Nei dat wykein hie Piter him faker en faker belle, se hienen nei in tonielstik west, in opera, noch werris nei it kafee en sa wie it begûn.
Dêrnei hienen se der alle wykeinen west.
Der wipt in swarte klyster oer it gers. As stedsjer ken er dizze fûgel, krekt as in mosk, en al hat Piter him noch sa folle oare oantsjut - foaral troch de fierrekiker - Jasper kin se mar net ûnthâlde.
Piter fielt him tige ferbûn mei dit diel fan Fryslân, mei de ‘grûn’ sa 't er it neamt. Fierder is Piter sa sûnder sentiminten, nofteren, men soe him sels koel neame kinne. Hy tinkt goed nei ear't er earne mei begjint. Jasper twifelt der net oan, dat it ek sa is by syn freonskippen.
Jasper spielt in kopke dêr 't er kofje út dronken hat, ûnder de kraan ôf. Hy blêdet yn 'e ynstruksje dy't Piter makke hat foar frjemden dy't hjir wolris útfanhûzje.
‘Bij extreme warmte zolderraampje openzetten’ lêst er.
(Soe dat no ek moatte? It is aardich hyt!)
Dizze winken foar de húshâlding binne typt, elkenien kin it lêze. Sa praktysk is Piter. Jasper hat er frege om hjoed it gers te meanen en dêr sil er dan ek mar mei oan 'e gong.
Middeis pakt er de fyts.
It is sa'n dizige neisimmerdei, de sinne skynt wol mar it is krekt as sit der in flues foar. Der is hast gjin wyn en op dizze ruilferkavelingsdiken sjit it flink op. De bou leit der kreas by. Foar in stik grûn stiet in boerd mei dêrop: ‘Pas op! Pas ingezaaid’.
De seefûgels ha it ek lêzen, der sitte wol hûndert op dat fjild.
Fierderop sjocht er fjouwer fasanten skarreljen.
Hy wie it mar heal fan doel, mar komt dochs by Jantsje en Geart telâne. It is famylje fan Piter, mar hoe't it yninoar sit wit er eins net.
‘De jonges binne nei 't fuotbaljen. Sneons is dat fêste prik,’ seit Jantsje. Hja is in jier of fjirtich, artistyk, jout kursussen oan âlde minsken. Se hat grif al hiel wat fan Piter syn freonen op 'e tee hân. Jasper fynt dat sy sa'n hâlding hat fan ‘hoe lang soe it dizze kear duorje’.
Hy boartet mei de hûn en wit net rjocht wêr't er oer prate moat. Hy hat hjir noch net earder allinnich op besite west.
Letter, as se wat sterkers drinke, wol it allegear wat better. De jonges komme thús, se hawwe har fuotbalklean noch oan. De âldste is fjirtjin. Jasper fynt him moai en is hast oergeunstich. Foar de jonge moat alles noch begjinne. It wurdt al donker as er werom fytst. Ut de sleatten komt damp op.
Foar syn miei ûntteit er wat út de djipfries; hoe 't Piter it foarinoar kriget wit er net, mar it friesfak sit fol. Yn sokke saken is Piter ek wer tige praktysk: der binne gjin winkels tichteby.