| |
| |
| |
Josse de Haan
It ferhaal fan in ferdronken Frysk skip fan Wilco Berga
1. In ferdronken fers
Neidat de Westdútske dûane myn paspoartnûmer wer efkes kontrolearre hat mei syn koartegolfstjoerder op 'e kompjûters yn Bonn (en ik nim oan Den Haach) - ha 'k ferdoarje dy belesting no al betelle, altiten dat jin betrape fielen - kinne wy ús dan einlings en te'n lêsten rêstich nei Kassel ride litte. De heal-lege trein soarget foar genôch romte om te sliepen, te praten en nei bûten te sjen.
It lânskip tusken Duisburg en Kassel is mistreastich. It binne barige fjilden dêr't boeren drok dwaande binne. De spoarraljes snije as messen troch it fjild. De skynbere rêst en fredichheid liket folslein ûnnatuerlik. It fielt oan as de stilte fan in status-quo dy't ynienen útelkoar spatte kin. De minsken op 'e stasjons dêr't de trein efkes stoppet sjogge der âld en âlderwetsk út, en passé eins wol by it grize fan de doarpen en de pleatsen. Ik sjoch en fiel in grut ferskil mei it reizgjen yn Frankryk en Spanje dat net sa ien twa trije ûnder wurden te bringen is. It sil te krijen hawwe mei de grize fjilden, mei de donkere loften, mei de bottens fan it ferwegen, en soms mei de taal dy't út en troch de kûpee yn waait. Ik mis it fleurige fan de blommen yn de finsterbanken en op de tsjerkhôven, it boartsjende fral.
By de útgong fan it stasjon fan Kassel stiet in sandwichboerd dat ynformaasje jout oer de documenta. Oer oare útstallings wurdt neat sein. Yn it VVV-kantoar yn de hal fan it stasjon krije en keapje wy sawat alles oer de documenta 8. Oer in alternative útstalling fan groepen keunsters út East en West leit der in lytse folder. Wy freegje de VVV-fammen nei de útwikseling tusken Dútske en Hollânske keunstners, mar se witte fan neat. It docht wat frjemd oan, mar hawar, in VVV kin fansels ek net alles witte. In struibriefke oer dy útstalling is ek net oanwêzich.
Yn earste oanlis binne wy kommen foar dy útstalling, sis mar foar de Friezen yn Kassel, en dan benammen foar it projekt fan Wilco Berga, dy't my dêr yn oktober '86 al wiidweidich oer ynformearre hie. It skip fan Wilco krige yn Baskelân, doe't wy dêre op it minderheidstalekongres wiene, hast mytyske proporsjes. De VVV-Kassel set ús no wer efkes mei beide fuotten op 'e grûn. Fansels, it skip is gjin ûnderdiel fan de documenta en
| |
| |
soe dus yn 't foar al wat minder wichtich wêze. Dat moat it wol wêze, mar hielendal gjin ynformaasje liket dochs wat keal en meager.
It Kasselske projekt fan Wilco Berga hat as namme krigen ‘It skip dat tusken de nichten rêst, mei soldaten’. Eins hjit it: ‘Het schip dat in de heuvels rust, met soldaten / Das Schiff, das in den Hügeln ruht, mit Soldaten’. Der komt gjin wurd Frysk oan te pas. Dat is fansels wol wat frjemd, omdat de oankundiging, sa't wy letter sjogge op in yn sân hasten makke affysje, sprekt fan ‘Friezen in Kassel’.
Alle ynformaasje oer it projekt is steld yn it Hollânsk en it Dútsk. Ik nim oan dat de Dútsers likemin Frysk as Hollânsk lêze en de Rykstaal sil wol brûkt wêze om de ‘Nederlandse kunstsponsors te enthousiasmeren’. Yn wêzen is it dus in projekt fan Hollanners dy't tafallich yn Fryslân wenje. De Fryske subsydzjejouster hie op syn minst de betingst stelle moatten dat bygelyks de ynformaasje ek Frysktalich wêze moast (omdat it Hollânsk yn Dútslân ek gjin moer foarstelt), en wis en wrachtich yn it Ingelsk.
Men soe fan in Frysk skriuwer (want hy is ommers in dûbeltalint) as Berga oars ferwachte hawwe. Mar hawar, hoewol't ik twifelje tusken in Hollânsktalich of in Dútsktalich ferslach, skriuw ik it dan dochs mar yn it Frysk. It temagedicht dêr't Berga fan útgiet, lit ik folgje yn beide ferzys (in aardige fraach is oft dit fers oarspronklik Frysktalich wie of daalk yn it Hollânsk skreaun is):
Het schip dat in de heuvels rust, |
Das Schift, das in den Hügeln ruht, |
Met soldaten. Met de generaal |
Mit Soldaten. Mit dem General |
En met de boer, die op de zee |
Und mit dem Bauer, die auf dem Meer |
Van mensen voeren. Beide |
Von Menschen fuhren. Beide standen |
Stonden jaren aan het roer |
Schon seit Jahren an dem Stcuer |
|
En beide zeilden voor de wind |
Und beide segelten vor dem Wind |
Met jongemannen, die geweren |
Mit jungen Männern, die Gewehre |
Kregen van hun vaders |
Von ihren Vätern erhielten |
Die daarna steeds sliepen, |
Die danach stets schliefen, |
Dromend van de zee |
Träumend von der See |
|
De generaal werd bang voor water |
Den General ergriff die Furcht vor |
Ook de boer verlangde weer naar |
Wasser. Der Bauer sehnt sich auch |
Land. Terwijl de jongemannen voor |
Zurück aufs Land. Die junge Männern |
Hun leven roeiden, maar verdronken |
Unterdessen, rudernd um ihr Leben, |
In de heuvels met het schip |
Ertranken mit dem Schiff in den Hügeln |
Yn in ferslach en skôging oer in byldzjend projekt past eins gjin poëzijkrityk, mar no't de keunstner sa útdruklik in appèl docht op syn beide talin- | |
| |
ten - it tema-idee fan it projekt is as in fers ôfprinte yn syn ynformaasjebiljet - wol ik dizze kant dochs efkes beljochtsje, benammen omdat de twa ferzys yn myn eagen wat bryk oerkomme en lang net lykop rinne. Ek de brûkte talen sels fyn ik frijwat houterich en keunstmjittich.
Ik wit it, oersetten is net sa maklik, mar yn dit gefal, dêr't it om besibbe talen giet yn grammatikaal opsicht, leit der in te grutte kleau tusken de twa ferzys. It is yn beide gefallen heal proaza en heal poëzij (allinne de bylden jouwe yn feite noch it poëtyske). Yn sa'n gefal kin men better yn stielen proaza wat ynformaasje jaan.
Yn de Dútske ferzy is ‘Unterdessen’ brûkt, dat neffens my net lykop rint mei ‘Terwijl’ sa't it grammatikaal yn dy lêste sin bedoeld is. De pretinsje fan it fers hat allinnich wat te krijen mei de bûtenkant, en dat docht ôfbrek oan de bedoelingen fan it projekt, dat op himsels in tige poëtysk idee is. De útwurking fan it ‘fers’ docht sloarderich en ûnferskillich oan. Berga hie yn dit ferbân better in lyts begeliedend ferhaaltsje skriuwe kinnen dat it projekt fersterke hie, of hy hie de poëtyske punten op de i's fan it fers sette moatten.
Sa'n fers yn de foarynformaasje hie it projekt op papier alteast úttild boppe de measte projekten fan Kassels documenta sels. Want it ‘ferdronken
(foto Josse de Haan, Amsterdam)
| |
| |
skip’ as idee fyn ik better as sa'n 75% op de documenta. Presintaasje is tige wichtich yn dit stik fan saken, miskien wol it alderwichtichste.
| |
2. It idee sels as ynteressant objekt
Tagelyk mei de documenta 8, dy't fan 12 juny oant 20 septimber hâlden wurdt, is der in útwikselingsprogramma realisearre tusken Dútske en Nederlânske (û.o. Fryske) byldzjende keunstners. De Friezen binne fan 20 july oant 31 augustus yn Kassel, yn it ‘Giesshaus’, en fan 5 septimber oant 31 oktober yn it keunststasjon fan Jürgen Blum yn Kleinsassen. Se eksposearje tagelyk mei de dielnimmers oan de documenta yn Kassel, mar der bestiet útsoarte gjin inkelde korrelaasje. Dêr't de documenta foar master opslacht - de reden fêst dat wy op 'e VVV-burelen gjin ynformaasje oer de Hollanners besette kinne - falle oare eksposysjes en eveneminten fierhinne yn in gat. Ut in eachpunt fan taktyk kin men sizze dat de romrofte reklame foar ‘Kassel’ ek weromslacht op oare tentoanstellingen, mar yn 'e praktyk docht bliken, sjogge en merkbite wy, dat it tsjindiel it gefal is. Foar de bûtenwacht liket de namme Kassel in soarte fan garânsje - bûtenlânske belangstelling, sels yn Kassel - mar yn feite slacht it as in tange op in baarch. Jo sitte as keunstner yn it keunstsirkwy of jo sitte der net yn, en dat lêste wie it gefal mei de Friezen. Dat is spitich want de opset fan benammen it projekt fan Berga kin maklik konkurrearje mei in grut part fan de documenta-bydragen.
It projekt fan Berga hâldt yn dat tusken de stêd Kassel en it doarp Kleinsassen in skip yn 'e grûn (‘tusken de hichten’) fersonken is. Fierhinne it grutste part is dus net te sjen. Allinne de foar- en de eftersteven komme yn respektivelik Kassel en Kleinsassen boppe de grûn. It is bedoeld as in skip dêr't ‘frij nei Noach’ de wrâld yn ferfierd wurde kin, en dat op dizze lokaasjes bedoeld is foar ‘East en West’.
In lyts part fan it skip leit yn 'e DDR, it grutste part is fersonken yn 'e BRD. De ôfmjittings fan it skip wurde troch de keunstner skat op sa'n 90 km lingte en in 34 km breedte. Op it kaartsje is dat moai aardich te sjen.
De foarsteven fan 5 meter hichte en 15 meter lingte stiet op it terrein fan de Universiteit fan Kassel, en de eftersteven mei deselde ôfmjittings by it keunststasjon fan Jürgen Blum yn Kleinsassen. It materiaal fan de twa objekten bestiet út in tusken stielen kabels oplutsen swart nylondoek, dat mei-elkoar fêstklonken is oan trije peallen, ien lange en twa koarte. Op it foarskip tusken de twa sydkanten fan de steven groeiden yn Kassel ûnderskate planten en blommen. It like wol oft it skip al jierren weisonken
| |
| |
wie sa't men dat ek wolris op it strân sjocht by leech wetter.
Op it kaartsje is te sjen dat de Eastdútske doarpen Geisa en Buttlar op 'e tinkbyldige râne fan 't skip balansearje en dat it doarp Spahl folslein opnommen is yn dizze nijsoartige arke fan Noach. Oan de Westdútske kant libje tsientallen stêden en doarpen op it ferdronken skip.
Berga syn ferhaal oer it fersonken projekt, sa't ik dat ein '86 hearde, fûn ik ynteressant: nij, ferrassend en in soad fragen opsmitend. Ik wie benijd nei de útfiering, benammen omdat út syn wurden bliken die dat hy besocht in ferbining te lizzen tusken it keunstobjekt ‘an sich’ en de wrâld dêr't it pleatst wurde soe, mei de minsken yn 'e hjoeddeiske wrâld, dêre op 'e grins fan macht en ûnmacht, in grins dy't as in muorre it útsicht hûzenheech nei beide kanten ûntnimt. Dit projekt gong der (fiktyf) dwers trochhinne. Dizze nije (fersonken) arke fan Noach sljochte efkes de keunstmjittige grinzen, it politike gehakketak. Keunst as medium op himsels, engazjearre mei minske en wrâld, sûnder boadskip, mei tagelyk in bulte fragen. Dat tocht ik, sa hie ik dat yn myn holle setten, nei al dy ferhalen.
Ek no docht bliken dat de wurklikheid wer folslein oars is as dat men betinke en befantasearje kin. Yn 't foarste plak is de romte dêr't eksposearre wurdt yn Kassel hast net te finen. Gjin minske hat derfan heard. Wy bedarje yn de nijbou-kasba fan de hegeskoalle dêr't sa't wenst is yn in echte kasba, alles trochelkoar rint en alles opelkoar liket. De pear lju dy't wy tsjinkomme witte sels mar amper it paad. Wol sjogge wy fier boppe ús in mânsk fearren beest op it dak fan in heech gebou sitten. Mar in útstalling fan Nederlanners, ho mar.
Nei in oardeloere sykjen fine wy dan dochs by tafal in soarte fan affysje dêr't de útstalling op oankundige wurdt. Troch in smelle iepensteande doar nei in tún sjogge wy it ramt fan de steven fan it skip. It liket alteast op de tekening fan de ynformaasjefolder. It is in eftertún mei allegearre ûnkrûd dêr't krekt noch wat romte bestiet foar de 15 meter lange steven fan it skip. Wy bliuwe ferbjustere stean. Dit sil 't dan wol wêze moatte, want dizze konkrete wurklikheid komt oerien mei dy foarynformaasje. De tafallige besiker soe sûnder dy ynljochtings earder tinke oan it wjirjen fan in grut kleed, sjoen fanút it smelle poartsje. Ik fiel my knap belazere, of ik ha mysels foar 't lapke hâlden yn myn fantasijen oer it ferdronken projekt.
Efter de foarsteven sjogge wy dan efkes letter it ‘Giesshaus’, in soarte fan Pier Pandertimpeltsje. Miskien binne dêre wat lju om wat mear te fertellen. It ‘Giesshaus’ is sletten, de doarren sitte yn 't slot. Troch de finsters en de glêzen doar sjogge wy it wurk en de nammen fan de Friezen. In tige frjemde saak, omdat de documenta oant jûns tsien oere iepen is en dit hjirre al om fjouwer oere middeis ticht sit (it is freed 21 augustus).
| |
| |
| |
| |
Ek de doar oan de oare kant fan it gebou, yn de hegeskoalle, sit ticht. De antyklimaks stiet ús op it gesicht te lêzen. Friezen yn Kassel, mar hoe?
| |
3. People who consider their sadism repairable
De earste documenta yn Kassel waard hâlden yn 1955. De grutte inisjatyfnimmer wie Prof. Arnold Bode. Syn útgongspunt foar de documenta wie: in hânwizer foar de lju wêze, en sjen litte wat op dat stuit it wichtichste yn de keunst foarstelde en hokker keunstners stal joegen oan dy keunsttiidgeast. At it heal koe út de hiele wrâld wei. Yn dat perspektyf is dizze fjouwerjierlikse tentoanstelling ek bekend wurden. No, yn 1987, wurdt de achtste hâlden.
Oer it algemien kin ik it lykfine mei de krityk fan de Münchenske keunstkritikus Peter M. Bode, dy't sa ûngefear ûnder wurden brocht wat hy fan de documenta 8 fûn (documenta press nû. 4):
De tsjintwurdige documenta is in manifestaasje foar de flugge konsumint dy't in koarte direkte prikkeling wol en der letter net mear oer neitinke hoecht. Sokssawat as in keunstdisko foar de fans fan de ‘nijste
(foto Josse de Haan, Amsterdam)
| |
| |
trend’. Elegant en oerflakkich. Sûnder hertstocht. Sûnder earnst. Sûnder appèl. Der bestiet útsoarte gjin ferbining mei de maatskippij, it ûntbrekt oan in sosjale diminsje. Men sjocht òf allinne mar ûnskuldige autistyske flauwekul, òf it al hûndert kear faker fertoande ferfrjemdingsboartersguod. Folslein neatsizzend, sûnder skokeffekt, en mei gjin inkelde ferwûndering. It is allegearre noch moai, noch ûnestetysk. Net yntelligint en net provosearjend.
Fansels besteane der útsûnderingen op de krityske rigels fan Peter Bode. Ien dêrfan, ‘Installation’ fan Jenny Holzer út Amearika, sprekt tige oan omdat ik dêrmei eins wer werom kin nei it ‘ferdronken skip’ fan Berga, dat ommers yn syn yntinsje deselde krêft nei foaren bringe kinnen hie. Holzer har graniten grêfsarken wurde ferljochte troch skerpe neonljochten. At de minske dea is, liket it wol oft er him dan pas oppenearje kin. Op de sarken stiet in bitend fers dêr't Holzer de wrâld yn beskriuwt sa't dy der neffens har hinneleit op dit stuit:
I do not want to be a human.
A mind executes everything
A body does what is possible.
When it is not controlled.
To touch me when I sleep.
I will make life when forced
Or when I am mild and lonely.
I cannot delend what I make.
To pick away their clothes.
I want them nude, harmless.
Familiar with the ending.
There is nothing else to do.
Kill myself and light fires.
Keunst? Kitsch? Ik tink dat it ienfâldige fan de útwurking troch Holzer yn de kontrastwurking (want wêr sjocht men in neonbuis op in sark?) de fragen en de oandwaning by de taskôgers oproppe kin. De fûle tekst fersterket it byld en, oarsom redenearre, it byld fersêftet de tekst en makket it geheel dêrtroch ynkringender. Jenny Holzer hat foar elk ûnderdiel each hân.
| |
| |
It sil net tafallich wêze dat guon byldzjende keunstners gebrûk meitsje fan oare dissiplines (bygelyks fan teksten, fan muzyk, fan dûns, ensfh.), omdat de ûnderskate keunstfoarmen soms ynelkoar oerrinne. Holzer docht dat, en ek Berga hat soks besocht. It leit net yn de bedoeling en fergelykje dizze twa keunstners. It ferskil is allinne dat de iene der alles úthelle hat, en dat de oare spitigernôch de útwurking en syn p.r. ferwaarloaze hat. In idee allinne is net genôch, mar sil oant yn de finesses útwurke wurde moatte, benammen at de eftergrûn in wat kritysk-filosofysk kleurke hat.
Berga woe ‘frij nei Noach’ in skip bouwe dat West en East (fiktyf, mar dochs!) ferbine soe. Mei opsetsin lit er in part fan it skip (yn ferdronken steat) troch de DDR rinne. Dan hawwe jo as keunstner wat op it each, dan hawwe jo jo as keunstner dwaande hâlden mei de muorre en neitocht oer it stikeltried tusken de minsken. Soks moat dan fansels konsekwinsjes hawwe, benammen at it yn 'e foarm fan in eksposysje ûnder it folk brocht wurdt. De argewaasje oer dy spjalt, oer dy útelkoar fallen wrâld, sil materieel fertaald wurde moatte yn it keunstwurk.
Dat hâldt bygelyks yn dat jo oan de dyk timmerje moatte. Ik bedoel, sa'n skip moat dan net yn in eftertúntsje stean dêr't gjin minske komt, dêr't gjin (Dútske, Ingelske of Russyske) krante oandacht oan besteget, mar moat op it grutte merkplein fan Kassel oprjochte wurde. Akkoart, dat wie documenta-terrein, mar wêrom moat der dan yn 'e goedichheid krekt no eksposearre wurde? It ferdronken skip hie wis net misstien op dit plein at bygelyks de steven oplutsen west hie oant in 15 meter en de sydkanten in 45 meter teld hiene.
Mar hawar, bûten dit plein yn it sintrum bestiene der noch oare mooglikheden, yn 'e heuvels fan it Karlsauepark dêr't de documenta net sa drok oanwêzich wie. Dêr hie 't skip past, en oansletten by de wurden yn it fers. De mooglikheid om mei it natuerlike ferskil yn hichte troch de heuvels in manjefike skulptuer te setten hie in ekstra diminsje oan it geheel jûn. It hie net perfoarst de arke fan Noach wêze hoegd dy't okkerdeis njonken de Eiffeltoer neiboud is, mar de suggestje fan it idee wie yn 'e hichten fan it park mear ta syn rjocht kommen, hie ek de oandacht krigen dy't it fertsjinne. De diskusje soe wis mear oplevere hawwe as it fakentiids ivoaren toergedoch fan en sterile praat op de documenta. De presintaasje en de wurking, sis mar de aksjeradius fan it projekt, binne dochs úteinlik de wichtichste doelstellings fan in keunstner, benammen by grutte projekten (behalven as it in foarm fan laboratoariumwurk is, mar dan wurdt der net eksposearre).
Neffens my giet ek it fers mank oan dat tekoart oan tûk wêzen, sawol oan de bûtenkant as ynderlik. It idee wurdt wat licht oanrekke, mar goed
| |
| |
útwurke is it net (noch ôfsjoen fan de breklike presintaasje yn de folder). De tsjinstelling tusken generaal en boer - yn West en East te begripen - farrend op de see fan minsken is net konsekwint trochlutsen. Dêr't it netferienichbere yn in fers stal kriget sil sa'n paradoks oan de ein ta folhâlden wurde moatte. De soldaten fersûpe. Mar wolle de minsken fan East en West fersûpe? Dy fraach komt sels yndirekt net iens op it aljemint.
Ek dat fers hie yn ûnderskate talen brûkt wurde kinnen, èn ôfprinte. Alle gemeenten (stêden) yn en op it skip, sawol yn West as East, èn alle nijsblêden yn dy kontreien hiene op 'e hichte brocht wurde moatten fan dizze ‘arke fan Noach’. Petearen yn Spahl (DDR), it doarp oan de oare kant dat folslein opnommen is yn de arke, hiene konkrete ferbiningen en mieningen foar 't ljocht bringe kinnen. De keunstner net as yntermediêr fan wrâlden (soms bart soks ek), mar benammen as iepenbrekker en fjurkestoker op syn eigen wize. Miskien hie op dy manier sels it ‘ferdronken skip’ permanint opboud wurde kinnen (yn West, en miskien yn East) as teken, as sinjaal. Ienris moat sa'n sonken skip dochs wer boppe wetter komme, of opgroeven wurde.
| |
4. Keunst: stroffelje oer in stien
Midden op 'e dyk
Midden op 'e dyk lei in stien
lei in stien midden op 'e dyk
midden op 'e dyk lei in stien.
Nea sil ik dat barren ferjitte
yn it bestean fan myn sa wurge netfluezen.
Nea sil ik ferjitte dat midden op 'e dyk
lei in stien midden op 'e dyk
midden op 'e dyk lei in stien.
(Carlos Drummond de Andrade, út Revista de Antropojagie, 1928.
Nei de Nederlânske oersetting út it Portugeesk fan August Willemsen.)
Dit op it each tige ienfâldige fers makke yn Brasilië yndertiid de tongen en de pinnen los. Men fûn it ferskriklik, òf tige goed. Dêr tuskenyn siet neat. Dit gedicht hat sels in bibliografy fan 194 siden mei alle foars en
| |
| |
tsjins, mei swiere en lichtfuottige diskusjes en essees. It ‘skandaal fan de stien fan Drummond’ hâlde de minsken jierren dwaande. En datjinge wat minsken dwaande hâldt, libbet omdat it ynfloed hat op mieningen, op ideeën, op oardielen en foaroardielen. Men fynt it moai of men achtet it striemin, mar der bart teminsten wat. At minsken as komsumpsjebeesten lâns de útstalkasten rinne, is it resultaat hielendal nul komma nul. Dan is keunst statysk wurden, en dus hartstikke dea. Dy tindins oerhearsket yn Kassel, as sitte je te sjen nei de ivich flechtige en flechtsjende televyzje. It bestiet, en tagelyk is it ferdwûn. Krekt tsjin dy metoade fan sjen, dat ferwachtingspatroan soe de keunst in tsjinwicht foarmje kinne. Yn dat opsicht is dizze documenta in eksakte spegel fan de (Westerske) tempowrâld mei syn turbotaal en syn turbolook.
It is dan ek ferdeald spitich dat in goed idee as dat fan Berga sa min presintearre wurdt, sa weitreaun is yn in lytse úthoeke fan de stêd. It sil wiswier wol besocht wêze en krij in better eksposysjeplak; it sil wis wol besocht wêze en slaan op 'e tromme, mar at it dan net slagget dan moat men dochs by jinsels neigean oft soks noch wol doel hat. Dit is it weismiten fan enerzjy en subsydzjejild. Ien of twa rigels yn in biografy, ‘eksposysje yn Kassel mei in ferdronken skip, 1987’, en dat wie dan dat.
It is al faker sein en skreaun: Fryslân hat folwoeksen en handige p.r.- minsken nedich, en yn 't foarste plak brutaliteit en flêr. Op de wize sa't it no bart giet talint nei gichem of spylje oaren der moai waar mei. Sa'n belied sil wat mear jild kostje as de pear rudige tûzen gûne no, mar it komt dan ek dûbel en dwers werom. No is it ‘ferdronken Fryske skip yn Kassel’ foar altiten fersopen.
|
|