Trotwaer. Jaargang 18
(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 255]
| |
[pagina 256]
| |
ferweveit snijt in wrâld fan sniewyt sweven
ik sit te mimerjen foar it rút
fal fan flokken hat jo antlit heve
it smeket my om in beslút
it snijt. in sniewyt sweven smeit
dy't binne en wiene oanien
in bern bliuwt mei in mem ferweve
himel en ierde wurde ien
| |
[pagina 257]
| |
de âlde iikwa bespile de nacht dat jo ferstoaren
de harpe fan dy ieuwenâlde iik
klanken alles sa folslein feroaren
dat sels it ferwulft der fan iepen briek
it fjoer dat ivich yn de stiennen sliept
waard lôgjend wekker út syn slomme
mar doe't it swurk him foarme ta in krypt
is 't lûd fan de âlde iik ferstomme
| |
[pagina 258]
| |
de dogriis en rûnrêgich stiene jo
brieken de bôle ta krommels
doe tusken de mosken samar in do
in fêst patroan feroare hommels
de mosken hipten op jo gear
op hannen rêch sels om jo tosken
rûnom sieten griis de mosken
jo hier: ien grutte moskefear
de do allinne fleach wer fuort.
wat hat jo út it libben skuord?
| |
[pagina 259]
| |
flitsder fleagen skiere roeken om 'e toer
de boereswellen út de galmgatten
dûkten op eltse klokslach as om foer
oer it tsjerkhou skeaten skou de rotten
doe wylst it ljochte oan 'e loft
ha wy de lêste ear' jo brocht
gjinien dy't om jo grêf stie tocht
dat soms 'n siele yn wjerljocht fljocht
wy ha elkoar net út it each ferlern
ik sjoch jo rinnen yn it jûntiidsrea
optein binne jo optild fan 'e dea.
hoe fielt it mem te wêzen sûnder bern?
groetsje Petrus en fral foar Judas bid
dat ik op beide lykje is wat ik wit
| |
[pagina 260]
| |
rêstjo binne yn 't wisse witten gien
-der tripkje mosken op jo stien-
in fredich laitsjen om jo lippen
-wat dogge oars mosken op jo stien te hippen-
jo binne yn God syn hannen wei
-de sinne skynt de hiele dei-
| |
[pagina 261]
| |
P.S.
|
|