[Nummer 4]
Fan 'e redaksje
It is it doel dat de lêste twa nûmers fan dizze jiergong as in gewoan dûbelnûmer - dus sûnder in beskaat tema - yn desimber útkomme sil. Mei it útjaan fan ‘Byldzjende skriuwers/dichtsjende keunstners’ (Trotwaer, 1987-1) hawwe wy ús romte foar spesjale kopij foar dit jier al fersnobbe. Om in âld plan lykwols sa gau mooglik realisearje te kinnen, sille wy begjin takom jier wer in tema-nûmer útbringe. Dat nûmer sil gean oer it plak dat Ynje yn de Fryske literatuer ynnimt. Nyckle Haisma yn waans wurk Ynje net swak byspilet sil yn dat nûmer gâns omtinken krije, mar ek minder bekende skriuwers lykas Riemer Riemersma sille dêryn besprutsen wurde. Oan dejingen dy't oan dat nûmer meiwurkje wolle, dogge wy hjirby de oprop om sa gau mooglik kontakt mei ús op te nimmen; kopij foar dat nûmer sil foar 1 jannewaris 1988 op it redaksje-adres wêze moatte.
Mei yngong fan it folgjend nûmer sil Klaas van der Hoek sit hawwe yn de Trotwaer-redaksje. Klaas van der Hoek, dy't krektlyn te Grins ôfstudearre is as mediëvist hat him foar Trotwaer fral fertsjinstlik makke mei syn yngeande en krityske skôgingen dy't har boppedat en lokkigernôch karakterisearren troch humor en irony. Wy binne bliid dat hy syn kritysk en hifkjend wurk no as redakteur fuortsette wol.
Nij yn dit nûmer is de rubryk ‘Fryske fiksje yn foto's fêstlein’. It giet yn dy rubryk dus net om foto's fan dingen dy't ferbân hâlde mei in bepaalde auteur of dichter, mar om alles dat al of net tafallich ferbân hâldt mei it wurk fan in Fryske skriuwer of dichter of de persoanen dy't yn dat wurk foarkomme. Diskear hawwe wy keazen foar in pleats yn Grinslân, fuort ûnder Woltersum. By lêzers fan it wurk fan Willem Abma sille dy foto's grif wat oproppe. Oare leafst sa orizjineel mooglike suggestjes binne tige wolkom op it redaksje-adres!