[Nummer 1]
Fan 'e redaksje
Nei de dea fan de Hearrenfeanster keunstner Boele Bregman, yn 1980, krige syn wurk - neffens de Encyclopedie van het hedendaagse Friesland heart it ‘tot het beste van wat er in Friesland gemaakt werd’ - net folle omtinken mear. Syn lêste eksposysje hie er nammers al yn 1968 hân. Fan ferline jier juny ôf feroare dat, mei't Siep Hellinga lange tiid syn samling ‘Bregmannen’ útstalde yn it tsjerkje fan Britswert: parse, televyzje en kloften folk wisten it paad dêrhinne te finen. Hjoed of moarn, dat is te sizzen op 29 jannewaarje 1988, begjint yn it Frysk Museum te Ljouwert in oersichtsútstalling fan Bregman syn byldzjende produksje. Elina Taselaar skreau dêr in monografy anneks katalogus by. Fierders is yn Museum Willem van Haren op 't Fean de kommende wiken grafyk fan Bregman te sjen.
Trotwaer sjocht dêr in goede oanlieding yn om tagelyk in kar út de brievewiksel tusken Boele Bregman en Laurens ten Cate te publisearjen. Dy brievewiksel is net yn it lêste plak nijsgjirrich om't beide korrespondinten kear op kear weromkomme op de parallellen en dwersferbinings tusken skriuwen en skilderjen, as inoar oanfoljende òf ferfangende middels om it bestean draachlik te meitsjen. Guon passaazjes drage boppedat by oan de brief as literêr sjenre.
It is fansels folslein tafallich dat Trotwaer no yn syn tweintichste jiergong plak ynrommet foar Bregman nei't ea De Tsjerne dat yn syn tweintichste jiergong ek dien hat (Hugo Kingmans, ‘De wrâld fan Boele Bregman’, De Tsjerne 1965-12, s. 463-467). Min ofte mear in koynsidinsje (in aardigenien) is fierders dat yn de bydragen oan dit nûmer fan Harmen Wind en Josse de Haan wurd en byld fannijs op de ien of oare wize mei-inoar ferbûn binne. Mar dat yn dit tydskrift de literatuer geregeldwei beselskippe wurdt troch de byldzjende keunst is, likegoed as dat yn syn foargonger it gefal wie, opset.
It earstfolgjende nûmer fan dizze jiergong sil lykas earder oankundige gean oer it plak fan Ynje yn de Fryske literatuer. Bydragen dêrfoar binne noch altyd wolkom. Sjoen de al ynkommen en taseine kopij is it in goed ding it ûnderwerp foarôf mei de redaksje op te nimmen.