‘Nee, Pastoar, Tsjitske.’
‘Tsjitske, Tsjitske...’
‘Es, es, tee... Teresia Virgo, Tharsilla, Thecla, Thecla Virgo, Theodorus, roes, roes, ...ra...ra...ra... Theodora...’
‘Dat zou mooi kunnen’.
‘Ga maar zitten met de kleine.’
Wat preuveleminten yn it Latyn, en fierder... Ego te baptizo Theodoram, in nomine Patris et Filii et Spiritus Sancti.’
Letter haw ik de saak ris goed neisjoen. Hy moat fragen en andert allegearre efter elkoar opsein ha. It ôfswarren fan de duvel, it ûnthjit te soargjen foar in goed Kristlik thús foar Tsjitske, en sa mear. Yn de boeken fan de susters dy't my letter grutbrocht ha, stie it kreas beskreaun.
Wat hie er sizze moatten, al as net mei preuveleminten en doopwetter?
‘God, Swaantsje, wat is dit wat niet ju? Kin Wanny it kyn wel groat bringe? Het se ok ferlet fan it een of ander? Kin se ok geld bruke?’
En wat sei de ‘zieleherder’?
‘Er is iemand aan de deur, ik heb geen tijd’.
Ferjamme, wêr hienen se ál tiid foar? Do seachst se noait op it Grut Tsjerkhôf of de Kampen. Wêr seachst se wol? Hawar, yn fyftich, sechtich jier is der net sa'n soad feroare, op it Reitdjip sjuchst no ek gjin kop.
Pake koe der al sa'n bitter wurd om falle litte. Hy woe der it leafst bûten bliuwe, wie net Roomk, mar om beppe die er wol ris ‘wat’. Mei pake seach beppe tige op by de ‘sosjalen’. Dêr barde wat, dy doarsten it te sizzen. Nee, fan beppe ha ik myn aard net. It moat in goed minske west ha, beppe Wytske, te goed winliken. Omgean mei jild hie se gjin ferstân fan. It wie altiten op en wei as der wat foar de bern kocht wurde moast, mar in hert fan goud. Altiten in oar helpe wolle, altiten klear foar in oar en mei dêrtroch...
Beppe koe it net oan, en wie gauris siik. En pake? Dan wurk, en dan wer sûnder. Alles oanpakke wolle, mar it slagge selden goed.
‘Kastlein, witte jo ek wêr't Belkema, fan efter de tsjerke, hinne gongen is?’ ‘Jawis al, dy siet in skoftke yn Martinus en is doe letter mei oergongen nei Ulkestein.’
Oft it allegearre wier is wat er ferteld hat, bliuwt in frage, mar de sfear? Ja, sa moat it west ha dêr om de Grutte Tsjerke hinne. Roomsk, Read en Fyn, alles troch elkoar mei wat negoasjelju út Dútslân der trochhinne. En de drank? Guon út de famylje soenen nea de flesse pakke wylst pake altiten wat yn de krêbe stean hie.
Beppe moast belies jaan doe't wyks foar Krysttiid har longen ûntstutsen rekken, kjeld skipe, gjin wjerstân. ‘Mooglik dat se de achtste dei hellet’, en de snor fan dokter trille efkes nei, ‘mar hjir is gjin ferwin.’