Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 126] [p. 126] [Nummer 3] Wilco P. Berga Ljocht It moat wol as in reizger mei treinen gean Mids heuvels, efter in gebou wat flauwer. Lykwols wêr't ik ek mar útstap hieltyd earder Mei inselde regelmjittigens it lân trochreizgjend as de frou dy't juster en ek hjoed tsjinoer my hieltyd sliept Lykas se der moarnier wer wêze sil. Wer mei it ljocht dêr't ik likemin fan wit wêr't it yn 'e nacht tahoden hat, der wol foar soargjend dat se tsjin 'e jûntiid my wer foar is [pagina 127] [p. 127] Ljocht II Wen ik mar net oan dagen Mei in ljocht Lykas in frou soms Om in strjithoeke even skittert Foar in dei mar yn 'e stêd En tsjin 'e jûn Wer like hurd tebekklaut Skynber sûnder reden Bin ik hieltyd wer te let Wer stien te dreamen [pagina 128] [p. 128] Ljocht III Ljocht is altyd ûngeduldich, as in hûn foarútgeand Ungefoelich foar protesten dat ik net sa hurd wol. Noch safolle brieven oan in frou skriuwe moat. Yn kleur sadat se tinke sil dat ik it wol oan tiid hân haw. Wylst datselde ljocht my der net ta ha wol hieltyd myn wurden driuwt [pagina 129] [p. 129] Ljocht IV Wylst de strjitte triljend gevels nei it skaad ta keart soarget it ljocht foar brân yn hieltyd wer in oar glês Mei dêrefter as in bleke plant in hân dy't rikt nei in stjerrend blêd De middeisoere hâldt ynienen stil en sels it asfalt jout gjin lûd wannear't in bern lûd hearre wol wa't de swarte staasje oanfiert. En foar wa't dochs dea it ljocht net wachtet Oppenij in fletgebou ferbaarnd Vorige Volgende