Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
[Nummer 2/3]Bânstimpel fan Frits Klein op de twadde printing fan Peke Donia, de koloniael, Boalsert 1952.
| |
[pagina 66]
| |
‘Susu saya, susu Bandera’: ‘Myn molke is Flagge Molke’...
(Bali, foto Douwe Kootstra). | |
[pagina 67]
| |
Megiel Muller
| |
[pagina 68]
| |
Oranje, zelve gelezen en tranen gestort in 1756.’ Joast Halbertsma, dy't ferskillende ferzjes en hânskriften fan Friso yn syn besit hie, merkt op dat mei de feroaringen yn 'e twadde printing, mei dy ingel en dy foarsizzende dream, ek it histoarysk perspektyf ferskood is nei de skiednis fan 'e sân Nederlânske gewesten. Mar, freget er him ôf, hat de dichter dy ingel (en de Oranje-foarsten) net inkeld mar ferskine litten ta eare fan syn bêste freon, Anna har jong ferstoarne echtgenoat, Willem Karel Hendrik Friso, alias steedhâlder Willem IV?Ga naar eind2 Dochs moat Willem van Haren neffens my in profetyske blik hân ha, want noch healwei de tweintichste ieu binne der ommers hast tsientûzen Fryske jonges ûnder lieding fan gelearde hearen nei Ynsulinde tein, de gurdle fan smaragd, om dêr de kroan werom te winnen dy't de Jap ús ôfstjitten hie. En hoe oars te ferklearjen dat hjoed de dei oant yn 'e fierste úthoeken fan de Yndonesyske archipel Friso syn pompeblêdeflagge pronket, as iennichste oerbleaun fan alle Westerske flaggen, al is it dan ek mar yn miniatuerformaat op miljoenen blikjes molkpoeier: Frisian Flag, Susu Bandera, Flagge Molke, yn Yndonesië hast like bekend as Coca-Cola. Nee hear, ik leau wol oan dy Godlike Boadskipper dy't Willem van Haren opfierde, fral ek om't dyselde(?) ingel de dichter oanset hat ta it skriuwen fan syn protestfers op de Sinezemoard fan 1740 by Batavia, doe't de Nederlanners in wiere slachtpartij oanrjochte hiene ûnder de Sineeske befolking. In stikmannich hiene reboelje makke tsjin it Nederlânske gesach en as represaille waarden doe in pear tûzen Sinezen op bisteftige wize fermoarde:Ga naar eind3 Ziehier hoe de Sinees, omringd van vrouw en kindren,
Demoediglijk geknield, zijn ramp niet kan verhindren.
Zie, hoe hij wordt ontzield, onmachtig nederstort,
Terwijl hem zelfs geen glimp van schuld verkondigd wordt.
‘O! (roept hij) gij, die u nog Kristenen durft noemen,
En op begrip van rede en Godsdienst u durft roemen;
Toont in dit tijdstip slechts een menschelijk gemoed,
En straft wie schuldig is, maar plengt geen zuiver bloed!
Of, zoo mijn waarde vrouw mij moet ter dood zien voeren,
Laat dit onnozel kind, dit kind u toch ontroeren!
O mannen! 't zij gespaard, het zij, zoo lang het leeft,
Getuige, dat men hier nog medelijden heeft!’
Tot antwoord voelt hij 't staal zijn hart en nieren kerven,
En ziet nog, stervende, zijn dierste panden sterven.
It is net sûnder reden dat Willem en fral syn broer Oene wolris beskôge binne as foarrinners fan Multatuli. Want ek Oene, better bekend as Onno | |
[pagina 69]
| |
Zwier, hat kritysk oer Ynje skreaun. Earst in libbensskets fan âld-gûverneurgeneraal Joannes Camphuis, in ferljocht mar ferspijd man, dy't op Java in Japansk hûs bouwe litten hie, yn kimono's rûn en mei stokjes iet. En ek skreau Oene in treurspul dat op Java situearre is: Agon, sulthan van Bantam (Leeuwarden 1769).Ga naar eind4 Yn dat stik, dat tidens de Bantam-oarloch yn 'e 17de ieu spilet, kiest de auteur dúdlik tsjìn it Nederlânske stânpunt, tsjin dy har ynminging yn 'e Bantamske saken. It stik stiet dan ek fol mei anty-Hollânske útlittingen. De Yndyske skriuwer Eddy du Perron hat in roman oer it libben fan Onno Zwier skreaun, Schandaal in Holland ('s-Gravenhage 1939). Dêrút wurdt ús dúdlik dat de lêste yn Agon (sprek út: àGoeng) de histoaryske feiten út de Bantam-oarloch aardich fermongen hat mei dy út syn eigen libbensdrama (ferballing nei Wolvegea út in hege posysje oan it Haachske hôf nei in ynsestskandaal mei politike diminsjes), en dat syn trageedzje nei Frânsk model yn Yndysk jaske dus net echt oer Ynje giet en dat Onno Zwier mei dêrom winliken net as in foarrinner fan Multatuli sjoen wurde kin. Faaks soene wy út syn stik ek in ferset ôflêze wolle fan ien út de Fryske hegerein tsjin de koloniale polityk fan Hollân en Seelân, mar ek wat dat oangiet moatte wy oppasse en net tefolle út ús eigen tiid wei ynterpretearje. Want ek ien as de al neamde Camphuis hat him as gûverneur-generaal útsprutsen tsjin Nederlânske bemuoienis mei Bantamske affearen.Ga naar eind5 | |
De F.O.C., de V.O.C. en in Fleanende FriesYn 'e 17de ieu wie it al dúdlik wurden dat Fryslân yn it koloniale aventuer achter it net fiskje soe. Yn 1642 ha de Steaten noch in oktroai útjûn foar it oprjochtsjen fan in eigen Friesche Oostindische Compagnie foar de tiid fan fiifentweintich jier,Ga naar eind6 mar yn 'e praktyk is dêr noait folle fan op 'e hispel kommen, want de Hollânske V.O.C. dulde gjin konkurrinsje yn 'e Yndyske archipel. Foar de seefarrende Friezen bleau doe neat oars oer as har lykas earder oan te meunsterjen op de V.O.C.-skippen, wat in pear tûzen fan harren dan ek dien haGa naar eind7 - sa bygelyks de East-Ynje-gonger út in fers yn Makkumer tongslach fan Durk Lenige en faaks ek de boerefeint Robbert Swyn ‘die na Oost-Indien wilde varen’ ut in 18de-ieuske Fryske almenak.Ga naar eind8 Hast like bekend as de Westfryske skippers binne dêrby de Hylper skippers wurden. Sa soe Barent Fockes mei syn geniale plan foar in hurdsilende postferbining mei Ynje (om de Kaap yn fjouwer moanne ynstee fan acht oant tsien) model stien ha yn 'e myte fan de Fleanende Hollanner, dy't eins dus in Fleanende Fries west hat.Ga naar eind9 Ferline jier is de fjouwerhûndertste bertedei fan Jan Pietersz. Coen (8-1 | |
[pagina 70]
| |
1587) frij stil foarbygong. Fyftich jier lyn wie dat oars en waard dy dei noch plechtich en útbundich betocht. Yn dy snuorje hat A. Hallema in tal artikels skreaun oer de F.O.C. en oer Friezen yn Ynje yn 'e tiid fan (de Westfries) Jan Pietersz. Coen. Hy wiisde doe ek op in stikmannich V.O.C.-rjochtsaken tsjin Friezen. Ien fan dy fonnissen wol ik hjir werjaan. Lieuwe Piters fan Frjentsjer wie in aventuerlik jonkje dat yn 1615 út Hollânske V.O.C.-tsjinst yn Ynje desertearre en doe mear as fjouwer jier by de Portugeeske fijân op it eilân Timor tahâlde. Doe't in V.O.C.- skip him dêr yn 1619 oantrof en op syn fersyk wer meinaam, moast er him yn Batavia foar de Hearen ferantwurdzje. Op desersje stie de deastraf, mar fanwegen syn jonge jierren, syn frijwillige weromkommen en syn goed brûkbere talekennis krige er graasje:Ga naar eind10 27 Juni 1619 De V.O.C. wie in militêre organisaasje dy't stribbe nei it hannelsmonopoalje yn 'e archipel, dêrom wie in strange ynterne dissipline in earste betingst. It optreden nei bûten ta, nei de ynlanske befolking, wie noch helte wreder: inkeld ûnder it bewâld fan Coen binne ‘mei Gods help’ mear as 65.000 minsken ombracht (15.000 op Banda en sa'n 50.000 yn 'e oarloch tsjin Mataram op East-Java troch it ferneatigjen fan 'e rysfoarrieden). Sa hat de V.O.C. syn macht oan 'e Yndyske kusten fêstige. Oan 'e ein fan de 18de ieu gong de V.O.C. te sink, benammen troch korrupsje, wanbehear en de oarloch mei Ingelân. De besittingen èn de skulden waarden oernommen troch de nije Bataafske Republyk (1795-1806). | |
[pagina 71]
| |
Dy Republyk rekke nammers alle eardere koloanjes, útsein Java, kwyt oan de Ingelsken. Yn Fryslân waard de te Batavia berne Fryske patriot dr. med. Reynier de Klerk Dibbets yn 1796 efkes griffier fan de Bataafske Fryske Steaten. Fan dy De Klerk is in yllustrearre skipssjoernaal bewarre bleaun fan syn reis fan Texel (31-5 1802) nei Batavia (13-4 1803) en de Kaap (febrewaarje 1804), dy't doe wer yn hannen fan de Republyk kommen wie en dêr't er direkteur fan de hospitalen waard.Ga naar eind11. Fansels jilde it biedwurd ‘Frijheid, Gelikens en Bruorskip’ ek foar de koloanjes, mar noch net foar de ynlanners of ‘Yndianen’, sa't oant yn de foarige ieu de Yndonesiërs neamd waarden. Dy moasten noch oardel ieu wachtsje en ek doe soene se der earst sels foar fjochtsje moatte. Ut it skipssjoernaal fan Reynier de Klerk Dibbets
(Ljouwert, Gemeente-argyf, argyf famylje Andreae). | |
J.J. Slauerhoff en J.P. CoenIen fan de opfallende dingen by de Coen-betinking yn 1937 wie de doe hast algemiene ienriedichheid oer dy Grutte Erflitter. Mar tusken al dy | |
[pagina 72]
| |
plechtichheden wie der ien lûd dat út de toan drige te fallen: Slauerhoff syn toanielstik Jan Pietersz. Coen ('s-Gravenhage 1931). It giet oer in net al te aardige episoade út it libben fan de stifter fan Batavia, nammentlik oer it bikkelhurde ôfstraffen fan de jonge faandrich Michiel Cortenhoeff, dy't nota bene yn Coen syn eigen kristenhûs mei de tsjinstfaam fan frou Coen, de tolvejierrige heal-Japanske Sara Specx, op bêd west hie. Foar harren wie der gjin pardon, en wylst Coen sels deasiik wie fan 'e malaria en de dysentry, en Sara har heit Jacques Specx mei in float út Desima yn Japan wei yn oantocht wie om it troch Javanen belegere Batavia te ûntsetten, waard Cortenhoeff ophongen en Sara grouwélich oan de peal ôfseame. Fansels is dat in skitterend gegeven foar in dramatyske trageedzje, mar soks koene se by dy Coen-betinking eins net sa wurdearje. It stik waard dan ek troch boargemaster De Vlugt ferbean. Och, wannear paste sa'n toanielstik eins wol yn it oppoetste byld fan ús Nasjonale Ympeariumbouwer? Oant fjouwer kear ta ha de Amsterdamske boargemasters yngrepen en de foarstelling ferbean: yn '37, yn '43, yn '48 (tidens de earste ‘polisjonele aksje’ tsjin Yndonesië, troch d'Ailly) en yn '61 (nei de Nij Guinea-affêre, troch Van Hall). Uteinlik waard it yn in bewurking fan Jan Blokker troch de VPRO útstjoerd yn 1969, wylst it earst yn 1986 ‘gewoan’ opfierd waard, fyftich jier nei Slauerhoff syn dea en fiifenfyftich jier neidat er it skreaun hie.Ga naar eind12. It wie fansels ek in dreech stik dat amper te spyljen wie en histoarysk wiene der ek wat details dy't net hielendal doogden, mar dochs hie dokter Slauerhoff in finger op it seare plak lein. Want sûnt it begjin fan dizze ieu wie der yn Nederlânsk-Ynje in sterke Coen-revival te bespeuren. En kolonisaasje neffens Coen betsjutte ek it fêstigjen fan in rassuvere blanke folksplanting sûnder ynlânske bloedsferminging. Apartheid soene wy no sizze. | |
Wyt, brún en kofje-ferkeardOm dat sa belangrike gegeven wat kop en sturt te jaan sil ik no earst in oare Ljouwerter oan it wurd litte dy't yn Ynje syn spoaren fertsjinne hat, de klassikus dr. Frederik de Haan (1863-1938). Fan 1905 oant 1922 wie De Haan lânsargivaris te Batavia mei as opdracht it behearen fan de V.O.C.-argiven. Dat die er op in hiel bisûndere wize. Oer ien fan syn boeken, Oud-Batavia, skreau Du Perron oan Greshoff: ‘in zijn soort een meesterwerk, zeker niets minder dan Huizinga.’Ga naar eind13. Dêrmei kaam de argivaris dan ek yn botsing mei it gûvernemint: hy moast de argiven beheare | |
[pagina 73]
| |
en gjin argyfûndersyk dwaan. En ek dêr griep de polityk yn de frije histoaryske byldfoarming yn, want doe't nei de etyske gûverneur-generaal Van Limburg-Stirum, dy't him wol lije mocht, yn 1921 mr. D. Fock oan it bewâld kaam - in reaksjonêr man dy't sa fûl tsjin de Yndonesyske nasjonalisten optrede soe - doe waard ek dr. F. de Haan oan de kant set, fuortbesunige... Ut it boek Oud Batavia (Batavia 1922-1923), diel II, s. 150-151 en diel I, s. 539-541: Gelukkig vloeien onze bronnen minder karig aangaande huwelijksaangelegenheden. Ook in onze officieele bescheiden is daarvan niet zelden kwestie, want het spreekt wel vanzelf, dat de Compagnie zich nadrukkelijker met het huwelijk harer Christenonderdanen bemoeide dan tegenwoordig de Staat. Volgens toenmalige opvatting had immers de Overheid, die zelve hare macht aan God ontleende [...], ook te waken voor het eeuwig heil harer onderdanen. Vandaar de bepaling der Bataviasche Statuten van 1642, dat geen Christen zou mogen trouwen met eene Onchristen en aldus zijne onsterfelijke ziel in gevaar brengen. Door tegelijk aan Christenen het concubinaat te verbieden, meende men de gemeente rein van smetten te kunnen houden, maar de dwangmiddelen bleken niet krachtig genoeg, en de van ouds bestaande ontucht tierde steeds welig voort. In den lateren Compagniestijd overtrof het aantal onechte geboorten uit Christenvaders verre dat der wettige. De huishoudster was een erkende factor in de Europeesche samenleving geworden en wie zich tot ééne bepaalde, had van niemand eenig verwijt te duchten. | |
[pagina 74]
| |
Stadichoan wie der sadwaande yn de Yndyske archipel en benammen op Java in koloniale maatskippij ûntstien mei in Yndo-Europeeske boppelaach, op frijwat gelikense wize as oan de Kaap èn sa't wy dat hjoed de dei noch kenne út de katolike eks-koloanjes yn Latynsk-Amearika. Oant yn 'e heechste rûnten wiene de hearen mei Maleisktalige Yndo-froulju troud, ja faak trouden se dêr krekt mei om yn dy heechste rûnten opnommen te wurden. Dat sjogge wy bygelyks yn it gefal fan de Fryske ymmigrant Abraham Couperus fan Snits (1753-1813), de oerpake fan Louis, dy't troch syn houlik mei de Yndyske Catharina Johanna Koek opnommen waard yn de Yndo-elite fan Malakka en dêr letter gûverneur waard. Dy froulju hiene efter de skermen in frij grutte macht en besit opboud, mei trochdat se tige jong mei wat âldere ymmigranten trouden, dy meastal oerlibben om dan wer opnij te trouwen.Ga naar eind14. De Yndyske Sophia Westpalm wie sa'n machtige frou. Har heit kaam fan it Amelân, har mem út in âlde V.O.C.-Yndo-famylje op Ceylon en yn Batavia. Se oerlibbe twa rike blanke ymmigranten, Verijsel èn Reynier de Klerk, dy't it sels ta gûverneur-generaal brocht hie (1777-1780). By har dea yn 1784 liet se in grut bûtenhûs mei twahûndert slaven nei, dêr't hûndert fan ferkocht waarden en de hûndert oaren frijlitten. Har iennichste dochter Margaretha Verijsel wie har erfgenamt, wylst se foar har petebern, de al earder neamde Reynier de Klerk jr., dy't by syn mem Baukje Lycklama à Nijeholt yn Frjentsjer wenne, alle jierren jild oermakke foar syn doktersstúdzje. | |
De Yndyske talen yn tsjinst fan sinding en bestjoerMei Sir Thomas Stamford Raffles, dy't foar Ingelân fan 1811 oant 1816 luitenant-gûverneur op Java wie en yn 1817 syn History of Java publisearre, wie de wittenskiplike belangstelling foar Java earst goed wekke. Noch foar de bluodrige Java-oarloch wiisde yn 1819 gûverneur-generaal Van der Capellen in tal jonge élèves oan om oan it hôf fan susuhunan Paku Buwana IV (1788-1820) de Javaanske talen en wetten te bestudearjen. Ien fan har wie de dûmnyssoan Philippus Pieter Roorda van Eysinga, berne te Kuinre. Dêr oan it hôf skreau er in Javaanske grammatika en letter, yn 1836, soe hy de earste heechlearaar Javaansk en Maleisk wurde oan de Keninklike Militêre Akademy te Breda. Folle rekalsitranter wie syn healbroer Sicco Roorda van Eysinga, bekend fan syn troch Multatuli ynspirearre ‘Vloekzang, de laatste dag der Hollanders op Java’. Syn krityk op koloniale misstannen koste Sicco syn baan as amtner op midden-Java mei ferlies fan pinsjoen, en boppedat waard er út Ynje ferballe. Yn letter jier- | |
[pagina 75]
| |
ren wie er in aktyf meiwurker oan ûnder oare Recht voor Allen fan Domela Nieuwenhuis en de Sneeker Courant. De ‘Vloekzang’ is sûnt de fjirde printing opnommen yn de Max Havelaar, want: ‘Zowel om de edele verontwaardiging die er in schittert als om de letterkundige verdiensten, vinde het hier een blyvende plaats.’Ga naar eind15. In oare wichtige bydrage ta it fêstigjen fan it Nederlânsk bestjoer yn Ynje waard levere troch prof. dr. Taco Roorda fan Britsum, al sûnt 1828 heechlearaar Easterske talen, âld-Hebrieusk, bibel-eksegeze en (nei 1834) ek filosofy oan it Atheneum Illustre fan Amsterdam. As kommisjelid fan it Nederlânsk Bibelgenoatskip hie er grutte niget oan de stúdzje fan it Javaansk. Yn 1841 hâlde er in taspraak foar it Keninklik Nederlânsk Ynstitút, dêr't ek kening Willem III by oanwêzich wie. Hy lei dêr doe út hoe't it foar in effisjint bestjoer fan Ynje fan it grutste belang wie dat de bestjoersamtners Javaansk learden, ommers de taal fan de helte fan de befolking. In jier letter waard er beneamd ta heechlearaar Javaansk oan de nije bestjoersskoalle te Delft (nei 1864 te Leiden).Ga naar eind16. Yn in wat nuvere haat-leafdeferhâlding mei it gûvernemint waard ek de âlde Kristlike Sindingsdream yn 'e 19de ieu nij libben ynblaasd en ek dêrby ha Friezen in net te ûnderskatten rol spile: Jelle Eeltsjes Jellema (op East-Java), Mattheüs Teffer (East-Yndonesië, Sawu, Timor) en Sierk Coolsma (West-Java). Coolsma skreau ek in grut wurdboek fan it Soendaneesk en sette fansels it evangeelje oer yn dy taal. By syn taalstúdzje waard er oantrúnd en stipe troch Herman Neubronner van der Tuuk, dy't krekt as hy oait yn Ljouwert wenne hie. Van der Tuuk (1824 te Malakka berne en fan hûs út Maleisktalich) hat in knappe grammatikale beskriuwing levere fan it Toba-Bataksk. Ek wurke er fiifentweintich jier yn in kampong op Bali oan in gigantysk Balineesk wurdboek, yn tsjinst fan it Departemint fan Underwiis en Earetsjinst, of sa't er sels ris op in brief sette: ‘Departement van Onderdrukking en Heerendienst’. Hy hat it taalprobleem noait los sjoen fan it maatskiplike en kulturele libben. Doe't er tusken 1857 en 1868 wer yn Nederlân wie, kaam it dan ek ta in fûleindige konfrontaasje tusken him en Taco Roorda, dy't nea yn Ynje west hie en alle Yndonesyske talen fanút it Javaansk miende ferklearje te kinnen: ‘de naschrijvende Roorda’ is in ‘ingebeelde gek’, ‘die zijn oren verstopt heeft’ en beweart dat ‘de studie van een taal zo arm als het Maleis hoegenaamd niets kan geven’, of ‘dat Maleis leer ik in zes weken’, ensfh. Grimmitich en persoanlik gong it deromta! Dochs kin it foar ús faaks ferhelderjend wêze om te witten dat it ek in konflikt wie tusken twa rjochtingen yn 'e taalwittenskip: de histoarysk-ferlykjende (Van der Tuuk) tsjinoer de taalfilosofyske, basearre op Descartes en Fichte (Roorda).Ga naar eind17. | |
[pagina 76]
| |
Tsjin de eftergrûn fan dat 19de-ieuske konflikt is it nijsgjirrich te witten wat Hindrik Freark Tillema santich jier letter oer de taalsituaasje yn Ynje skreau. Tillema (1870-1952) fan Ychten wie in apteker dy't oan it begjin fan dizze ieu op Java ryk wurden wie mei in spuitwetterfabrykje en sadwaande mei fiifenfjirtich jier al rintenierje koe. Dêrnei reizge er in oantal kearen hiel de archipel troch en makke mear as tolvetûzen foto's en in film (oer de Dajaks op Borneo). Ek skreau er sa'n twahûndert krantestikjes, hâlde er dia-lêzingen en publisearre er moai útfierde reisboeken, want: [...] Tillema bireizge de eilânnen net om keappenskip to dwaen en skatten to sammeljen, net as stjûrd fen 't regear, mar hy die 't op eigen manneboete, om to sjen, ho't it mei de sounens fen 'e minsken stie, hwent hy wist, det dêr op in hopen plakken gâns oan miskearre. Hy woe de oarsaken dêrfen siikje en den, as 't koe, middels oan 'e hân jaen om ta betterskip to kommen. Dat skreau J. van der Tol yn in wiidweidige gearfetting yn Sljucht en Rjucht fan Tillema syn boek Zonder Tropen geen Europa! (Bloemendaal 1926).Ga naar eind18. Op in oar plak skreau Tillema oer de talen yn Yndonesië:Ga naar eind19. Op Borneo is het kennen der Nederlandsche taal door een Sultan een bizonderheid. Meestal spreekt men Maleisch, maar die taal beheersch ik niet! Er zijn slechts heel, heel weinig Nederlanders, die zich in deze taal behoorlijk kunnen uitdrukken en haar verstaan. Het is een zeer groot misverstand te meenen, dat elk Nederlander, die, zooals ik, vele jaren in Indië is geweest, behoorlijk Maleisch kent! De zeer groote meerderheid kent er zoo goed als niets van! Dit is te wijten aan de meening, dat Maleisch zoo gemakkelijk is, in een paar maanden te leeren! Men leert zonder grammaticale voorbereiding eenige tientallen, soms enkele honderdtallen woorden van buiten, net zooveel als men voor den omgang met keukenmeid, huisjongen, tuinjongen, Chineesche winkelbedienden, bedrijf, en werklieden noodig heeft, en beeldt zich dan in, de taal te kennen. Maar zoodra men in aanraking komt met den beschaafden Indonesiër, waarmee men een gesprek in 't Maleisch moet voeren, con[v]er[s]eeren, zit men met den mond vol tanden! De woordenschat is veel te beperkt, de kennis der grammatica gelijk nul, zoodat het ‘gesprek’ al heel spoedig hokt. En dan spreekt men van gebrek aan openhartigheid, aan belangstelling! | |
[pagina 77]
| |
weten deze zich toch heel wat beter uit te drukken dan verreweg de meesten der Nederlanders. De inheemsche bestuursambtenaren hebben 't Maleisch op de scholen geleerd, de Europeesche op de universiteit ook. Deze doen er in hun bestuurspraktijk een ruime ervaring van op, zoodat men in 't algemeen kan zeggen, dat slechts Europeesche bestuursambtenaren Maleisch kennen [...]. Wannear't Tillema it oer de problemen fan de meartalichheid by it ûnderwiis yn Nederlânsk-Ynje hat, dan komt meast ek syn Fryske eftergrûn nei foaren, lykas hjir yn Ons Indisch Boekje III (Assen 1941) op s. 23: Spelenderwijs leert het kind zijn moedertaal. Daarin denkt hij, die verstaat hij! In een aangeleerde taal is hem dit niet mogelijk! En daarom zeggen kenners der taal, vrienden van de bewoners: op de lagere school in Indië alleen de moedertaal! U begrijpt hoe omvangrijk dit vraagstuk voor een eilandenrijk met 70.000.000 menschen, die 200 of meer verschillende talen spreken, is! Niet alleen in ons land bestaat er een onderwijsvraagstuk! | |
De Pax Neerlandica en de apartheidDe Pax Neerlandica yn de Yndyske archipel hat net ieuwen bestien, mar waard earst om de ieuwiksel hinne fêstige. Want doe wiene de bûtenste territoriale grinzen fêstlein, yn akkoarten mei de oare Europeeske machthawwers yn dat diel fan 'e wrâld. Doe wiene ek de lêste autonome radja's ûnderhearrich makke: tusken 1870 en 1910 waarden mei militêr geweld of ûnder politike druk Atjeh, Súd-Celebes, Lombok, Bali en oare bûtengewesten ‘pasifisearre’. It gong doe al lang net mear om de krûden foar yn 'e koeke en de tsiis, nee, yn Europa wie de yndustriële revolúsje yn folle gong en dêrfoar wiene grûnstoffen nedich en ôfsetgebieten, en foar beide koe ús Ynje soargje. Yn 1869 gong it Suezkanaal iepen, der kamen steamskippen, telegraaf en goeie postferbiningen. Nei 1870 hâlde, nei ferheftige diskusjes, it Kultuerstelsel op te bestean (totale winst 823.000.000 gûne) en tenei koe elke yndividuele hannelsman of planter frij yn Ynje ynvestearje. Se kamen mei tsientûzenen. Mar om tefoaren te kommen dat de archipel yn bûtenlânske hannen kaam, wie bepaald dat de Yndyske grûn tenei Nederlânsk domein wie, net te keap en inkeld te pachtsjen. Dêrtroch èn troch de bettere ferbiningen kamen de nije ymmigranten no foar betreklik koarte tiid nei de koloanje mei it doel om dêr sa gau mooglik ryk te wurden en dan wer werom te gean nei it heitelân. Se waarden dan ek ‘trekkers’ neamd, ta ûnderskied | |
[pagina 78]
| |
fan de eardere Ynje-gongers, dy't meast ‘bliuwers’ west hiene. It wie benammen troch it iepenlizzen fan Ynje mei technology en wite ymmigraasje dat de apartheid dêr tige tanaam. | |
Anne van der Meulen en it Yndysk Museum te BurgumDat lang net elkenien inkeld en allinnich nei Ynje kaam om dêr finansjeel ryk te wurden, sjogge wy ûnder oare yn it gefal fan Anne Tsjibbes van der Meulen, de soan fan Tsjibbe Gearts. Hy waard yn 1862 te Burgum berne, learde yn Grins foar skoalmaster, wurke te Zaandyk en Amsterdam en reizge yn 1889 as ûnderwizer ôf nei East-Ynje. Trije jier letter kaam er mei sykteferlof werom nei Europa en hâlde doe in soad ta yn keunstnersrûnten yn München, Florence en Rome, dêr't de ferneamde Fryske byldhouwer Pier Pander ien fan syn bêste freonen waard. Yn 1895 gong er nei Ynje werom, dêr't er niget begûn te krijen oan it sammeljen fan lânseigen keunst- en ambachtskeunstfoarwerpen. Hy ferhellet dêroer yn it museumgidske De Indische verzameling te Bergum (Bergum 1906). Sa bygelyks op s. 5: Daar kwam op zekeren dag een man met poppen aan de deur. Vreemde poppen - hout - lang, slank lichaam, fijne, voorname neus - lange spleetoogen - lange armen, voornaam gebogen handen. Het lichaam goudglanzend, de saroeng sierlijk neerhangend - bepaald hoog uitziend. En daar liet die oude man de pop bewegingen maken: hoofdgedraai, wendingen met den romp en wonder veelzeggende armbewegingen. Hemel - wat mooi! Het was een openbaring. - Dien ouden man heb ik later van Batavia naar Magelang laten komen [mear as 500 km] en daar heeft hij een jaar lang bij mij gewoond; hij is de maker van mijn wajang golék. [...] Maar toen ik die poppen had, wilde ik ook iets weten van de geschiedenissen, die er mee vertoond worden. Zoeken, studeeren dus. Maar het loon was zoet. Yn 1906 kaam Anne van der Meulen yn Burgum werom mei twa tramwagons fol Yndyske en Sineeske keunstfoarwerpen. Syn âlde heit hat it útpakken fan de kisten noch krekt meimakke. Yn it eardere postkantoar waard doe it Yndysk Museum ynrjochte, tagong trije sinten, wurkleazen fergees. Dat museum hat oant 1917 bestien en alles mei-inoar ha der sa'n 30.000 minsken in bisite brocht. Dat wie lykwols net genôch om de kosten te dekken en dêrom waard de hiele kolleksje ferkocht oan notaris Nanne Ottema. Dy liet alles nei Ljouwert oerbringe, dêr't it de basis foarme foar it ‘Indisch Museum’ (letter Museum Het Princessehof). Mei in feestlike | |
[pagina 79]
| |
Idintiteitskaart fan Anne Tsjibbes van der Meulen, 1916
(Ljouwert, Museum Het Princessehof). jûn yn de Harmonie mei sjongende en dûnsjende echte Javaanske prinsen waard it offisjeel iepene (24-11 1917). Anne van der Meulen koe it net sa lang bankje yn Fryslân. Yn 1906 gong er wer nei Itaalje, nei Pier Pander yn Rome en nei Sicilië. Letter wurke er wer yn Ynje yn it ûnderwiis, wylst er de lêste fiif jier fan syn libben yn Caïro tahâlden hat. Oant syn dea, yn 1934, hat er syn kolleksje en dy fan Ottema útwreide. Foar in part is dy no noch yn Ljouwert te besjen.Ga naar eind20. | |
[pagina 80]
| |
In reiske troch midden-Java mei Le FèbreSimon Dirk le Fèbre (1882-1931) waard te Boalsert berne, groeide op it Amelân op en waard ûnderwizer. Fan 1905 oant 1909 wurke er yn it ûnderwiis op Java en fuortendaliks waard er folslein fereale op 'e wûndere tropyske natuer, de kleurige fûgels en de nuveraardige minsketypes, ja eins makke hast alles yn dat sinnige lân djippe yndruk op dizze gefoelige man. Mar spitigernôch waard er slim siik, in niersykte, en moast er werom nei it heitelân. Hy siet lykwols grôtfol yndrukken en hy hie boppedat in soad dia's makke, stereoskopyske(!) ljochtbylden, dy't er letter geregeldwei fertoane soe op skoallen. Doe't er wer opknapt wie, kaam er werom yn it ûnderwiis (yn Boarnburgum, dêr't er earder ek alris ûnderwizer west hie) en waard dêrby ek learaar skiednis en tekenjen oan de ‘normaalschool’ (de lettere Rykskweekskoalle) te Drachten en letter op it Hearrenfean. Dêr is er, noch gjin fyftich jier âld, oan syn âlde kwaal stoarn. Under grutte belangstelling waard er begroeven, want mannichien hie mei him in goede, blide freon ferlern èn in smoute ferteller. Neist syn wurk oan de kweekskoalle hat Le Fèbre aktyf west op it mêd fan 'e hinnefokkerij, de polityk en de skriuwerij. Sa skreau er ûnder oare it (Hollânsktalige) histoaryske jongesboek Ascon de Fries en it (Frysktalige) Amelanner folksliet.Ga naar eind21. Yn Sljucht en Rjucht (it wykblêd fan Waling Dykstra) ferskynde fan him yn 1910 en 1911 ‘In reiske troch midden-Java’, in autobiografysk dokumint dat ús in aardich ynsjoch jout yn 'e koloniale ferhâldingen yn 'e tempo doeloe op Java, bygelyks yn 'e folgjende passaazje:Ga naar eind22. Ynjen, Ynjen, hwet bistou dochs moai. | |
[pagina 81]
| |
onfetsoenlik to wêzen, sei 't er altyd mar ‘ja’, as immen him hwet freget. | |
It Yndonesyske nasjonalismeUnder ynfloed fan de ‘etyske polityk’ wie oan it begjin fan dizze ieu wol wat dien om de ellinde ûnder de Yndonesiërs te bestriden, mar dat wie net struktureel. De iennichste menier foar harren om yn Ynje hegerop te kommen, wie by de wei fan Westersk ûnderwiis. Mar dàt wie der foar harren amper: noch yn 'e tritiger jierren lei it analfabetisme ûnder de Yndonesiërs om-ende-by de 95%! Fanút Den Haach waard boppedat hieltyd besunige op it ûnderwiis (it wiene de krisisjierren) en nei 1932 mochten der hielendal gjin nije skoallen mear bykomme yn Ynje. De Yndonesyske lieders hiene doe al har konklúzjes lutsen en rjochten mei eigen middels Yndonesyske skoallen op, mei Nederlânsk en Maleisk as fiertalen. Binnen in pear jier wiene der tolvehûndert fan op Java. Se waarden ‘wylde skoallen’ neamd: earm mar frij!Ga naar eind23. Stadichoan krige it nasjonalisme in grutte oanhing ûnder de befolking en de Europeanen begûnen it as in grutte bedriging te fielen. Nei in rige etyske gûverneurs-generaal waard yn 1921 mr. D. Fock beneamd en dy sette in hurdere koers yn tsjin de nasjonalisten. It gefolch wie it útbrekken | |
[pagina 82]
| |
fan ûnrêst, sabotaazje en opstannen: op West-Java (novimber '26), op West-Sumatra (jannewaarje '27). Der waard hurd yngrepen: 13.000 minsken waarden oppakt, 4500 feroardield, en 1300 ‘op fertinking’ nei de moerassen fan Boppe-Digoel ferballe. Nei in showproses waarden ir. Soekarno en in tal oare lieders oppakt, feroardield, wer frijlitten en yn 1933 opnij arresteard en út Java ferballe. Ien fan 'e minsken dy't oan it lêst ta besocht ha om de nasjonalisten en de progressivere blanken byinoar te bringen wie de sjoernalist D.M.G. Koch (1881-1956), in dokterssoan út Wâldsein en in oertsjûge sosjaaldemokraat. Sûnt 1907 hie er al yn Ynje foar ferskeidene kranten wurke doe't er yn 1938 in eigen tydskrift begûn, Kritiek en Opbouw, dat ûnôfhinklik wêze moast en net polityk bûn. It moast in soarte fan poadium wêze, dêr't opfettingen oer polityk, ekonomy en kultuer nei foaren brocht wurde koene dy't fierder amper omtinken krigen yn 'e Yndyske media. Sawol Nederlanners as Yndonesiërs sieten yn 'e redaksje en wurken mei: ûnder oaren de lettere minister ir. Roosseno Soerjohadikoesoemo, Soegondo Djojopoespito (de motor efter de ‘wylde skoallen’), syn frou Soewarsih (ûnderwizeres en auteur fan de earste moderne Yndonesyske roman Buiten het gareel, 1946, pas letter yn it Yndonesysk ferskynd) en ek Eddy du Perron en Willem Walraven. It blêd hat fjouwer jier bestien.Ga naar eind24. | |
Oan it Fryske thúsfrontYn Ynje hiene de reaksjonêre Nederlanners har ferienige yn de Vaderlansche Club en de N.S.B. Neffens har wiene de bolsjewiken yn Ynje oan it stokeljen, al wie dat net te bewizen fansels, mar dat hoegde ek net, want troch in bikkelhurd optreden soene dy ynlanners wol goed benaud wurde foar it kommunisme. ‘Mar is dat middel gaedlik? en is it rjuchtfeardich? De histoarje ûntstriidt it’, skreau E.B. Folkertsma yn 1928 yn De Stim fen Fryslân:Ga naar eind25. Hwent wy habbe it net to krijen mei in tydlike biweging, dy't mei inkele jierren ophâldt. De folken fen Ynjen komme ta hjar sels en ta hjar mounigens: dat rjucht is net to kearen en mei net keard wirde, omdet it it rjucht fen alle folken is. Dêr scil neat tsjin dien wirde kinne, noch troch de macht fen it tal noch troch histoaryske tastânnen noch troch redenearringen fen it stuit. De Indonesyske biweging hat de takomst, sa scil it for it regear nedich wêze, in fier foarút sjende polityk to driuwen, dy't hjar net elk stuit op 'e nij hoecht to oriëntearjen en konsessy nei konsessy dwaen moat, mar hjar klear hâldt for Ynje's folsleine frijdom. | |
[pagina 83]
| |
Ek de stim fan it jonge Fryslân oppenearre him dat jier foar in frij Yndonesië. Doe't yn 1928 in tal Yndonesyske studinten yn Leiden, ûnder oaren Mohammed Hatta, de Perhimpoenan Indonesia oprjochten, foar in ûnôfhinklik Indonesia, waard harren in proses oandien. Nei oanlieding dêrfan skreau Fedde Schurer syn fers ‘Eala!’, wijd oan ‘ús brune broerren’: ‘Eala, seit it jonge Fryslân, / Eala, Indonesia!’, wat der neffens it Friesch Dagblad fier by troch wie: ‘Schurer noemt deze Inlanders zijn broeders!’Ga naar eind26. It wie dúdlik, tenei soene ek kristlike Friezen foar inoar oer komme te stean wat Yndonesië oangie. En eins wie it dochs sa ienfâldich: òf jo wiene foar in Nederlânsk ympearium òf jo wiene dêr tsjin en foar in Frysk en in Yndonesysk nasjonalisme. Sa simpel lei it, mar dy konklúzje waard earst yn 'e simmer fan 1949 lutsen troch Tony Feitsma yn har earste artikel yn De Stiennen Man.Ga naar eind27.
It bliuwe bern fan in tropysk lân...
Yn Nederlânsk-Ynje waarden se Yndo's neamd, Yndo-Europeanen of Yndyske jonges en famkes (en dat bleaune se ek oant har tachtichste). Se namen in nuvere tuskenposysje yn binnen de rasistyske maatskiplike yndieling. Of se waarden ta de Europeanen rekkene - trijekwart fan 'e 250.000 Europeanen yn 1930 wie fan ‘mingd’ komôf - mar dan wiene se in ‘leger soart’, healbloeds Europeanen; òf se wiene in wat better soarte ynlanners. Nei de Yndonesyske ûnôfhinklikheid mochten Europeeske (wetticherkende) Yndo's kieze tusken Yndonesië en Nederlân. De Nederlânske oerheid woe leaver net dat se nei Nederlân ta kamen en produsearre nota's en rapporten om dat te rjochtfeardigjen. Dêryn falt no dúdlik de belearende toan fan paternalistyske superioriteit op, sa't wy dat bygelyks lêze kinne yn de Nota van de voormalige Commissaris van het Koninkrijk te Medan, maart 1951:Ga naar eind28. Ondanks hun opleiding blijven zij kinderen van een tropisch land met een daaraan verbonden laag arbeidstempo en andere specifieke Oosterse eigenschappen en gedragingen, welke in het kader der verhoudingen in Nederland economisch niet aanwendbaar zullen zijn. [...] De measte Yndo's lieten har lykwols net troch soksoarte proaza wjerhâlde; | |
[pagina 84]
| |
hiene sy har net it fûlst ferset tsjin de nije Republyk? Boppedat seagen se mar al te goed, dat se sûnder de Nederlânske paraplu tenei yn Yndonesië ek gjin takomst hiene. Massaal ha se dêrom Yndonesië ferlitten, 180.000 tusken 1949 en 1961, en ‘repatriearren’ nei it memmelân/heitelân, dêr't de measten nea earder west hiene. Mar de measten hiene al in Westerske oplieding hân, praten netsjes Nederlânsk èn se hiene it steatsboargerskip en dus it rjocht om har hjir te fêstigjen, yn Den Haach, Amsterdam, Ljouwert, Oentsjerk en Ie, dêr't har bern en bernsbern faak noch wenje en no netsjes Frysk prate en yn Fryske krantsjes skriuwe om fral mar net ‘oars’ te wêzen... De klisjeebylden fan de Yndo: wat dreamerich en traach, de froulju sensueel, hyt en útdaagjend, of krekt beskieden, mar altyd út op blanke manlju, soms ek ‘oanpast’ mar stoef fjochtsjend tsjin de foaroardielen oer har groep; de mânlju hast altyd mear as beleefd en beskieden en netsjes pratend, mei in grut minderweardichheidskompleks en tige kwetsber. Al dy stereotipen, want dat binne it, hawwe har al yn 'e koloniale tiid yn Nederlânsk-Ynje foarme en waarden doe benammen yn 'e blanke koloniale literatuer kultivearre. Op krekt deselde menier as dat yn de blank-Súdafrikaanske (Afrikaander) literatuer bard is mei ‘de kleurling’.Ga naar eind29. Ek Nyckle Haisma hat dêroan meidien, bygelyks yn Peke Donia, de koloniael. | |
East is east and West is westEast is east and West is west and never the twain will meet. Iensum en forlitten kuijeren hiele dagen in mennich Yndiërs op 'e dekken om. Nimmen hast bimoeide him mei hjarren en hja sochten omgong mei gjinien, witend det se troch eltsenien skoudere waerden. Mar det net allinne, djipper as det allegearre leit neffens myn hillige oertsjûging de greate kleau twisten East en West, dy't nea inoar bigripe kinne en scille. En al nei't wy de milen ynkoarten, dy't ús skaetten fen it ljeave Heitelân, seagen hja de ôfstân groeijen en ûnwennich stoarren hja faek it einleaze wetterflak ôf. Offisjeel birjuchtige om yn hjar kwaliteit fen amptner mei forlof to gean, hiene hja de kâns oangrepen, om skielk mei in illusy minder yn it libben en mei in lege beurs nei hjar âffears erf werom to tsjen, bikaem fen alle langstme nei it fiere frjemde Westen. Dat skreau ús eigenste Fryske skriuwer yn Ynje, Nyckle Haisma. As wy oan Haisma tinke, is dat meast oan syn Yndyske sketsen yn Suderkrús, mei syn personaazjes dy't tusken twa wrâlden steane en kieze moatte; of wy tinke oan Peke Donia mei syn ivige langst nei it âlde Fryslân; of oan Haisma yn Tjilatjap, dêr't er op syn matsje deun tusken alle oaren oant | |
[pagina 85]
| |
it lêst ta syn dream opskreau oer it weromgean nei it lân fan syn winsken. Dat Haisma dêrnjonken, krekt as Couperus en Slauerhoff doe't dy krap jild hiene, ek in tal sjoernalistike reisferslaggen skreaun hat, sil de measte lêzers minder bekend wêze. De earste rige fan sân reisferslaggen skreau er doe't er op weromreis wie nei Europa, ein 1935, neidat er seis jier as ûnderwizer te Medan wurke hie. Ein 1936 waarden se yn De Stim fen Fryslân publisearre ûnder de titel ‘De wei nei it Westen’.Ga naar eind30. Tagelyk ferskynde yn it Leeuwarder Nieuwsblad fan 2-12 1936 oant en mei 18-5 1940 in sechtichtal Hollânsk- en letter ek Frysktalige ‘Indische impressies’ en ‘Indische brieven’ fan him út Medan, dêr't er yntusken al wer oankommen wie, foar nochris seis jier. Wat dat ‘East is east and West is west’ oangiet, dat wie yn 'e jierren foarôfgeand oan de Twadde Wrâldoarloch sa'n sechje dat troch de blanken yn Azië oanhelle waard om har eigen mar al te begryplike kultuerpessimisme te fentilearjen. Ach, Nyckle hie syn M.O.-Ingelsk noch net helle doe't er dat skreau, want Rudyard Kipling giet sa fierder:Ga naar eind31. Oh, East is East, and West is West, and never the twain shall meet,
Till Earth and Sky stand presently at God's great Judgment Seat;
But there is neither East nor West, Border, nor Breed, nor Birth,
When two strong men stand face to face, though they come from the ends of the earth!
| |
Nyckle Haisma en DeliDeli wie in haadstik apart yn Nederlânsk-Ynje. It plantaazjegebiet yn Noardeast-Sumatra waard yn it lêst fan 'e 19de ieu kolonisearre en it hie noch alle skaaimerken fan in pioniersgebiet. Mar yn 'e tweintiger jierren wie it útgroeid ta ien fan 'e wrâldsintra fan it moderne kapitalisme. It wie dêr dat de ús bekende grutte multynasjonals as de Keninklike Shell, Unilever en Good Year grut wurden binne en ta bloei kamen. Gigantyske ynternasjonale ûndernimmings mei hûnderten blanke wurknimmers, mei researchôfdielings en yngenieurs èn mei tûzenen kontrakt-koelys: Sineeske en Javaanske trekarbeiders, meast mânlju allinne, mear as tûzen kilometer fan hûs. Mar dêrneist wiene der ek de ‘gewoane’, lytse Deli-planters, rûge keardels dy't har deabealgen foar in hantsjefol sinten en in rêstige âlde dei. Oer har fertelt Haisma (Leeuwarder Nieuwsblad, 15-12 1936): Feit is, dat Deli niet is opengelegd door de wetenschap, maar door de taaie volharding, wilskracht en ontbering van de doodgewone fortuinzoekers. Rare kerels waren het, maar als men heden ten dage door Deli rijdt, neemt | |
[pagina 86]
| |
men als vanzelf zijn hoedje af en zegt: ‘Daar heb ik respect voor!’ Nettsjinsteande de wrâldkrisis wie Deli healwei de tritiger jierren noch altyd in ryk gebiet, al wiene de ferskillen tusken rike en earme Europeanen grut. Mar gemoedlik wie Deli neffens Haisma bleaun: Men voelt zich ook als gewoon burger zo echt klein, als men de paleizen van die halfgoden ziet tronen temidden van hun velden, als men de bedragen hoort noemen, die hun door de handen gaan of als men ze, tronend als oppermachtige wezens in limousine's voorbij ziet rijden. | |
[pagina 87]
| |
whiskey-soda bestelde en in z'n bed ging slapen. By it lêzen fan Haisma syn reisferslaggen krijt men it gefoel dat er him as ‘kritysk skoalmaster’ te Medan yn 't earstoan net al te ûnnoflik field hat. Hindrik Tillema tsjûge yn 1925 noch fan de erbarmlike wenningtastannen fan de ynlanners sa't er dy yn Deli op syn kuiertochten oantroffen hie, ‘alsof ik, van mijn hotel in de Europeesche buurt gekomen, van den hemel in de hel was beland!’, wylst krityk op sokke misstannen ûnmooglik wie: ‘In Deli mag men loven en prijzen, maar geen kritiek uitoefenen. Wie 't doet, weet dat het om zijn broodje gaat!’Ga naar eind32. Mar Haisma makket ein 1936 gewach fan de positive gefolgen fan de wrâldkrisis foar de Delyske maatskippij. Under it kopke ‘Deli, door de crisis gezuiverd’ lêze wy: Velen die tot nu toe als in één grote roes hadden geleefd en zich het ene luchtkasteel na het andere hadden gebouwd, kwamen nu met beide tenen [benen?] in de werkelijkheid terecht, terwijl de poverdere levensomstandigheden meer tot bezinning dwongen, zodat de toon zich in veel opzichten wijzigde en Deli geestelijk een zekere verdieping heeft meegemaakt. Ergo heeft de malaise de Delianen tot gewone mensen gemaakt en is derhalve tot een grote zegen geweest voor dit rijke land. Het goede bleef bewaard, de fouten werden tot op zekere hoogte gecorrigeerd. Mar wie der sûnt Tillema syn tsjûgenis no wier safolle te'n goede keard? Ut oare boarnen witte wy dat der yn de krisisjierren yn Deli ek minder geunstige ûntjouwingen plakfûnen. Sa beskriuwt Ann Stoler hoe't der hiel de tweintiger jierren troch nettsjinsteande de strange apartheidsregels op 'e plantaazjes geregeldwei massale stakingen en koely-oanfallen op opsichters west hiene. En hoe't der, om in ein te meitsjen oan dy sosjale ûnrêst, tusken 1931 en 1934 186.000 fan de 336.000 Javaanske kontraktkoelys út Deli nei har thúslân weromstjoerd waarden, wêrby't mei soarch selektearre waard op ûnderdanigens, troud wêzen en politike aktiviteiten. Dat middel die bliken frij effektyf te wêzen en sa kaam it dat oant 1942 de ‘rêst en oarder’ yn Deli bewarre bleaune, yn tsjinstelling ta de plantaazjegebieten yn de buorlannen Maleisië en Yndo-Sina.Ga naar eind33. | |
[pagina 88]
| |
Nee, de politike represje wie tige grut yn Deli. As wy dan yn in brief fan Haisma oan Fedde Schurer (sjoch fierderop yn dit nûmer) lêze dat er, as er polityk aktyf wêze soe (mar dat wie er net), ‘deun by 't kommunisme’ stie, dan is dat tige radikaal. De iennichste my bekende kommunist yn Deli, ir. Sebold J. Rutgers, in Fries út Rotterdam, de soan fan dokter Jan Rutgers en Maria Hoitsema, hat it dêr dan ek net lang úthâlden. Fan 1911 oant 1914 wie er direkteur fan Iepenbiere Wurken yn Deli en yn dy funksje hat er geregeldwei reizen meitsje kinnen troch de archipel. De tastannen dy't er dêr oantrof, makken djippe yndruk op him, benammen op 'e plantaazjes yn Deli ‘grinze dat oan slavernij’. Noch foar't syn kontrakt ferrûn wie, sette er mei frou en bern ôf nei New York, om yn 1917 nei de Russyske revolúsje troch Sibearië nei de Sovjet-Uny te gean, dêr't er oant 1938 wurke hat yn in kolchoze. Yndonesië hie er lykwols net ferjitte kinnen en noch foár de Twadde Wrâldoarloch skreau er twa boeken oer it koloniale systeem yn Yndonesië.Ga naar eind34. | |
De poalstjer of it suderkrús?Nyckle Haisma syn Yndyske sketsen, skreaun yn de jierren 1934-1938, waarden bondele ûnder de titel Suderkrús, it stjerrebyld dat op it Súdlik healrûn helder oan de himel stiet. Yn de bondel is it it teken fan itselde lot dat de personaazjes yn 'e trettjin ferhaaltsjes ferbynt. Mei rûge halen wurde de situaasjes tekene, foar dy tiid ‘modern’ en hast ‘synysk’, mar mei in djip gefoel foar de ûnwennigens fan har dy't, yn Fryslân hikke en tein, no frjemd binne yn Ynje. Eins sjogge se allegear werom; mar wolle se werom yn ôfstân òf yn 'e tiid en ferlangje se nei har jonge jierren, doe't it noch frede wie en rêst yn harsels? Mar hat dy tiid der oait west? Fierders ha se gemien, dat se wol religieus binne, mar noait tsjerklik. Dan wer twivelje se en soms leauwe se, mar gjinien ferwachtet wat fan 'e takomst; mei fyftich fiele se har âld en it liket hast as sykje se om in plak om har foargoed del te jaan en sa rêst te finen foar it moed. De natuer yn 'e sketsen is it wjerbyld fan harren ûnrêst en needlot: de kâlde Fryske hjerstloften, driigjend leech hingjend en de Yndyske mei wjerljocht, fjoer, tonger en rein mei amers fol út 'e loft, mei de ivige sinne, smoarende hyt. Ek mei it lânskip sjogge wy dat byld: de neakene, keale gruttens fan 'e Dongeradielen en de ûneinige tabaksfjilden en stille natuer fan Deli, yn ‘Op 'e grins’ sa beskreaun: Fjild nei fjild glydt foarby: oanplant, wylde groun. Bosk, bosk, ûneinichheden, lûden fen apen en fûgelguod, sinne. En as in swart glim- | |
[pagina 89]
| |
mend lint foar hjarren út de wei. In hiel inkelde minske. Mar de natuer is oppermachtich. Hwet is in minske den lyts. En dy lytse minske siket in skûlplak: in smûke keuken, in lyts krûpyn, in kamponghûs, of de fredige tropennacht, dy't nei de ûnbarmhertige sinne fan 'e dei de wrâld mylder makket en rêst bringt en dreamen fan in oare wrâld. Opfallend yn dizze Deli-ferhalen is dat de ynlânners mar amper in rol spylje en at se al foarkomme gjin eigen karakter hawwe. Binne se tefreden mei har lot? Mar de gamelanmuzyk jûns yn 'e fierte (fan 'e Javaanske kontraktkoelys byinoar yn 'e loadsen) klinkt weemoedich en bringt de tinzen op dat oare fiere thúslân, Fryslân (yn ‘Joun’). Ta in útbarsting fan geweld tsjin ien fan 'e bazen komt it yn it ferhaal ‘De úttocht’. De nije administrateur is in grutte opskepper, dy't him baas fielt oer de ynlanners likegoed as oer de jongere kontroleurs, dêr't Timen ien fan is. As dy jonge Fries troch syn Hollânske baas as in koely kommandearre en behannele wurdt, wurdt er sa poerlilk dat er him yninoar huft. Wannear't er oeren letter thúskomt, leit syn ûntslachbrief al klear. Dy jûns lit er him, as in ynlanner op in oksekarre, nei de stêd ride, stapke foar stapke, werom nei Fryslân. Typysk foar de Deli-maatskippij binne fierders ek de Javaansk/Maleiske húshâldsters dêr't guon blanke planters en Bjinse de Fuselier (in foarrinder fan Peke Donia?) mei húsmanje. Doe't yn 'e tweintiger jierren mear blanke froulju yn Deli talitten waarden en guon planters dochs noch yn 'e gelegenheid kamen om dêrmei te trouwen, waard sa'n húshâldster meastal ‘nei de kampong’ weromstjoerd, mei of sûnder har bern by dy man. Dat wie in frij aktueel tema doedestiids, sawol yn 'e maatskippij as yn 'e literatuer. Haisma syn bêste ferhaal út 'e bondel, ‘De twadde dead’, giet dêr ek oer, mar dan belibbe fanút de blanke frou. Se is hielendal allinne en tinkt by dizze rûge planter leafde, begryp te finen. It jaget op in klimaks oan en... se fynt begryp, as in ferskoveling, by in ynlânske frou.Ga naar eind35. Yn hast alle ferhalen is der de kontrastwurking Fryslân-Ynje, en de personaazjes lykje ek stees foar de kar te stean: wêr sil ik my fierder oan ferbine? Guon kieze dêrby foar it âlde Heitelân, oaren lykwols ek foar it nije heitelân Ynje. Fansels moat men de man en it wurk net mei-inoar lykslaan, mar dochs krijt men de yndruk dat Haisma jierrenlang mei dat probleem omwraksele hat: in Fryske dream ûnder in tsjokke Delyske hûd. Trinus Riemersma hat gjin wurdearring foar dizze sketsen. Hy easket in yn it ferhaal sels logysk besletten funksjonele opbou en dy sjocht er meast net. Hy konkludearret (as reaksje op Fokke Sierksma) mei: ‘Ik bin fan miening dat de Fryske letterkunde better thús bliuwe kin. Allinne oer Fryslân en syn biwenners kin in Frysk auteur mei kennis fan saken en mei bitrutsenheid skriuwe.’ Hysels gong dy hjerst nei de Ardinnen.Ga naar eind36. | |
[pagina 90]
| |
Peke Donia as koloniale romanEk yn 'e Fryske literatuer komme Yndo's foar, ûnder oare yn Nyckle Haisma syn dûbelroman Peke Donia, de koloniael (1943), earder ferskynd as twa selsstannige dielen, Paed oer 't hiem (1937) en Paed nei eigen hoarnleger (1940). Want de Peke út dat boek hat in soantsje, Mardjo, by in net mei namme neamde ynlânske húshâldster. Sersjant Peke komt oan twa kear ta út Ynje werom en besiket hjir opnommen te wurden yn 'e mienskip fan it Fryske plattelân. Yn it earste diel hat er seis jier yn Ynje tahâlden as er allinne yn it Heitelân weromkomt en dan docht er nochal geheimich oer dat jonkje. Inkeld oan it stjerbêd fan syn heit Teade doart er dêr oer te praten. Om gehoar te jaan oan heit syn lêste winsk nimt Peke dan njoggen jier letter (yn diel twa) syn soan, dy't dan Teda neamd wurdt, mei nei Fryslân. Mar dat wurdt neat, want op reis al, yn 'e Reade See, skipet it jonkje kjeld en wurdt siik. It hiele fierdere boek troch gammelet Teda wat om, hy wurdt stil en ûnwennich en longeret nei Ynje. Peke kin der net folle mei, fral net om't dy jonge tusken him en syn nije freondinne, de eks-prostituee Hiske út Ljouwert, yn komt te stean. Want syn swarthierrige soan is ‘de net te fiemjen Easterling’ (s. 256) dy't it leafst wer yn Ynje wêze wol. Tsjin de goudblonde Hiske, dy't der ek mei oan is, seit er (s. 269-270): Sjoch Hiske, net ik haw syn mem forstjitten, hja hat in man út har folk foar kar naem. Dat is goed en faeks it bêste. Mar as 't moatten hie, hie ik se nommen. Om de jonge en om de gefolgen fan myn misset to dragen. Nou is 't sa gien. De jonge koe ek kieze, hy hie ek nei syn mem gean kinnen. Dat hwat soe er my of dy to forwiten hawwe kinne? Mar hwatstû fielste, Hiske, dat is de Easterske geast yn him en dy trochgrounje wy Westerlingen net. En ja, hy heart ta myn forline, dat ik wyt net oars as dat silst der by nimme moatte. Uteinlik nimt Peke it beslút: de jonge moat mar wer nei Ynje. Hy jout him noch in moaie bibel en wat oare boeken mei (‘Dû moatst al nei tsjerke ta, jonge’) en set him yn Rotterdam op it skip werom, wylst hy en Hiske har foargoed yn Fryslân nei wenjen sette. Nijsgjirrich is dat dy ynlânske húshâldsters of njai's en harren Yndobern in grutte rol spylje yn in stikmannich Nederlânske koloniale romans. Yn hast alle plantersromans soargje dy njai's foar de noadige dramatyk yn it oars frij ientoanige planterslibben. By alle ûnderlinge ferskillen tusken dy romans is der ek ien mienskiplike reade tried dy't troch dy boeken rint, seit Tessel Pollmann yn har artikel ‘Bruidstraantjes. De koloniale roman, de njai en de apartheids’. De tendins, it boadskip yn dy boeken dy't | |
[pagina 91]
| |
se ûndersocht, is: de njai moat fuort. Yn de boeken om 1900 hinne binne it de (nij-oankommen) blanke froulju dy't de blanke manlju-mei-húshâldsters-en-bern wize moatte op it ferkearde fan harren gedrach. Yn de romans om 1920 hinne sjogge wy dat de manljusmaatskippij dy les leard hat en dat it húsmanjen mei in húshâldster (‘in ynlânske hoer’) no sa bot ôfwiisd wurdt dat it sels fan seedlike moed tsjûget om as blanke kristlike frou it Yndyske foarbern fan jo (oansteande) man by jo te hâlden en op te fieden. Tessel Pollmann lit fierders sjen dat dy tendins dúdlik te krijen hat mei de oanboazjende apartheid yn de koloniale maatskippij yn Nederlânsk-Ynje. Nee, it wiene net de Europeeske froulju yn Ynje dy't soargen foar dy tanimmende apartheid, sa't Rudy Kousbroek suggerearret. It kaam ek net trochdat sy allegear, manlju èn froulju, sokke ekstreme rasisten wiene. Mar trochdat apartheid sa modern wie.Ga naar eind37 Dêrby oanslutend soene wy konkludearje kinne dat Haisma blykber in modern man wie. Trinus Riemersma hat wiisd op it typyske boereromaneftige fan Peke Donia:Ga naar eind38 Peke Donia soe un plakje krije kenne yn Peter Zimmermann syn bûk (Der Bauernroman, Antifeudalismus - Konservatismus - Faschismus, 1975) yn ut haadstik ‘Der konservative Rückkehr-, Konversions- und Siedlerroman: Gesundung in der “heilen Welt” des Bauerntums’ en ut soe don jerre bij ut easte fon baide typen dyt Zimmermann ûnderskaat: ‘der Held des Romans [ist] ein ehemaliger Dorfbewohner, der einst in die Stadt oder nach Übersee ausgewandert, in die Heimat zurückkehrt und sich als Bauer niederläßt.’ Yn tsjinstelling ta de haadfigueren yn de measte fan dy thúskomstferhalen kiest Peke lykwols net in frou dy't al diel hat oan it plattelânslibben, mar ien dy't der fan ferfrjemde is, merkt Riemersma noch op. Mar by einsluten fermoedsoenet ek Hiske har mei har folk op 'e Westerein en wurdt boerinne. En sa't wy al sjoen ha, de jonge Teda bliuwt net yn it Heitelân, mar giet werom nei it lân en de minsken dêr't er ‘thúsheart’. Sa besjoen wurdt der yn dy roman dus in trijedûbele thúskomst, Heilung of bekearing beskreaun. Bekearing ek ta it âlde, deeglike kristlike Fryslân, want út Haisma syn reisferslaggen yn De Stim docht bliken dat foar Haisma ‘Fryslân’ fral ek betsjutte ‘kristlike noarmen en wearden’ ta ûnderskied fan de koloniale, moderne geastlike earmoede. Mar dêrmei past Peke Donia ek hiel goed yn 'e rige fan kristlike koloniale romans, lykas Over de grenzen (1920) fan Tine Bonnema (pseudonym fan T. de Vries-Vrisou). It is net myn bedoeling om hjirmei it boek te feroardieljen, mar folle mear om nei te gean yn hokker tradysje at it stiet en yn hoefier't it ús eigen | |
[pagina 92]
| |
tinken beynfloede hat. Dan wurdt it ek nijsgjirrich om sokke tema's yn oare literatueren te herkennen, want ek yn 'e moderne Yndonesyske literatuer komme wy de njai en har Yndo-bern tsjin. Mar no lykwols as in sterke frou, dy't it doart op te nimmen tsjin de blanke oerhearskers, lykas bygelyks yn Pramoedya Ananta Toer syn ‘subversive’ roman Bumi manusia út 1980 (yn it Nederlânsk oerset as Aarde der mensen, Amsterdam 1983). Dat boek is it earste diel fan in rige fan fjouwer, dy't er yn 'e santiger jierren yn finzenskip op Boeroe fertelde en skreau en dy't krekt as al syn oare wurk fanwege ‘kommunistyske tendinzen’ yn Yndonesië ferbean is. Yn Bumi manusia is Njai Ontosoroh de húshâldster en maintenee fan de hear Mellema op dy syn ‘Boerderij Buitenzorg’ (= Ontosoroh) by Soerabaja om 'e ieuwiksel hinne. Sy hâldt it feebedriuw draaiende, is de mem fan twa bern fan Mellema en fynt ek noch tiid om te lêzen en te studearjen. In superfrou dus. Dat alles giet goed oant der op in dei in jonge yngenieur Mellema út Nederlân oerkomt, in soan fan Mellema út in eardere, wettige relaasje yn it Heitelân. Dêrnei giet alles fout, heit kin de skande net ferstouwe, rekket oan de drank en strûpt derûnder. It bedriuw wurdt op oanstean fan de ‘echte’ soan ferkocht en Njai Ontosoroh hat neffens de koloniale wet gjin poat om op te stean. Ek net as har dochter troch de Nederlânske famylje nei Nederlân helle wurdt, dêr siik wurdt en stjert fan leafdesfertriet om har jonge Javaanske man Minke (in ferbastering fan Monkey, sa't er troch de blanken op skoalle neamd wurdt). Dy Minke ûntjout him yn 'e folgjende trije dielen ta in Yndonesyske nasjonalist. Yn de Yndonesyske literatuer binne Friezen gewoane ‘blanda's’, blanke Hollanners, en it iennichste Fryske dat hast elke Yndonesiër ken is de Fryske flagge, want ‘Susu saya, susu Bandera’, seit de reklame, ‘Myn molke is Flagge Molke’. | |
Fan Nederlânsk-Ynje nei YndonesiëFoár 1940 leaude sawat elkenien yn Ynje noch dat it Nederlânsk bestjoer dêr jierrenlang fêstige bliuwe soe en de oarloch dy't yn Europa útbarste wie oan har foarbygean soe. Yndied waard de konkurrinsjeslach om de strategyske grûnstoffen tusken Japan en Amearika doe noch netsjes troch diplomaten útfochten, mar hoe lang soe dat noch duorje? Ek Nyckle Haisma lei dêr wolris wekker fan (Leeuwarder Nieuwsblad, 10-1 1940): Hier braakt een vulkaan [de Merapi] zijn verderf over de aarde, ginds loert de dood uit de monden der kanonnen in stelling. [...] We lezen in de krant: waanzin en leugen, dood en verderf. Maar 't is zo onwezenlijk | |
[pagina 93]
| |
ver. En iedere morgen schijnt de zon over de sawahs tegen de berghellingen en iedere avond ligt de zachte glâns van de maan op de palmkruinen. Alleen onze verlofmogelijkheden zijn zeer speculatief geworden. Zouden we wel willen gaan? 't Is plotseling of de oude wereld onwezenlijk is geworden en ver. Een mens is egoïst en wij hebben het hier goed. Of... in de nacht zijn er soms bange dromen...; is er nog wel een plekje veilig op deze kleine aarde? En is het leven nog wel waard geleefd te worden? Vanavond maar eens weer kijken wat de krant zegt. Twajier letter, nei de Japanske oanfal op Pearl Harbour (7-12 1941), waard ek Ynje yn 'e Wrâldoarloch behelle. De striid duorre net lang en op 8 maart 1942 kapitulearre it leger en naam Japan it bestjoer yn 'e archipel oer. Foar in soad Yndonesiërs kamen de Japanners as befrijers, hoewol't oaren lykas Soetan Sjahrir oprôpen ta ferset. Dy lêsten bedarren dan ek meast mei de Nederlanners yn 'e konsintraasjekampen, dêr't it libben hurd wie. Yn ien fan dy kampen, yn Tjimahi, is Nyckle Haisma ein febrewaarje 1943 stoarn. Foar dejingen dy't it oerlibben, binne dy kampen it symboal wurden fan 'e oarloch. Opsluting betsjutte fernedering, lijen en grutte ûnwissens oer it eigen lot en dat fan jins famylje. Boppedat soe dy perioade yn 'e kampen it foarspul wurde fan 'e ferdriuwing út it foaroarlochske paradys (ferlykje de bydrage fan Baukje Wytsma oan dit nûmer). Neidat Nederlân befrijd wie, melden 50.000 frijwilligers har oan om mei te helpen Ynje te befrijen. Mar op 15-8 2605 (Japanske jiertelling), nei de bommen op Hirosjima en Nagasaki, kapitulearre Japan. Twa dagen letter rôpen Soekarno en Hatta de Republyk Indonesia út. Dat betsjutte revolúsje. De measte Nederlanners woene dat amper leauwe, want troch de oarloch en de kampen koene se har net echt in foarstelling meitsje fan wat der libbe ûnder de Yndonesiërs. Neffens har wie dy Soekarno in kollaborateur dy't troch de Jappen oan 'e macht holpen wie. Mei sa'nien moasten jo net iens prate. Dat der ek ‘gematigden’ as Soetan Sjahrir yn it republikeinske regear sieten, waard dan mar oer de holle sjoen. Sjahrir syn deiboeken, skreaun yn foaroarlochske Nederlânske finzenskip, wiene doe hjir krekt publisearre en waarden frij loovjend besprutsen, bygelyks troch Anne Wadman.Ga naar eind39 Wylst yn Nederlân mei Amerikaanske Marshall-help begûn waard it lân wer op te bouwen, besochten de Nederlanners yn Ynje om de oarder en it gesach te herstellen. Dêrta setten mear as 100.000 Nederlânske militêren ôf dêrhinne, mei ûnder har ek it Frysk Bataljon (sjoch de bydragen fan Taco Kingma en Josse de Haan). Oanset troch de C.P.N. brieken doe stakingen út yn havens mei as doel dy militêre transporten stil te lizzen. Theun de Vries skreau yn dy snuorje in protestfers, ‘Indonesische zee- | |
[pagina 94]
| |
man’ (Indonesia, maart 1946), oer de 250 Yndonesyske stakers dy't moannenlang yn in Rotterdamske loads opsletten sieten.Ga naar eind40 Yn Yndonesië hie yntusken in moeting west tusken fertsjintwurdigers fan it regear (Schermerhorn) en de Republyk. Dêrby wie it de facto-gesach fan 'e Republyk oer Java en Sumatra erkend. De ferfolch-ûnderhannelings op de Hege Veluwe (april) rûnen lykwols op neat út, omdat earst de Nederlânske ferkiezings ôfwachte wurde moasten. Dy waarden wûn troch de K.V.P., en it kabinet-Beel besocht doe om mei in ferdiel-en-hearskje-taktyk de archipel op te splissen yn in stikmannich federale dielsteaten (Malino, july 1946; Linggadjati, novimber 1946), dêr't de Republyk dan ien fan wêze soe. Uteinlik moast dat liede ta de foarming fan de Feriene Steaten fan Yndonesië, dy't yn in uny mei Nederlân, Suriname en de Antillen ûnder de keninginne ferbûn wêze soene. Hoewol't ek yn Linggadjati opnij it republikeinske foech oer Java en Sumatra erkend wie, begriepen de ûnderhannelers by thúskomst yn Den Haach dat de Twadde Keamer soks noait in kear akseptearje soe. Want hjir waard doe rûnom fûl agearre tsjin it ûnderhanneljen mei Soekarno en de Republyk, ûnder oaren troch E.B. Folkertsma yn De Stim fan Fryslân (6-12 en 13-12 1946). Inne de Jong gong dêr tsjinyn, want neffens him tsjûge Linggadjati ‘fan wiisheit, goodwill en ynternasjonael bigryp. It is de greate kâns fan formoedsoening tusken blank en brún’ (De Stim, 10-1 1947). E.B.F, slute de diskusje yn dat lêste nûmer mei te sizzen: As wy mei it nimmen en it takennen fan 'e frijheit - net allinne de culturele, mar ek de steatkundige - net tige foran[t]wurdlik to wurk geane, dan jowt de frijheit in chaos greater as wy ea hawn hawwe. Lytse en ûnripe folken yn in tiid as dizze politike selsstannichheit to jaen, bitsjut har oerleverje oan it kapitalisme, militarisme en imperialisme fan 'e greate machten, is it fuortynienen net steatkundich, dan wol ekonomysk. It bitsjut de ûnbidige oermacht fan 'e wrâldmachten noch greater meitsje. It bitsjut de atomisearring fan 'e internationaliteit. [...] Wolle de lytse folken - en ek East Ynjen is in samling fan sokke lytsen, oant nou ta byinoarhâlden allinne troch de pax neerlandica - har frijheit bihâlde, dan bistiet der langer mar ien foarm foar har dy't net fiktyf is of fiktyf hoecht to wêzen: selsbistjûr yn in greater steats- of ryksforbân. Fansels waard it lêste wurd oangeande Ynje net yn Fryslân, mar yn Den Haach sprutsen. Want yntusken wie dêr al, nei in soad passen en mjitten, in ‘oanklaaide Linggadjati’ troch de Keamer oannommen (20-12 1946). Wat de effekten fan dat draaien en skowen yn Yndonesië wêze soene, like doe fan minder belang as it fuortbestean fan it koalysjekabinet. En dat soe | |
[pagina 95]
| |
hieltiten de Haachske polityk bliuwe. In healjier letter wiene dy akkoarten dan ek al withoefaak skeind troch de Republyk en stadichoan waard de tiid ryp achte foar in militêre, nee, in polisjonele aksje, want ús Ynje wie ús ‘binnenlân’. Op 23 july 1947 begûn op East-Sumatra en East-Java de ‘Operatie-Product’, dy't te'n doel hie de ûndernimmings en de oaljefjilden te feroverjen op 'e Republyk. In wike letter stoppe Ingelân de wapenleverânsjes, mar dochs wie de aksje militêr in súkses. Foar de Republyk betsjutte it in gefoelige nederlaach en by de Renville-oerienkomst (17-1 1948) moast dy dan ek grutte konsesjes dwaan. Dat jier wiene der opnij ferkiezings yn ús lân en krekt as yn 1946 stie ek doe Ynje sintraal. Fral de V.V.D. rôp op ta in oar en hurder belied tsjin Soekarno. Dy ferkiezings brochten polityk in hiele rik nei rjochts en der kaam in kabinet-Drees (P.v.d.A./V.V.D./C.H.U./K.V.P.) mei Sassen op ‘koloniën’. Eks-premier Beel (K.V.P.), sûnder iennige koloniale ûnderfining, waard beneamd ta gûverneur-generaal yn Ynje. Sassen en Beel gongen fral te seil op generaal Spoor, dy't har oanrette om noch datselde jier mei in nije polisjonele aksje de Republyk foargoed út te skeakeljen. Dat liede ta de ‘Operatie-Kraai’ (18-12 1948), dêr't Djokja by ynnommen en Soekarno-en-dy finzen nommen waarden. It betsjutte de ein fan 'e Republyk, tochten se, mar ynienen begûn doe rûnom op Java in guerilja-oarloch. Ynternasjonaal krige de Republyk boppedat hieltyd mear erkenning, ek fan 'e kant fan Amearika, dat der in moaie gelegenheid yn seach om dy lestige Nederlânske konkurrinten te sliten. Troch it stopsetten fan 'e ekonomyske Marshall-help èn fan 'e wapenleverânsjes twongen se Nederlân yn in spoedsitting fan 'e Feilichheidsrie (22-12 1948) werom nei de ûnderhannelingstafel mei de Republyk. Sassen en Beel gongen ôf en nei in stikmannich foarbesprekken waard op 27 desimber 1949 yn Batavia de soevereiniteit oerdroegen oan de Feriene Steaten fan Yndonesië. De oerdracht waard yn Amsterdam ûndertekene.Ga naar eind41 Werom yn Nederlân waarden de Yndyske deserteurs - 67,7% fan harren kaam út Fryslân, Grinslân en Drinte - fansels hurd straft.Ga naar eind42 Sa moast de C.P.N.'er Piet van Staveren bygelyks acht jier útsitte yn de Ljouwerter gefangenis, tusken N.S.B.'ers en Nederlânske S.S.'ers. In massamoardner as Raymond Westerling (minstens 200 à 300 stânrjocht-eksekúsjes) mocht dêrfoaroer gewoan jierrenlang as frij boarger yn Marssum wenje... Oare jonges dy't yn Ynje west hiene en gewoan har plicht dien hiene, blieken noch lange tiid dêrnei ferlet te hawwen om it fan har ôf te skriuwen, om alteast foar harsels wat dúdlikheid te krijen oer dy oarlochstiid. Sa publisearre Riemer Riemersma yn 1965 syn roman Hwat west hat (sjoch de bydrage fan Sybren Sybrandy oan dit nûmer). Ek Riemersma wie as soldaat | |
[pagina 96]
| |
nei Ynje gongen om dêr syn plicht te dwaan, mar mear as fyftjin jier letter stelde er yn dat boek de rjochtfeardichheid fan dy oarloch yn 'e kiif, in kwestje dy't yn de soldatebrieven fan ‘Lieuwe’, ‘Wopke’ en ‘Jehannes’ yn De Stimfan Fryslân en yn de Yndyske sketsen fan Jan Bilker yn it Friesch Dagblad tidens dat militêre yngripen sels sa noait op it aljemint brocht wie. | |
Nij-Guinea en dêrneiDe Nederlanners wiene út Yndonesië ferdreaun, mar it Westerske bedriuwslibben wie bleaun en it gong har ynearsten sels better as foar de oarloch. Sy hiene dan ek gjin inkeld belang by it steech fêsthâlden oan dat lêste koloniale bolwurk yn 'e East, Nij-Guinea, dat neffens Yndonesië ek by syn grûngebiet hearde. Neffens de saakkundigen hjirre, lykas de dûmnyetnolooch F.C. Kamma (fan 'e Wierumer Kamma's), wiene de Papoea's lykwols in folslein oar folk dat mei soarch út it stiennen tiidrek nei de moderne tiid laat wurde moast.Ga naar eind43 Om harren te helpen by dy ûntwikkeling stjoerde Fryslân ûnderwizers dêrhinne, sa't wy lêze kinne yn it jongesboek Boppe de wolken (1959) fan Jan Bilker. Soekarno begûn lykwols Nederlân de kniper op 'e skine te setten troch it nasjonalisearjen fan sa'n 300 Nederlânske bedriuwen yn Yndonesië, mar Luns joech net ta. Foar my leit yn dy tiid de oergong tusken de skiednis en it eigen ûnthâld. Want it heucht my noch hoe't presidint Soekarno by ús op Timor kaam en dêr, neist ús hûs op 'e lapangan, oerenlang in taspraak hâlde dêr't wy mei alle skoalbern by wiene en oan mei diene. ‘Irian merdeka’, rôp er en wy antwurden: ‘Merdeka!’ Dat stie ek op de iennichste stikjes sjippe dy't wy dêr keapje koene, lyts en giel mei in kaartsje fan Irian derop. Mar Bung Karno fertelde ek oer oare dingen, bygelyks oer Marhaen, de lytse Javaanske boer dy't him mei syn libbenswiisheid ynspirearre hie ta it Marhaenisme, in net-marksistyske foarm fan korporatyf sosjalisme. Neidat it konflikt om Irian hast wer op in iepen oarloch útrûn wie, griep Amearika yn. Uteinlik kaam it gebiet yn 1962 ûnder Yndonesyske flagge, al wachtsje de Papoea's noch altiten op harren merdeka. Yn 1965 skode it leger Soekarno oan 'e kant en dêrby waarden sa'n heal miljoen ‘kommunistyske’ lânarbeiders fermoarde en 300.000 oaren sûnder proses tsien jier opsletten. Eins waard doe, yn in wat oare foarm, de koloniale steat opnij ynfierd. Want it Westerske bedriuwslibben fertsjinnet sûnt dy tiid mear as oait yn Yndonesië. Untwikkelingswurkers en bedriuwskonsulinten helpe de nije machthawwers mei it akkumulearjen fan hieltyd mear macht en kapitaal. De lokale elites profitearje dêr wer aardich fan. Wylst de Marhaens fan Yndonesië noch altiten like rjochteleas | |
[pagina 97]
| |
binne as yn 'e koloniale tiid, sit de muitêre burokrasy dy't it lân bestjoert grôtfol fertsjinwurdigers fan 'e tradisjonele elites. Foar de measte toeristen dy't hjoed de dei nei it noch altyd moaie tropyske lân komme, sil it in soarch wêze, salang't harren mar neat yn 'e wei lein wurdt. Dat toerisme smyt soms ek noch wol aardige ferhalen op, lykas dy fan Douwe Kootstra yn De moanne op 'e rêch (1987). Mar oft der mei al dy Westerske kontakten ek in oare geast komme sil yn it sultanskraton fan Jakarta? Soms soene jo dat hast tinke; sa lies ik yn Bolwerk. Maandblad voor de boer III, maart 1983, s. 8-12 oer in picknick fan it C.C.F.-bestjoer (‘Wij kwamen namens 11.000 veehouders’) mei har kollega-boer Soeharto. C.C.F.-foarsitter A.W. van der Zijpp: Wij spraken met president Soeharto als collega-boeren. Dat was mogelijk doordat uit alles bleek dat de president goed op de hoogte was met de gang van zaken op zijn proefbedrijf. Het protocol schreef een ontvangst in batik-kleding voor. Dat betekent dat men aan het bezoek een informele sfeer wil geven. Dyselde jûn waard dy moeting yn it Yndonesyske tillevyzje-sjoernaal útstjoerd, wylst foar de útstjoering de C.C.F.-bedriuwsfilm fertoand waard. Soe der dan dochs wat feroare wêze? Ik wit it net, mar ik hie lêsten wol in nuvere dream. Ik wie op it strân fan Timor, dêr't wy as bern faak swommen en picknickten ûnder de palmen. It siet dêr no grôtfol minsken, want der wie in skip lâne, in Frysk skûtsje, en elk wie útrûn om dat te sjen. Wie de man oan board de âlde Friso dy't weromkommen wie? Der waard fûske en hy joech in lyts blikje oan presidint Soeharto, dy't dêr ek oanwêzich wie. En wylst Soeharto dat blikje omheech hâlde, rôp er lûd: ‘Marhaen!!!’ Rûnom klonk jûchhei en applaus út lûdsprekkers, mar de Timorezen swijden en seagen stil foar har út. Want op Timor wurdt net mear lake.Ga naar eind44 | |
[pagina 100]
| |
Mei tank oan Goasse Blom, Flippus Breuker, J.J. Kalma, Jelle Krol, J.C. Muller, Joast Rey en Win Rinzema foar har oanwizings en oan Klaas van der Hoek foar it kritysk trochlêzen fan in eardere ferzje fan dit artikel. |
|