Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 230] [p. 230] [Nummer 6] Eppie Dam tiny mulder do bliuwst foar my in famke fan sechstich -oranje strikje yn it permanint- mei berneëagen dy't noch altyd sjogge as hiene se neat sjoen sa nij de werklikhyd as hie der neat te rêden west hoe komsto sa jong en ik sa âld? alle kearen dat wy troch de bosken rinne ûnder beetstersweach bin ik bang dat wy dy tsjinkomme in wite swan op gimpys en dat ik dan sizze sil: sjoch jonges dêr komt tiny mulder sy hat de oarloch meimakke heit net Vorige Volgende