Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 280] [p. 280] Eppie Dam Septimber It ljocht stiicht út 'e dauwe wei as seach it hjoed foar 't earst, harsels befrijend út 'e dampen fan har berte, it smetteleaze foarlân fan 'e dei. De popelieren pleaget noch gjin spoar fan ôfbrek en ferfal. De iere sinne boartet mei har sulvren biddeltsjes: in núnderjende wetterfal fan fierren. As hied er jierrren krigen ta behâld en woeks er ûngemurken it seizoen foarby, sa tilt de eker op fan kleare griente: in wâld fan wytlof, boerekoal en prei. Der is gjin brún te keap. De blommetún is read en giel te heap rûn yn ferwin: daaljes en chrysanten steane op har kleuren, har op 'e hjerst ferheffend as in nij begjin. Hjir stean ik yn myn himd foar 't rút, in bytsje fan 'e regel omt in âlde flam dy 't komme soe, net komt. Ik draai my om en kom har hommels yn 'e spegel tsjin, de grize hierren om 'e sliepen hinne as in slomjend reach, sa foar 't each ûnskuldich, mar ûndertusken, mei in geduld dat like tin is as waarnimber: Septimber. Vorige Volgende