Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 281] [p. 281] Geart fan der Mear Maart. Alles is keal... maart. alles is keal. en neat gjin grien. of dochs... mar 't binne suterige gerskes. hjir stean ik foar it rút en wachtsje op it wûnder dat dochs wer komme sil en mij de siken wer benimme sil: blau-wite maitydsloften en de opgong fan it ljocht dat mij wer ferwaarmje sil ta langst nei wer dit jier. der sil wêze sinne en rein, waarmte en skrouskens, in langste dei, en in ôftellen nei de koartste dei. de koartste dei - mar no is 't hjoed, de ljurken moatt' noch komme. de tiid is noch yn 't wifkjen, en aanst: jou dij oer, lit it komme. de wyn sil wer lij wêze, ferjit de tiid, en silst de tiid ferlitte om te ferjitten, om te bewarjen. Vorige Volgende