Trotwaer. Jaargang 18
(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 240]
| |
Klaas van der Hoek
| |
‘Mar sjonge, wat dogge jo dan?’Wannear't ik har opsykje, is sy dwaande skjin skip te meitsjen yn de boekekast. Vestdijk, Theun de Vries en Van het Reve sjoch ik noch op de planke stean, Wolkers leit te wachtsjen op de antikwaar. Boppe de skoarstienmantel net it yn grifformearde húshâldings wenstige krúske, mar in ikoan, skildere troch in karmelites yn Drachten. Tiny Mulder - in lyts, libben wyfke dat gelokkich stûf smookt, wy sette de keamer blau - hat op 't heden net de rêst dêr't se nei har ôfskied fan de krante op hope: der komt in heap drokte achter sa'n priis wei. Se is der likegoed wiis mei en woe perfoast oanwêzich wêze by de útrikking, dy't om dy reden útsteld waard oant nei har weromkommen út Noard-Amearika: ‘Ik fûn it in fleurige, in plesierige dei. It wie o sa gesellich.’ Oft der wol ris skriuwers ûnrjochtlik foarbyparte wurde by de takenning fan de Gysbert Japicxpriis? ‘Dat is miskien wol sa. Dat is dan wat ik destiids blykber sein haw - dat wist | |
[pagina 241]
| |
ik ek noch wol - dat literêre prizen einliks “een beetje belachelijk” binne. It hinget fan in soad tafallichheden ôf wa't de priis krijt en wannear. Wannear komt in hânskrift yn boekfoarm út, want dêr giet it dus om. Sjoen de sitewaasje fan de útjouwerij fan Fryske boeken kin dat wolris hiel ûngelokkich útfalle foar immen, dat er dizze kear konkurrinsje hat fan dy en de oare kear fan dy. Der binne lju dy't der altyd tsjinoan hingje, nim ik oan. Ja, as in oeuvre by útstek priisweardich is, soe 'k der wol oer prakkeseare it betingst los te litten dat de priis takend wurde moat nei oanlieding fan nijferskynd wurk.’ ‘De tafallige gearstalling fan de sjuery spilet miskien ek in rol. It binne mar trije minsken en och, elk hat ideeën en smaken en dat is ek terjochte. Dêrom haw ik der noait bot oer stind, hear, ik tink in bytsje luchthertich oer prizen. Yn Amearika meitsje se net allinnich bekend wa't de priis krigen hat, mar publisearje se ek de kandidaten, de runners up, en dat wie hjir miskien net ferkeard yn ferbân mei de promoasje fan de Fryske literatuer.’
Advyskommisjelid Govert Meerburg spruts by de útrikking de winsk út dat Tiny Mulder de priis behalven as bekroaning ek as oantrún sjen soe, wylst Klaske Straatsma-Westerhoff nei eigen sizzen noch faak mei har út te riden woe ‘op it tinne iis fan de Fryske literatuer’.Ga naar voetnoot* ‘Ik hie min of mear it gefoel dat se mei de swipe achter my oan sieten. Fan, der moat wat barre! Mar sûnder dat ding soe ik ek wol skriuwe, as ik dêr wer nocht oan haw. Myn doel is om earst mar ris in ferhalebondel te meitsjen fan ferhalen dy't fersille lizze yn tydskriften en dêr wat nije by skriuwe, sadat ik in boek fan hûnderttweintich siden krij. En ik wachtsje in goed ûnderwerp ôf om wer syklyske poëzy oer te skriuwen. Dat hat my dochs geweldich goed foldien yn Oh in stêd ah in lân.’ It plan om Winnie the Pooh oer te setten, lykas se earder dien hat mei ûnder oare Alice in Wonderland, is fan 'e baan: ‘Dêr hat in oarenien al mei oan 'e gong west, dy hat him klear. Wat dêr fierder mei bart, wit ik net. Dat ik der net mear oer te set hoech, spyt my wol wat, ja. It is it soarte fan oersettingen dat ik graach doch. Gewoan platte teksten oersette fyn ik einliks neat oan. Der moat wat byt oan sitte, it moat wat slim wêze.’
Ofsjoen fan trije berneboeken en in pear bydragen, debutearre se yn boekfoarm mei de fersebondel Oranje paraplu (1962, 19632), dy't folge waard troch | |
[pagina 242]
| |
de bondels Viadukt (1965), Wite swan swarte swan (1968) en Op slach fan tolven (1975). Mei har fjouweren meitsje se Tinkskrift (1986) út. Oranje paraplu waard tige yn 'e hichte stutsen; it sjongen fan ‘in ljurk, dy't op eigen wjukken opstiicht, sûnder hichtefrees’, ornearre Jacob Noordmans bygelyks. De besprekken soenen sawat sûnder útsûndering fol wurdearring bliuwe, al waard de toan gauris set troch de noasje dat hjir in frou it wurd fierde. ‘Wat is it mei kritiken: jo kinne in krityk krije dy't winliken tige kritysk is dêr't je net it measte oan hawwe, mar jo kinne ek in hiel loovjende krityk krije dêr't je fierders neat oan hawwe, om't der net folle substansjeels yn sit dat op jo wurk slacht. It is yn it begjin bard, dat se my yn dat hoekje fan de froulike dichters treaunen. Dan tinkt my, ik bin in wyfke, mar sjogge dy lju dêr ek it measte nei? Ik hâld dêr net fan! Ik wit noch bêst dat der ris in besprek yn 'e krante stie mei as kop “Drie vrouwelijke dichters” of “Drie dichteressen” of sa; wêr is dat no goed foar, dat men yn in besprek trije bondels fan froulju kombineart? Dat is de dwaasheid ten top.’
‘Oft ik foar de ynstelling fan in Fryske Anna Bijnspriis wêze soe? Krekt as se wolle mei de wedstriid fan de Alvestêdetocht? Nee, literatuer komt net oan op spierfolume. As ik funksjonear, wol ik funksjoneare yn it gehiel fan de literatuer en net yn in rûntsje fan frouljusliteratuer. Al leau ik dat literatuer fan froulju tige heilsum wurket op de hiele literatuer, omdat sy harren folle minder oanlûke fan de moades, fan hjoed moat dit en moarn moat dat. Froulju stelle har frijer en beweechliker op, wylst manlju - lit my it mar by de skriuwers hâlde - elkoar folle mear yn in konkurrinsjeposysje sjogge. Dy moatte tsjin elkoar opbokse.’ Dat sy dêr neffens har man gjin lêst fan hat, stimt se laitsjend mei.
‘Bernlik’, ‘boartlik’ en ‘sjongend’ wienen nêst ‘froulik’ de kaaiwurden yn de besprekken fan har dichtwurk.Ga naar voetnoot* Fedde Schurer heakke oan syn lofspraak foar Oranje paraplu it refrein ‘Survival’ ta, dat einiget mei: ‘mar jow, hwat ûnheil 't waerbirjocht biskriuwt / dat Tiny Mulder dochs oan 't sjongen bliuwt.’ Foar de earste twa typearrings waard der gauris op wiisd dat se ek bernepoëzy publisearre hie. It sjueryrapport jout oars de yndruk dat de priis ek dêr foar takend is. Om Tiny Mulder is dat ek sa: ‘As se my freegje, hoefolle dichtbondels hawwe jo skreaun, dan binne dat nêst dy fjouwer dy't yn Tinkskrift stean | |
[pagina 243]
| |
en Oh in stêd ah in lân ek Juffer Kuorkebier en De túnkabouter. Guon sizze: minsken dy't foar bern skriuwe, binne mislearre skriuwers. Dat is natuerlik net wier. It is deselde literatuer wêryn't je it meitsje, it is deselde minske dy't it makket en it is fan likefolle gewicht. Lykweardich ek, ja.’ ‘As ik Schurer syn “Survival” lês, dan set er myn wurk einliks wat tsjin de ellinde yn 'e wrâld ôf: sjoch, hoe beroerd de saken ek binne, Tiny Mulder moat oan it sjongen bliuwe. Mar sjonge, wat dogge jo dan? As moast it in tsjinwicht jaan tsjin de ferskriklike dingen yn 'e wrâld. Ik wit it net hear, ik fiel my yndied wat op glêd iis as ik dat lês.’ ‘It waard yn de kritiken foarsteld as wie Oranje paraplu nochal luchtige, positive, libbensblije poëzy. Neffens my is it dan net goed lêzen. Jo kinne op in boartlike manier de meast tryste dingen fertelle. Dat hoecht hielendal net mei in heap achs en ochs en aus, mar dêrom is it der net minder earnstich of sels tryst om.’ | |
‘Gean mar sitten en skriuw dat mar’Misbegryp yn de krityk late by bondeling yn Tinkskrift ta oanpassing fan ‘Kensto de dea’ út Op slach fan tolven: de rigel ‘Zijn zuiver pijpen’, ûntliend oan Boutens, waard ‘“Zijn zuiver pijpen” falsk’. ‘Yn ien of twa besprekken destiids foel my op, dat it as in serieus brûkt sitaat sjoen waard, as soe ik it ek in “zuiver pijpen” fine. Wylst it krekt oarsom is fansels. It is in krityk op Boutens, it wurdt hjir iroanysk, sels synysk brûkt. Synisme wurdt o sa'n bytsje begrepen. Irony ek. Dêr moasten je einliks in spesjaal teken foar hawwe: minsken, dit is irony, minsken, dit is synysk bedoeld. No haw ik der “falsk” achter set en “Zijn zuiver pijpen” tusken skrapkes set, om de lêzer in warskôging te jaan.’ Se wit dat der ea in teken foar irony foarsteld is - in gearfoeging fan ! en ? - mar soe dat dochs net tapasse wolle: ‘It liket sa mâl, no?’ Hawwe de kritisy by de redaksje fan Tinkskrift mear stimmen yn it kapittel hân? ‘Dat fyn ik sa moai hè, hast elkenien hat oant no ta kankere oer dat gedicht “Nettsjinsteande”, dêr't sa'n soad adjektiven yn foarkomme. Durk van der Ploeg sei, ik moast dy dingen skrasse! Welnee! Dy hawwe in funksje krekt yn dat gedicht. Ik haw it wer opnommen yn myn Tinkskrift, omdat adjektiven der binne om brûkt te wurden. Jo moatte se allinnich net klisjeemjittich brûke, dan kinne je der in prachtige sfear mei skeppe en dat fyn ik hearlik om te dwaan. Dus wat dat oangiet lûk ik my fan de krityk in bedroefd lyts bytsje oan, want as ik dat no tafallich sels moai fyn dan fýn ik dat moai! Ut!’ ‘“In skûtel krommen en in leafdesang“ wie ek nochal wat krityk op. Mar ik fûn | |
[pagina 244]
| |
it ûnderwerp prachtich en doe't ik it wer oertypte... dy absolút fan alle minsken ferlittenheid yn dy winliken “woest en ledige” natuer, dy't likegoed sa fassinearjend is, dat je oppasse moatte om der net nei werom te ferlangjen. It tema dat dêr yn sit sprekt my noch altiten oan en ik kin it noch altiten weromhelje.’ Guon fan de oare wizigings moasten Tinkskrift up to date meitsje, sa docht bliken. Sa waard ‘de jiske-amer’ twaris ferfongen troch ‘de jiskepûde’, yn in tillefoansel kin men tsjintwurdich better terjochte ‘foar in gûne en in kwartsje’ as ‘foar in dûbeltsje en in kwartsje’, en om't yn Brooklyn gjin ‘middenstânskouwen’ mear stean, binne dêr ‘arbeiderskouwen’ fan makke. Se stimt mei dat alle farianten yn Tinkskrift fuortkomme út in stribjen nei gruttere tagonklikheid.
Want Tiny Mulder wol lêzen en begrepen wurde. Dat sprekt hiel dúdlik út har reaksje op de fraach oft se Tin iis (1981), in roman oer besetting en ferset, faaks leaver op folslein literêre grûnen beoardield sjoen hie, sûnder ferwizing nei har persoanlike achtergrûn sa't ornaris bard is. Mei in sucht set se útein: ‘Wat is literêr skriuwe wolle? Dy roman wie hiel spesjaal rjochte op publyk, ik woe dat in breed publyk der kennis fan naam. Dan moatte jo gjin literêre heechstantsjes úthelje, mar nei jo bêste witten en nei jo bêste behearsking fan taal en foarm in roman skriuwe. Dat wie myn bedoeling mei Tin iis en dy is gelokkich ek útkommen: in soad minsken hawwe it lêzen. Ik haw net allinnich in soad reaksjes hân fan minsken dy't '40-'45 belibbe hawwe, mar ek fan jonge minsken; in jongkeardel dy't je even op it skouder slacht en seit; “Frou, wat hawwe jo in hartstikke moai boek skreaun, want no begryp ik it allegearre!” No, dat is dochs skitterend!’ Se hat wurdearring foar Fokke Sierksma syn (ûnder it pseudonym Frank Wilder ferskynde) Grensconflict (1948), dat oer de Ljouwerter lústerpost giet, ‘mar wat ik dwaan woe, dat wie safolle mooglik de werklikheid benei komme sa't dy har ôfspile hat yn gewoane húshâldings yn dy jierren. Ik lies dan wol boeken dy't útdraaiden op spannende ferhalen mei in soad helden dit en in soad helden dat, en dat stie my net oan. Ik tocht, do witst noch hoe't it yn werklikheid om en ta gong; gean mar sitten en skriuw dat mar. En dêr wie niks gjin heldedom by.’ Sels neamt se Tin iis it leafst ‘faction’. It boek is skreaun yn it Frysk om't it oer Fryske minsken giet, mar meikoarten komt in Nederlânske oersetting fan har eigen hân út. Publikaasje yn noch mear talen is har wolkom.
Har dichtwurk is faker as ienris yn ferbân brocht mei de Hollânske eksperimintelen. | |
[pagina 245]
| |
‘Ja, mar it frjemde is, ik haw altyd al poëzy skreaun en einliks ek altyd yn dyselde, wat losse styl. Foar 1940 herkende ik dat net as poëzy, dat it is ek allegearre yn it jiskefet gongen. Ik haw op de H.B.S. in Nederlanske leraar troffen dy't fan literatuer net safolle makke, dat ik moast it sels útfine. Doe't ik dan nei '45 dy eksperimintelen seach, tocht ik: goh, dit is myn manier fan dichtsjen.’ ‘As je fan ynfloeden prate wolle, dan kamen dy net út de Fryske literatuer en ek net út de Hollânske. Ik haw folle mear hân oan antologyen dy't destiids ien kear yn 'e moanne as pocket ferskynden. Ik tink dat dy fan '47, '48 ôf in jier of seis ferskynd binne. It wie in útjefte út Amearika, New World Writing,Foto: Teake Zuidema, Amsterdam
| |
[pagina 246]
| |
en dêr stie poëzy yn út it Ingelske taalgebied mar ek fertalingen yn it Ingelsk út alle mooglike oare literatueren. Dêr haw ik in protte yn lêzen en in protte fan leard - hoe en op hokfoar manieren kinne je poëzy skriuwe. It hat dus in hiel ynternasjonale beynfloeding west, of nee, in stjit om te begjinnen. It wie mear in bepaalde sfear, in bepaalde toan, as rjochtstreekse beynfloeding. In toan dy't hjir de eksperimintelen wol oppakt hawwe, mar dy't je dêr al frij algemien fûnen.’ ‘Nee, ik haw gjin idee wa't dy dichters allegearre wienen. Dat ynteressearre my op dat stuit ek totaal net. It wienen de foarmen dy't my oansprieken: op dý manier kinne je dichtsje, op dý manier kinne je oan dy frije poëzy dochs ynhouten jaan. Wat ik foaral moai fûn wienen dy gedichten dy't sa frij lykje mar in soarte rêchbonke hawwe fan rymjende wurden dy't hielendal net oan de ein fan de rigel stean hoege, mar ek oan it begjin of yn 'e midden stean kinne. Dat is in metoade dy't ik noch ôfgryslik graach tapas. Dat gedicht oer dy tsjerken yn Venetië yn Oh in stêd ah in lân [s. 29] is in foarbyld, dêr sit dy rêchbonke yn fan wurden dy't hjir en dêr rymje en dêr't it gedicht om ta teard is, syn hâldfêst oan fynt.’ ‘Foar myn berneboeken jildt ek dat ik it measte hân haw oan dy Angelsaksyske poëzy. Se hienen it doe oer Annie M.G. Schmidt en dat lei ek foar de hân, mar it lei wat al te maklik foar de hân op sa'n stuit.’ ‘Mar ek de manier fan dichtsjen fan Tucholsky en Morgenstern... Ik haw oan board fan it skip ûnderweis fan Rotterdam nei Montreal noch even oan it dichtsjen west. Der is dan in jûn mei in programma “Passengers for Passengers” en dêr haw ik yn it Ingelsk en it Dútsk foar oan 'e gong west.’ Ut it plakboek dat se ûnderwilens foar 't ljocht helle hat, lêst se foar: Wenn ich die Möwen fliegen sah,
bald nahe und bald fern,
fiel mir ein deutscher Dichter ein,
's war Christian Morgenstern.
Er wußte, schrieb er, ganz bestimmt
daß alle Möwen Emma heißen.
Ich möchte wohl eine Emma sein
und auf eigenen Flügeln reisen.
| |
As keunstner moatte jo earmslach hâlde'In pear kear earder hat se de hjoeddeiske (Fryske) literatuer in gemis oan biningen en histoarysk besef ferwiten. Is dat in kwalitative of in morele opfetting? | |
[pagina 247]
| |
‘It giet om beide. Ik fyn dat in boek kwalitatyf wint wannear't it pleatst wurdt yn in gruttere romte. Dy romte krije jo ûnder oare - en tocht ik hiel sterk - trochdat jo jo eigen skiednis en de skiednis fan de minsken net ferjitte. In boek dat de yndruk jout dat de wrâld yn 1950 begûn is, hat wat keals oer him. It kin wol in goed boek wêze, dêr net fan, mar it wint by my oan kwaliteit as ik der wat in ferdjipping yn sjoch dy't ûntliend is oan in besef fan tiid en in besef fan ivichheid. Oars wurdt it sa ing, sa benaud, en wurde je der in bytsje bang fan suver.’ ‘Dêrom mocht ik de boeken fan Ypk fan der Fear sa graach lije, dy't de minske hast noait as ienling behannele, mar - miskien wolris wat té folle - as einprodukt fan in lange famyljeskiednis bygelyks, of as eksponint fan in religieuse beweging. De minske is net samar op ierde plakt; hy draacht syn eigen foarteam en de kultuer dy't er oerurven hat mei. Dat binne wichtige eleminten yn in minskelibben: hy tanket der syn bestean en syn tinkwrâld oan. Dêrom fyn ik it sa ferskriklik dat de bern tsjintwurdich net fatsoenlik skiednis mear krije, en de Fryske bern harren Fryske skiednis net krije.’ ‘Sjoch mar ris yn Amearika hoe'n ferskriklike war as de dogge om in skiednis te krijen, omdat se it gemis fiele, foaral op dit stuit. Se hawwe altiten in soarte revolúsjebou hân: in wenning mocht mei tritich, fjirtich jier ôf wêze en fuort. No bysykje se âldere wenningen - “âld” is by harren al santich, tachtich jier - wer te restaurearjen. Nim de bern berne út Kanadeeske soldaten hjir nei de oarloch dy't no op syk gean nei harren heit - of de bern dy't op syk gean nei harren Dútske heit.’ ‘Der skynt in bepaalde drang yn de minsken te sitten - dy kinne je wol ûntkenne, mar de feiten wize it út - om witte te wollen wêr't se wei komme en by hearre. As je de minsken pakke op harren emoasjes, dan docht bliken dat men dat witte wol. It stribjen nei in hieltyd gruttere yndividualisearring yn ús maatskippij is neffens my in foarbygeande goarre.’
In fraach fan it F.L.M.D. nei karakter en bedoeling fan har wurk hat se ris skriftlik op antwurde, ûnder ferwizing nei Job 19:25-27, dat it om ferkenningen gong fan ‘it sâlt fortriet lyk as de minske hat, / de wiffe freugde dy't in minske past’ - fariearre rigels út ‘In skûtel krommen en in leafdesang’. Prate oer dit ûnderwerp docht Tiny Mulder it leafst sitearjendewei út it wurk sels. De dichter is profeet fan it nije Jeruzalim, probearje ik, in suggestje dy't se net fersmyt mar al relativearret mei: ‘Dat fyn ik sa'n dik wurd, no’ en mei in kwatryn út Op slach fan tolven: It is ferjamme altyd noch gelyk.
't Is midden yn 'e nacht op slach fan tolven:
| |
[pagina 248]
| |
it nijs! It âld ferhaal fan skiep en wolven
en wer gjin wurd oer 't kommend keninkryk.
Oft har wurk dêrnêst weromwiist nei it âlde Eden, fan foar ‘de ingel mei it swurd?’ Rêd draacht se ‘Moed’ út Viadukt foar, mei de rigels: ‘en hoopje op de dei / dat ien dichter ien wurd / yn syn folsleine stal / herskeppe mei / lichtwol it wurd / dat God betsjut’. ‘Dat is it iennige dat ik út 'e holle ken, sa tige is it blykber in sintraal gedicht yn myn wurk.’ ‘Ik hâld net fan de betiteling “kristlike literatuer”. Ik wit net wat it is nammentlik. Ik ken wol boeken dy't troch kristenen skreaun binne. Is Achterberg kristlike literatuer? Dat is sa'n gekke fraach, dy't nearne op slacht. Mar it is wol in kristen dy't it skreaun hat. Sa kinne je in hiel soad nammen neame. Wilma bygelyks, is dat kristlike literatuer? Ik tink dat sy der sels in ferskriklik beswier tsjin hawwe soe har wurk as sadanich betitele te sjen. Professor Frits van der Meer hat dêr ferstannige dingen oer sein.’ Se doelt op in fraachpetear fan de VU-man George Puchinger mei de Nijmeechske heechlearaar en pryster Frits van der Meer, berne yn 1904 te Boalsert. It is ôfprinte yn Puchinger syn Christen en kunst (1971). Letter tidens it petear sil se inkelde antwurden fan Van der Meer mei ynstimming foarlêze, ûnder oare dit, op de fraach: ‘Is er een christelijke kunst?’:
‘Antwoord: er is een overstelpend aantal kunstwerken dat is ingegeven door de christelijke voorstellingswereld, maar als zuiver kunstwerk blijft het alles autonoom. Er is kunst met christelijke themata en het ene staat dichter bij de Schrift en de verkondiging dan het andere.’
En:
‘Een kunstenaar qua kunstenaar beweegt zich in een autonome wereld. De godsdienst grijpt daar alleen op in via zijn voorstellingswereld, via zijn thematiek. Punt.’
‘As keunstner moatte jo earmslach hâlde, jo net twinge litte yn ramten. Oars jouwe jo in stik frijheid priis, dat allinnich mar ten ûngeunste wurkje kin foar jo literêre wurk. As jo it oer kristlike literatuer hawwe, sette jo der in stek omhinne. Sprekke jo fan literatuer dy't troch kristenen skreaun is, dan is dat stek fuort. Miskien is ek it begryp “kristlike literatuer” besmet rekke, as kin men dan ek allinnich noch mar yn positive sin en binnen it ramt fan opfettingen dy't hearskje yn otterdokse fermiddens wat opskriuwe. Wylst jo as kristenskriuwer ek de romte hawwe moatte foar jo twivels, foar jo krityk, om fan itige opfettingen ek ris de achterkant sjen te litten.’ | |
[pagina 249]
| |
‘Twivel is net in oantaasting, mar in ferdjipping. It is it sjen litten fan it “ek”, fan wat ek, der njonken, der achter bestiet. Ik leau dat dat in taak is dy't je yn de literatuer wol hawwe, dy't yn elk gefal by my boppe kommen is.’ |
|