 119]
| |
dy't altiten swalke, fynt dan dochs rêst, en foar Knol stiet it positive fan dy oplossing fêst. De ûnwennigens fan de minske nei wat west hat, nei de konkrete wrâld fan it ferline, nee, dêr hat ek Knol gjin genôch oan. Hy beoardielet it wurk fan Haisma fanút itselde fermidden dat derfoar soarge dat Haisma in katarsis, in geastlik mear neistribbet. Besykje ôfstân te nimmen en de wearde dêrfan te bepalen is dan net mear mooglik.
In soad fan syn besprekkers komme út itselde geastlike klimaat wei as Haisma sels. Syn langst nei ‘in mear’, nei in katarsis, is dêrom ek harren net frjemd. Dy oplossing wurdt dan ek like ûnkritysk ûntfongen as it langjen nei Fryslân dat wurdt. De slach dy't Poortinga him winne lit likegoed as de oerwinning dy't Knol him takent, lykje my sa besjoen Pyrrhusoerwinningen te wêzen. Om't neffens it kalvinistyske fermidden de minske lyts is en alles út hannen jaan moat, is in krityske ynfolling fan begripen as (Heite)lân en God útsletten. By Haisma leit de minske him derby del, hy hat skuld, wol opgean yn syn fermidden en wer as bern belibje; in romantysk gefoel wêrtroch't allerhanne lju him mei iepen earms binnenhelje kinne. In figuer as Peke hat dêr, benammen yn it begjin fan it boek, noch wol wjerstân tsjin. Mar ek yn syn weromwollen nei de natuer en it lân, nei de dingen dy't de minsken eartiids diene, sit dat jin oerjaan. Geastlik hat er gjin ynhâld jaan kinnen oan syn libben en dochs wie him út syn jeugd in langst nei sa'n fêste oarder bybleaun. Earst siket Peke dy yn de natuer. Mar dat is gjin begryp dat fêststiet los fan de minske. Ek it lân is mar in begryp dat ynhâld kriget om't de minsken der betsjutting oan jouwe. Hy socht it paradys yn konkrete begripen, mar om't er dochs dy ynfolling wol, siket er it by einsluten wer yn God. God is lykwols allikemin in fêststeand begryp, ek hy bestiet pas as de minske him stal jout. En dat kin Haisma no krekt net. Gearfetsjend kin ik dan ek sizze dat in kalvinistysk fermidden gjin genôch fine koe yn in romantyk dy't foarmjûn waard mei realisme. Oerienkomstich de eask fan in soad fan syn besprekkers socht Haisma dêrom wat mear. Ta in persoanlike en frije ynfolling wie er lykwols net by steat en om't de langst nei in katarsis (oprûn yn syn jeugd) grut wie, foel er werom op it fermidden fan syn ferline. | |
[pagina 121]
| |
|