| |
| |
| |
Josse de Haan
Yn it lân fan de Basken leit de polityk op strjitte
Fan 2 oant 6 oktober kamen in 35-tal skriuwers en skriuwsters yn San Sebastian, Baskenlân. Donostia sizze se dêre. De Baskyske skriuwersorganisaasje, Euskal Idazleen Elkartea, neamde it kongres ‘Europako Idazle-Elkarteen I. Ihardunaldiak’, mei oare wurden, it earste kongres fan skriuwers yn de autochtoane Europeeske minderheidstalen. De byienkomst waard jildlik stipe troch de Rie fan Europa. Wilco Berga en Josse de Haan wiene de dielnimmers foar Fryslân.
De wichtichste diskusjepunten op it kongres fan fiif dagen wiene fragen oangeande it besteansrjocht fan literatuer (boeken) yn minderheidstalen, de doelstellingen fan de ûnderskate organisaasjes, de aktiviteiten, de finansjele boarnen, de relaasjes mei de lokale en de sintrale oerheden, en de mooglikheden teksten yn de eigen taal oer te setten yn de nasjonale en oare Europeeske talen. Benammen yn it Ingelsk, omdat yn dy taal de produkten fan de minderheidsgebieten oeral lêzen wurde kinne.
In pikant punt, en foar de Basken tige bysûnder om't it hast noait of komselden bart, wie de bywêzigens fan de Spaanske (d.i. Madrileenske) televyzje. Ek El Pais, de grutste en bêste Spaansktalige krante, berjochte foar 't earst oer in ‘taal’barren yn Baskenlân. It gefolch wie dat de Baskyske skriuwers in wat ambifalinte hâlding oannamen: oan de iene kant wol men neat te krijen ha mei Madrid, wylst oan de oare kant tige goed beseft wurdt dat de Spaanske belangstelling wichtich wêze kin yn de politike striid tsjin itselde Madrid. Itselde spilet bygelyks by it al of net oannimmen fan in literêre priis dy't troch it nasjonale regear ynsteld is. Kin men as Baskyske skriuwer sa'n priis oannimme? Yn alles kringt de polityk troch.
Se fertelt my lústerjend it ferhaal oer har freondinne dy't in pear wiken lyn troch de eigen Baskyske organisaasje ETA delsketten is. It hat har wat fertize yn de tinzen oer wat Baskenlân no eins wol, it hat har tagelyk in bytsje bang makke. Dêrom lústert se, want se wit dat guon lju har yn 'e rekken hâlde benammen no 't se mei in bûtenlanner praat. De earen fan guon kollega's fan har wolle graach alles heare.
| |
| |
Guon fan har lânslju spylje in dûbele rol, oaren skriuwe A en hannelje krektoarsom. Letter sil se mear fertelle, net no ûnder it waarm miel yn it Palacio de Ayete, it simmerferbliuw eartiids fan Franco. Se seit dat in oare erchtinkendheid as dy yn de tiid fan Franco bestiet, mar men moat noch altiten jins wurden hifkje, benammen op sokke gearkomsten.
De oerienkomst en de ferskillen botse meielkoar yn de noch altiten weelderich ynrjochte keamers en salons fan it simmerhûs fan Franco. Doe fochten se meielkoar tsjin ien fijan, no, ferdield, fjochtsje tsjin ûnderskate tsjinstanners, miskien sels tsjin harsels. Eigen minsken, ek al hiene se dan de direkte striid oan 'e kant skood lykas har freondinne dy't har lytse soan fersoargje woe, waarden no al slachtoffer. Se frege harsels ôf oft se der oer skriuwe soe, oft se der winliken wol oer skriuwe koe. Se hie ommers alris kommintaar hân op in stik oer in Bask dy't troch de nasjonale plysje tamtearre wie en dêrnei stoarn. It wie noch mar in jier lyn, en se hiene har moaiaardich útdaagjend en provosearjend neamd. Se wie wat foarsichtiger wurden yn har stikken yn de kranten.
Yn de eardere wurkkeamer fan Franco, dêr't alles, útsein de pertretten dy't opburgen wiene, noch presys sa ynrjochte wie as doe't er noch libbe, wie se begûn oer har freondinne. Se hie der tsjinoan hongen om oer de drompel fan it Francopaleis te stappen, mar se woe it dochs sjen, yn har opnimme, en fergelykje mei de ferhalen dy't se yn har holle opslein hie. Se woe de bylden dy't se doe foarme hie hifkje oan de wurklikheid. Se woe dêr rinne, se woe dêr sitte en alles troch har hinne gean litte, ek neitinke oer de famyljeleden dy't foar 1976 troch de bewenner fan dit paleis kapot makke wiene.
Hjir oan de wurktafel wiene de fonnissen tekene, se wiisde my it skriuwblêd, de stoel en de trije burolampen op en njonken de tafel. It gong my kâld oer de lea doe't se oan harsels en oan my frege wat it ferskil wie, oft der überhaupt in ferskil bestie, tusken Franco en de moardner fan har freondinne. Immen út it eigen folk. De fraach kaam elke dei op 'en nij omheech, want dy resultearre yn de kearnfraach oft deameitsje foar de saak, it algemien belang, tastien wie.
Oan tafel fertelt se dat dizze fraach ek weromkomt yn har ferhalen en essees dy't se yn it Baskysk publisearret. Oant de dea fan har freondinne meastens yn in hiel abstrakte betsjutting. No is de fraach sûnt in pear wike konkretisearre yn har eigen gefoelswurklikheid. No't it har sa ticht op 'e hûd kommen is liket de fraach noch slimmer, en de antwurden hielendal net mear mooglik. Mear Baskyske skriuwers besykje yn fiksje en net-fiksje de kearnpunten fan it Bask-wêzen, mei dêroan fêstkeppele de wearze fan Madrid dy't net feroare is nei de dea fan Franco, yn harren wurk te ferarbeidzjen. Soms brûke se dêr- | |
| |
foar de foarm fan it koarte gedicht, mar faker bart dat yn ferhalen en romans. Se fiele har útsoarte gjin Spanjaard, mar yn 't foarste plak Bask, mei al dy oare 3½ miljoen Basken oan de noardkant fan de Pyreneeën en oan de súdkant. Ek de tûzenen Basken yn it bûtenlân, benammen yn Noard- en Súd-Amearika, fiele har noch altiten ferbûn mei it âlde lân. Rike Basken komme werom en plantsje trije palmen foar harren hûs om oan te jaan dat se jierren fuort wiene mar dochs wer werom kommen binne op it sté dêr't se eins hearre. Trije palmen as teken fan rykdom, èn solidariteit mei de striid.
De ‘Basque American Foundation’ stipet finansjeel de útjeften yn it Baskysk. En wierskynlik net allinne de boekútjeften. De bân tusken de beide groepen is grut.
It kongres wurdt hâlden yn it âlde Miramar Palacio, in âld simmerpaleis, mei in prachtich útsicht op de baai fan San Sebastian, dêr't de Spaanske keningen yn earder tiden oankamen nei't se boatsjefard hiene op de oseaan.
Under it letterlik tasjend each fan de Spaanske en Baskyske media (tv, radio, skriuwende parse) iepent de boargemaster fan San Sebastian yn it Baskysk de gearkomste. Ut in letter útjûne gearfetting docht bliken dat hy in grutte wearde takent oan de moeting, want úteinlik kinne miskien de lytse talen en kultueren der foar soargje dat Europa net fersûpt yn it Amearikanisme. It wurd falt letter faker, en ik begryp dat de toansetting fan de konferinsje makke is.
Skriuwers, oeral yn de wrâld, en yn hokker kultuer ek, moatte neffens de boargemaster it wurd frij hantearje, en moatte der útsoarte foar soargje gjin dissipel te wurden fan in systeem. Der bestiet ommers al genôch oerflakkichheid en unifoarmearring, en miskien kin in alliânsje fan minderheden en harren kultueren wat bydrage oan de eigen identiteit fan de minske. Hy beslút syn ynlieding mei de wurden: it frije wurd sil altiten foar master opslaan, en in buffer foarmje yn tiden fan krisis en oarloch.
De foarsitter fan de Baskyske skriuwersorganisaasje slút der daalk op oan en seit dat it útwikseljen fan de problemen dy't de 15 dielnimmende minderheidstalen elk foar harren sels ûnderfine, en in analyze fan de ûnderskate ûnderfiningen yn positive en negative betsjutting derfoar soargje kinne dat ek skriuwers yn minderheidstalen better en makliker heard en lêzen wurde kinne. Hy hellet artikel 2 oan fan de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske (10-12-'48, Folkenbûn), dêr't it rjocht fan de eigen taal fêstlein is. Skriuwers hawwe perfoarst gjin boadskip oan demagogyske plannemakkers of diktatoriale systemen, skriuwers besteane yn harren skriuwen dat folslein frij is.
Se is opgroeid yn San Sebastian en fertelt oer har legere skoalletiid: sjonge
| |
| |
foar de Spaanske flagge, moarns en middeis, en ek oer it bidden nei it sjongen twa kear deis. Alles yn it Spaansk, wylst thús it Baskysk de fiertaal wie. Elke freed rûnen se in healoere by de berch omheech, mei de hiele skoalle, om in besyk te bringen oan de kapel mei in mânsk byld heech yn de loft. It heugde har noch as de dei fan juster. No hie se al jierren gjin tsjerke mear sjoen oan de binnenkant. 20 jier lyn foar 't lêst doe't se troude. Se wie skieden foar de wet, net foar de tsjerke, dat joech allinne mar gesoademiter. Neffens har wiene roomske Basken oars as roomske Spanjaarden, om't se gjin Spanjaarden binne.
Wy rinne by it strân lâns, oan 'e oare kant fan San Sebastian, dêr't de grutte haven begjint, dêr't Frânske Basken soms midden yn de nacht oanlizze. Hjir lizze de âlde folkswiken dêr't se berne is, en dêr't har âldelju noch wenje. Se komt der net sa'n soad mear, nei har skieding, want it is net akseptearre, en se is dy wrâld wat ûntgroeid. Se fertelt oer har striid, oer Simone de Beauvoir, oer Virginia Woolf, oer Marguerite Duras. Benammen oer de lêste, want dy hat se oerset yn it Baskysk en yn it Spaansk. No hat se in opdracht om L'Amant fan Duras yn 't Spaansk oer te setten. Se hinget der wat tsjinoan, mar se hat it jild nedich. Se fertelt ek oer har bestean as skriuwende frou, yn in lân dêr't fan froulju noch net sa'n soad pikt wurdt, oer freondinnen dy't foar in abortus nei Amsterdam of Londen moasten, oer de Spaanske rjochters dy't net de wet tapasse mar de foarskriften fan de paus.
Mei in lyts boatsje farre wy oer de haven en komme yn in doarpke dat tsjin de berch boud is. Der is mar ien strjitte, dêr wenje allinne mar Basken. Wy rinne de tsjerke yn dêr't se doopt is, en dêr't har mem noch altiten op dy dei komt. Se fertelt oer it ferrifeljen fan de arbeidersklasse troch de tsjerke yn dy tiid. Se besiket it yn har ferhalen te beskriuwen. Njonken de tsjerke wiist se my in grut hûs. Dêr learden de bern Baskysk doe't dat ûnder Franco ferbean wie. Oeral yn de stêden en doarpen waard yn 't geheim Baskysk leard yn de Francotiid. Guon skoalmasters binne ophongen, oan de wurchpeal setten of gewoan deasketten yn dy tiid. Dan steane wy foar in stien dêr't yn 't Baskysk in tekst op kalke is. In jier lyn binne hjir twa Basken troch de nasjonale plysje ôfmakke. Se fertelt it sûnder emoasje, soks bart hjir no ien kear.
It earste diskusjepunt komt al fuortdalik by it begjin fan de gearkomste op it aljemint. Ommers, de 15 minderheidstalen sille foar de kommunikaasje in fiertaal kieze moatte dy't elkenien beneikomme en brûke kin. It wurdt (fansels) it Ingelsk. Eins in paradoksaal feit, want by de measte dielnimmers bestiet in sterke ôfkear fan de Amerikaanske/Ingelske ynfloed op de eigen taal en op de eigen kultuer, benammen troch de ûnderskate televyzjeproduksjes út de saneamde nije wrâld.
| |
| |
Ingelsk dus, want de Katalanen, de Galisiërs en de Basken wolle eins gjin Spaansk, de Súdfrânske Basken en de minsken út Bretagne fersmite it Frânsk, sadat it Ingelsk oerbliuwt. Yn in lyts kertier komme op dizze wize de meast essinsjele punten op it kleed:
a. | it beskermjen en hoedzjen fan de eigen taal tsjinoer de allesoerrazende supertalen, dy't it takomstskrikbyld fan de ienfoarmichheid lykje foar te sizzen, wylst oan de oare kant de needsaak sa'n supertaal brûke te moatten yn ferbân mei de ûnderlinge kommunikaasje konkreet bestiet; |
b. | in twadde paradoks ferskynt yn it kader fan de plannen oersettingen te meitsjen út de minderheidstalen yn in mearderheidstaal; ek hjir liket it Ingelsk de iennige geskikte taal. |
De Lap Jon Gustavson, fertsjintwurdiger foar de Samitaal dy't yn it uterste noarden fan Europa troch in lytse 100.000 Lappen sprutsen wurdt en skreaun, fynt dat brûken fan it Ingelsk gjin grut probleem. Krekt it brûken fan sa'n wrâldomfetsjende taal kin de minsken derop wize bygelyks dat de Noaren en de Sweden net sûnder meiwitten fan de wrâld de Lappen nei gichem helpe kinne. Mei oare wurden, it brûken fan it Ingelsk hie holpen dat de Lappen net útmoarde wiene, om't miend waard dat it gebiet sa geskikt wie foar militêre en nukleêre doelen.
In taal, it Sami yn dit gefal, jout in folk - hoe lyts ek - in eigen status en in grûngefoel fan it rjocht op in eigen bestean. It deadzjen fan in taal - it negearjen en it ûnderdrukken fan dy taal - is itselde as it ferneatigjen fan in folk. Yn 1979, it jier dat de Lappen yn opstân kamen tsjin de Noarske polityk oangeande it noarden dêr't de Lappen wenje, waard de organisaasje fan skriuwers (no in fyftich leden) oprjochte. Se wenje yn Noarwegen, yn Sweden, yn Finlân en yn Ruslân. De haaddoelen fan de organisaasje lizze op it kultureel-politike flak. Sûnt 1979, nei ûnderskate Sami-publikaasjes (yn it Sami, yn it Noarsk en yn it Ingelsk), is Noarwegen foarsichtiger wurden. Foaral de gearfettingen yn it Ingelsk, dy't rûnom oer de wrâld stjoerd waarden, holpen yn dit stik fan saken.
De Bretonske skriuwer op jierren, Yann Bouëssel du Bourg, slút fuortdalik oan by de Lap. Hy ferklearret dat Parys al ieuwenlang in soarte fan ‘killing machine’ west hat, net allinne wat de taal oanbelanget - dy wurdt en waard net yn de skoallen yntrodusearre - mar ek wat de minsken sels oanbelanget. Yn ûnderskate oarloggen waarden de Bretonske soldaten mei opsetsin yn de foarste linys ynsetten. Hy beskuldiget de Frânsen fan in kulturele moard en in misdied tsjin it minskdom.
In Súdfrânske Bask (Basque du Nord sizze se dêre yn San Sebastian) ferklearret dat de sitewaasje hjoeddedei net sa'n soad ferskeelt, of feroare is,
| |
| |
om't Frankryk net allinne it Baskysk ferbiedt (geheime radiostjoerders litte it Baskysk hearre, en jouwe ynformaasje oer de hillige saak), mar dat de Frânske oerheid tsjintwurdich ek lêstige Basken nei Gabon stjoert, dêr't se harren elke dei melde moatte by de plysje. Hy neamt it in moderne foarm fan deportaasje. Yn wêzen binne it politike finzenen fan it ek wat de taal oanbelanget sintralistyk bestjoerde Frankryk. Undergrûns en oer de radio wurde hjiroer in bulte politike fersen publisearre, dy't grif lêzen en beharke wurde. It frjemde is wol dat yn Parys Baskysk leard wurde kin, dêr't ek útjeften yn it Baskysk te krijen binne.
Yn in yn wider en histoarysk ferbân pleatste ûntwikling docht bliken dat de bywêzige generaasje skriuwers en skriuwsters - sa likernôch tusken de 35 en de 70 jier âld - allegearre ûnderwiis krigen hawwe yn de frjemde twadde (lâns)taal, wylst se fan thús út de wrâld yn de eigen taal ûntdutsen en ûnderfûn hiene. It ferfrjemdzjende fan de earste dei op skoalle yn dy oare taal hie by elkenien op deselde wize plak fûn. Dat weromkennen foarmt ien fan de grûnslaggen fan de petearen, op 'e konferinsje en dêrbûten. Sterker, it byld fan dy ûntheistering spilet noch faak in rol yn it literêre wurk en yn de opstelling oangeande de taalpolityk fan de lokale en sintrale oerheden.
Hoewol 't elkenien de twadde (lâns)taal meastentiids goed behearsket nei in tal jierren legere- en middelbere skoalle bliuwt dochs de eigen taal in wichtige rol spyljen yn it libben en yn it sjen nei de wrâld. ‘Hoe kin men immen oan 't ferstân bringe’ seit Jon Gustavson, de Lap, ‘dat ik opgroeid bin yn in 56 betsjuttingen fan snie en yn in 23 alternativen foar hûd?’
Fierder ferklearret er noch dat syn Noarsk riker wurden is troch syn eigen Sami-taal. Ek hy skriuwt (lykas iksels) yn twa talen. Nei in bulte drank op in jûn - wat kin sa'n Lapnoar ûnbidich sûpe! - koene wy elkoar yn ús eigen talen folslein ferstean.
Op in frije jûn ride wy nei in doarpke yn de bergen, in plak dêr't in bulte minsken de ultraloftse partij Herri Batasuna oanhingje, dy't de ETA stipet. Se ferwachtet dat aansens mei de ferkiezingen noch mear minsken op dy partij stimme sille, benammen no 't de nasjonale sosjalistyske partij yn twa dielen útinoar spatten is. It wurdt dan noch slimmer om it Spaanske Baskenlân te bestjoeren.
Mar wy sykje it doarp net foar de polityk op, wy geane nei in optreden fan de wichtichste Baskyske sjonger, nammentlik MIKEL LABOA. Hy sjongt allinne yn it Baskysk, âlde balladen en ek fersen fan jonge Baskyske dichters. Guon fersen binne sa njonkelytsen eigendom wurden fan it publyk, en wurde by wichtige barrens songen.
It doarp Baragua leit in 80 kilometer fan San Sebastian, yn de bergen oan de
| |
| |
westkant. De befolking libbet fan de houtyndustry en de metaalfabriken. Dêr bestiet in grutte fersmoarging, dy't net oanpakt wurdt om't der gjin jild foar is. De measte fabriken binne ferâldere, it ienris rike Baskenlân (de rykste provinsje fan Spanje) is sa njonkelytsen it grutte probleemgebiet wurden.
De wurkleazens is tige grut, ûnder de jongerein fan 16 oant 25 sa'n 45%. It gebrûk fan drugs (benammen hard drugs) en de terreur binne de twa oare grutte problemen. Madrid lit it sitte, en de lokale oerheden witte troch harren spjalt ûnderelkoar gjin oplossing te finen. Der wurdt tocht dat de Amerikaanske CIA Baskenlân brûkt om de sosjalistyske sintrale oerheid op in sydspoar te setten. Der wurdt provosearre, en net allinne troch de Basken sels. Sels op de konferinsje binne minsken oanwêzich dy't troch guon Baskyske skriuwers erchtinkend besjoen wurde.
De sjonger MIKEL LABOA giet de problemen yn syn lân net út 'e wei. Guon fersen binne tige skerp en bitend, nei beide kanten ‘Wy moatte ús net brûke litte, net troch Madrid, en ek net troch de Amerikanen’ sjongt er. En de sa likernôch 1500 bywêzigen sjonge fûleindich mei, klappe yn de hannen, en stampe op 'e flier. Oant trije kear ta moat er syn lêste fers op 'en nij sjonge. Polityk en libben binne hjir hast ien gehiel.
Letter, fier yn 'e nacht sitte wy yn in lytse kroech oan it strân, en lêst se my fersen foar yn it Baskysk, fersen oer de politike striid, mar ek fersen oer it deistich libben en oer de leafde. Yn koarte gearfettingen yn it Ingelsk kin ik sa'n bytsje beneikomme hoe't de skriuwers dêre skriuwe. Se freget my oer it libben yn Fryslân en yn Amsterdam. Ek ik lês wat fersen foar yn 't Frysk en yn 't Hollânsk, en wy besykje de âlde wize fan Baskysk kommunisearjen ta te passen: elkoar sjongend ymprovisearjend fragen en antwurden te jaan. It slagget foar in part, en de konklúzje moat wol wêze, dat der yn wêzen gjin ferskil bestiet tusken skriuwers, wêr't se dan ek mar libje meie. Guon talen binne oeral gelyk, polityk of gjin polityk.
Kuierjend op de dei dat wy troch Baskenlân ride mei in bus fait it my op dat der hast gjin minsken út oare dielen fan de wrâld rinne. Yn Amsterdam bin ik sa njonkelytsen allegearre groepen en kleuren wend, en dan falt ien swarte man yn Vitoria, de haadstêd fan Baskenlân dêr't it parlemint huzet, daalk op as in útsûndering.
Underweis yn de bus sjoch ik Marokkanen op it lân wurkjen, dêr't se ierappels, biten, beane en maïs fan 't fjild helje. En neifraach befêstiget it bleate each, Baskenlân telt hast gjin ynwenners dy't út Afrika of Azië komme. Allinne Marokkanen, mar dy wiene der al doe't Franco noch hear en master wie. Se fochten sels yn syn leger, en wurde dan no ek noch altiten minachtsjend oansjoen. Allinne it swiere en smoarge wurk kinne se krije. It sil ek oarsaak
| |
| |
wêze dat de allochtoane minderheden yn Europa, sy dy't harren eigen taal skriuwe, net útnoege binne op 'e konferinsje. In fraach yn dizze rjochting wurdt yn earste oanlis net iens hielendal begrepen, want se hawwe ommers skriuwersorganisaasjes fan minderheidstalen útnoege’. Minsken yn Baskenlân binne harsels net sa bewust fan dy problematyk lykas wy dat binne, fan dy oare minderheidstalen en skriuwers. Hjir lizze foar de takomst mooglikheden ta gearwurkjen, dêr't de ûnderskate literatueren (lytsere yn dit stik fan saken) elkoar helpe kinne en stypje. Ynstee fan isolemint is gearwurkjen in needsaak.
Op de konferinsje sels hat dizze gearwurking net as sadanich oan 'e oarder west, mar yn de saneamde kuiergongen die bliken dat in twadde en ferfolchkongres dit elemint opnimme moatte soe op 'e wurklist. Skriuwe oer dizze tiid fan no, yn dit Europa, hat wis te krijen mei it ferline fan elkenien, én mei de takomst fan elkenien. In maatskippij dy't folslein technokratysk en funksjoneel reagearret yn ien unifoarmearre taal kin profyt ha fan de lytse taalkultueren. ‘Dit freget dan’, antwurdet de foarsitter, yn in reaksje op dizze diskusje, ‘oersettingen nei elkoar, èn oersettingen yn in grutte koepeltaal’.
Maite Gonzalez Esnal en Josse de Haan Vitoria, haadstêd Baskelân. 4 oktober 1986.
| |
| |
Mei Joakin Agulla, skriuwer en teaterman út Galisië, sit ik op de ien nei lêste dei yn in kroech yn Gernike, in 40 jier lyn hast hielendal plat bombardearre, ferneatige troch de fassisten. De boargemaster hat in fûl pleit hâlden foar de frijheid, ek foar de frijheid en it rjocht yn eigen taal te skriuwen, foar alle folken. Picasso's Guernica is hommels en dwers wurklikheid, en ik tink dat ik de Basken wat better begryp, harren fûlens en ek harren bommen. Efkes mar, want it wiene de fassisten dy't de bommen op Gernike smieten. Joakin wiist it terrorisme mei bommen fan de hân, en leit út dat men dan mar better emigrearje kin, sa 't in bulte fan syn folk dien hawwe. Hy neamt Fidel Castro syn âldelju, de pake en beppe fan Alfonsin, de tsjintwurdige presidint fan Argentinië, de pake en beppe fan Benedetti, de skriuwer. It binne allegearre minsken út Galisië, en allegearre sprekke se noch de taal, in taal dy't besiket har te hanthavenjen, heal yn Spanje en heal yn Portugal. ‘Wy moatte mear mooglikheden hawwe om te skriuwen en om te publisearjen’, seit hy, ‘benammen tsjin de oerhearsking dêre’, en hy wiist op in mânske kleuretelevyzje yn de lofterboppehoeke fan de kroech.
In yntegraal útstjoerde Amerikaanske western, ynklusyf de reklame, net mei ûndertitels, klettert hast letterlik oer de hollen fan de oanwêzige lju. Twa Basken efter de taap prate Spaansk, trije fertsjintwurdigers fan de pleatslike jongerein kaartspylje oan in taffeltsje en brûke de Baskyske taal. Lykas mei de Lap stel ik Joakin út dat ek wy ús eigen taal brûke sille, want dan is it hast in folslein Europeesk Babel.
Efkes letter sjogge wy nei dé Baskyske sport by útstek ‘it pelota’, en ik mien in pear tellen taskôger te wêzen fan in keatswedstriid. Ik tel sels mei yn it Frysk, ‘skjinne twa’ (2-0, stiet op 'e buorden dy't elektroanysk ferspringe), at de iene pertij in punt hellet. Hûnderten minsken sjogge elke jûn nei de profspilers, en betelje der flot in tsientsje foar.
De papieren binne foarlêzen. It docht bliken dat der grutte ferskillen besteane yn tallen leden fan de ûnderskate skriuwersorganisaasjes (fan 50 Lappen oant 2000 Sweden), dat de finansjele bydragen fan de lokale en sintrale oerheden moaiaardich divergearje (Georgië mei frijstelde skriuwers, en Bretonske literatoaren sûnder in sint stipe), dat de boekútjeften jiers útinoar rinne fan nihil (Bretagne) oant 250 (Baskenlân), dat yn trijefjirde fan de talen ûnderwiis jûn wurdt yn de eigen taal en de eigen kultuer (gjin Lapsk, gjin Bretonsk, gjin Súdfrânsk Baskysk, gjin of hast net Galisysk), en dat moaiaardich wat skriuwers publisearje yn twa talen (yn de eigen taal en yn de lânstaal).
Dizze earste konferinsje fan skriuwers yn autochtoane minderheidstalen smyt úteinlik de folgjende konklúzjes op tafel:
| |
| |
a. | it hat bliken dien dat skriuwersbûnen fan minderheidstalen nedich binne, en gearwurkje moatte, sadat harren stimmen heard wurde en dat der betingsten skepen wurde sadat se wurkje kinne; |
b. | de Europeeske literatuer moat net beheind bliuwe ta de grutte en machtige talen, ek de minderheidstalen - autochtoan en allochtoan - hearre derby; de dielnimmende organisaasjes sille dêrfoar yn 't spier dit elemint nei bûten te bringen, benammen by de Rie fan Europa; |
c. | de bywêzigen stelle út elkoar sa folle as mooglik stipe te jaan, sadat dit te'n goede komme sil oan de literatuer op himsels, net allinne moreel mar ek yn dieden, foar safier mooglik technysk en finansjeel (bygelyks yn it stypjen fan oersettingen); |
d. | de Baskyske skriuwersorganisaasje hat it doel elke trije jier sa'n konferinsje út te skriuwen, en noeget oare delegaasjes út identike kongressen op tou te setten, sadat de gearwurking noch mear stal krije kin. |
As lêste is der praat oer it stiftsjen fan in ynternasjonaal buro foar skriuwers yn minderheidstalen. De Rie fan Europa liket wol ree subsydzje beskikber te stellen. In tal lju út ûnderskate delegaasjes fynt Nederlân dêrfoar wol geskikt, én yn geografyske sin, én mei it each op de grutte tallen minderheden mei har eigen talen. Miskien kin Fryslân de foarstap nimme? In kongres yn Ljouwert, útgeande fan it Skriuwersbûn soe in aardich begjin wêze kinne. Neffens ús ynformaasje kin mei in twa ton hiel wat dien wurde.
Ikusi arte Euskadi, ni naiz agian zuretzat. Mei oare wurden: Oant sjen Baskenlân, ik bin miskien in bytsje op dy fereale. Baina etxean da a ere bai on. En dat wol sizze: Mar thús is it ek goed. Baita maite da erraz, -n mila bederatzirehun eta larogei ta sei. Oars sein: Want leafde is sa maklik yn 1986. Ulertzen duzu? Begrypst? Emakume -en Frygiar, gizon -en Frygiar. Do frou út Fryslân, do man út Fryslân. Hon konpon: Besykje it mar ris.
Sa't út boppesteande bliken docht, kin men as Fries neat mei sa'n taal as it Baskysk. Der binne gjin oerienkomsten of korrelaasjes te finen mei de bekende talen yn West-Europa, net allinne wat it praten oanbelanget (útsein it wurd ‘mem’, dat is ‘ama’), mar ek wat de skriuwtaal oanbelanget. Men heart allinne mar klanken, en út en troch sjocht men de sprekkers sykheljen, sadat der wol in lytse pauze ûntstiet. Net mear, mar útsoarte fassinearjend en nijsgjirrichmeitsjend.
De lêste nacht, tsjin tolven, steane wy by in prachtich keunstwurk fan de Bask Chillida, ynwenner fan Donostia, dat de ferbining fan it lân en it wetter oanjout, en tagelyk ûnfeilichheid en feilichheid útdrukt. Klauwen en earmen sjocht men,
| |
| |
it is mar krekt wêr't men stiet. As it wetter te heech wurdt, spielt it ûnder it keunstwurk troch en spuitet it wetter troch lytse gatten yn it granyt oer en troch de romten tusken de earmen werom nei de oseaan. It gehiel, de rotsen en de oseaan en it keunstwurk binne op sa'n stuit ien wurden. De wyn fluitet der trochhinne, sjongt hast, ropt de wurden út jins kop.
Wy hawwe it besocht en meitsje dêre in mongen Baskysk/Frysk fers, twa talen dy't útsoarte skynber heaks opelkoar steane, oan de oerflakte, want ynhâldlik kaam der op 't lêst dochs in tekst, miskien kin it poëzije neamd wurde:
de lûden fan dyn fingers rikke fier
hâlde fêst frisselje 4 eagen ta wat nijs
do omearmest de tiid en setst him stil
wy kinne alline mar sykhelje en harkje
tusken de spatten fan it brimstich wetter
en de huningskiven fan dyn roastich liif
de âlde meidij krijt oppenij wat romte
foarletters skrasse de stilte foarby
Donostia/Amsterdam
oktober/desimber 1986
|
|