Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 252]
| |
G. Willem Abma
| |
[pagina 253]
| |
Hy wie ferbjustere, seach suver skou nei de mem dy't wer skodholle. De heit wie yn 'e war, dat mocht sa wêze, mar wêr giene sokke wurden op werom? Nanna spoeke him dochs net troch de holle? As er mar net oer har begûn wêr't hy by wie. Fannijs besocht er de hân los te krijen. It lichem fan de heit gie der fan oerside. Hoe bestie it dat der yn dy hân noch safolle krêft siet. ‘Sille wy elkoar no mar net loslitte’, der klonk ûnwissens yn syn lûd troch. De heit hie de eagen op it tsier. ‘Bêste jonge’, lústere er sacht. Hy fielde him op slach ferslein. Mei de frije hân loek er in stoel nei him ta en gie sitten. ‘Jo moatte syn hân loslitte’, sei de mem lûd. Se wie fan de stoel kommen en stie foaroer bûgd by it hollenein. ‘Toe, lit dy hân los’, it klonk as in betel. Spile der in glimke om de feale lippen, sa tin dat se amper mear te ûnderskieden wiene? ‘Lit it mar gewurde’, sei er doe't de mem besocht in finger tusken de beide hannen te triuwen. ‘Lit mar, lit mar, it komt wol goed’, sei er noch ris doe't de mem gjin lichten die. De heit hie de eagen no stiif ticht, as perkamint spande de hûd him oer de wangbonken. Ien kraske mei in neil en alles soe iepen skuorre. ‘It is in opdracht’, preuvele de mem en joech belies. ‘Alles wat ik ferwachte hie, dit net. Dat er it net foar elkoar hâldt, wa hie dat tinke kind?’ Noch altyd stie har skredich stal deun njonken him. ‘Gean der mar wer by sitten’, sei er. Salang't sy hjir stiet, lit er my noait los, tocht er. Hy is der better by as dat sy tinkt, miskien hâldt er har wol foar 't soaltsje. Dat immen yn sa'n koarte tiid sa ôftakje kin, sa âld is er no ek wer net dat soks te ferwachtsjen wie. Wa is dy dûnkere frou? Unwillekeurich seach er de skaden wer oer it gerdyn fan de arke gliden. Acht jier? Hoe lang wie it no lyn? Miskien noch net iens. Wat hie er de heit doe te titer hân troch him te folgjen. Op knibbels kroep er nei de sleatswâl, de flibe rûn him ta de mûle út. ‘Kom dêr wei.’ Ik loek him oan de skouders by de feart wei. Sa wie it dochs gien? ‘Jou master in hân, toe fluch, jou in hân en sis him dach.’ En doe dat wan bruien. Der knapte wat. Koe hy it helpe dat er ynienen gjin wurd útbringe koe? Dat pak op 'e hûd hie er net fertsjinne. Wêrom die de heit sa? Wêrom wie er net wat mylder? Ja, yn 't lêst miskien. Mar wêr kaam dát fan? Miende er it of siet er yn 'e knipe en hie it mei Nanna te krijen? | |
[pagina 254]
| |
Bêste jonge; wat hie dat eigenaardich klonken. De heit seach him prykjend oan doe't er lang om let de holle omleech die. Hy fielde it: der lei in wrâld yn dy eachopslach besletten; dy eagen begriepen alles ynstee fan neat. In ferline skode troch dat fûleindigen sjen hinne en stoarre him oan. Hifkjend. Noch joegen se gjin belies; noch net. Eefkes fersloppe de greep, mar sadree't er sa hoeden mooglik besocht syn hân los te meitsjen, kniepen de bonkige fingers wer ta. Hy moast dit gewurde litte, as er echt los woe, soe er los komme, by need... nee, dat moast yn gjin gefal. ‘Komme jo der noch wol ris ôf?’ Hy realisearre him fuort dat er better flokke kind hie as sa'n fraach stelle. ‘Wol nee’, andere de mem dy't it lústerjende ‘nee’ fan de heit blykber net opfongen hie. ‘Sjoch mar ris oan de oare kant it bêd.’ Hy bûgde him sa fier as er koe oer it ledikant hinne. Der hong in pûde dy't sawat foar de helte fol wie mei in giel-readich focht. ‘Hy hat in ferbliuwskateter yn krige. Troch de gewaaksen sit de boel op 't slot.’ ‘Moatst net ris oan it wiif, ju?’ Ferstuivere seach er nei it antlit dat yn alle ûnskuld op it wite kjessen lei. Kaam dy fluenske fraach dêr wei? De heit hie de eagen al wer ticht, hy ferwachte blykber net in antwurd. Wat hie er der trouwens ek fan meitsje moatten? ‘Wat sei er’, woe de mem witte wylst se de tee nei him ta skode. It wie blykber ta har troch krongen dat syn aksjeradius noch altyd beheind wie. ‘Sei er niis net wat’, pinfiske se noch ris doe't er har gjin beskie joech. Hy seit safolle, tocht er. It lûdop sizze, fûn er te pynlik. Dat de heit mar in bytsje ûntgie, wie er noch altyd wis fan. ‘Hie dat no wol moatten?’, klonk it like ûnferwachte as ûnbegryplik. ‘Wat?’ ‘Hie dat no wol moatten?’ ‘Wat bedoele jo?’ ‘Neat.’ De heit frege dat grif net samar. Hy besocht te betinken wat der efter de fraach stykje koe, mar it wie fansels sykjen nei in spjelde yn in heaberch. Der kamen tûzen en ien dingen yn 'e beneaming om de fraach mei te beanderjen, behalve no krekt dat ‘neat’. Dochs hie er der diskear gjin frede mei om it sa te litten. Hy besocht it lâns in omwei. ‘Der hie neat, hielendal neat sa moatten, dat bedoele jo tink?’ De heit skodholle súntsjes, de lippen wer stiif op inoar parst, sa't er dat | |
[pagina 255]
| |
koe as er krekt wist wat er woe. ‘Wat bedoele jo dan?’ De eagen giene stadich iepen en gûken mei in riedseleftige gloede foar har út. ‘Sis it mar’, besocht er noch ris, mar de heit stoarre sûnder in wurd te sizzen foar him út. ‘Gean der mar net op yn’, begûn de mem, ‘lit him mar wat prate, dat is it bêste. Oars begjint er aansens ek noch te gûlen.’ ‘Docht er dat dan?’ Se knikte. Soe de heit him dan altyd ferholden hawwe en dochs gefoeliger wêze as er like? Bûten helle de wyn oan, it dochs al suterige waar waard der no hielendal ûnlijich op. It feale sintsje dat op 'e hinnereis út en troch om 'e râne fan in wolke kipe, wie no alhiel ferdwûn. Dat moast wol op in reinen gean as it al gjin heilstiennen waarden. De earste nachtfroast hie der al wer west. Hy ferskeukte de stoel; de rjochterearm dy't yn in frjemde bôge oer de spilen fan it ledikant lei, waard him ûngemaklik. Om de earm soe er der eins by stean moatte. Soe de heit no wier yn in nimmenslân ferkeare: yn in fan gjin tiid en romte te beskieden gebiet? Tsjutte dy riedseleftige gloede yn syn eagen der op dat de geast him al frijwol fan it lichem losmakke hie? Miskien hie de heit mei dy net te bedjipjen eachopslach de tsjustere paradoksen fan it bestean troch. En dat waard dan demintens neamd. Allinne oan it antlit en de rjochterearm wie te sjen dat der in lichem ûnder de effen tekkens lizze moast. Der wie neat dat mear suggerearre. Folslein úttard, dat moast er wêze. ‘Heit’, suver skruten kaam dat wurd him foar de twadde kear tidens de besite oer de lippen. De eagen giene stadich iepen, in laits ferloek it antlit ta in frjemde grimas. Al wer dy tosken. ‘Kin dat gebyt der net út’, hy draaide him heal nei de mem ta. ‘Better fan net’, mear sei se net. Se wie oan 't krantsjen. ‘Doch it der asjeblyft út’, it klonk hast smeekjend, ‘aansens falt it noch út de mûle.’ Se kaam no doch oerein. ‘Dat falt ta. Of is it smoarch? It is fan 'e moarn net skjinmakke.’ Nei wat gewraksel dêr't de heit de nuverste gjalpen by útsloech, krige se it gebyt doch te pakken. Giele slimen slierken by de tosken, dy't no in stik lytser liken, del en dripken op 'e grûn. De mem gie der mei nei de koken. De mûle fan de heit lei as in tsjustere dobbe yn it antlit, fan de lippen wie no alhiel neat mear te sjen. Dit wie net langer oan te sjen; hy | |
[pagina 256]
| |
die de eagen ticht. Wat wie der noch oer fan dy ûnferwrigber sterke en steile man? As er wold hie, hie er de hân einlings frij meitsje kind. Doe't de mem de heit de tosken ta de mûle úthelle, wie eefkes alle krêft út syn fingers floeid. It soe ûnsportyf wêze om krekt op sa'n momint de hân werom te lûken. Hy die de eagen wer iepen en twong himsels nei it gesicht fan de heit te sjen. It soe trouwens net te fernearen wêze as de heit nei him seach sûnder dat er dêr sels wat fan yn 'e gaten hie. En boppedat koe er de eagen ek wer net fan it antlit fan de heit ôfhâlde. De ferlokking fan de wearze blykber. ‘Sy doocht net’, lústere de heit wylst in straal flibe him ta de mûle út rûn. Hy pakte in doekje dat wierskynlik foar dat doel by it hollekjessen lei en fage it fuort. ‘Sy doocht net.’ It gemis oan tosken berôve de útspraak fan alle artikulaasje, it wie no frijwol net te ferstean. Hy bûgde him sa goed as dat slagge nei de heit foaroer. De mem wie der no net by. Dit wie it momint om wat gewaar te wurden. Hy fielde in wûnderlike spanning. ‘Wa doocht net?’ Hy hie net it gefoel dat er misbrûk fan de sitewaasje makke. ‘Wêr is se’, it lûd wie ynienen in stik foarser. De heit besocht tusken de spilen troch de keamer yn te sjen. ‘Is se noch yn 'e koken?’ It wie him dus net ûntgien dat se de keamer útgien wie. As wie er der folslein by, sa seach de heit him ynienen oan. ‘Wat haw ik in bytsje oan dat minske hân. Ik moast der bytiden om fjochtsje om by har te kommen. Altyd ikke, ikke, noait in oar. Se hat altyd de baas oer my spylje wold. Fan 'e pleats, mar sy te grutsk om it ta te jaan. En der my om hjitfolgje. Nachten hat se my der mei út 'e sliep holden. As heit dit witten hie.’ De lêste sin wie wer hast net te ferstean. ‘Do likest op gjinien’, ferfette de heit nei in skoftke; ‘de oaren ken ik wol wat yn werom, mar do...’, hy skodholle justjes. ‘Wêrom soe ik ek op ien lykje’, sei er sa rêstich mooglik, ‘dat is doch nearne goed foar?’ De heit seach him lang oan. Der like ynienen net folle mear oer fan de helderens dy't niis noch yn syn eagen opflakkere wie. ‘'t Hie makliker west.’ ‘Makliker?’ ‘Ja, makliker.’ Sacht mar beret kamen dy beide lêste wurden der út. ‘Mem bliuwt mar lang yn 'e koken, miskien makket se wol wat foar jo klear.’ | |
[pagina 257]
| |
‘Nei Teade' Anske.’ De bitterheid kaam fier boppe it folume fan it lûd út. It wie better en neam de mem mar net mear yn syn bywêzen, betocht er yn in flaach fan begrutsjen. De heit like wer wei te sûzjen, de mûle sakke stadichoan fierder iepen. Hy seach mar wer ris nei bûten. Tsjûke reindrippen glieden by 't finster del, of wie it wiete snie. Unwillekeurich tocht er werom oan de sinne boppe Rome. Dat it hjir ek altyd fan dat rotwaar wie. ‘Rotwaar’, in nuvere namme foar in literêr tydskrift. Wat moast men jin dêr yn de goedichheid foar literêrs by foarstelle? It die nochal nijmoadrich oan, miskien moast er ris in pear fersen nei dat blêd opstjoere. Safolle wiene der net dy't yn 't Frysk skreaune. De redaksje wie grif net sa kritysk. Wêr bleau dat minske dochs? Se koe wol foar dea lizze. Of soe se de kâns waarnommen hawwe en pyk der efkes tusken út? Hy harke mei ynmoed oft der fan de oare kant de muorre lûden op te fangen wiene. Mar behalven in licht snoarkjen fan de heit, it rûzjen fan de wyn en it tikjen fan de klok, wie der neat te hearren. Hy gie oerein en soe de hân achteleas weromlûke. Mar noch altyd hold de hân fan de heit sines stiif fêst; as in stien sa kâld fielde er oan. De fingers liken fan stiel, der wie gjin ferweech yn te krijen. Sliepte er dan dochs net? In koart en fûl lûken brocht it skouder fan de heit omheech, de holle rôle oerside, út de kiel kaam in frjemd lûd dat noch it meast fan rocheljen hie. Hy gie op slach wer sitten. Stadich gie it gerochel oer yn in sacht en ûnregelmjittich snoarkjen. It bleau folslein in riedsel dat der noch sa'n knyp yn dy hân siet. Einlings kaam der lûd út de koken. In tel letter kaam de mem troch de doar. ‘It hat eefkes duorre, mar ik moast noadich nei de molkboer ta om moallenbrij. Dat kin ik him noch it bêste takrije. Se witte dêre hoe't it der hjirre hinne leit, ik kin der altyd terjochte, hoe let it ek is. Sliept er?’ ‘Ik krij der gjin hichte fan. De eagen binne wol ticht.’ ‘Dy hat er suver net mcar iepen. It is wat, ik moat der altyd by bliuwe. As ik al ris eefkes wat langer yn 'e koken bin, begjint er mei fan dy lange heaze úthalen te roppen. It is noch altyd gelyk, hy kin gjin tel op himsels wêze.’ ‘Ik bin der net wis fan oft er wol sliept.’ Hy miende in licht kniperjen fan de eachteisters merkbiten te hawwen. As de heit mar net hearde wat de mem allegearre sei. ‘Wolst ek noch tee hawwe? Dan set ik eefkes farske.’ ‘Jou noch mar in bakje, âlde is ek goed.’ ‘Nee, it is sa klear.’ Se geat doe't de tee trutsen wie beide kopkes fol. Yn it kopke fan de | |
[pagina 258]
| |
heit die se heal en heal tee en molke mei in pear skeppen sûker. ‘Hy sliept’, sei se wis en sette it kopke werom op 'e teetafel. ‘Lêsten wie ús Pier hjirre. Fiersten te drok fansels. Doe wie er der hielendal ôf. ‘Set do de amers eefkes op it rak’, sei er tsjin Pier. Ik koe dy jonge mar net oan 't ferstân bringe dat er him mar wat prate litte moast. ‘Wer ha jo it oer’, begûn Pier tsjin him. Hy wie it fansels al lang wer fergetten. En Pier mar wer: ‘Wêr binne dy amers dan?’ Op 't lêst hie ik it sa fier dat er mei nei de koken gong. Heit is yn 'e war sei ik tsjin him. ‘Skytmerakels’, sei er. Hy woe der mar net oan dat heit it al lang net mear foar elkoar hâldt. Tsjin Pier wiene it de amers, tsjin my hat er it gauris oer in tsjems dy't ik skjinmeitsje moat.’ Hy slobbere fan 'e tee sûnder wat werom te sizzen. De mem wie net alhiel yn har dwaan, fûn er, drokker as oars. Der gie fansels yn har likegoed it ien en oar om no't se de heit alle dagen fersoargje moast. En dat se oan hûs klústere siet, lei har grif net. ‘Hat er dy noch altyd by de hân?’ ‘Lit dat no mar, bliuw mar sitten’, bêde er har del doe't se oerein spatte. Se moast har der yn gjin gefal mei bemuoie. ‘Ik begryp net hoest it úthâldste, dat giet no al in oere sa.’ Se sette har lêsbril op en die in taast nei in bledsje dat oan de namme te sjen, útgie fan de iene of oare kristlike klub. It soe ek ris wat oars wêze. Mar de holle stie har blykber diskear net nei lêzen. ‘Ik haw ferline wike ek wat mei him belibbe.’ Se wachte oant er him heal nei har ta draaid hie. ‘Doe wie er der samar ôf; de slange wie fan 'e pûde losskuord, ik miende dat er net mear stean koe, mar hy hie it laad fan de kast al iepen en heistere yn 'e papieren om. Doe't ik him wer op bêd bringe woe, foel er del. Der wie gjin beweging yn te krijen. Ik haw ús Pier skilje moatten om him op te pakken.’ ‘Soe er it net allegearre hearre wat der bepraat wurdt?’ De mem skodholle ferheftich. ‘It giet oan him foarby, oars hie ik it lang al murken.’ ‘Ik tink wól dat er it heart. Hy is der dochs?’, andere er kiezzich. ‘Sjochst dan net hoe't it der foarstiet?’ Hy fielde him lulk wurden. It like wrychtich wol dat se de heit al by it libben ôfskreaun hie. It wie net gewoan sa't se fan 'e middei fanwegen kaam. ‘Jou him mar ris wat te drinken’, sei er net sûnder grimmitigens, ‘jo en ik hawwe dochs ek wat?’ ‘Hy wol it net heal hawwe as der ien by is’, andere se, mar gie doch | |
[pagina 259]
| |
oerein. Mei it kopke dat se niis op 'e teetafel set hie, kaam se nei it ledikant. Net mijen treau se de heit in earm ûnder de holle en hyste him wat omheech. ‘Drinken’, klonk it lûd, ‘sjoch.’ Se hold it kopke skean nei him ta. It focht rûn de heit by it kin del. Wat briek der yn him los? Hy wist it sels net, mar sa koe it net; der spriek gjin grevel leafde út har hâlding. De mem hie it kopke net fier fan him ôf op 'e tafel set. Se seach him oan. ‘Sjochst no wol dat er it wegeret?’, sei se en ynienen lústerjend, wylst se nei de tee dy't der noch yn it kopke siet wiisde: ‘it is libben.’ Hy rydboske fan har eachopslach. Yn in refleks pakte er it kopke en hold it de heit foar. ‘Heit’, sei er sacht, ‘hjir is drinken, toe, drink mar wat.’ It kopke wie heal fol. De heit seach him oan. ‘Sjoch’, besocht er wer, ‘drinken, jo moatte op 'e tiid wat focht hawwe.’ ‘Dan earst de tosken deryn, oars wurdt it hielendal neat.’ De mem strûsde nei de koken. Mei ferdwûn de ynhâld fan it kopke yn de foarmleaze mûle. ‘Hoe smakket it?’ ‘Dat ferkwikt al.’ Fannijs wie er mei himsels oan; der streamde ynienen in gefoel fan waarmte troch him hinne. Nei't de mem de heit it gebyt yn in eachwink en net bepaald sêftsinnich wer yn 'e mûle treaun hie, frege er har om noch in kop fol. It wie oan har te merken dat de gong fan saken har lang net noaske, mar se makke it doch klear. Doe't er de heit, dy't noch altyd ridlik rjochtop siet, it folle kopke foar hold, dronk dy it stadich leech, sûnder dat der in drip griemd waard. ‘Noch wat?’, frege er. ‘Earst mar net’, lústere de heit en sakke stadich efteroer. De mem line mei de fûsten op 'e tafel, har eagen ferretten in eigenaardige mingeling fan grutskens en ferwyt. Se skodholle wer ris súntsjes. Doe't er har oanseach, gie se der by sitten sûnder wat te sizzen. Ynwindich wie er poer. Der soe aansens yn 'e koken al eefkes praat wurde moatte. It soe wol wer mei it leauwe te krijen hawwe. De âldman krige amper noch te drinken om't focht libben wêze soe en him net ferdroech mei in hâlding fan berêsting dy't yn 't foar de dea oanfurdige. Hy loek de hân dy't noch altyd yn dy fan de heit lei sûnder dat de mem der wat fan murk in eintsje werom. Liet har mar tinke dat de heit syn hân noch altyd fêsthold. ‘Komt Mintsje wol ris thús?’, frege er. | |
[pagina 260]
| |
‘Alle wike twa kear, de bern hâlde har op 't heden bêst. Der is gjinien dy't sa'n bytsje thús komt as do.’ ‘Ik hie net yn 'e gaten dat it sa slim is’, sei er. Har wurden troffen him pynlik. ‘Dat sil 't ek wol’, oan 'e toan te hearren, leaude se him. ‘Jouwe de oaren him wol ris wat te drinken?’ ‘Noait.’ De gedachte dat de heit stadich lei te ferrêdzjen, griisde him oan. ‘En dokter?’ ‘Dy komt trije kear wyks mei in suster fan it Griene Krús. Dêr komt it ledikant ek wei.’ Earst no krong it ta him troch dat de heit op in frjemd bêd lei. ‘De suster ferskjinnet him’, ferfette de mem, ‘it is in reus, ik kin net oars sizze.’ Hy liet de sitewaasje yn him omgean. Nei in skoftke sei er: ‘As jo ris fuort wolle as ik by him bin, dan kin dat om my wol.’ Se seagen elkoar ris oan; sy like te hifkjen wat er miende fan wat er sei. Fannijs ferwûndere er him oer himsels; wat dreau him om op de heit te passen en him te drinken te jaan? En hie er net altyd fûn dat de mem te folle op 'en paad wie? Dochs bea er it nochris oan doe't de mem net fuortdaalk op syn oanbod yngie. Se praten ôf dat er oer in pear dagen in jûn komme soe. De mem koe dan altyd noch sjen wat se die. ‘Ik moat sa stadichoan mar ris opstappe’, sei er nei in moai hoart dêr't gjin wurd yn sein wie. Hy treau sa goed en sa kwea as dat gie de hân yn dy fan de heit werom. Diskear like de âldman echt yn 'e sliep fallen. Hy soe al wekker wêze moatte as er fuort gie. Elk ôfskie koe yn dizze omstannichheden it lêste wêze. Hy lei de heit de lofterhân op 'e foarholle, sûnder acht te slaan dat de mem der mei ferwûndering nei stie te sjen, en besocht him foar te stellen hoe't er oan de heit weromtinke soe as dy der ienkear net mear wie. Faaks soene de oantinkens benearjender wêze as de wurklikheid west hie. Al gau waard de hân him klam fan it swit dat de heit yn fine dripkes op 'e foarholle pearele. ‘Hat er koarts’, frege er wylst er de hân werom loek. ‘Hy is noait sûnder ferheging nei't skynt.’ Soe der einlings in termometer yn 'e hûs wêze? Hy frege it har. ‘De suster temperatueret.’ It fleach him ynienen oan. ‘Heit’, rôp er. Der wie gjin reaksje te merkbiten. Hy die as loek er oan de hân dy't er no sels fêsthold. ‘Heit, ik stap op’, hy skodde him hoeden oan it skouder dat fel oer bonken wie. Einlings | |
[pagina 261]
| |
giene de eagen op in tsier. ‘Ik moat fuort, oer in pear dagen kom ik werom, dan jou ik jo wer tee.’ De eagen waarden stadich wider. Wêrom hie er der ferlet fan de mem foar de kroade te riden? Hy wist it sels net. Fannijs besocht se in hân tusken de beide hannen te triuwen. De hân fan de heit lei noch altyd oer sines hinne. Efter de bûgde rêch fan de mem lâns seagen se elkoar oan. Ynienen rjochte se de rêch. ‘Do hâldst hím fêst’, se like ferbjustere. Hy glimke fyntsjes en gie oerein sûnder dat er op har wurden yngie. ‘Witte jo noch wol dat ik dat byldsje fan pake fan jo krige haw? Sil ik dat mei werom nimme en wer op it âlde plak delsette? Jo wiene der wiis mei.’ ‘Dat is no dines’, der spriek ynienen eat fan wilskrêft út syn antlit. De mem rûn rimpen de keamer út, efter har foel de doar mei in klap ticht. ‘No wo'k sliepe’, sei de heit ynienen en die de eagen ticht. Hy skodde de trije kjessens op en loek de tekkens rjocht. Hy soarge der tsjinoan derby wei te rinnen. De mem skaaide yn de koken om en frege oft er al waarmiten hân hie. Hy knikte hoewol't it net sa wie. Miskien woe er dan in pear stikken bôle hawwe. ‘Nee, tanke wol,’ sei er. Wêrom hate er dat minske dat it altyd likegoed mei him foar hie? As er der syn bêst foar die, koe er him sels noch wol yn 't sin bringe dat er by har op 'e skoat siet en mei har kuiere. ‘Wêrom sizze jo safolle wêr't hy by is? Hy heart it wier wol. Jo dogge as is er der net mear. Ik freegje my trouwens ôf oft er wol genôch te drinken krijt.’ ‘Wat mienste, hy kin krekt safolle drinken krije as er hawwe wol, mar ik kin it him lang net altyd ta krije.’ ‘Ja, mar jo seine dat it libben wie. Wat bedoele jo dêrmei?’ ‘Sei ik dat?’ ‘Ja, godferdomme.’ De hiele lea trille him. ‘Sa moatte wy net, asjeblyft, bliuw kalm. Doesto him te drinken joechst, naam er it ynienen samar, mar wier, hy wol it lang net altyd hawwe. Hy ferlanget slim nei de ein. Alle jûnen en moarnen bidde wy tegearre en lês ik him in stik út de bibel foar. Dat wol er sa hawwe, it is syn iten en drinken, sei er juster noch; soms hat er sa'n helder eagenblik. Hy hat al lang fan it ierdske ôfskie nommen. Do bedoelst it goed, ik merk wol dat it dy oanpakt, mar do bist net altyd by him sa as ik.’ ‘Mar jo prate yn syn bywêzen as is er der al net mear.’ De toan dêr't se op andere hie, liet syn lulkens op slach saksearje. Doch bleau er der wis | |
[pagina 262]
| |
fan dat se gjin gelyk hie as se miende dat it de heit allegearre ûntgie. Doe't se him nochris frege oft er wier gjin sin oan in pear stikken bôle hie, gie er der by sitten. ‘Wol ik in aai foar dy siede?’ ‘Asjeblyft’, se hie it eins ek net oan him fertsjinne dat er sa tsjin har útfoel. Hy bestudearre har bewegings wylst se by it oanrjocht dwaande wie. Ien mis wurd der noch oerhinne en hy hie har niis in reis ferkocht. Der wie ek sa min hichte fan te krijen hoe't se echt wie. Of wie se fan beiden: no ris hurd en gefoelleas, dan wer sêft en soarchsum? Hoe soe er ea witte wêr't er mei himsels oan ta wie as der net efter te kommen wie hoe't de heit en de mem yn elkoar stieken? Sy foarmen dochs syn oarsprong of die it yn syn gefal net ta de saak? Hy like ommers op gjinien. ‘Dat krijt er alle jûnen fan my’, ferfette de mem doe't er mei syn aai begûn. ‘Ik fuorje it him leppeltsje foar leppeltsje op mei in soad sâlt derby.’ Dat de heit dêr grif noch mear toarst fan krige, begûn er mar net oer. Se soe it goed bedoele. Doch bleau it gewoan healwiis hoe hurdhannich en ûngefoelich se yn 'e keamer dien hie. ‘Wy hawwe net iens bidden’, hy seach har ferwûndere oan. ‘Dochsto dat dan noch?’ ‘Nee, eins net mear’, andere er nei in skoftke. It soe ek te mâl wêze as er no noch bang wie om har in earlik antwurd te jaan. ‘Dochst der hielendal neat mear oan?’ ‘Folslein neat mear.’ Se seach trystich wylst se him in timpe fan in sûkerbôle joech. ‘Sis mar wat jo der fan fine’, trune er har oan, ‘ik wit it wol, it is freeslik. Ik kom yn 'e hel.’ Se skodholle, ‘Do komst net yn 'e hel’, sei se earnstich. ‘Hoe kin dat?’ Dat se him by safolle ûnleauwe dat stee net tatocht. ‘Omdatst der noch net biste; it sil dy noait loslitte. Noait. Dêr bin ik wis fan, dêr hast der tefolle fan meikrige. De Almachtige wit datsto likegoed in bern fan him biste. Mar spot der beleaven net mei. Doch dat net.’ ‘Dat doch ik noait’, andere er, ‘ik flok bygelyks noait.’ ‘Niis noch’, sei se droech. Se seagen elkoar oan. Hie er niis flokt? It soe wol ris sa wêze kinne, hy wist it sels net mear. ‘Nim fan my oan dat ik selden of noait flok, eartiids miskien wol ris, mar no haw ik der it mier oan as ik op 'e garaazje immen grouwélich flokken hear.’ Sa't er soms begrutsjen mei de heit fielde, sa ûntstie der inkeld in gefoel fan fertroudens as er mei har prate. | |
[pagina 263]
| |
‘Dus net nei de hel’, sei er earnstich. Se glimke: ‘It lit dy net kâld, hen.’ Op itselde stuit klonk der út de keamer in gjalp. De mem gie oerein, ‘Dêr hast it al.’ It klonk as âle der fan fierren in ko. ‘Wat krije wy no?’ Hy skeat oerein en soe nei de keamer. ‘No wol er dat ik kom’, andere se rêstich, ‘ik sil der hinne.’ ‘Sil ik dan no mar fuortgean?’ ‘Gean do dyn gong mar wer, moai datst thús west haste.’ ‘Oant tiisdeitejûn dan.’ Hy hie de jas al oan. It heislike gegjalp hold mar oan. ‘Dach jonge’, sei se en ferdwûn troch de doar. |
|