ek foar ús neat oars op siet as ride, ride nei it westen. Op in moarn koenen wy net fierder, oan alle kanten sicten wy ynsluten.
‘Wêr komme dy sa rap wei?’ De fraach hoegde net sa lang oer stind te wurden. In patrûlje kaam mei it berjocht dat it Amerikanen wienen dy't ús de foet dwers setten. De Gruppenführer wie gau út 'e rie. Direkt trochstjitte oan de westside fan it doarp, en dan sjen eigen linys te berikken. Hoe soe der no wer sprake wêze fan eigen linys? Al yn gjin wiken hienen wy fêste punten hân, it wie ien grutte ‘elastyske beweging’ nei it westen, nacht en dei, der waard gjin rêst gund.
Fan it trochstjitten kaam net folle. De Amerikanen namen de foarstap en skeaten de fierste rige huzen oan pún. De SS'ers dy't der sieten, ferlearen in soad.
‘Nei it plein werom en de wûnen meinimme, wy ha gjin tiid te ferliezen.’
De lêste mannen hienen wy noch net út de strjitte helle doe't tanks om de hoeke oanskoden. Wy koenen ús eagen net leauwe. Panzerfausten waarden yn stelling brocht, it sjitten sette út ein. Wy kearden de mûnsters. Hûs foar hûs waard ûnder skot nomd, it iene nei it oare fleach de brân yn. Wy seagen hoe't Amerikaanske... Op itselde stuit rattelen op it plein de masinegewearen. Wy wisten dat se ek fan de oare side op it plein takamen. Wy sieten dertusken. Efter ús fleagen se ta in steige út yn it fjoer fan ús masinepistoalen. Deaden en wûnen foelen ek by ús. Doe wie it oer. De tanks fierderop stopten yn de reek, it sjitten wykte, de oanfal wie bepaald ôfslein. Deaden en wûnen, wol in tweintich mei-elkoar, leinen wy yn ús wein en rieden wy nei it plein, dêr't in skoalle ynrjuchte waard as Kommandantur en Lazarett.
‘Wat hast no meinomd?’ en dêrmei wiisde Günther, de Führer, op de liken en wûnen.
‘De measten binne dea, dy twa boppesten libje noch, klear te sjen.’ Doe't ik myn finger útstekke woe om Günther de wûnen oan te wizen, koe ik de fingers net loskrije; dy sieten fêst yn it stjurre bloed.
‘Nee, dat bedoel ik net, wat helmen binne dat? Hast Kupka en Klaus lizze litten en dizze Amerikanen meinomd? Wat ha ik jim sein? Jimme wegerje myn befel, hannen omheech en foar my út rinne.’
Ik hearde wer sjitten en stie efkes yn bestân de strjitte yn te fleanen, op de tanks oan, mar oare side fan ús wein stienen ek SS'ers. Dy soenen sjitte moatte as wy útnaaiden. Mei Hayo rûn ik foar him út.
‘Hannen heger.’ As fansels dienen wy it, bang dat er direkt sjitte soe.
‘Wêr binne Kupka en Klaus? Dy wienen by de steige. As se net op it plein binne, hingje ik jim mei eigen hannen op. Ferrieders bin' jim.’