west tot Gewest sjucht hoe't har man mei har fearren pronket nei't er har wurk earst net sitten seach. Dochs begjint Martha hjirtroch fan har man te ferwiderjen, alteast, wat yn te sjen:
‘Ik hâld fan him, Floris, en hy dweilt de flier mei my oan, hy belazert my, iderkear op 'en nij. Ik wit it, ik wit it wol. Ik bring him op 'e trein as er nei in freondin ta moat: “Wier, ast ris wist hoe'n soad waarmte ik fan har ûnderfyn,” en ik helje him wer op, ik stean der, bin der. Ik wol it net en doch it dochs. “Lit dy fint dochs stikke, hast oars niks as lijen mei him,” sei Anke, dy't der ek al niks fan snapte. As ik it koe.
Mar sa bin ik net makke, Floris. Ik sit sa freeslik ôfgryslik oan him ferbûn - en wêrom.’ (s. 62)
By syn earstfolgjende besite trochsjucht se syn hâlden en syn ferlechjes: ‘De lul dy't er is’ (s. 70). Dat de kikkerts no fuort binne makket har poer en hja rint by him wei.
By har earste wykein tús is it safier dat se net mear pikt dat har man froulju derby hat. Hja fynt earbellen yn 'e sliepkeamer en menstruaasje bloed yn in lekken. Dit wykein dêr't se eins wat mei harsels en de man yn it lyk komme wollen hie wurdt de safolste ôfdijer, en hat syn weromslach op har. It ferslach hjiroer wurdt net leaud troch de helpferlieners, útsein Floris dan.
Der wurdt in sprong yn 'e tiid makke en yn in brief lêze wy hoe 't Martha wer yn 'e wrâld weromkeart en ek hoe't hja foarútgongen is:
‘Myn man hie my al yn 'e auto, foardat ik goed en wol wist, wat der krekt oan 'e hân wie. Hy hie syn nocht fan my ôf en woe my kwyt.
(...)
Mar doe 't ik by myn man wie en sei, dat ik net wer by him werom kaam, mar op in flat gong, doe krige Jurgen (de direkteur fan 'e ynrjochting, HW) wol sa alderôfgryslikst de wyn fan foaren, de kopkes fleagen troch de keamer myn man hie it skom op 'e mûle stean.’ (s. 95)
Ferlike mei earder ferslach:
‘Al dy terapyen en trainingen, Floris, ik moat der oan wenne. Jim, iderien, fynt alles hjir gewoan, omdat jim der altyd yn sitte, mar ik kom út in hiel oar libben. En oeral rinne minsken, hjirhinne, dêrhinne, Alice, Anneke, Line, Joep, José, en dan is der noch in Brel, no ja, en Fred en Linda... en Peter, dat is de dokter’, (s. 11/12)
kin men wol sjen dat Martha mentaal foarútgongen is, dat hja evenrediger