Trioel
Trinus versus Willem
of: de ûnmacht ta skôgjen fan in ferhaleskriuwer, ûnder it motto ‘old sores never die, they just itch away’.
Yn Trotwaer 4/5 fan dit jier, waarden de fêste en losse lêzers fan dit Fryske literêre poadium traktearre op in wiidweidich antybesprek fan de eardere ferhaleskriuwer en romanskriuwer Trinus Riemersma. It nut fan dit dreech op 'e mage lizzende, literêre aai, ûntgiet my folslein. Soks sil him lizze kinnen oan myn ûnfoldwaande oplieding yn de Fryske taal- en letterkunde. Uteinlik bin ik mar in ‘ongeschoolde lul’, sûnder drs. of dr. foar myn namme, dy't nei myn tinken al lang genôch is.
Ik ha my net ergere, mar ferwûndere. Trinus bestimpelet De Roekkat as in roman fan in foarby sjenre. De tiid en de muoite dy't Willem der oan bestege hat binne fergriemde tiid en muoite. Boppedat fynt Trinus it sûnde fan alle beammen dy't omseage wurde moasten foar de papierfabrikaazje. Dy beammen wiene al swier oantaast troch de sûre rein, dat dat omseagjen moast dochs barre.
Trinus hie it litte kinnen by de opmerking, dat dit boek om him net skreaun hoegd wurden hie. Immen oars hie De Roekkat dan, negatyf of posityf, of en posityf en negatyf besprekke kinnen. Mar nee, hy skriuwt: ‘De psychologyske roman is überhaupt foarby.’ En dan lult er sân siden lang oer de reden werom at er dat fynt. No ja, Trinus sels; hy hat it oer de Russyske formalisten en hy hellet in sitaat fan Jo Smit oan. Roman-teoretyske wiisheden fan Genette en Stanzel moatte syn gelyk ûnderstreekje. Ik fyn soks wittenskipperij sûnder frisse wyn, yn de grêften fan Frjentsjer. Sân siden fol kullinêre opmerkings oer in roman fan Willem Abma, dêr't bygelyks Anne Wadman tige oer te sprekken wie, hat nimmen wat oan. Sân siden lang wittenskiplik eamelje oer in roman, dy't je net besprekke wolle, dat neam ik pas tiid en enerzjy fergrieme. En dan ha 'k it noch net iens oer dy sân fergriemde siden Trotwaer. Wat hiene de lêzers genietsje kinnen fan in tal skoandere fersen (moaiskriuwerij is neffens Riemersma ek al út de tiid), of fan in meinimmend ferhaal. Sân siden Trotwaer binne der no ferlern gien foar de Fryske literatuer. Skandalich is it!
Hawar, faaks hat dit antybesprek alles te krijen mei it feit dat beide hearen