‘Kom, dêr wiene jo al.
Sille wy hjir mar even sitte?’
It kaam der in bytsje fluensk út, dat hy hie op syn iepenst wêze moatten, mar hy hie de holle der net goed by, om't er al heal en heal yn 'e boeken omstrúnde.
It petear slagge tige. Josse siet net om wurden ferlegen en sels Janke Pripper fan 'e administraasje harke mei iepen mûle nei syn riddenaasje oer de mooglike ferdieling fan lesoeren yn 'e nije kursus en de gearhing fan dit alles mei it kostwinnersprinsipe. Doe't er sawat útpraat wie, ûnderbriek Warmerhoven him ynienen.
‘Dus jo binne fan betinken Spyksma, dat jo mear rjucht ha op ekstra lessen, om't jo kostwinner binne?
En hoe komt it dan mei ús?
Wy binne al jierren foar it FAC yn it spier en no liket it wol, oft wy samar, oan 'e kant set wurde.
Wurket jo frou der net by?’
Hoewol't Josse eins net fan doel wie en jou sa'n stik ûnfatsoen antwurd, koed er him net ynhâlde.
‘Ik begryp net wat jo dêr mei te krijen ha, mar as jo it no perfoarst witte wolle: hja docht de húshâlding, de bern en fierder wat frijwilligerswurk dêr't se neat mei fertsjinnet.’
Wat in brutaal kring fan in wiif wie dy Warmerhoven. It gie har allegearre gjin bliksem oan! Hy moast har ris flink oanpakke, dat sekreet.
‘De direksje hat my tink safolle oeren jûn, om't ik kostwinner bin.
Jo moatte net lilk op my wêze, mar by dyjingen, dy't it útstel makke ha.’
Sa, hja like takocht, dat truttige frommes. Poerder hie folslein gelyk. Dy leararessen gunden inoar it ljocht yn 'e eagen net. Altiten wie der reboelje op 'e deiskoalle. Josse koe him skoan yntinke dat Poerder him hjir beneamd hie.
It like him de baas, om der fierder mar it swijen ta te dwaan, mar hy hie sa njonkelytsen sa freeslik it mier oan dy Warmerhoven, dat hy skrille net tebek en joech har doe mei alle leafde de deastek.
‘Wat jo ek dogge, jo krije my net safier dat ik foar jo oan 'e kant gean.
Jo fertsjinje ommers mear as genôch, eins soene jo ûntslach nimme moatte om jonge, wurkeleaze kollega's ek in kâns te jaan!
En no sil ik nei hûs, dit hat lang genôch duorre. Ik kin der fierders ek neat oan dwaan.’
Josse helle de jas, lake noch even nei Janke en stapte doe ta de doar út. Wat wie it bûten moai sinneskynwaar, der wie gjin wolkje oan 'e loft. Op 'e Aldehou hiene de wizers fan 'e klok inoar likernôch fûn. Hy moast opsjitte, it wie