it begjin hinne en wer yn de tiid: ear't Degreve yntrodusearre wurdt yn haadstik 6 (‘In doarpsdokter’) hawwe wy al heard fan Bouke en Minke, har beide famyljes en de frjemde arrestaasje nei de oarloch fan Minke har heit. Fan haadstik 6 ôf spilet Degreve dan in wichtige rol: de Winters-‘connection’ en de reis nei Grins yn it selskip fan Minke om efter de identiteit fan dizze Winters te kommen, it rapport dat Bouke foar Degreve skriuwe moat om't dy him skjinprate moat fan syn flaters, de gearsit dy't troch Bouke organisearre wurdt om Degreve syn skuldeaskers tefreden te stellen en dan it al neamde slothaadstik.
‘It ferhaal fan dokter Degreve is, yn it ljocht fan wat wy no oer de oarloch witte, mar in lytse groteske, al hie it dan yn 'e fierte wat út te stean mei dy skriklike trageedzje fan seis miljoen fermoarde Joadske minsken, dy't ús net mear loslitte sil...’ (s. 127), leit de skriuwer oan Bouke yn 'e mûle en mei dizze karakteristyk kin ik it skoan fine. Yn in groteske rinne komyske en tragyske eleminten trochinoar, en dat is yn dit boek ek it gefal. Tink foar it komyske allinnich mar ris oan de beide ‘bêd-sênes’: sawol yn it begjin as oan 'e ein fan it boek krûpe resp. Wiuwerda en Degreve, beide útdruklik as foarse manlju beskreaun, mei lijen ûnder in bêd om arrestaasje foar te kommen en beide kearen makket Minke oan it ferside-krûpen in ein.
Ek it lytse, it heale, is yn dit boek sterk oanwêzich, en dan ek noch krekt tsjin it dekor fan de Twadde Wrâldoarloch. Eins binne yn elts gefal twa fan de trije haadpersoanen labbekakken, in bekend slach folk by Wadman. Bouke liket it gauris mar noflik te finen dat er oan de kant stean bliuwe kin: ‘... omdat ik myn sykte benammen ûndergyng as in ûntslein wêzen fan alle ferantwurdlikheid. Ferantwurdlikheden ommers meitsje dat in minske him net deljaan mei, net mei himsels yn 't lyk is, hy moat hjir of dêr foar stean, warberje en oarderje, himsels en oaren ta lêst wêze. ... It kaam net yn my op om Minke myn leafde te ferklearjen - it idee wie net allinnich dwaas, mar it soe ek it sykjen fan ferantwurdlikheid betsjutte.’ (s. 54).
Ek Degreve hakket gjin knopen troch, hoewol't dúdlik is dat er de ferkearde kar fan wiif dien hat (s. 63) en dêrtroch folslein mei twa fuotten yn ien hoas sit. Ek syn bân mei Minke wurdt gjin grutte leafde of grut leafdesdrama; pas oan 'e ein pakt er troch, mar mei de dronken kop, op jammerdearlike wize. Syn stipe oan it ferset, as it dat al is, past yn dit byld: it bliuwt beheind ta it byinoar fandeljen fan jild foar in dizenich personaazje lykas Winters.
Eins kin allinnich fan Minke sein wurde dat hja har krekt net liede lit troch of delleit by de omstannichheden, mar har eigen wei kiest. Hja wit wat hja wol en behearsket ek gauris de sitewaasje, lykas yn de beide al neamde ‘bêd-sênes’.
It is fansels de keunst om it boppeneamde lytse en heale dochs net op in lyt-