Trotwaer. Jaargang 18
(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 231]
| |
1.De sammelbondel Tinkskrift fan Tiny Mulder is net bedoeld om it folsleine oeuvre fan de dichteresse yn ien bân byinoar te bringen. Om dy reden sil Tinkskrift as ûndertitel Samle gedichten meikrigen ha en net it mear monumintale Samle fersen. Yn dizze bondel binne gearbrocht de bondels Oranje Paraplu (1962), Viadukt (1966), Wite swan swarte swan (1968) en Op slach fan tolven (1975), dy't alle fjouwer útferkocht binne. Mulder har lêste bondel Oh in stêd, ah in lân (1983) ûntbrekt. De gedichten yn Tinkskrift binne oerbrocht yn de no gongbere stavering, wylst suniger oan dien is mei ynterpunksje en guon strofen oars yndield waarden. Inkelde gedichten dy't de dichteresse net mear foldiene, binne weilitten. Tafoege binne de fersen Hollân en As. | |
2.Lykas sein, Tinkskrift is net de definitive delslach fan Tiny Mulder har dichterskip. Dat by de gearstalling fan dizze sammelbondel sprake west hat fan in beskate redaksje, makket har no opnij publisearre poëzij nei myn idee oars al ‘definitiver’. Net-feroare fersen wurde bestindige; al-feroare fersen wurde oanskerpe; weilitten fersen binne achterhelle, nij opnommen fersen krije in plak. De mutaasjes fan de dichteresse respektearjend, soe men sizze kinne dat de literêre wearde fan dizze sammelbondel grutter wêze moat as dy fan de ôfsûnderlike bondels. Dy har literêr-histoaryske wearde is der allinnich grutter op wurden. It kin fansels sa wêze dat in lêzer it mei de mutaasjes fan de dichteresse net lykfine kin: Dit fers hie feroare wurde moatten; dat fers hie better sa bliuwe kind; dit fers hie net weilitten wurde mocht; dat fers hie net tafoege wurde hoegd. Yn sa'n gefal wurde de mutaasjes fan de dichteresse respektearre, mar net akseptearre. Sûnder immen it rjocht te ûntsizzen en hâld it mei de | |
[pagina 232]
| |
earste ferzy fan in bondel of in fers, leau ik dochs dat in skriuwer serieus nommen wurde moat op it punt fan de werskepping fan syn wurk. Sterk sein: By in twadde ferzy, bestiet de earste net mear, en in eliminearre tekst mei him net mear oanrekkene wurde. In skriuwer hat it rjocht om ôfstân te nimmen fan in earder skreaune en publisearre tekst. It giet te fier en sis, dat de lêzer him dêrûnder deljaan moat, mar hy moat der al rekken mei hâlde. Yn alle gefallen kin er net mear om de lêste ferzy hinne. Persoanlik jou ik de dichteresse fan Tinkskrift leaver it lêste wurd. Dat is dan ek de reden dat ik my yn dit besprek net dwaande hâlde wol mei de ferskillen tusken de ôfsûnderlike bondels en dizze sammelbondel. Net dat ik dêr gjin nocht oan hie, en it hie ek grif in pear aardige en relevanten dingen opsmiten, mar it woe prinsipieel útgean fan it materiaal sa't dat der no hinne leit. Foar de yngreven literatuer-wittenskipper mei hjir in macht oan stoffe lizze, de sljochtwei besprekker hat genôch oan de 168 siden fan dizze bondel. | |
3.It feit dat Tiny Mulder har earste fjouwer bondels útferkocht binne, hat de reden west foar it publisearjen fan dizze fjouwer-bondels-yn-ien. Kommersjeel besjoen praat ik no ûnsin, mar literêr besjoen soe elke dichter dy't tusken de fiif en de tsien fersebondels publisearre hat (oft se no útferkocht binne of net) yn de gelegenheid steld wurde moatte om in sammelbondel gear te stallen. Korreksjes yn it literêre soene it peil fan syn (en dus fan de Fryske) poëzij ferheegje. Boppedat soed er de konsumint yn de mjitte komme: Leaver as tritich fersen foar in tientsje, keapet dy in pear hûndert fersen foar sa'n tweintich gûne. Lju dy't ornaris gjin poëzij oantuge, kinne sa oer de drompel hinne holpen wurde. In dofke út de (opdrachte)pot fan de provinsje soe op sa'n manier dan ek goed bestege wêze, nei myn idee. Yn Tinkskrift steane sa'n hûndertfyftich fersen foar f 19,50. Dat is noch gjin fyftjin sinten it fers. Spitigernôch moat tagelyk sein wurde dat de bondel der, kwa útfiering, frijwat guodkeap útsjocht. It omslach is útfierd yn oerflakkich pears. Yn de tekst op de achterflap sit in ûnnoazele flater. De foto fan de dichteresse wurdt ûntsierd troch in skaadbaan oan de linker side en dûnkere plakken boppe de holle en it rjochterskouder. Yn tsjinstelling ta de oare bondels, hat Oranje Paraplu gjin titelblêd. De ynhâldsopjefte is rommelich fan lay-out. In kolofoan ûntbrekt, wat ik yn sa'n bondel dochs in gemis fyn. Koartsein, Tinkskrift draacht hjir en dêr de spoaren fan de hast. En wêrom. Frou Snoek en de sutelkroade? Mar wat is in moanne op fiif-en-tweintich jier dichterskip? | |
[pagina 233]
| |
4.De titels fan de fjouwer yn Tinkskrift gearbrochte bondels jouwe in aardige yndikaasje fan in dualisme dat ik yn Tiny Mulder har poëzij mien oan te treffen. Oan de iene kant is dêr de trystens en de grizens fan it bestean, oan de oare kant de blidens en de opteinens om dêr as minsken midden yn te stean. De ‘lytse skiere frou’ út it fers ‘Frou mei paraplu’ (14) dûnset fereale yn de rein, ‘hja blaast in tút nei de betonnen wolken / hja laket om de bittere stimmen / en de grize kertieren’. Hja draacht net in swarte, mar in Oranje Paraplu. It is net sein dat de dichteresse mei de ‘lytse skiere frou’ harsels bedoeld. Ek is it mar de fraach oft dit fers oer noch mear giet as oer in frommes dat mei in tafallich oranje paraplu troch de rein dûnset. Ik tink sels yn beide gefallen fan net. En dochs jout Tiny Mulder yn dit fers mear fan harsels en har wurk bleat as dat it miskyn liket. Hja is fereale op it libben, en har poëzij is in lofsang op it bestean, nettsjinsteande delslach en fertriet. De poëzij fan Tiny Mulder is fol fan it libben. Dat rint as in reade tried troch al har fersen hinne. Mar der is gjin libben sûnder dea, en dat is dan de twadde wei. It binne twa spoaren yn har wurk dy't soms lykop rinne of gearfalle, dan wer útinoar geane of sels skaat wurde yn ‘wegen dy't elkoarren ha te mijen’ (39), lykas by in Viadukt. It fers ûnder deselde titel giet oer de wredens fan de dea dy't minsken faninoar skiedt. By dizze dichteresse is sa'n skieding lykwols ek wer betreklik (mar dêrom noch net makliker), want hoewol't hja net wit ‘yn wat tiid of rjochting’, leaut hja dat der in himel is. Foar har is it libben net in dearinnend paad, mar earder de wei dy't de minske as nomade gean moat om syn bestimming te finen. Yn de titel Wite swan swarte swan krije de ljochte en de dûnkere kanten fan it libben nochris in ekstra klam. De titel ferwiist boppedat nei it berneferske: ‘Witte zwanen, zwarte zwanen. Wie wil mee naar Engeland varen? Engeland is gesloten. De sleutel is gebroken. Is er dan geen smid in 't land, die de sleutel maken kan? Laat doorgaan, laat doorgaan. Wie achter is mag voorgaan.’ De lêsten sille de earsten wêze. Sa binne wy werom by it niisneamde himelske elemint (Engeland = engel-land). In smid mei der dan net wêze yn de poëzij fan Tiny Mulder, al in ‘timmermanssoan’ út Nazareth. Yn ‘Stille sneon’ (95) is hy de kaai ta it nije paradys: ‘in grêf sil iepenbarste / foar de nije sinne’ en (‘Reisboek’. 125) ‘de ingel mei it swurd’ wurdt ‘thúsroppen’. Op slach fan tolven hâldt, krekt as de oare titels, in dualiteit yn. De suggestje nei de ein fan it bestean (mear fan de wrâld as fan it yndividu) is like dúdlik as dy nei de hope op it kommend keninkryk. Dat is Tiny Mulder sa't se is en sa't se skriuwt, dat is har poëzij alhielendal. | |
[pagina 234]
| |
5.Ik haw oant no ta twa kear it wurd ‘dualiteit’ neamd yn relaasje ta de poëzij fan Tiny Mulder. Miskyn is dat wurd lykwols te sterk. De dualiteit dy't yn har fersen oanwêzich is, wurdt nammentlik net selden yn dyselde fersen ek wer opheft. De twastriid tusken it positive en it negative: de moed en de moedeleazens, it lok en it lijen, it libben en de dea, is by Mulder in ûngelikense striid. Hy wurdt oer it generaal yn it foardiel fan it positive beslikke. Der swimme stiif safolle wite as swarte swannen by har yn de fiver. Somtiden fertink ik de wite derfan dat se guon swarte kopke-ûnder hoden ha. De frou mei de oranje paraplu ‘laket om de bittere stimmen’ fan bygelyks de kleiers en de moedeleazen. Hja giet troch de strjittten mei in ‘ûnneifolgbre oermoed’. It is krekt dy oermoed (net de moed) dêr't ik by it lêzen fan Mulder har poëzij faak muoite mei hân ha. Earlik sein, ik haw ek jierrenlang net in útsprutsen leafhawwer fan har fersen west. Dat feroare doe't ik har lêste bondel Oh in stêd, ah in lân lies. Mei ûnder ynfloed fan dy iene bondel haw ik mear each en wurdearring krigen foar it oare dichtwurk fan de dichteresse. Likegoed binne der ek no noch wite swannen dêr't ik einefel fan krij. ‘Brief nei de sel’ (42) is foar my sa'n fers om kâld fan te wurden. Minsken dy't yn harsels opsluten sitte en gjin kant út kinne mei har bestean, krije fan de dichteresse in hoederlik skriuwen. Dat begjint sa: ik woe dat ik jo begrutsjend oansjen koe
jo rêde it net
twa hingje oan jo fuotten
twa twinge jo hannen del
ien hat jo holle mei de tinzen
efter syn traljes
ik woe dat ik jo begrutsjend oansjen koe
yn jo finzenskip
jo dy't sels
jo bewekkers oansteld hawwe
ien út leafde
ien út freonskip
ien út idelheid
ien út selsbehagen
ien út selsbeklach
en alle fiif
út eangst foar iensumheid
Ik bin wol wis fan de goede bedoelings fan dit skriuwen. Mar foar minsken dy't weet ha fan depressiviteit (en dan net allinnich as in wurd út it wurdboek) | |
[pagina 235]
| |
is sa'n brief in slach yn it gesicht. Eigen skuld of net, ek sa'n finzene hat der rjocht op om as minske serieus nommen te wurden. Benammen de rigel ‘ik woe dat ik jo begrutsjend oansjen koe’ tsjûget nei myn idee fan it tsjindiel. Dy útspraak skept distânsje en kin allinnich dien wurde troch immen dy't oan de goeie kant fan de traljes sit. Ik bedoel útsoarte, kwa karakter. Yn ‘Stoarmmoarn’ (16) beseft de dichteresse dat it sels sterk stean yn de wrâld, ôfstân ynhâldt mei de swakken: wy geane as beammen
as geve folwoeksen beammen
yn de skjinstjalpe stoarmmoarn
de minsken jouwe ús nammen
de minsken sizze
dêr geane de soan en de dochter
fan alle tiden
hoe kinne hja dizze
gewelddiedige stoarm ferneare
is sa sterk de leafde?
ja sa'n macht jout de leafde
dat wy ferkeazen te gean
as beneamde beammen
en wy giene
mar de freeseftigen
mar de skrillen
mar de machteleazen?
wy moatte har optille
wy moatte har
tusken ús tûken sette
Krektlyk as earder de rigel ‘ik woe dat ik jo begrutsjend oansjen koe’ my steurde, steure my hjir de rigels ‘wy moatte har optille / wy moatte har / tusken ús tûken sette’. Jawis, de sterken moatte de swakken risse, mar jildt soks net earder maatskiplik as ynter-minsklik? Wat ik mis, is de lykweardigens. At de iene minske de oare ta god wurdt, is dy oare gjin minske mear. Genede is hjir mear geunst as solidariteit. By myn ynterpretaasje fan dizze beide fersen binne grif fraachtekens te setten. Ik bin ek bang dat myn alderearste benadering fan dizze fersen (jierren lyn) my no noch hieltyd parten spilet. Miskyn moat ‘Brief nei de sel’ mear opfette wurde as in bewiis fan ûnmacht fan de dichteresse om de finzene te berikken. De rigel ‘ik woe dat ik jo begrutsjend oansjen koe’ soe ek tsjutte kinne op betrutsenens yn stee fan op distânsje allinnich. Dochs giet fan Vroman syn ‘Voor wie dit leest’ (dêr't Mulder har fers in bytsje oan besibbe liket) gâns | |
[pagina 236]
| |
mear begryp en waarmte út. En ek as ik ‘Stoarmmoarn’ lês as de opdracht fan in kristen-minske om elk dy't der bûten falt, der by te hâlden, dan noch hâld ik it gefoel dat de dichteresse oan de feilige, d.w.s. oan de machtige kant bliuwt. Dat gefoel haw ik faker. Ik kin my dêrom begripe wêrom't Noordmans yn de Ljouwerter Krante fan 15-12-1962 skriuwt: ‘It leafst is ús de dichteresse, hwer't hja werom smiten wurdt op harsels, har wissens ferliest en freegje moat.’ It docht woldiedich oan at de dichteresse skriuwt dat hja ‘eangst foar wissichheden’ (48) hat. De hiele sfear fan har fersen is lykwols ornaris krekt even oars. Ut har wurk strielet macht, oerwicht, potinsje, libbenskrêft. De dichteresse kin it libben oan, en dat wol hja wêze ek. Hja kin har sels de lúkse (it wurd is ferkeard, mar ik wit net in better) permitearje en rop eangsten op. De lêste strofe fan it fers ‘Brân’ (129) giet sa: sûnder eangsten gjin minskdier
wy binne lege hulen
lit ús elkoarren foljitte
mei nije wolkomme eangsten
en libje
Steven de Jong hat hjiroer skreaun yn Trotwaer 69-1, 21: ‘Alles goed en wol, mar dy't sa oer eangsten praat, wyt net wat eangsten binne (of wol dat net wite). “Eangst” is hjir in wurd; wol in moai poëtysk wurd, mar it betsjut neat; it is kitsch.’ Dat lêste giet my te fier, mar it bliuwt in feit dat allinnich ien dy't syn eangsten ûnder kontrôle hat, der mei manipulearje kin. Mar dan binne it gjin eangsten mear. Ik ha lang tocht dat Tiny Mulder mei har poëzij bûten de deistige realiteit stie. Net yn de kar fan har ûnderwerpen, mar yn it benaderjen derfan. Krekt as waard de realiteit derút weiskreaun (Steven de Jong: ‘of wol dat net wite’). No stean ik dêr oars ûnder. De dichteresse wit wat eangsten binne, mar hja hat der krekt salang mei libbe dat der mei te libjen foel. Hja hat eangsten relativearre en kultivearre, en se dêrmei besward. It skriuwen kin dêr by holpen ha, mar earder noch tink ik dat it skriuwen dêrnei kaam. Tiny Mulder har poëzij is net in beskriuwing fan de eangst sels, mar folle mear fan it fermogen om mei dy eangst te libjen. Har wurk is sa it ferslach fan in geastlik ripingsproses. At hja freget om ‘nije wolkomme eangsten’, dan is dat yndie yn de wittenskip dat hja se ûnder kontrôle hat of krije sil, mar tagelyk (en dêr skûlet it realistyske yn) yn it besef dat in libben sûnder eangsten gjin libben wêze kin. Sa'n libben doocht op foarhân net, want it is oerflakkich en leech. It is kitsch, ‘te moai om wier te wêzen’ (116). | |
[pagina 237]
| |
6.De foarm fan Tiny Mulder har poëzij kin op it earste each in yndruk meitsje fan achteleazens. Der liket mear omtinken jûn te wêzen oan it sizzen as oan de manier fan sizzen. De measte fersen binne frij kwa opbou en de strofeyndieling wurdt fakentiids ûndergeskikt makke oan de ynhâld fan it fers. Gâns fersen dogge praterich oan, wat har natuerlikens ferheget, mar somtiden ek in beskate monotoanens teweibringt. Piter Yedema hat yn dit ferbân de wurden ‘stinderich’ en ‘wurgens’ brûkt (Hjir, 75-2, 13). Guon fersen misse relief. Se méanderje nei de ein ta as in skyl dy't ûnder it mes wei fan de apel kringelt. Dat hinget ek gear mei de ynhâld fan de fersen, dy't earder myld en meigeand is as skerp en rebelsk. Hurde en synyske útfallen komme yn dizze poëzij net foar, krityske aksinten soms al, mar noait yn it rare. Soks strielet ôf op de foarm fan de fersen, dy't trochstrings boartlik is en ûnopsetlik. ‘Boartlik’, dat wurd hie ik net brûke sild yn dit besprek, en dan hie ik de earste west. Ik bin ek fan betinken dat Mulder har poëzij sa stadichoan deasmiten is mei dat predikaat. Net dat it my no ûntkommen is, mar ik koe salang net prakkesearje of ik kaam der dochs by út. Allinnich, it wurd is sa ferrifeljend. Ik freegje my ek ôf oft D.A. Tamminga gelyk hat at er skriuwt: ‘It karakteristike fan Tiny Mulder sit net yn 'e foarm, yn in trochtimmere ferstechnyk, mar yn in boartlike formulearring forboun mei de earnst fan in persoanlike ynset.’ (Trotwaer, 75-5/6, 271). Fansels sit it karakteristike fan Tiny Mulder har poëzij yn de foarm, by har krekt likegoed as by elke oare dichter. Poëzij is by definysje in manier fan sizzen, in wize fan sprekken. De earste yndruk fan achteleazens yn de foarm, is ek in ferkearden-ien. De foarm mei dan de suggestje wekkermeitsje fan in achteleaze boartlikens, yn feite is hjir sprake fan in ‘trochtimmere ferstechnyk’. Sa'n trochtimmere ferstechnyk is net allinnich ôf te lêzen oan in ‘kreas folhâlden rymskema abaab’ (D.A. Tamminga), mar ek, en miskyn folle earder, oan in frije mar sekuere formaasje fan wurden, rigels en strofen: For No Reason
wurden net te skriuwen
yn letters op papier
net te sykheljen by de freon
net mear as kloptekens
oan it rotslewant binnen de sliepen
amorfe swalkers yn de bloedbaan
| |
[pagina 238]
| |
en dochs gedichten
it wêzenlik kontakt
troch seis sân sintugen
Godtank foar eat út neat
foar tekens mei it rjocht
fan byldhouwers
beiteljend yn rotsstien
en dan 't gedicht
dat de les lêst
dat samar for no reason
opstekt yn wynstilten.
(30)
Boartlikens komt samar net, mar is it gefolch fan ‘in stik wrakseling mei de stoffe’ (Noordmans). Yn alle gefallen litte de fersen fan Tiny Mulder sjen dat de dichteresse weet hat fan it fak. Hja ken de eigenskippen fan it hout en at it op timmerjen oankomt, hat hja in skala fan ferbinings ta har foldwaan. Hja makket dat lykwols net eksplisyt. Lit ús sizze dat hja de spikers weiwurke hat. | |
7.In algemien einoardiel oer de poëzij fan Tiny Mulder kin ik op dit momint net jaan. Dêrfoar sit ik tefolle tangele mei frij negative oardielen út it ferline en mear positive yndrukken no. Dy binne net samar ûnder ien neamer te bringen. Ik bin noch net klear mei dizze poëzij, en op himsels soe dat in posityf oardiel wêze kinne. Miskyn kom ik noait fierder as de ambifalinte hâlding dy't ik no ha en sil ik altyd wranteligens fiele by dy fersen, wêryn't de wissichheden de twifels oermânsk wurde en de oermacht baas bliuwt oer de eangst. It is net samar dat ik ‘Twadieling’ (108) ta de favorite fersen út dizze bondel rekkenje. Krekt yn dat fers wurdt de dichteresse weromsmiten op harsels, ferliest hja har wissens en moat hja freegje: hoe libbe dat gewoan
gewoane dingen dwaan
soms wille ha
en oars gewoan jin jaan
en praat mei B en A
| |
[pagina 239]
| |
ik wit net mear wa't it wie
dy't deistich dingen die
ik bin as noait tefoaren
opsplist yn twa faktoaren
de iene skreaut him heas
fan eangst om wat hjir bart
de oar besiket kreas
te dwaan as elkenien
gewoan as elkenien
en wit net hoe't dat moat
Miskyn kom ik oait safier dat ik ek ‘Werberte’ (128) ta myn favorite Mulderfersen rekkenje sil. Dat fers sjoch ik as in antwurd op it sakrekt sitearre ‘Twadieling’. Wie de dichteresse yn dat fers noch ‘opsplist yn twa faktoaren’, yn ‘Werberte’ komt hja mei in nije identiteit opnij foar it ljocht, in ienheid yn harsels: moai evenredich, swierich, ûnoantaastber. Dit fers is karakteristyk foar Tiny Mulder har poëzij: ik doar wer neaken om te rinnen
en sykhelje út en yn
ik doar wer alles lûdop sizze
of stil te swijen
in moai en evenredich dier
hat yn myn fel syn wenning fûn
of hingje ik miskien
in stjer yn ûnoantaastber lykwicht
oan de himel
nee sa poëtysk net
ik bin gewoan in bultner
dy't syn bult ferlear
en swierich omstapt
ik doar de lju wer streekrjocht oan te sjen
gjin skeindens mear oan my
de wrâld ûntploft yn wûnders
Werberte, dat is it kaaiwurd foar it wurk fan Tiny Mulder. In nije moarn wurdt berne út de nacht, de frijheid út de besetting, it libben út it lijen. De wrâld ûntploft yn wûnders. Boppe it plak fan de eksploazje nimt de poddestoel de foarm oan fan in oranje paraplu. |
|