| |
| |
| |
[Nummer 5/6]
Jelle Krol
De pûster ûnder it ljurkje
Oer poëzij fan Harmen Wind
It tal dichters út it Fryske taalgebiet dat twatalich publisearret is net sa bjusterbaarlike grut. De measte dichters út Fryslân hâlde har, sa't it liket, it leafst by ien taal. Op dy regel is Harmen Wind in útsûndering; hy - sa docht oan syn publikaasjes bliken - betrout him sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk. No't Wind yn oktober foar syn earstlingsbondel Ut ein de Fedde Schurerpriis krigen hat, like it my net ûnaardich ta om behalven oan dy bondel ek ris omtinken oan syn oare ferspublikaasjes te jaan.
Foarsafier't ik dat neigean kinnen haw, datearret Wind syn earste ferspublikaasje fan 1975, want wy meie, tinkt my, sûnder mis oannimme dat Harmen Wind skûl giet achter de Frysktalige namme ‘H. Twirre’ dy't wy ûnder it Hollânsktalige fers ‘Reünie’ oantreffe, ôfprinte njonken in prachtige tekening fan Pieter Krijthe yn Spektator, in tydskrift foar neerlandistyk. Yn dat fers - en nammers ek yn de tekening - wurdt stal jûn oan in tema dat wy letter ek hieltyd wer yn Wind syn poëzij tsjinkomme: de wrâld fan ferskil dy't leit tusken de ‘ik’ en dy syn famylje, fral syn âlden. Dy kleau, dy't sa't it liket net troch syn âlden ergere wurdt, makket dat foar de ‘ik’ fan in werklike feriening gjin sprake wêze kin. Yn in hast humoristyske situaasje dy't ûntstiet trochdat de slimste dingen op in smoute praattoan ferteld wurde, lit Wind jin dy kleau op syn skerpst fiele:
Reünie
Onwennig zat ik weer in de familiekring,
gevormd door vader, moeder en mijn broer en zusje.
Ik zag dat uit de zolder een stuk ijzer hing:
vader was zeker bezig met een klusje.
Opeens plofte er in een hoek
wat puin; ik voelde spattend gruis,
maar moeder hapte van haar koek
en zei: ‘Eindelijk allemaal gezellig thuis.’
| |
| |
Daar zat ze, onverstoord. En ongebluste kalk
omwolkte haar. Zij praatte, maar de muren scheurden.
Ik sprong geschrokken op en zag nog juist de balk
die mij verpletterde terwijl zij verder zeurde.
(Spektator IV, 1974/1975-8, s. 527)
Yn de Hollânsktalige bondel Een spoor van verbeelding, dy't yn 1986 ferskynd is, hat ‘Reünie’ in plak yn de syklus ‘Gerijmd bedrog’ krigen. Utsein ‘Oordeel’, ferskine ek de oare fersen fan ‘H. Twirre’ mei de tekeningen fan Pieter Krijthe dy't yn Spektator publisearre binne letter yn Een spoor van verbeelding.
Yn de subtitel fan dy Hollânsktalige bondel wurdt Wind syn poëzij anekdoatysk neamd. De fersen yn Een spoor van verbeelding kinne yndied allegearre min ofte mear ferheljend neamd wurde. Yn al dy fersen wurde konkrete figueren, foarfallen of situaasjes tekene, al hoe bûtenwenstich dy bytiden ek binne.
De fersen dy't Wind sûnt 1982 yn De Revisor publisearre hat, binne meastentiids abstrakter. In foarbyld dêrfan is it fers ‘Schepping’, dat behalven oer skepping fral oer fergonklikheid giet. Plastysk en - om de sinleasheid te ûnderstreekjen - hast wat banaal, jout Wind dat lêstneamde tema stal:
Het leven houdt geen regel stand.
Ten dode wordt het opgeschreven
en wat er over is gebleven
lijkt even houdbaar als een krant.
(De Revisor XI, 1984-6, s. 15)
Tiid, it fêsthâlden en it fergean dêrfan binne ek yn Ut ein, ferskynd yn 1985, ûnderwerpen dy't hieltyd wer nei foaren komme. Tiid, sa lêze wy yn it earste fers fan Ut ein, moat allinne dan bestean as wier libben mooglik is:
Digerjend yn 'e fierte stean
| |
| |
It leit oan de minsken sels oft se wat mei de tiid dogge of net, mar de tiid is net oan te ûntkommen. Op byldzjende wize jout Wind dat gegeven stal yn ‘Ferlinge ferline’: ‘de ûnútputlike ferduldige dagen [...] wurde net rispe / se trêdzje oan / in waaksend legioen / dat wachtet’ (s. 13).
It giet de dichter om ‘Ferhaal [te] helje[n] / út wat der bleau / by it ferdriuwen fan de tiid’ (s. 8) om sa dieder fan it wurd te wurden en ivichheid bewurkmasterje te kinnen. Om ‘in kromke libben’ te bewarjen, ‘in mespuntsje hjoed’ (s. 14) te behâlden falt net ta, want de dichter hat allinne wurden ta syn foldwaan. En it is him net om wurden te rêden, mar om it libben: ‘syn swijen dat er neier / ferklearje wol [...] fernuvering yn iepen doarren: / Utsicht op see, op loft, op wei / nei wêr't syn libben neat mear barre / kin’ (s. 35). Yn in fraaie paradoks bringt er yn ‘Ferlinge ferline’ deselde gedachte ûnder wurden: de dichter is ‘wurd wurden dat oan it ljocht / bringt wat swijen der ta docht’ (s. 15).
Utsûnderlik moai docht Wind dat yndied yn it gedicht ‘Beheind libben’, dat my oan ‘Melkknecht’ fan Gerrit Achterberg tinken die. Yn beide gedichten nimme je it melken hast sintúchlik waar:
tidigje har tsjokke jaren
op 'e hannen fan 'e feint,
(earst it sjongen fan 'e boaiem,
dan it rûzjen fan 'e floed),
op 'e romte foar de siken.
En in de emmer rijst het zachte feest
van zingend schuim op witte overvloed.
Het is vandaag weer goed en veel geweest.
(Gerrit Achterberg, Verzamelde gedichten, 19848, s. 677)
It sykjen nei sok brûzjend libben hat, sa seit de dichter yn ‘Et omnia vani- | |
| |
tas’, gjin doel: ‘it libben waait jin oan’ (s. 33). It is der ynienen: ‘Rjocht stiet de pûster / ûnder it ljurkje’ (s. 33). Mei in fariant op it bekende ‘Moarn sille wy de hjouwer slaan. Moarn de skeaven bine’ fan Fedde Schurer, seit er dat ek yn ‘De earlike finer’. It rint allegear oars as hope waard. Dejinge dy't fûn wurdt, is nèt dejinge dy't socht waard.
Al hoe sinleas dan ek, ‘oantrune troch efterbleaun libben’ (s. 13) giet it sykjen troch. Dat sok sykjen, nei leafde, hâldfêst, of in duorjend ûnderkommen útrinne kin op it keunstmjittich opbouwen fan yllúzjes dêr't men op 't lêst sels yn leaut, wurdt knap reflektearre yn ‘Underkommen’ (s. 9). It hûs dêryn beskreaun bliuwt in brekfallich hûs, de gatten kriget de ‘ik’ nea wer ticht en ek al is it útsicht leaflik, it bliuwt útsicht ‘op 'e deade earm / fan 't fiere wetter’.
Ut ein sette betsjut foar Wind net op in nulpunt begjinne. As dichter hâldt dat foar him, sa't it liket, yn dat er referearret oan oare dichters en húsrieme rymkes en siswizen. Ek de minske wurdt net los sjoen fan it ferline. It dúdlikst wurdt dat - de titel wiist der al op - yn de ferserige ‘Op it spoar’, dêr't it giet oer de ferhâlding fan heit ta soan en oarsom. Op tige byldzjende wize wurde yn dy rige ferskil en sibskip, it besykjen fan de soan om taneiering ta syn heit te finen en de heit op it spoar te kommen, ûnder wurden brocht. De fuortsetting fan de heit yn de soan liket net te kearen: ‘As neibesteande sit ik oan / syn hûs fêst. Libben is mar lyts. // Op it frame kin men noch lêze: / UNION. Moast it sa wêze?’ (s. 25). (Sjoch foar in ynterpretaasje fan de ûnderskate dielen fan dizze syklus ek ‘Literatuer as rite’ fan Broer van der Hoek yn Hjir XVI, 1987-2, s. 32-46.)
De syklus ‘Op it spoar’ komt ek yn de Hollânsktalige bondel fan Wind foar. Wannear't in dichter syn wurk yn twa talen publisearret, hat er, ferlike mei in oersetter, it foardiel dat er himsels net sokke fragen hoecht te stellen as: ‘Wat hat de dichter hjir bedoeld?’ of ‘Stiet dizze fariant net al te fier fan it orizjineel ôf?’ It hat dêrom net safolle doel de iene syklus as in oersetting fan de oare te beskôgjen; yn wêzen is der ommers ek gjin sprake fan oersetten, mar wurdt likernôch deselde stof yn twa ûnderskate talen ta utering brocht.
It plakbepalen, sa't dat yn ‘Op it spoar’ troch de ‘ik’ yn lyts ferbân as soan fan de heit dien wurdt, komt yn wider ferbân ek foar yn in fers as ‘Komôf’:
Dit is de stêd. Hjir bin ik ienris hikke,
mar jinsen tein, wylst fjouwerkant de toer
my yn 'e rekken hood, de fiere mieden oer.
Ik bin werom. Wat koe ik oars berikke?
| |
| |
Ljouwert. It spoar oan ein. It sykjen
nei wurden fynt op 't Saailân rêst.
It libben komt ta stân. Op 't lêst
bin ik teplak, alteast it mei sa lykje.
Wis fan dat teplak-wêzen is de ‘ik’ net, en wannear't er yn 'e kunde komt mei minsken dy't yn in ynrjochting telâne kommen binne, is hy
de buitenlander, die de taal
niet spreekt, niet kan verklaren
de code van de tekens en gebaren,
doof voor het simpelste signaal.
(Een spoor van verbeelding, s. 13)
It sykjen fan in plak fan de dichter Wind, it dekodearjen fan de tekens, is, meie wy oannimme, noch lang net ôfrûn. Ek al hat er yn it Hollânske taalgebiet al ‘Een spoor van verbeelding’ efter him litten, yn it Fryske is er noch mar krekt út ein set. Nei it fierdere ferrin fan dy reis, yn beide taalgebieten, binne wy tige benijd!
| |
Bibliografy
Foar wa't Wind syn fersen (nochris) lêze wol, is in oersjoch fan syn ferspublikaasjes taheakke.
| |
1. Frysktalich
- | Yn Hjir XI, 1982-5, s. 10: ‘Utstjittene’, s. 11: ‘Dienmakke’, s. 12: ‘Alfabeet’, s. 13: ‘Underkommen’. |
- | Yn Hjir XII, 1983-2, s. 2: ‘Net sjoen’ en ‘It lietsje fan 'e skruten frijer’; 1983-6, s. 22: ‘Ferlinge ferline’ en ‘De earlike finer’, s. 23: ‘Oanslach’ en ‘De fertroude regelmaat’. |
- | Yn Hjir XIII, 1984-2, s. 10: ‘Tried te min’ en ‘Ferske foar Gysbert’; 1984-3, s. 3-15: ‘Op it spoar I-VII’. |
- | Yn Hjir XIV, 1985-2, s. 18: ‘Oerkommeling’, s. 19: ‘Iendeismichje’,
|
| |
| |
| s. 20: ‘Plakjekrûpe’; 1985-5, s. 9: ‘Gedicht’. |
- | Op de LP Skipperslatyn (1985) fan de Rju Nommele Hearen fan it Wetterskip wurde syn fersen ‘De swalker’ en ‘Wetterliet’ songen. |
- | Yn Ljouwert 700: In stêd is in stêd is in stêd. Tritich gedichten (Ljouwert / Leeuwarden: Friese Pers Boekerij bv, 1985), s. 35: ‘Komôf’. |
- | Yn De Strikel XXVIII, 1985-8/9 (‘Frysk Skriuwersalmanak’), s. 78: ‘Ut ein’. |
- | Ut ein: poézy fan Harmen Wind, Boalsert: Koperative Utjowerij (Cumulusrige 1985-1), 1985. Omslach en yllustraasjes: Pieter Krijthe. 40 siden. |
- | Yn Hjir XV, 1986-4, s. 26: ‘Foar it ljocht’, s. 27: ‘Lok’, s. 28: ‘Wrâldreis’. |
- | Yn de rubryk ‘LCetera Fers’ fan de Leeuwarder Courant fan 22 VIII 1986: ‘Lyts man’. |
- | Yn Hjir XVI, 1987-5, s. 27: ‘Skoft’, s. 28: ‘Fakânsjeprintsje’, s. 29: ‘Requiem’. |
- | Op de Skriuwerskalinder 1988, wike 14: ‘Wat bisto leaflik’. |
| |
2. Hollânsktalich
Under it pseudonym ‘H. Twirre’:
- | Yn Spektator IV, 1974/1975-8, s. 527: ‘Reünie’. |
- | Yn Spektator V, 1975/1976-1, s. 79: ‘Angst’; 1975/1976-2, s. 151: ‘Oordeel’; 1975/1976-9, s. 635: ‘Afvallige’. |
- | Yn Spektator VI, 1976/1977-1, s. 57: ‘Martelaar’. |
Under eigen namme:
- | Yn De Revisor IX, 1982-3, s. 9: ‘Ooggetuige’ en ‘Vitofiel’. |
- | Yn De Revisor X, 1983-3, s. 38: ‘Opdracht’. |
- | Yn De Revisor XI, 1984-6, s. 15: ‘Schepping’. |
- | Yn De Revisor XII, 1985-3, s. 14: ‘Recreatie’ en ‘Wolkjes’; 1985-5, s. 29: ‘Uit de hoogte’ en ‘Vonnis’. |
- | Yn De Revisor XIII, 1986-1, s. 18-19: ‘Het veld van eer’ [12 nûmere fersen gearbrocht ûnder 4 subtitels]; 1986-5, s. 11: ‘Loch Ness’. |
- | Een spoor van verbeelding: anekdotische poëzie van Harmen Wind geïllustreerd door Pieter Krijthe, Wassenaar: Stichting ‘Menthor’, 1986. 56 siden. |
- | Yn De Revisor XIV, 1987-1, s. 5: ‘Echt’ en ‘Optisch’; 1987-4, s. 44-45: ‘Het gesticht’ [5 nûmere en titele fersen]. |
|
|