| |
| |
| |
‘Swier bliuwt it, bûten to wêzen’
Trije brieven fan Nyckle Haisma
Ynlieding en ferantwurding
Yn in nûmer oer Frysk-Yndyske kontakten kin men fansels net om Nyckle Haisma hinne. Yn dizze bydrage dêrom omtinken foar him, en wol yn it bysûnder foar net earder publisearre dokuminten fan syn eigen hân, nammentlik de iennige brieven dy't it F.L.M.D. fan de skriuwer yn behear hat: twa oan dr. G.A. Wumkes en ien oan Fedde Schurer.
De brieven oan Haisma en dus ek de brieven dy't Wumkes en Schurer him tastjoerd hawwe, binne grif troch de oarlochsomstannichheden yn Ynje ferlern gien. It F.L.M.D. alteast beskikt oer gjin inkelde brief oan Haisma. Wol sit der yn de samling R.S. Roarda by de Fryske Akademy noch in brief fan 3 jannewaris 1938 fan Haisma en syn frou te Medan oan de famylje Roarda (yn ôfskrift op it F.L.M.D. oanwêzich) en is der - om in folslein byld te jaan fan wat my bekend is fan de noch besteande korrespondinsje fan Haisma - noch in brievekaart op it F.L.M.D. fan Haisma te Medan rjochte oan J.H. Brouwer as samler fan it Frysk Jierboek 1938. Dy brievekaart is skreaun en stimpele op 23 july 1938 en Haisma dielt deryn mei dat, alhoewol't it him wakker oanstiet om mei te wurkjen oan in Frysk jierboek, hy net by steat is om kopij te leverjen yn de tiid dy't him dêrfoar steld is.
De brieven oan Wumkes en Schurer jouwe oan 'e iene kant it fertroude byld dat de lêzer faaks al fan Haisma hie: de kristlik-Fryske skriuwer út de swarte hoeke fan Fryslân dy't yn Ynje ûnwennich is fan Fryslân en, oarsom, it yn Fryslân ek net goed bankje kin. De toan hat yndied wol wat fan dat krimmenearderige dat bytiden ek yn syn romans en ferhalen bespeurd wurde kin en dêr't Trinus Riemersma ris wat gekoanstekkerich de karikatuer fan joech: ‘Och vot sil mun dur fon seze. Och ut is vot. [...] och, och, och - hark, de gamelan!’ (‘Kwatte gearfotting fon ut oeuvre fon N.J. Haisma (spesjaal fwar aktelearders)’, De Kul I-3, augustus 1983, s. 58).
Fral de brief oan Schurer lit Haisma lykwols ek wat fan in oare kant sjen. It kristlik-Fryske geskriuw hat er sa't it liket op in pypfol en oer it algemien liket er him troch syn ûnderfiningen yn de koloanjes wat fan it kristendom ôf te kearen. Nei it lêzen fan dy brief docht it jin ek minder nij dat Haisma in goed jier letter fan it kristlik nei it iepenbier ûnderwiis oergyng, in stap dy't troch ien út in ortodoks fermidden yn dy dagen - ek yn Ynje - grif net licht dien waard.
| |
| |
De brieven jouwe gâns ynformaasje oer it ferrin fan Haisma syn libben. Yn oansluting dêrop wurde yn de annotaasje by de brieven safolle mooglik oanfollingen jûn om de lêzer in moai krekt byld te bieden fan wat ús oer Haisma oan feiten bekend is. De printe werjefte fan de brieven folget de orizjinelen frij sekuer. De alinea-yndieling, de ynterpunksje, it haadlettergebrûk en de stavering fan Haisma binne oanhoden. Understreke wurden binne skeanprinte.
De publikaasje fan de brieven waard freonlik tastien troch neibesteanden fan de ôfstjoerder en fan de ûntfangers fan de brieven, dy't ik dêrfoar hertlik tanksis.
Jelle Krol
Etje van der Veen by it grêf fan har earste man, Nyckle Haisma. Leuwigadjah by Tjimahi, om 1975 hinne (foto argyf F.L.M.D.).
| |
| |
| |
Earste brief oan Wumkes
Ajaccio (Corsica), 8 Oct. 1936
Oan board ‘Marnix v St. Aldeg.’
Oan 'e Rjue Eale Hear
Dr. G.A. Wumkes
Dr. Wumkes.
Jy scille faeks hwet núver opsjen, det jy in brief krije út Ajaccio en fen in persoan, dêr't jy faeks nea earder fen heard hawwe en grif net mei bikende eagen sjoen, mar it gefal is sa frjemd net as it liket.
Underskreaune, skoalmaster te Medan op Sumatra, hat krekt in lyts jier mei forlof yn Fryslân west en sit nou wer mei syn wiifGa naar eind1 en berntsjeGa naar eind2 op 'e Marnix werom nei Ynje.
Hy hie sûnt syn forlof tige graech ris mei jy prate wollen, mar de omstannichheden hawwe him deryn net mei west. Derom hied er fêst foar him nommen, daelk ûnderweis to skriuwen, mar troch de stoarm dy't we hawn hawwe en de brân oan board waerd it net earder as nou en det is tafallich yn de needhaven Ajaccio.
Earst efkes in pear ynljochtings, den wite jy better, mei hwa't jy to meitsjen hawwe.
Underteikner, 18 Maeije 1907 berne to Ie yn 'e Dongeradielen,Ga naar eind3 helle yn 1926 syn Fryske Afûk-Akte,Ga naar eind4 yn 1927 syn ûnderwizersakte, wier fen 1927- '29 kwekeling by de Kr. skoallen to Ljouwert, krige yn '29 de haedakte,Ga naar eind5 teach nei Ynje en wier fen '29- '35 skoalmaster dêrre, kaem ein '35 mei forlof, helle syn Ingelsk M.O.A.Ga naar eind6 en studearre in jier ef trije for it Steatseksamen A., der't er lykwols noch net for slagge is. Hy is lid fen it Kristlik Frysk Selskip, skriuwt út en troch hwet for Eigen tael,Ga naar eind7 hat in pear berneboekjes skreaun, der't forline jier ien fen bikroane is.Ga naar eind8
Fierders hat er yn syn forlof noch hwet wirk makke fen Fr. Dialectgeografy yn oanslúting op it wirk fen 'e Eale Hear J. Hof.Ga naar eind9 Dit wirk hat altyd syn ljeafde tige hawn, mar troch forbliuw yn it útlân moast de saek wer lizzen bliuwe.
Hy fielt him min efte mear in balling, dy't allinne yn Fryslân aerdzje kin, mar troch omstannichheden der út rekke is, wylst nou by it ûnderwys yn Fryslân him de tagong ôfsletten is, om't Yndyske ûnderwizers net yn 'e termen for bineaming falle meije.
Sadwaende is er nou tsjin syn sin wer op reis nei de Ynjen, net om't er in hekel hat oan it wirk derre, mar om't er to folle Fries is en alles hwet syn ljeafde en omtinken hat allinne yn it Heitelân fynt. Kliensearich heimwé scoed er him net fen biskildigje litte wolle en hy sjucht der ek net tsjin oan, om der wer in jiermennich hinne to moatten. Hy hopet sels syn frije tiid dêrre productyf meitsje to kinnen troch fier fen Fryslân oer Fryslân
| |
| |
to skriuwen, det sa fier ôf as mei in teare glâns omtsjoend wirdt.
Mar de ballingskip moat net altyd dûrje, ek net oan it pensioen ta.
Det is de reden, hwerom't er ta jo komt. Hy moat oer in jier mennich wer nei Fryslân ta, op ien jier of twa komt it net oan. Skoalmaster mei hert en siel is er net, in oar, ek minder bitelle baentsje scoed er graech oannimme, as it mar is yn Fryslân, tomidden fen syn folk. Hy hie syn prakkesaesjes al faek gean litten oer de Kânselarije, mar bigreep ek tagelyk wol, det dit net folle sin hie, lyts, fêst en jong personeel as der sit.Ga naar eind10
It iennichste, hwer't er jy graech om freegje scoe is: mocht der ea in fakature ûntstean, scoed er den in skyntsje fen kâns hawwe kinne, by hwennear as er der wirk fen makke? Foarbiriedend wirk yn 'e foarm fen stúdzje sjucht er net tsjin op, mar scoe it mei blidens dwaen. Hy bigrypt skoan, det jy him der net hinnehelpe koene ef woene, mar fortrout, det jy syn saek fiele scille en bigripe kinne en derom miskien ré wêze scoene, him mei jou rie by to stean.
De iennichste bân, dy't him oan it Heitelân bynt, syn Fryske boeken, binne op 'e reis allegear forbarnd,Ga naar eind11 mar det let allegearre neat, as er nei jier en tiid mar wer yn Fryslân torjuchte kin.
Scoe it jo wachtsje kinne, him yn 'e foarm fen in goe-rie hjirop to anderjen, den scoe det for him al wer in stipe wêze for de nêste takomst.
For jins tige wolkomme skriuwen slút hy jerne postsegel yn.
Mei forskildige heechachtinge
Jins tsjinstréë
N.J. Haisma
Yndysk adres forearst:
Manggalaan 20
Medan (Sum.)
N.B. Blykt nou letter, der binne oan board gjin Holl. segels to krijen. Scil jo mei de earste de bêste post út 'e Ynjen wei skriuwe en den segel ynslúte.
H.
[F.L.M.D., oanwinstnûmer 084.025.1.167.1; 2 blêden, hânskrift, sûnder slúf.]
| |
| |
Fragmint út de twadde brief oan Wumkes.
| |
| |
| |
Twadde brief oan Wumkes
Medan, 29 Jan. 1937.
Oan 'e Rjue Eale Hear
Dr. G.A. Wumkes.
Ljouwert
Achte Hear Wumkes.
It docht my altyd in tige deugd, tynge út it âld Heitelân krije to meijen. In skriuwen, det hwet djipper ploeget as in healstek is for ús in feest. Sa wier it mei Jowes.
Faeks hawwe Jy gelyk. Misskien mei it in lottering wêze en mei de geast súverder en klearder stal krije.
Swier bliuwt it, bûten to wêzen.
Litte wy lykwols alle dingen fen Heger hân as in jefte en opjefte sjen.
Ho wiis ik wier mei de tastjûrde boekwirkjes, kin ik Jo net sizze. Hja foarmje wer it iennich geve twisken in ruïne fen boekebrokstikken.
It nij testamentGa naar eind1 ha we wer oplape. Ik tink, it scil wol it exempl. wêze, det it measte meimakke hat yn syn libben fen alle Fr. testamenten.
To mear wearde hat it for ús krige.
Forgoeding for porti stjûr ik Jo troch middel fen in andert-coupon.
Det Fryslân syn swalkjende bern net forjitte mei. Hja hawwe faek it omtinken mear nedich den men thús mient.
Yetris myn tige - tige tank!
Jins altyd tsjinstréë
N.J. Haisma
10. Ballotstr - Medan
[F.L.M.D., oanwinstnûmer 084.025.1.167.2; 1 blêd, hânskrift, skreaun op in ‘postblad’, adressearre:] |
Oan 'e Rjue Eale Hear
Dr. G.A. Wumkes
Kânselarije - Twabaksmerk
Leeuwarden (Fr.)
Nederl. |
|
[poststimpel:] |
Medan, 30.1.37 |
[ôfstjoerder:] |
N.J. Haisma
Ballotstr. 10
Medan
S.o.k.Ga naar eind2 |
| |
| |
| |
Brief oan Schurer
Medan, 6 Des. '37
Eale Hear Schurer.
Seach mar in bytsje binijd op fen jou brief. Myn bân oan 'e Fryske kinstbroerren is nou ienkear net sa sterk. Ek dêryn hat it needlot my sa't skynt to pakken, det ik meastal op my sels stean. Net allinne troch de omstannichheden, yn myn forlofGa naar eind1 yn 't Heitelân wier 't krekt allyk. Fen hjar kant skine se der ek net folle bihoefte oan to fielen om yen deryn to heljen. Ik alteast haw my tidens myn forlof fendetoangeande noch iensumer field as hjirre. Nou binne Friezen ienris nuvere ljue. Mar as men yen nei jierren om útens hiel hwet foarstelt fen 'e bannen, dy't men yn 't Alde lân lizze scil, en der komt neat fen, den giet men mei in illúzje minder wer foart. Hwer sit him soks yn. Is der überhaupt gjin bân twisken de Fryske skriuwers? Forstean se inoar net, is it in kwesje fen rivaliteit ef binne it allegearre greate individualisten? It moeit my tige det ik it lêste gearkommen fen Fr. KinstnersGa naar eind2 mar for sa'n lyts part bywenje koe. Fen det lêste haw ik net in noflik oantinken hâlden. De greate idé, de machtige bisieling, it idiael, der wier neat fen to merkbiten. It wier in slap piip for side boartsjen. Is det de geast dy't der libbe yn dy kringen. Den bin ik ljeaver om fierrens. Mar ik leau it net.
Skriuw my noch ris, det it sa net is.
Sit nou wer for seis jier fêst hjirre, ef ljeaver ien is der om, noch fiif. En it longerjen is op 'e nij nei Fryslân. Mar de wrâld is sa wiid en hwa't det ienkear wyt, kin it binnen de lytse swetten fen 't Heitelân net bankje. Mar de tragyk is, Fryslân wirdt hwet langer hwet mear in dreambyld ynpleats fen realiteit.
Mar hwet semelknoopje ik ek: de loften binne hjir heech en klear, it libben is moai en aventûrlik. Ik bin as 't der op oankomt ûnforskillich as de bliksem. As ik polityk wêze scoe, stie ik deun by 't kommunisme: det leart men hjir wol mids rubber en oalje; tsjerklik bin ik sceptysk. Ik ljeavje djip en haetsje djip en ús Ljeaven Hear moat mar ris sjen, hwet kant eft er mei my út moat.
Ik haw der neat op tsjin, det jy in pear fersen opnimme.Ga naar eind3 Lit jou tinzen noch ris gean oer: Tongerbui en Wersjen (yn ien fen 'e lêste nrs Eigen tael)Ga naar eind4 Bin dy net geskikter as bgl: Yn 'e frjemdte?Ga naar eind5 It fers: Tritich (yn it lêste nr. tink ik)Ga naar eind6 scil wol to subjectyf wêze, tink om op to nimmen? Hjirby in pear
| |
| |
oanteikenings dêr't jy om fregen. Fryske hânslach N.J. Haisma en wiif.
Nyckle J. Haisma.
Libben: Berne 18 Maeije 1907 to Ie by Dokkum (East-Dongeradiel.) Fen ienfâldich boerekomôf. Calv. milieu, mar by 't opgroeijen (to Eastrum by Dokkum) noch al moderne ynfloeden.Ga naar eind7
Nei L.S. yn 'e boerkerij.Ga naar eind8 Letter ûnderwizersoplieding oan 'e Chr. Kweekskoalle to Dokkum en Stúdzje Frysk. Klear yn 1927. Underwizer to Ljouwert (1927-1929.)Ga naar eind9 Sûnt 1929 by 't ûnderwys yn Ynje (Medan - Sumatra.)
Der noch as learaer Ingelsk.Ga naar eind10
Wirk: Bigoun yn 1926 mei Sketskes en fersen yn ‘Yn ús Eigen tael’ en ‘Sljucht en Rjucht.’Ga naar eind11 Skreau, nêst inkelde forsprate bernestikken, twa boeken for de opgroeijende jeucht: ‘Simmerdagen’ (1930)Ga naar eind12 en ‘De Kar’ (1934)Ga naar eind13
Det wirk waerd folge fen in roman: ‘Paed oer 't hiem’ (1936)Ga naar eind14 Yn ‘Yn ús Eigen tael,’ forskine geregeld FersenGa naar eind15 en Yndyske Sketsen.Ga naar eind16 Mear journalistyk wirk û.o. yn ‘De Stim fen Fryslân’Ga naar eind17 en ‘Ljouwerter Nijsblêd’ (Yndyske brieven.)Ga naar eind18
Haw it mar efkes folslein opskreaun.Ga naar eind19 Wyt net, hwet de bidoeling is, jy siikje der mar út, hwet gaedlik wêze scil.
H.
[F.L.M.D., sûnder oanwinstnûmer; 2 blêden, hânskrift, sûnder slúf.]
|
-
eind1
- Etje van der Veen (Wâlterswâld 28 IX 1907 - Ljouwert 24 XII 1978), dochter fan Pieter van der Veen en Siebrichje Spriensma, troude mei Haisma op 7 septimber 1929 yn de gemeente Dantumadiel en tsjerklik yn de grifformearde tsjerke fan har berteplak. Sjoch oer har it stik dat Piet Smeding nei in fraachpetear mei har skreaun hat yn Aldlânslûden. Maandblad voor de bewoners van ‘Aldlânstate’ te Leeuwarden, februari 1978, s. 6-10, ûnder de titel ‘Mensen moeten elkaar helpen’, dêr't gâns fan de ynformaasje yn de neifolgjende noaten oan ûntliend is.
-
eind2
- Jacob Piter Haisma waard berne op 27 july 1930 te Medan.
-
eind3
- Hy waard troch Jacob Haisma op 21 maaie by de boargerlike stân fan East-Dongeradiel ynskreaun as Nicolaas. Jacob Haisma en Elisabeth Monsma - Nyckle syn mem - wiene in pear moanne earder (2 maart 1907) yn deselde gemeente troud. Hy, berne te Ikkerwâld, wie doe 23 jier en wurke as arbeider by de boer, en sy - by har trouwen 22 - hie in skoft tsjinne by dokter A. Brouwer yn har berteplak Ie. Jabik Haisma brocht it letter ta lyts gemier. Yn de húshâlding fan de Haisma's bleau Nyckle iennichst bern.
-
eind4
- Nei it heljen fan dy akte moat er yn Eastrum oan sa'n tritich bern Fryske les jûn hawwe. Sjoch bygelyks: D.A. Tamminga, ‘By de dea fan Nyckle J. Haisma’, De Tsjerne I-1, 1946, s. 35.
-
eind5
- Oan de beurs dy't er foar de stúdzje foar de haadakte krige, siet de ferplichting om nei it slagjen as ûnderwizer nei Ynje te gean. Sjoch de ynlieding dy't J. Piebenga skreau by de twadde printinge fan Suderkrús, Snits 1947, s. 8.
-
eind6
- Foar syn ferfarren nei Ynje moat er al ris besocht ha om de legere akte Ingelsk te heljen. Neffens it oanhelle betinkingsartikel fan Tamminga (s. 35) hat Haisma doe ris as arbeidzjend passazjier mei in suvelboat nei Ingelân ta west en yn Sussex de skoalbern de taal ôfharke.
-
eind7
- It tydskrift
Yn ús eigen Tael fan it Kristlik Frysk Selskip, dêr't Haisma yn 1927 syn debút yn makke, in proazastikje mei de titel ‘It lietke op it wetter’.
-
eind8
-
Simmerdagen, Dokkum 1933, en De kar, Dokkum 1936. Foar 1934 skreau de Provinsjale Underwiisrie fan Fryslân in priisfraach út foar Fryske berneboeken (sjoch bygelyks: De weitsrop I, 1933, s. 313). Neffens it ferslach fan de gearkomste fan de Underwiisrie dy't hoden waard op 11 febrewaris 1935, wurde yn oerienstimming mei it rapport fan de beoardielingskommisje (S.E. Wendelaar Bonga, S.R. Sipma en D. Rienks-Wallinga) nei oanlieding fan dy priisfraach fjouwer lykweardige prizen fan f 50,- takend oan N.J. Haisma, Jant Bakker, T. van der Ploeg en A. Meester-de Vries ‘op bitingst det de auteurs de tekst op it taeleigen neigean litte scille troch in deskindige foar de útjefte yn boekfoarm’ (Oantekenboek (I) fan de Provinsjale Underwiisrie fan Fryslân, s. 73; argyf F.L.M.D.). Haisma wûn de priis foar De kar, frou Bakker foar De pêllebern, Van der Ploeg foar In Fryske jongestiid en frou Meester-de Vries foar Teltsjes fen de komkommerploech.
-
eind9
- J.J. Hof, Friesche dialectgeographie, 's-Gravenhage 1933.
-
eind10
- Op de Kânselarij wurken doe: J. Algera (berne 28 III 1902), M. Braaksma (berne 29 IX 1884), juffer A.M. Michell (berne 25 VII 1903), O. Santema (berne 16 VIII 1904) en M.K. Scholten (berne 6 V 1904). Sjoch: G.A. Wumkes, Nei sawntich jier, Boalsert 1949, s. 235-236.
-
eind11
- Oer dy reis fan Haisma-en-dy skriuwt Smeding yn it earderneamde stik (s. 7-8):
De terugreis naar Medan begon te Amsterdam. Ze scheepten in op de ‘Marnix van St. Aldegonde’. Tot Algiers verliep de tocht goed. Tijdens de overtocht naar Villa Franza [Villefranche] brak een geweldige storm los. Orkaankracht. De winden, die van over de Alpen kwamen, stortten zich met geweldige snelheden in de anders zo kalme Middellandse Zee. De meeste opvarenden waren zwaar zeeziek. Mevr. Haisma, die een kind verwachtte, kon alles wat er om haar heen gebeurde maar moeilijk verwerken. De ontreddering werd bijna compleet, toen men hoorde, dat er brand in een van de ruimen was uitgebroken. Reddingsboten konden niet worden gestreken. Door de orkaan zouden ze zijn kapotgeslagen.
Het schip kwam waar het moest zijn. Het leed was geleden. De schade aan de bezittingen van de passagiers, werd later ruim vergoed. Het was een geluk, dat de meeste medevarenden niet wisten, dat het schip cilinders met vloeibaar gas vervoerde. Als het vuur deze lading had bereikt, dan zou de boot in de lucht zijn gevlogen.
In Medan terug, werd op 30 november een dochtertje - Sita - geboren. De familie Haisma bleef tot 1939 op Sumatra.
-
eind1
-
It Nije Testamint. Ut it Gryksk oerset yn it Frysk fen Dr. G.A. Wumkes, Amsterdam 1933.
-
eind2
- Sumatra Oostkust. Sjoch oer dat adres de ympresje fan Douwe Kootstra, ‘Nyckle J. Haisma en Medan’, De Strikel XXVII-10, oktober 1984, s. 298-301; ek yn: Douwe Kootstra, De moanne op 'e rêch, Drachten/Ljouwert 1987, s. 57-62.
-
eind1
- Yn 1935 kaam Haisma yn Nederlân werom en sette him mei syn frou en bern yn Ljouwert nei wenjen, neffens J. Piebenga mei it doel om yn Fryslân te bliuwen, wannear't dat slagje woe. ‘Maar’, sa giet Piebenga fierder, ‘hoe langer hij hier verblijft, hoe meer hij naar het tropische land verlangt. Hij haalt de akte Engels M.O. en gaat terug naar Medan [...]’ Sjoch: J. Piebenga, ‘Een Fries met heimwee’, Tong Tong. Onafhankelijk Indisch Tijdschrift XI-11/12, 31 XII 1966, s. 18.
-
eind2
- Hokker gearkomste at Haisma hjir krekt bedoelt, haw ik oant no ta net útfine kinnen.
-
eind3
- Faaks giet it hjir om de karlêzing Christelijke dichters van dezen tijd gearstald troch P.J. Risseeuw en yn 1938 by Kok yn Kampen útjûn. Dy karlêzing befettet nêst it Hollânske part in stikmannich Fryske fersen dy't Risseeuw neffens de ynlieding (s. 5-6) yn oerlis mei Fedde Schurer útsocht hat. Fan Haisma is yn dy bondel it fers ‘Tongerbui’ opnommen (s. 148-150).
-
eind4
- ‘Tongerbui’ stie yn Yn ús eigen Tael XXVIII, 1936, s. 1-3 en ‘Wersjen’ yn Yn
ús eigen Tael XXIX, 1937, s. 145-146. Yn it orizjineel stiet in ferbiningspylkje tusken Wersjen en it folgjende wurdsje ‘yn’.
-
eind5
- ‘Yn de frjemdte’ stie yn Yn ús eigen Tael XXVI, 1934, s. 135.
-
eind6
- ‘Tritich’ stie yn Yn ús eigen Tael XXIX, 1937, s. 161-162.
-
eind7
- Faaks doelt Haisma hjir op de ynfloeden dy't er ûndergien hat op de jûnsskoalle dy't er yn Eastrum folge (sjoch Reinder H. Postma, ‘Petear mei frou Hoekstra’, Absint III-4, desimber 1987, s. 148-149) by de doe jonge master Sietze R. Keuning (berne 13 V 1892), ferbûn oan it iepenbier ûnderwiis.
-
eind8
- Sjoch hjiroer bygelyks: H. Heeringa-Seepma, ‘Nyckle Haisma waard berne te Ie (1)’, Nieuwe Dockumer Courant, 11 X 1982:
Learen hie er nocht oan, dat die er graach. Fan 'e legere skoalle ôf, moast hy lykwols it boerewurk leare. Heit wie fan arbeider in lyts gemier wurden, mar der moast noch byfertsjinne wurde.
Jabik Haisma wie in betûft flaakslûker en Nyckle - dy't doe noch Klaas neamd waard en eins Nicolaas hiet - waard der foarset. [...]
Alhoewol Nyckle net ûnwillich wie om heit te helpen en hy it ark goed beskriuwe koe, lei it him net. In pear jier letter slagget it him dochs om nei de Mulo yn Dokkum te gean.
Ien jier bleau er der en doe koe er nei de Kweekskoalle.
-
eind9
- Troch by de Frijwillige Lânstoarm te gean koe Haisma syn militêre tsjinstplicht op de koartst mooglike manier waarnimme. Yn Nijmegen waard er yn sân wiken oplaat ta sersjant. Sjoch dêroer: H. Heeringa-Seepma, ‘Nyckle Haisma waard berne te Ie (2)’, Nieuwe Dockumer Courant, 14 X 1982.
-
eind10
- Fan Medan (Sumatra) giet de famylje Haisma nei Java, earst nei Cheribon, dêr't Haisma as learaar Ingelsk oan in iepenbiere Ulo-skoalle lesjout, en letter, yn ferbân mei de sûnens fan syn dochter Sita Elisabeth, nei Bandoeng. Yn desimber 1941, nei de oanfal fan Japan op Pearl Harbour, wurdt Haisma yndield by de Lânstoarm. Nei de kapitulaasje yn maart 1942 wurdt er oerbrocht nei in konsintraasjekamp. Sa komt er yn it kamp Tjilatjap, dêr't er yn 'e kunde rekket mei de plantkundige dr. Siebe Bloembergen, dy't letter syn oantinkens oan Haisma yn dy dagen op skrift steld hat (S. Bloembergen, ‘Myn omgong mei Nyckle J. Haisma to Tjilatjap’, Frysk en Frij, 20 XII 1946). Letter is Haisma noch oerbrocht nei it kamp by Tjimahi. Dêr ferstoar er ein febrewaris 1943 (guon boarnen hawwe 22, oare wer 23 febrewaris) oan diftery. Fjouwer wiken letter waard frou Haisma, dy't yn in kamp yn Bandoeng en letter yn in kamp yn Batavia sitten hat, mei it ferstjerren fan har man op 'e hichte brocht. Haisma waard begroeven op it earefjild Leuwigadjah by Tjimahi op Java.
-
eind11
- Earst yn 1927 kin yn Yn ús eigen Tael en Sljucht en Rjucht wurk ûnder eigen namme of heal-pseudonimen, lykas Nicolaes, fûn wurde. Sjoch foar syn debút yn Yn ús eigen Tael noat 7 by de earste brief oan Wumkes. Yn Sljucht en Rjucht XXXI, 1927, s. 676 ferskynt it fers ‘Simmer’, dat - hoewol't it mei A.J. Haisma ûndertekene wurdt - as earste bydrage fan Haisma oan dat blêd sjoen wurde kin.
-
eind12
- It jongereinboek Simmerdagen waard yn 1933 by Kamminga yn Dokkum yn it ljocht jûn. Fan 17 july 1931 oant en mei 15 july 1932 wie it al yn ôfleveringen ferskynd yn De Stim fen Fryslân. Yn 1938 publisearre Kamminga in twadde printinge en yn 1952 rette deselde útjouwer noch foar in tredde.
-
eind13
-
De kar ferskynde yn 1936 by Kamminga yn Dokkum. Yn 1954 joech de fa. Laverman yn Drachten in twadde printinge út.
-
eind14
-
Paed oer 't hiem kaam yn 1937 by A.J. Osinga yn Boalsert út. Mei Paed nei eigen hoarnleger, dat yn 1940 by deselde útjouwer ferskynde, waard it foar it earst yn 1943 as sammelprintinge ûnder de titel Peke Donia, de koloniael by Osinga yn Boalsert yn it ljocht jûn. Fan dy útjefte folgen noch trije printingen yn 1952, 1965 en 1976.
-
eind15
- De Samle fersen fan Nyckle J. Haisma binne yn 1981 mei in ynlieding en neiwurd fan Ype Poortinga by Osinga yn Boalsert útjûn as nûmer 6 fan de Holder-rige fan de Fryske Akademy.
-
eind16
- De Yndyske sketsen binne bondele yn Suderkrús, dat yn 1938 by Brandenburgh en Co. yn Snits útkaam. In twadde printinge, mei in ynlieding fan J. Piebenga, ferskynde by deselde útjouwer yn 1947. Yn dat jier waard ek Evert Siderius syn oersetting troch Brandenburgh ûnder de titel Zuiderkruis útbrocht.
-
eind17
- Sjoch De Stim fen Fryslân, 11 I 1935, dêr't it artikel ‘Fryslân, de stoarmklubs oer dy!’ yn stie en de nûmers 454-463 fan itselde blêd, dêr't fan 9 oktober oant en mei 11 desimber 1936 Haisma syn reisyndrukken ‘De wei nei it Westen’ yn fûn wurde kinne.
-
eind18
- It Leeuwarder Nieuwsblad naam fan 2 desimber 1936 oant en mei 18 maaie 1940 yn totaal 60 bydragen fan Haisma op yn it Hollânsk en letter ek wol geregeld yn
it Frysk. De earste tsien bydragen ferskine ûnder de titel ‘Indische impressies’ en de oare fyftich wurde as ‘Indische brieven’ publisearre.
-
eind19
- Foar de folsleinens folgje hjir de boekútjeften fan Haisma syn wurk dy't yn de noaten hjirboppe noch net neamd binne. It lân forline (neilitten wurk), besoarge troch C. Kramer, mei dêryn in lêzing oer Haisma dy't hy yn 1949 foar de Skoalle foar Talen hoden hie, ferskynde yn 1951 by Brandenburgh en Co. yn Snits. Simmer, de novelle dêr't Haisma yn 1948 postúm de Gysbert Japicxpriis foar krige, waard yn 1948 by gelegenheid fan de Fryske boekewike útjûn troch de Stifting ‘It Fryske Boek’. Wrotters fan de Froskepôlle: in ferhaal út Sumatra waard oarspronklik yn it Hollânsk troch Haisma foar in útjouwer yn Djokja skreaun en hie doe as titel Werkers. It Hollânske orizjineel waard oerset yn it Frysk troch D.A. Tamminga en yn Snits yn 1949 troch Brandenburgh en Co. útjûn.
|