Trotwaer. Jaargang 19
(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 191]
| |
Sybren Sybrandy
| |
[pagina 192]
| |
mar sinnen as ‘Foar my hoeft ditsoarte geskriuw net’, in oerstadium fan de resinsje. Yn jiergong 5 (1973) komt Bartle Laverman yn de redaksje. Hy begjint mei in diskusjestik ‘Oantekeningen by in mislearring’, oer Anne Hellinga, Twa deade sigeuners (s. 5-22). Nij is hjir - nêst in struktueranalyze à la Van Hijum' - in ûndersyk nei de miening oer sigeuners yn it boek. Fansels is it nedich dêrta de ferteller gelyk te slaan mei de skriuwer; dat docht Laverman dan ek. Fierder fan him yn datselde jier in artikel ‘De fryske krityk tsjin teoretyske eftergrounen, benammen basearre op Adorno’. Fan Van Hijum ‘Undersiken nei inkelde struktueraspekten’ fan Gerben Abma, De nacht fan in leechrinner (s. 192-209) en Forneukte stêd fan Josse de Haan (s. 363-373, en jrg. 6 (1974), s. 182-188). Jiergong 6 (1974) smyt in artikel fan Bartle Laverman ‘Literatuer as taelspul’ op (s. 89-95), benammen basearre op Wittgenstein. Ek komt Laverman hjir werom op syn opfetting dat wiere keunst maatskippijkritysk is (Adorno). Dit hat ntl. misbegryp by Trinus Riemersma en Adri van Hijum oplevere. It stik rint út op in pleit foar beärguminteare hifkjen fan literatuer. Yn jiergong 7 (1975) jout Van Hijum in stúdzje oer in ferhaal út de bondel Ljippeblommen fan L. Hornstra (s. 29-33) en in analyze fan Jest yn 'e Ardinnen fan Tr. Riemersma (s. 274-278). Oan 'e ein fan it jier giet er ôf as redakteur. Bartle Laverman draacht ta dizze jiergong in besprek fan Myksomatoze fan Tr. Riemersma by (‘Plusboek’, s. 68-80). Yn jiergong 8 (1976) leveret Bartle Laverman noch in artikel ‘Rasjoneel poesij bisprekke’ (s. 83-86), mar praktyske foarbylden dêrfan leveret er net, likemin as Van Hijum dy't in besprek skriuwt fan Popkes tekenje fan St. de Jong (s. 108-111). Oan 'e ein fan dat jier giet Barle Laverman ôf as redaksjelid. Yn dit oersicht oer de jiergongen 2 oant en mei 8 (1970-1976) ha ik my beheind ta de rol fan Van Hijum en Laverman. Allinnich uterlik al, troch de lingte fan har bydragen en de tabellen en skema's dêryn, falle hja op. Fansels is dit net it folsleine byld. Yn it foarste plak wie der diskusje mei en ferset tsjin de beide analytisy. It dúdlikst is Tr. Riemersma yn syn ‘Oer struktueranalizes’ (jrg. 6, s. 3). Syn arguminten binne sa likernôch: de kritiken binne ‘sa drûg os rys en sa twar as hiinsteflais’, se dogge te folle in berop op autoriteiten en se binne net echt nij. Mei rjocht en reden makket Riemersma him lilk oer de einleaze opsommingen dy't gauris mar ta in meagere konklúzje liede. It is de metoade fan de skripsje dêr't elk detail yn neipluze en ferantwurde wurde moat. ‘Utsoate makket elke (elke gûie...) resinsint east oantekeningen óp klodsjes oer perspektyf, kómposysje, tiidsferrin, motyf en bijmotiven, styl en vot him mear nijskjirreg ta- | |
[pagina 193]
| |
lykje mai. Mar dy oantekeningen neamt ur net defteg struktueranalizen en dy klodsjes gooit ur letter vai...’ (s. 4). P. Breuker jout in kritysk besprek fan Van Hijum syn ûndersyk nei inkelde struktueraspekten fan De hite simmer yn ‘Moderne romantheory as nijste hillige’ (jrg. 6, s. 293). Hy giet benammen nei oft Van Hijum syn teory wol behearsket. Yn it twadde plak gie it besprekken ‘op de âlde foet’ fansels al dy jierren gewoan troch. Gemiddeld ferskynden der per jier sa'n 8 besprekken, mei útsjitters fan 12 yn 1974 en 15 yn 1976. Immen as Steven de Jong jout oan it begjin fan syn besprek koart syn posysje yn it debat oan: ‘Elke kritikus kiest, of hij wil of niet, uit estetische gewaardeerde mogelijkheden. Zijn oordeel berust in wezen op de aard van zijn sensibiliteit, zijn objektiviteit is een ceremonie’ hellet er mei ynstimming oan (jrg. ŏ, s. 100). In útstel ta in oare metoade docht Geart van der Zwaag yn ‘Poëzij yn 'e stringen’, oer Yn dit lân fan T. Hettinga (jrg. 6 (1974) s. 349). Jo soene syn metoade - in ynterview mei de dichter oer it ta stân kommen fan syn fersen - de partisipearjende metoade neame kinne. Yn dyselde jiergong (s. 245 e.f.) wurdt ek in nûmer wijd oan it tema ‘skriuwer en ethyk’, mei bydragen fan W. Abma en twa oare teologen.
Yn de perioade fanôf 1977 - Van Hijum en Laverman binne opfolge troch Geart van der Meer en Eppie Dam - is de diskusje oer de struktueranalyze ferdwûn. Bleaun is it omtinken foar wat krityk is c.q. wêze moat. Fan ferskate kanten wurdt besocht dat probleem te benaderjen. Ien ‘projekt’ is it besprek troch Willem Abma fan syn eigen bondel De iken fan Dodona' mei de kritiken op dy bondel, dêr't dan wer op reagearre wurdt yn it folgjende nûmer troch Tr. Riemersma, Van der Meer en Dam (jrg. 9 (1977) nû. 1 en 2). Yn dyselde jiergong komt Van der Meer (‘Under oaren in bisprek’ oer R. van der Velde, Ien foar 't ôfwennen, s. 304) op it probleem lektuer/literatuer, dat oars fierder yn al dy jiergongen fan Trotwaer mar komselden oan 'e oarder west hat. Ek it plan om alle lektuer ienris yn 't jier oer te eidzjen is neat fan op 'e hispel kommen. In oar projekt mei itselde doel is opset yn jiergong 10 (1978). Ditkear is in fragelist (wat is in literêr wurk, wa lêze in besprek, wat is it doel fan in besprek en wat is wol/net literatuer?) de oanlieding foar bydragen fan (wer) Abma, Riemersma, Dam en Van der Meer, en boppedat Sybe Sybesma en Josse de Haan. Nei tsien jier sûnder literêr program komt de redaksje oan it begjin fan it twadde tsiental jierren mei ‘Utgongspunten fan Trotwaer’ (jrg. 11, nû. 1). Punt 2 dêrfan giet oer de boekbesprekken. Dêryn stiet in moaie sin om by oan te knoopjen yn de taseine taheakke: ‘Trotwaer sil oer it algemien | |
[pagina 194]
| |
fan har bisprekkers forwachtsje dat se it forstean fan in boek fordjipje en de evaluaesje út it suver yntuitive weihelje, om it sadwaende mooglik to meitsjen dat der inkelde arguminten oer forstean en wearde op tafel komme dêr't men miskien wol oer tsiere kin, mar dy't dochs sa dúdlik foar jin lizze dat tsieren ek echt sin hat - kreauwerij sûnder dat de útgongsposysjes oantsjutten binne hat hielendal gjin sin’.
It fersoargjen fan boekbesprekken bart yn Fryslân yn in eigenaardige kontekst. De kranten - de Ljouwerter mei Jan Wybenga, Frysk en Frij mei Anne Wadman - hawwe yn it sâlt bebiten literatoaren as resinsinten en hawwe romte genôch om de produksje op 'e foet te folgjen. Dat is in moaie konkurrinsje foar de tydskriften dy't it feit dat hja altyd achteraan komme mar goed meitsje moatte troch in grutter djipgong as in krantebesprek. It literêre rûntsje is mar lyts dat gauris ken de boekbesprekker de te besprekken skriuwer. Dit kin in bedriging betsjutte foar de objektiviteit fan it besprek. Ik mien dat de besprekken net bedoeld binne foar de skriuwer mar foar it lêzende publyk, lykas ik alris skreaun ha oan Steven de Jong (‘Publicity, publicity’, jrg. 16 (1984) s. 62). De begeliedende funksje fan it literêre blêd jildt dan ek it ferskynsel literatuer of konkreter de boekestream - om sa'n grut wurd mar te brûken -, mar hâldt net it begelieden fan skriuwers yn. Dat kin folle better net yn it iepenbier en benammen foar de publikaasje barre. As it boek der al is, printe en wol, is it kwea al bard. Fansels sit deselde gefoelichheid dêr't skriuwers sa'n baat by ha foar it skriuwen, har wer dwers as de kritiken loskomme. Mar se hawwe harsels foar it liuwen smiten, eigen skuld dus. In besprek is noch te faak synonym mei in oardiel en as redaksje kinne jo troch it freegjen fan bepaalde persoanen dy oardielen wol sa'n bytsje bepale, om't de besprekkers mei harren foarkar fakentiden likegoed bekend binne as de skriuwers, as it al net deselde persoanen binne. Dêr is fansels net folle aardichheid oan; it is in trochstutsen kaart. Wol sa nijsgjirrich as it jaan fan - uteraard wol beriddenearre - plussen en minnen fyn ik de ynterpretaasje fan in boek, dus it bydragen oan it ferstean, sa't it yn de Utgongspunten’ neamd wurdt. Foar dy ynterpretaasje moat de besprekker ree wêze him yn it boek te ferdjipjen, der út helje wat der yn sit en besykje rjocht te dwaan oan de bedoelings fan de skriuwer. Hy moat it wurk yn syn soarte beoardielje, net al yn 't foar in ôfgriis ha fan it soarte wurk dat er beöardielje moat. Uteinlik kin er dan it wurk yn syn soarte bêst min fine, as er earst mar - fanút syn gefoel foar it soarte fan wurk - in ynterpretaasje jout dêr't de lêzer wat oan hat. Affiniteit betsjut sa foar my net skouderklopkes of freonepolityk foar de skriuwer oer, mar krekt omtinken foar it wurk, de betsjutting en wearde dy't dat mooglik hat. |
|