Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 52] [p. 52] Harmen Wind Lascaux I Lân fan 'e blinen. Dit reliëf seit wurge skreppers op 'e jacht yn in tableau vivant de wacht oan. Keunst begjint by it besef dat wat ferweecht ferdwine sil. It gidsfamke hat har ûntwyk noch krige út it deaderyk. Se stiet dernjonken, smel en stil mei om har lytse wite tosken it glimke fan in libben lyk, as kaam se, opmakke en wosken ta eare fan it heech publyk yn har fersliten spikerjaske sels ek yn braille op 'e kyk. [pagina 53] [p. 53] Lascaux II De frou mei it ferline. Hoeden meie wy tsjûge wêze fan dizze ferbylding, neffens plan bewarre wyld, djip wei, as koe de skoat fan 'e ierde takomst ha. It ivich libben dat hjir bart leit stil yn bizon, hynder, hart. Dit is har lichem. Eagen ta. Oant in rodzige efterhân skoddet ûnder har stêflantearne en bûten, wêr't wy wer fergeane, komt der in nij bestean ta stân: ik sjoch har as in ingel fleanen, de sinne set har hier yn brân. Vorige Volgende