| |
| |
| |
Willem Abma
Hamburg
Sinterklaasdei 1965 stelde de poaier út om op syn kosten de Krystdagen troch te bringen yn Hamburg. De Houwe gie mei de feestdagen dochs ticht en Sjoerd koe dy pear dagen moai op 'e hynders passe.
‘Der sit om ús, thús, gjinien ferlegen’, sei er. ‘Ik haw der al in pear kear earder west. De Reeperbahn is net ûnaardich, it lêste stik der fan is ôfsket, in pear plysjes hâlde der geduerich tafersjoch op dat der gjin bern trochhinne glûpe. Dêr sitte huorren foar minsken mei de meast nuvere kompleksen; bygelyks mei in swipe foar klanten dy't allinne mar klearkomme kinne as se op 'e bealch krije. Oaren hawwe it keammerke alhiel as in baaikeamer ynrjochte foar wa't yn faktermen de akwaristen hjitte. Sokken wane harren op it hichtepunt in fisk en komme dan ek allinne mar yn in tobbe mei wetter klear. En de sodomisten net te ferjitten, der sitte huorren tusken dy't mar amper fan in bear of tiger te ûnderskieden binne en wat de sadisten oanbelanget, dêr is ek by 't soad foar te belibjen. Ik soe it tige op priis stelle ast mei gieste, ûnderweis kinne wy ris oanstekke en wat skake, it is in stik geselliger om der ien by te hawwen as men sa'n útstapke makket. Begryp my goed, ik bied soks net elkenien oan. Of net dan? Mei dy doar ik dit wol oan, mar nim him no bygelyks’.
Hy wiisde nei Sjoerd.
‘Sa'n jonge kin it allegearre net ferarbeidzje, begrypst wol, dy pakt der neidetiid noch skoften mei om. Ik tink trouwens dat er net iens in paspoart hat.’ Dêr soe Heerd sels dan ek as de wjerljocht wurk fan meitsje moatte. Hy knikte mar ris, it de poaier bekenne dat er likemin in paspoart hie, woe er foar gjin goud.
‘Ik wyt dêr in skoander hoteltsje dêr't wy altyd terjochte kinne. Nochris, it hoecht dy gjin sint te kostjen al soe ik foar de wissichheid twahûndert mark meinimme, dan kinst dy altyd rêde yn gefal fan need.’
Hy seach Heerd dy't weisonk yn in folsleine besluteleazens, strak oan.
‘No? Moatst it no sizze, ik wol it daalk witte, oars...’ Hy makke de sin net ôf; dat die er faker as er immen ûnder druk sette.
Heerd knikte sûnder it te wollen. De poaier stoarre foldien nei de stikken foar him op it boerd en spile de dame.
De hiele jûn wiele it him yn 'e holle om: wat siet der efter dy goederjouskens
| |
| |
fan immen as Walle? Moast it fersyk as in gebeart fan freonskip opfette wurde of spûn de poaier stadichoan in webbe dêr't er him al gau net mear út befrije kinne soe? Miskien hie Walle der net genôch oan dat se allinne mar skaakten en woe er him lâns in omwei yn in posysje manoevrearje dêr't de measte klanten al lang yn sieten. Fielde de poaier dochs oan dat hy, Heerd, him wat it skaken oanbelange, fier oermânsk wie en wie de útnoeging in blyk fan bewûndering om wat er yn 'e marse hie? Dat Walle by him op seach, wie sa klear as in klûntsje. Dat er it gewoan net bestean doard hie en sis dat er der rêstich oer neitinke woe, siet him by alle fragen noch it measte dwers. Dan hie it mar oergongen as it Walle net sinnige, by need kamen se elkoar noait wer ûnder eagen. Wie er dy ferflokte telefoantsjes yn wêzen net al lang sa sêd as spein spek? Mar sadree 't datsoarte gedachten him troch de holle spoeken, lokke de reis dochs wer. Foargoed De Houwe farwol te sizzen, noait in bjusterbaarlike figuer as de poaier mear te moetsjen, soe it libben der noch ientoaniger en útsjochleazer op meitsje. In paspoart hie er foar de reis nei Grikelân doch nedich.
‘Do moatst my helpe, Orfeus. Ik kin net oars as mei gean. De poaier is wat fan doel, wát wyt ik net, mar hy mei my net yn 'e macht krije. Hy is snoad, mar lit ús tûker wêze. Wat giet der dochs yn dat brein fan him om? Hy liket der alles oan te dwaan om my krekt as de oaren ôfhinklik fan him te meitsjen, allinne net mei jild. Hy hat my heech, seit er, mar kin er dat eins sels wol ferneare en is er faaks net oergeunstich? Wat haw ik trouwens, behalven in gymnasiumdiploma om oergeunstich op te wêzen? Neat ommers, folslein neat. Noch net sa lang ferlyn makke ik in kuier troch it wyldlân oan de oare kant de stêd. Se wolle alles fol bouwe. Om't dêr de ôfrûne simmer in protte fûgels sieten, woe ik der foar't it te let is noch ris in kear trochhinne. Wylst ik by de brede feart dy't dêr rint lâns rûn, bekroep my in gefoel fan folsleine ûnwearde. Ik sakke rinnendewei fuort yn de dridze en sa wjerfear ik op dat stuit ek myn bestean. In nulpunt wie it, dat is it wurd. Wat wie it libben mear as in grêf dat men, troch te sykheljen, jinsels graaft?
Mar doe ynienen seach ik de heit foar my dy't op 'e knibbels nei de kant fan de feart kroep. Wat tochst, Orfeus, die er soks om fisken te fangen of út de sleat te drinken? Hoe soe ik, dy't de heit fan soks wjerhâlde, mysels fersûpe? Op nei Hamburg dus, sintrum fan libben dat yn sperma flitst. Mar dy nim ik mei wat der ek bart, sûnder dy gean ik de grins net oer. Wy moatte der wat op fine om de poaier mear op in distânsje te hâlden. Lit him my mar skilje, gun him dy wille, mar help my om der by te laitsjen as er it docht.
Heerd repte der op de garaazje net oer dat er mei de Krystdagen nei Ham- | |
| |
burg ta soe. Hy paste der goed foar op dat Vlag net gewaar waard dat er mei Walle gedoente hie, dêrfoar lei de poaier yn 'e stêd en al hielendal yn de autobrânzje op in te minne namme. Hy dûkte dan ek gau in steech yn doe't er fan fierren de auto fan Vlag oankommen seach. De koffer skampte tsjin 'e muorre, it wie mar goed dat er it byldsje goed ynpakt hie.
Der wie ôfpraat om om tsien oere ôf te reizgjen, dan koene se it harren neffens Walle rom oan tiid dwaan en ris in pear kear oanstekke. Hy hie noch gjin tsien menuten foar De Houwe stien te wachtsjen doe't er besleat mar wer op hûs oan te gean. De ôfspraak soe bêst ris ien fan de saneamde practical jokes fan de poaier wêze kinne, en boppedat hie er wier net allinne sin oan it ûndernimmen. Eefkes kaam der in gefoel fan ferromming yn him boppe doe't de kâns dat de reis net trochgie by elke stap dat er tichter by hûs kaam der grutter op waard. Doe't de dûnkerreade Saab fan Walle dan ek njonken him stoppe, moast er syn bêst dwaan en lit syn teloarstelling net skine. Sabeare optein sette er de bagaazje yn de kofferbak; dat se elkoar by De Houwe misrûn wiene, waard troch gjinien fan beide oer praat. Fielde de poaier faaks hoe't er oan de reis begûn? Walle hie in poerbêst sin; op 'e efterbank lei in flesse Frânske konjak dêr't Heerd safolle fan drinke mocht as er mar woe. Foar de grins moast de flesse yn alle gefallen oansprutsen wêze oars koe it lijen mei de dûane jaan. Hoewol't Heerd net útsleat dat de poaier him dronken fuorje woe, naam er al gau in pear swolgen. Miskien dat it sin der in bytsje fleuriger fan waard. Wie it net de baas en fertrou de poaier dizze reis ynstee fan himsels geduerich mei bange fermoedens en erchtinkendheid foar de bedoelings fan de poaier oer, te hjitfolgjen? Sa't Walle efter it stjoer siet, wie it hast net yn te tinken dat er ien fan de grutste, sa net de grutste, kriminelen fan de stêd wie. Tefreden stiek er de brân yn in grouwe Hofnar nei't er Heerd tsjin better witten yn ien oanbean hie.
Heerd betaaste temûk de els dy't er foar't earst sûnt it trelit mei Hâns wer by him droech, en dy't er wûnderlik genôch dochs wer weromfûn hie nei him in skoft kwyt west te hawwen. De poaier die sels gjin stap bûten de doar sûnder in revolver by him te hawwen, alteast neffens de ferhalen. Hy hold Walle de flesse foar, mar dy wegere.
‘Earst de grins oer’, sei er, ‘oars rûke se miskien wat en krije wy gedonder.’ It ferwûndere Heerd dat Walle de radio net útdie doe't der in dûmny begûn te preekjen. Hy harke der mei ynmoed nei, like it wol. Liet de poaier him op sa'n stuit doch noch by it blibke beetpakke of lei it oan de feestdagen dy't by mear minsken dy't trochstrings neat mear fan leauwe en tsjerke hawwe moasten, weake gefoelens losmakken? Miskien harke er de dûmny de keunst wol ôf mei it each op syn eigen kweapreekjen.
Op de Rosensteinleane yn de stêd Grins, krekt doe't de gemeente mei
| |
| |
barstend geweld ‘nu sijt wellecome‘ ynsette, batste der mei gong wat sjin de motorkap. Walle stie yn ien kear op 'e rem en flokte grouwélich.
‘Do moatst aansens mar ride.’
Wol in pear meter fan de auto ôf lei in bluodrich heapke. Doe't it bealchje eefkes skuorde, tewâde Walle it kopke yn ien traap ta smots.
‘Sa moat dat’, sei er; syn eagen glinsteren frjemd. De fine bloedspatten op 'e bokse fan de skonk dêr't er mei trape hie, soene de hiele reis troch in stil tsjûgenis fan syn wredens foarmje, betocht Heerd en koe in gefoel fan djippe wearze foar de man foar him oer amper ûnderdrukke. Ynienen waard mei faasje in doar iepenfierd, in frou mei ljocht hier kaam nei de auto ta en begûn te krytsjen: ‘Mys, Mys, wêr is ús Mys?’ Se bûgde har nei it temoarzle heapke op 'e grûn dêr't noch krekt wat griens fan wat wierskynlik in halsbantsje west hie, yn te ûntdekken foel. Eefkes stie se roerleas foaroer, doe begûn se hystearysk te razen. It like dat se de poaier dy't mei de hannen yn de bûse it allegearre iiskâld oan stie te sjen, oanfleane soe. Fielde de frou oan wa't der foar har oer stie? Se sloech de hannen foar it gesicht en draafde de dyk oer yn 'e hûs.
‘Kom no. Hast it oait sa meimakke? Ik bin wiis mei bisten, nim dat fan my oan, mar sa't sokke wiven har oanstelle, is net normaal mear. Of net dan?’ It trelit hie amper tsien menuten yn beslach nommen. Doe't de auto fannijs yn beweging kaam, spriek de dûmny krekt de seine út.
‘Miskien dat dy kat der ek wat fan meinimt’, hold Heerd him grut en gnyske. Walle seach him suver wat mankelyk oan.
‘Wolst wol leauwe dat ik fan dy riten haw dat ik der suver net sûnder kin? Ik bin bytiden sa weak as bûter, fral mei sokke dagen, dan komt der in soad by my boppe. Do silst my net gau spotten hearre al kom ik noait mear yn tsjerke en bid en dank ik net mear. Oan uterlikheden haw ik skijt. De seine kin noait foar in bist bedoeld wêze.’
Hy seach ynienen trystich foar him út.
‘Is Hamburg dan wol it plak om dizze dagen te fieren’, koe Heerd net neilitte te freegjen.
‘Ik mei dan nei Gomorra taride en meastentiids yn Sodom tahâlde, dêr haw ik sa myn eigen gedachten oer’, andere de poaier kryptysk.
‘Der binne guon dy't tinke dat dat saneamde kweapreekjen fan my bedoeld is om te spotten, mar nim do fan my oan dat ik dêr hiel wat oars mei foar haw, al sis ik it nuver op. Mei in gewoan from praatsje hoechst yn in kroech net oan te kommen, mar dat wat ik doch, bepaalt de minsken lâns in omwei by de hegere dingen. Ast oer God begjinst, sette se de hoarnen yn 'e wâl, dêr hawwe de measten fan hûs út te folle minne ûnderfiningen mei, dus neam ik se hiel ferrassend hantlangers fan it kwea en is ynstee fan God de duvel
| |
| |
myn haadpersoan. En rekkenje mar dat se dat no ek wer net wolle. Dêrom begjinne se nei te tinken oer wat ik sis.
Dûmnys hammerje ornaris tefolle op it goede om, in gewoan minske kin dêr noait oan foldwaan en dus lit er de moedfearren hingje. Dat se net krekt witte wat se oan my hawwe en hoe't se mei dy taspraken fan my oan moatte, is moai meinommen. Ik wyt it nammers sels ek net krekt hoe't it der mei my foar stiet, soms feroarje ik binnen de menút fan in laam yn in liuw. Dat kaam my niis noch oer. It begrutte my slim om dat poeske, oars hie ik it bist net út syn lijen holpen, mar doe't dat wiif der by kaam te razen, koe it my ynienen neat mear ferdomme. Ik hie har op dat stuit wol krekt sa'n wâd ferkeapje kind as dy kat.’
- Al mient de poaier it miskien sels wol wat er allegearre seit, dêrmei hoecht it noch net wier te wêzen. Somlike minsken meitsje harsels en oaren in protte wiis. Syn liifspreuk is doch dat it yn it libben om jild en neukerij giet? Hy hâldt der huorren op nei, sjit minsken troch de knibbels, temoarzelet it kopke fan in kat mei glinsterjende eagen. Hurdens en weakens lizze by de poaier tichte by elkoar as se somtiden al net mei elkoar ferrane. Wat lukt my dochs yn him oan? Wêrom binne hy en ik... -
Walle wiisde him op twa lifters dy't by de ôfrit nei Hegesân stiene.
‘Wat seiste, sille wy se mar meinimme?’
It wie Heerd bêst. Walle hâlde wylst Heerd it rútsje in eintsje nei ûnderen draaide. De beide hearen moasten nei Finsterwâlde en woene graach meiride oan de ôfslach nei Beerta ta. Se wiene ûnderweis nei ien fan de ferneamde útstallings dy't in keunstsinnige boer dêr plichte te organisearjen. Ut it hiele lân wei kamen de minsken der op ôf.
‘Nim mar in swolch’, bea Walle gol oan doe't ien fan de lifters de flesse konjak kreas tusken harren yn lei. Dat oanbod waard net ôfslein, de flesse gie rûn en hoewol't Walle niis noch neat hawwe woe, naam er no wol in fikse slok. De beide mannen blieken yn Grins te studearjen, de iene theology, de oare keunstskiednis. Oft dy kat dy't er niis deariden hie, wol yn de himel kaam, woe Walle witte fan de studint yn de theology. Blykber lei de himel foar Walle sa heech net as de seine.
‘Wêrom soene der gjin bisten yn de himel komme’, woe de studint hawwe, ‘Noach hie de arke der fol mei, ik leau noait dat ús Leaven Hear se fertutearzgje lit, mar wy witte fansels net hoe't dy kat der hinne libbe hat.’
It wie dúdlik dat er it mei de gek besloech, wat miskien ek wol de bedoeling wie al wist men by Walle noait wat der krekt yn him omgie. Hoe't de beide mannen hjitten woe Walle witte sûnder dat er op it beskie fan de studint op de earste fraach yngie.
‘Jo sille it net leauwe, mar it is stjerrende wier, it giet ús krekt as Snip en
| |
| |
Snap, it skeelt mar ien letter: Tania en Hania. De minsken dy't it foar't earst hearre hawwe der of in protte wille om of se fine it sa flau as luzen, mar wy kinne der min wat oars fan meitsje. It tafal hat it sa wold,’ andere de keunsthistoarikus dy't der in kreas ringburdsje op neihold.
‘Tafal’, preuvele Walle, ‘wat seit ús theolooch dêrfan?’
‘It sil wol sa wêze’, andere dy koart, hy like net folle sin oan in petear oer dat ûnderwerp te hawwen.
‘Is it dan ek tafal dat wy hjir omslane,’ ferfette Walle. ‘Wat in mins by elkoar skarrelet, hat er sels it measte doel oer, of net dan? Hoe't er syn libben libbet, wat er der krekt fan makket, gean sa mar troch, mar dát er libbet, hat er neat oer te sizzen hân, wylst dat no krekt it wichtichste is, want dêr komt alles út fuort. Of net dan?’
Dêr hie er al wer net ûngelyk oan, tocht Heerd dy't, miskien fanwegen de konjak, ynienen aardich slûch wie. Hy wie dan ek net fan doel en ming him yn de diskusje. It wie trouwens opfallend dat Walle mear as ienkear dingen sei dy't er sels krekt sa formulearre hawwe soe. It bleau stil efteryn de auto, mar de poaier die gjin lichten.
‘No’, frege er, ‘hoe sit soks?’
‘Oan wa wurdt de fraach steld’, frege de keunsthistoarikus dy't oan it lûd te fernimmen net botte earnstich wie.
‘De theolooch moat soks dochs witte, dy leart der foar,’ grommele Walle.
‘Jo hawwe maklik praten,’ andere dy, ‘in theolooch wyt ek mar in ferdeald bytsje, mar goed as jo it my freegje, der berêst in protte sa net alles yn lêste ynstânsje op tafal. Tanksy de seksuële drift plantet de minske him fuort, dêryn ferskilt er net fan de bisten. Ik leau der neat fan dat alles neffens in fan te foaren fêststeld plan ferrinne soe.’
‘Dus tafal.’
‘Ja, tafal.’
‘En dat sei?’
‘Hoe bedoele jo?’
‘De theolooch of de keunsthistoarikus?’
‘Hania, de theolooch.’
‘Is dat ek tafal?’
‘As it der op oankomt wol, tink, ha ha ha.’
It bleau no in moai skoft stil yn de auto, wylst de flesse noch in kear rûngie. Der wie frijwol gjin ferkear op 'e dyk. It wie eins net iens ûngesellich mei dy beide mannen derby, tocht Heerd en naam noch in swolch fan de konjak. Ferstannich wie oars, it bûnzjen yn de rjochter sliep boaze oan, hy soe net mear drinke moatte, soe er noch wat oan de dei hawwe wolle. Ut de radio kaam no klassike muzyk, in pianosonate, mar fan hokker komponist koe er
| |
| |
op it stuit ûnmooglik betinke. Koe er mar eefkes langút, dan saksearre it wol. ‘En God,’ begûn Walle al gau wer, ‘hoe sit dat dan?’
‘Hie ik it net tocht,’ de theolooch suchte djip, ‘de minsken miene altyd mar dat ien dy't theology studearret alles oer God wit. Hoe faak se my net mei soksoarte fragen oankomme, ik antwurdzje der ornaris net iens mear op, mar goed, jo binne sa freonlik en nim ús mei. Ik sil jo beskie jaan: God is ek tafal, Hy is fan alle tafallen noch it grutste tafal.’
‘Tafal bestiet, God is tafal, dus God bestiet,’ brocht Heerd dy't him ynienen net mear bedimje koe tefoaren.
‘Dat heart wol logysk’, sei Walle, ‘is dat sa?’
‘God bestiet net’, klonk it fan etteren út beide mûlen tagelyk.
‘In protte fan dy saneamde sullogismen binne bedraachlik, dêr kin men neat mei’, sei de theolooch.
‘Ik leau dat Er al bestiet,’ sei Walle, ‘dêr is wat yn it libben dêr't in lijn út sprekt, hoe, kin ik net krekt ûnder wurden bringe, mar der moat wat wêze. Hoe kin immen yn 'e godsnamme theology studearje as er net iens yn God leaut?’
‘Nijsgjirrigens.’
‘En aansens wol de kânsel op?’
‘Dat wurdt neat, ik bin wat oars fan doel, de sjoernalistyk of sa.’
Walle skodholle en die der fierder it swijen ta. Doe't de beide mannen by de ôfslach nei Beerta útstapten, sei de theolooch: ‘jo binne in tige leauwich man, haw ik de yndruk. Ik hoopje net dat ik jo op it sear kommen bin.’
De poaier glimke riedseleftich. ‘In tige leauwich man, of net dan?’, grommele er yn himsels. Se namen it lêste út de flesse foar't Walle dy ûnder it riden wei mei in bôge yn it majem goaide. Sawat by Nije Skâns moast Heerd de auto út en koarje. Dat joech ferromming, de frisse bûtelucht die him goed. Dat er beroerd wurden wie, siet gjin opset fan de poaier efter, it wie gewoan syn eigen stomme skuld, betocht er doe't er wer njonken de poaier yn de auto siet.
Sûnder gebrûk te meitsjen fan in plattegrûn of immen freegje te moatten, rieden se yn ien kear nei it hotel ta. Walle wist blykber it paad yn Hamburg. It behindige gebou like der suver noch lytser op te wurden fan it ûnbidige grouminske dat harren de keamer wiisde. Heerd fielde him ûnútspreklik ferromme doe't bliken die dat der twa ienpersoanskeammerkes besteld wiene. De hiele reis troch hie him it skrikbyld mei Walle op ien en deselde keamer sliepe te moatten, hjitfolge. Op syn mâlst soe der mar ien bêd stean, de poaier like ta safolle by steat. Mar, leaver as it bêd mei Walle te dielen, wie er rinnende nei hûs gien. Unwissens hie syn fantasije fuorre: Walle klaait him ge- | |
| |
duerich út en oan, Walle is my oan it begluorkjen wylst ik my stean te waskjen; Walle hat net iens nachtklean by him, hy is wend om neaken te sliepen; de poaier stjonkt, snoarket, blaast ôf, ensfh.
‘O God dy't neffens de learden net bestiet, hoe tankber bin ik Jo dat it sa beskikt is’, sei er sadree't er allinne wie en as earste it byldsje út de koffer helle. Hy koe it net litte en tútsje de koele wangen fan it byldsje. ‘Do leist ûnder it kjessen fannacht, do bist myn húsgod, sa as de penaten foar de Romeinen en de terafim foar de Hebrieuwen. Help my want ik bin yn grut gefaar.’
Ferstuivere rûn er nei de wasbak en beseach himsels yn de spegel dêr't rûnom roastflekken op sieten. Wat briek der yn him los? Wie wat der yn syn eagen glinstere net like ûnwierskynlik as rust op glês? Der bestie foar beide gjin oanwiisbere oanlieding. ‘Hissema’, klonk it lûd fan 'e gong. Hy kromp yninoar fan kjellens en rûn nei de doar. Op it gonkje wie gjin mins te sjen. Der hie dochs dúdlik immen syn namme roppen? Hy gie op 'e râne fan it bêd sitten en skodholle. It like wrychtich wol dat er oan it hallusinearjen wie. It soe dochs net de drank wêze dy't him parten spile? Safolle hie er no oars ek wer net hân en boppedat, hoefolle tiid wie der ûnderwilens al net oer ferrûn? Hy rûn nei de wasktafel en spielde him mei it iiskâlde wetter fiks de holle. Iiskâld wetter oer polzen en ankels rinne litte, skynde ek merakels te helpen om nei tefolle drank wer in bytsje by sûpe en stút te kommen. Beide lichemsdielen korrespondearren mei elkoar; herhelle it lichem ûnder de mul trouwens net rûchwei wat dêr boppe siet? Earms en skonken wiene maklik te ferlykjen mei de foar- en efterpoaten fan in bist en sa't de kul him tusken de skonken bôge wie er mei wat goede wil maklik te ferlykjen mei de noas; wat wiene de testikels oars as de mangels; en neffens guon dy't it witte koene wie der fan alles te sizzen oer de oerienkomst tusken de mûle fan in frou en har fagina: fine lippen, dêrby spits en stiif op elkoar, tsjutten op in ûnnimbere fêsting, in sterke frigiditeit. Hannen en fuotten, te teannen en fingers, it spriek allegearre foar himsels.
Hy roste him nochris ferwoeden de holle, stiek ûnderwilens de tomme omheech nei Orfeus dy't him, op it kjessen lizzend, yn de spegel besjen liet, en frege oft it der op trochkoe as er fan 'e jûn foar 't earst yn syn libben mei in hoer op bêd gie. ‘Der kinst neat op tsjin hawwe, Orfeus, salangst sets neat oan te bieden hast.’ Soms dreamde er him it byldsje as in frou mei in penis, as in ûnbesteanber wêzen dat dream en wurklikheid yn him ferienige.
Woldiedich streamde it wetter him oer de switterige fuotten. ‘Hissema’, klonk it fannijs. Diskear wie it lûd fan Walle, hy woe grif útprebearje hoe hoar it hjir wie. ‘Hissema‘; de poaier neamde selden of noait immen by de namme, die er it al, dan altyd by de fan, noait by de foarnamme. Hy hie krekt de skuon wer oan, doe't der op de doar kloppe waard. De poaier woe fuort mar in pot
| |
| |
skake. Nei Orfeus rêd ûnder it kjessen bestoppe te hawwen, rûn er efter de poaier oan nei dy syn keamer, dy't in slach grutter wie as sines. De stikken stiene al op it boerd. Diskear soe de poaier it witte, hy wie fan doel en lit him alle hoeken fan it boerd sjen. Dêr moast dan mar fan komme wat der fan kaam. It kaam moai fan pas dat er krekt in pear partijen út de krante neispile hie. De finesses mochten jin dan ûntgean, men stiek der altyd wat fan op, fral as it om partijen gie tusken in taktikus en in mear posisioneel skaker. Hy skaakte mei in drystens dy't gjin noed oer de ôfrin taliet. De earste partij duorre sawat achttjin setten, doe stie de poaier mat, de twadde duorre wat langer, mar dat kaam fral om't Walle no folle langer neitocht. It sin fan de poaier koe blykber net stikken, hy fertelde teminsten de iene nei de oare mop doe't se tegearre yn in restaurant in waarmmiel behimmelen.
‘It wurdt tiid om ris nei in nachtklup ta’, oppere Walle, ‘dêr binne fan tsien oer ôf non-stop-floorshows te sjen.’ Om Heerd bleauwen se noch eefkes sitten. Yn alle fjouwer hoeken fan de ytseal stie in krystbeam mei kjerskes dêr't de flammen smûk fan flakkeren. Op alle achttjin tafels stie in mânske kjers te barnen. Hy hold no ienkear fan sok ljocht, it libbe. Troch de eachteisters gûke er temûk nei Walle dy't al wer oan de konjak siet. Wat tichter er de eagen die, wat dizeniger de ferskining fan de poaier waard.
Faaks wie de skym dy't foar him oer siet en teraande mei de rûnom beevjende ljochtpunten dy't geduerich op elkoar oer sprongen, Laas wol. Soe Laas werom tinke oan him as hy it oan Laas die? Wêrom soene deaden gjin bewustwêzen mear hawwe, dat fan in libbene wie doch likegoed ûnsichtber? Laas bestie salang't hy oan him tocht, mar mei de poaier hie Laas fansels neat te krijen. Ik moat net besykje om mei de iene de oare op te roppe, it binne elkoars tsjinpoalen, se skele dei en nacht, der is gjin oerienkomst. ‘Wurdst slûch’, klonk it fan de oare kant de tafel.
‘De lea befalt my no't ik it iten op haw’, liigde er.
‘Dat tocht ik al, do hiest de eachjes teminsten ticht. Yn de nachtklup wurdst wol wer wekker. Tink der mar om, se hawwe dy útklaaid earst der erch yn hast.’ De poaier gnyske wer ris riedseleftich. Wat gie der op sa'n stuit doch yn dy fint om?
‘It is oars net ûnaardich om mei sokke dagen yn it bûtelân te sitten’, sei er sûnder neitinken. Hy fielde him troch de wyn wat sûzerich yn 'e holle. Wie it trouwens wol sa aardich? Wa't mei de Krystdagen by dûmny van Ginkel yn 'e tsjerke siet, seach om it samar te sizzen it bern yn de krêbe lizzen en dêr Maria en Jozef omhinne te skaaien. Wat bleau dêr yn in stêd as Hamburg fan oer? Hy moast ynienen fjochtsje tsjin in gefoel fan mankelikens en hoegde mar te harkjen nei de beide stimmen yn him dy't elkoar geduerich tsjinsprieken.
| |
| |
- Wêrom sa weak? Do wolst ommers sels neat fan dy mearkes mear witte. Ast thús west hiest, wiest grif net nei tsjerke ta gien.
Akkoart, mar dan hiest miskien no sitten te lêzen en ûnderwilens nei dy seldsum moaie Missa Solemnis fan Beethoven heard.
Sangerje dochs net, dan hiest net meigean moatten. Do bist by einsluten dyn eigen baas.
Wat is dat: eigen baas. Hasto dy ea dyn eigen baas field as it teminsten is watst tinkst dat it is?
Wêrom wytst noait watst wolste en net wolste, en litst dy libje? Walle is dy de baas, oars hiest hjir net sitten, mar ast no thús sitten hiest, hiest der grif spyt fan hân datst net meigien wiest. Wêrom doch altyd al dy tsjinstridige gefoelens dy't dy sa groulik teskuorre? Do mienst datst neitinke kinst, mar do tinkst net oarderlik, it is ien tizeboel fan tsjinstellings. It moat hast wol te krijen hawwe mei it feit dat it memmeflues dy om 'e holle sitten bleau. Kinst se der út oan de eachopslach en dêr kinst wer oan sjen hoe't se yn it libben steane, wat se der fan meitsje. Freegje de poaier oft er mei de helm op berne is, hy sil it dy grif bekenne. Soks is gjin tafal. Woest trouwens sels net de poaier fan Nanna wurde? Wa't net wêze wol wat er is en net is wa't er wêze wol, hat in ûnmooglik bestean.-
‘Kom’, sei Walle nei't er mei de ober ôfrekkene hie, ‘wy moatte dy kant mar ris út. It is mar in pear stappen te gean, mar dy sille wy dochs fersette moatte, sille wy der komme. Of net dan?’
Heerd joech gjin beskie. Hy wie jûn syn eigen baas, by need gie er op eigen manneboet nei hûs werom. Dy twahûndert marken dy't er fan 'e bank helle hie, wiene der goed foar. Hy soe der dizze twa dagen rom fan rûnkomme kinne.
It wie net drok yn de nachtklup. Neffens Walle begûnen soksoarte saken pas in oere as ien echt te rinnen. It duorre dan ek mar eefkes doe sieten der fjouwer froulju by harren op 'e bank dy't mei read plus beklaaid wie. Walle fermakke him tige en produsearre yn bryk Dútsk de iene nei de oare anekdoate oer syn eigen kroech. De beide froulju dy't oan wjerskanten fan de poaier delploft wiene, diene as harken se der mei sân pear earen nei en fregen al rillegau oft se sjampanje bestelle mochten. Earst mei sjampanje koe der echt ‘Spasz’ makke wurde.
Heerd wist net hoe't er him hâlde soe doe't de beide oare froulju as op kommando presys tagelyk in hân op syn knibbel leine. Wêr't er by Nanna op hope, stie him no ynienen slim tsjin. Wat koene dizze beide huorren him skele? Neat! No net en noait net. Mei in brimstich gesicht en sûnder in wurd te sizzen, seach er foar him út.
‘Sie sind vielleicht verheiratet’, frege ien. Heerd sei neat, die de hannen om- | |
| |
heech en sprate de fingers.
‘Du kannst doch etwas sagen’, lústere de oare en gie oerein doe't er har swijend en dûnker oanstoarre. Se gie wer oan de taap sitten en stiek in sigaret op. Wêrom wist er sels net, mar hy hie it smoar yn. De hoer dy't sitten bleaun wie, besocht noch eefkes oanslach te krijen, mar doe't er steech folhold mei te swijen, folge se al gau har kollega.
Se mûskoppen mei de rêch nei him ta, seagen noch ienkear mei wat fan spotskens oer 't skouder en sakken doe werom yn de hâlding dy't er sa goed fan de huorren fan Walle koe: de rêgen justjes foaroer, mei ien earmtakke op 'e taap lynjend, in sigaret smokend, in glês frisdrinken leech nippend, amper wat sizzend, mar opfearjend út wat in doelleas wachtsjen like sadree't der immen binnen kaam. En dy waard dan ek benei as in proai besprongen. Walle hie der gjin erch yn dat er lykme allinne siet. De poaier wie der dan ek mei besteld: de froulju hiene elk in earm om him hinne slein, tyspelen oan syn earen en diene mei de oare hân om bar in taast nei de eale dielen dêr't de kontoeren as taastber resultaat dúdlik fan yn syn broek te ûnderskieden wiene. Heerd seach in oare kant út en wie der alhiel net oergeunstich op dat de poaier him blykber behearskje koe as se oan him sieten. Foar syn gefoel rime de keale plasse fan de poaier mar min mei dy syn stiif lid.
Der sieten ûnderwilens in man as fyftjin yn 'e seal. By elk skoft waard der al gau ûnferduldich yn 'e hannen klapt en floaite.
It bliek te helpen, want ynienen giene alle ljochten út op in spot nei dêr't it skynsel fan op it behyplike poadium rjochte wie. De rêstige muzyk fan sakrekt gie oer yn in wylde kakofony fan klanken dêr't de boksen fan kreaken. In fragyl fromminske kaam it poadium op en begûn plichtmjittich sûnder har wat fan it ritme fan de muzyk oan te lûken oan in striptease. Nei't se har hielendal útklaaid hie, gie se op de tekken lizzen dy't har etter it gerdyn oanrikt wie. Der waard har in barnende kjers jûn dy't se nei him fan ûnderen beslikke te hawwen, yn har treau, stadichoan fierder oant it like dat de flam har ta de kut útsloech. Hy moast der nei sjen oft er it woe of net. Die se soks frijwillich of waard se der ta twongen? Amper achttjin, âlder like se net. Se seach op noch om, reagearre net op wat der út de seal nei har roppen waard. Sa't se de hannelingen útfierde, like se in meganyk dat efter de kûlizen wei betsjinne waard. Doe't de flam fan de kjers dôve, rûn ien fan de huorren by de taap nei it poadium en stiek him fannijs oan. Yn 'e seal waard der lûd om lake. ‘Ist mir das ein Weibsbild’, sei in Dútser lûd efter him. De kjers barnde no sa fûl en nei oan it lichem dat de speaker gelyk like te krijen mei syn oankundiging fan in fjoerspuiende kut. It famke sprong oerein doe't de kjers fannijs útgie en hold it stompke omheech as bewiis dat se der har net ôfmakke hie. Se glimke tryst, fandele har klean byinoar en ferliet mei in lichte bûging it
| |
| |
poadium. Op slach klonk der wer rêstige muzyk. Heerd bestelde noch in pilske, fan doel om wat der noch wachte, kalm oer him komme te litten.
Om de tsien menuten kundige de speaker in koart optreden oan, no ris dûnsjen fan in stikmennich neakene froulju, dan wer in floorshow dêr't de nuverste dingen yn úthelle waarden. De lifeshow lykwols dêr't de poaier it oer hân hie, wie oant no ta net te sjen west. Doe't er yn it neifolgjende skoft nei it húske tagie en dêr wat langer hingjen bleau as nedich om eefkes út de drokte te wêzen, wie de poaier mei de beide huorren ferdwûn. Hy besleat al gau net langer te wachtsjen en woe ôfrekkenje.
‘Alles ist schon bezahlt’, sei de ober en lake breedút.
Hy gie streekrjocht nei it hotel werom, fiske de kaai fan syn keamer dy't oan in heak efter de ûntfangstbaly hong tusken de oaren út en rûn by de treppens op. Wêrom liet er de kâns om folle mear te sjen as ea yn it stedspark te begluorkjen wie, slûpe? Miste er dan dochs it betroude, de krystlieten dy't oan dizze tiid fan it jier sa'n eigen sfear joegen? Ferheftich ferlange er nei de keamer boppe de garaazje. En dat woe in pear jier nei Grikelân ta.
‘Ik haw de poaier jûns twa kear ynmakke mei it skaken, mar wat giet der likegoed yn him om’, sei er wylst er it byldsje yn 'e hannen naam. ‘Okkerdeis sei Swarte Geart: do skaakst noch al ris mei him he'n. Ik knikte. Hy seach my nuver oan. Warskôgje, die er my net, net ien warskôget my, dêr passe se wol foar op. It hie net wêze moatten, Orfeus, wat kin ik mei in els tsjin in revolver begjinne?’
Hy hold de els yn it ljocht en beseach mei stúdzje de punt. Der wie neat oan feroare al hie er iens yn it wang fan de dwerch sitten. Els en groede ferholden har ta elkoar as de poaier en hy: Walle hie der jûns suver glânzgjend by sitten wylst hysels linkendewei siet te fersuorjen, stadichoan mear ta in slachtoffer wurdend. Wie it mar in kwestje fan jild, dat wie teminsten ôf te lossen, by need koste it it dûbelde.
‘Ik wurd troch him ynspûn, stadichoan mear oant ik gjin fin mear ferroere kin. Wie ik mar earder út dy ferdealde kroech weibleaun, dan hie ik no net oan him fêstsitten. It is krekt as sykje ik altyd dingen dy't my bang meitsje. Ik lykje wol oan de eangst ferslingere, as kin ik der net bûten. Op dit stuit fiel ik it hiel skerp: ik kin net bûten de spanning om bang te wêzen. Doe't ik noch by de Feenstra's yn de kost wie, wie it al sa. Ik beseach myn eigen spegelbyld, rûn der op ta, hold de eagen sa wiid mooglik iepen. Doe flitste der in blau ljocht en like it byld foar my oer te spjalten. Mar dat wie it net echt, Orfeus dêr't ik benaud fan wie.’
Hy drukte it byldsje tsjin him oan en draaide him om nei de spegel boppe de waskbak. Dûnker en net te bedjipjen waard er fan syn eigen eagen oansjoen. Hy draaide him fuort wer om.
| |
| |
‘Sa, no hast it sels sjoen.’
Mismoedich begûn er him út te klaaien. Hy mocht dan bang foar Walle wêze, it soe de poaier net slagje en krij him folslein yn 'e macht. Wa wyt, miskien wie de poaier likegoed bang foar him. De beide huorren wiene net om 'e nocht by him weistood, hy wist hoe't er sjen moast.
Mei de els yn 'e hân, Orfeus njonken it kjessen, kaam de sliep him oer it mad. It ljocht barnde noch.
Sawat tsien oere sieten se de oare deis foar elkoar oer oan de moarnsbrogge, gjinien fan twaën hie der blykber ferlet fan om it ferrin fan de foarige jûn noch ris op te ekerjen. Sa no en dan roste de poaier him mei de rêch fan de hân yn 'e eagen. It muoide him, sei er, dat der op sokke dagen gjin Hollânske kranten te besetten wiene. Oer skaken repte er net. Nei't der wiidweidich kofjedronken wie, gie de reis nei de strjitte fan de kompleksen sa't Walle it neamde. In ûnbidigen krystbeam, grôtfol elektrysk ferljochte kjersen, tuorke heech út boppe de swiere sketten dy't op in distânsje fan sa'n oardel meter fan elkoar ôf stiene en dêr't men fanwege de drokte jin no al tuskentroch wringe moast.
‘Wat grutter de poel fan it ferdjer, wat heger de krystbeam’, sei er tsjin Walle dy't de hichte fan de beam besocht te rûzen.
‘Foar dizze sûnders is it berntsje ek te wrâld kaam. Huorren binne faak fromme minsken, wytst dat wol?’ Hy knikte.
‘Dy fan jo ek grif?’
‘De measten wol. Se kennen allegearre it ferhaal dat Jezus de omstanners in hoer ta foarbyld stelt. Dêr hawwe se hâld oan by alles wat harren yn it libben by de hannen om't ôf brutsen is. Se meie it measte fan de bibel dan net yn 'e praktyk bringe, der yn leauwe, dogge se nammerste djipper.’
‘Wat sûndiger de dieden, wat djipper it leauwe blykber’, grommele Heerd. Faaks wie der gjin omjouwing dêr't in krystbeam sa goed paste as hjirre; troch yn in stâl berne te wurden hoegde gjin mins drompelfrees te hawwen om op kreambesite te gean. Dy stâl wie yn it krystferhaal in geniaal gegeven, dat krong no earst ta him troch. ‘Der moatte der mear as tûzen yn sitte’, preuvele de poaier mei it each op de kjersen.
Stadich rûnen se by de ruten lâns, soms sieten der wol fjouwer huorren op in klútsje efter ien rút, mar de romte koe sa lyts net wêze of der stie wol in krystbeamke yn. De poaier hie yndie net te folle sein. Mei niget beseach er in hoer dy't mei hege learzens oan en in swipe yn 'e hân sawat tsjin it glês oan stie. Doe't er de pas ynhâlde, seach de poaier him ris op en del oan. ‘Woest der eefkes yn’, gnyske er. Heerd krige in kaam en begûn him te skamjen. Soe de poaier sa gau wat oan him murken hawwe? It wie wier, fan alle nuverichheden hie dizze him it measte yn 'e besnijing. Hy rûn gau troch en skodholle.
| |
| |
‘Wat giet it der om wei’, sei er, ‘soe it der allegearre by hearre, ik bedoel, soene de minsken altyd al mei sokke útwrydske ôfwikingen oanhelle wêze?’ ‘Ik leau net iens dat it ôfwikingen binne, as er der mar de romte ta krijt, dan komt der fan alles yn in mins boppe. Of net dan?’
Sawat in oere letter sieten se tegearre yn in tsjerke fan de Evangelische Kirche dy't hjir net fierôf stie. De poaier hie der net op andere doe't Heerd him frege hokker hoer er útsykje soe as er al ris wat oars woe. By gjinien fan de hoerekasten hie wat oan him te merken west. Stom dat er sels sa lang stean bleaun wie foar it finster fan de hoer mei de learzens. Wat hie dy frou him fûl oansjoen wylst se mei in karwats swypke. Sels doe't de hannen gear moasten foar it gebed, koe er him net fan dat byld befrije.
Doe't se it waarmmiel ophiene, woe Walle wer skake. Eefkes wie Heerd fan doel en ferlies diskear, de poaier makke eintsjebeslút nochal wat ûnkosten, mar al gau sette er dochs wer alles op alles. Doe't er fan 'e moarn de kofje betelje woe, hie de poaier it him ferbean.
‘Op myn kosten haw ik sein, of do moatst al nei ien fan dy froulju ta gean sûnder dat ik der it each op haw. Dêr kin 'k net foar.’
It sin fan de poaier like der net ûnder te lijen doe't er de twa earste partijen @@ferlear. De fjoerreade kleur dy't er geandewei krige, koe ek bêst ris fan de Franske konjak komme dêr't ûnderwilens al de tredde fan njonken it boerd stie. Heerd wie op elke feroaring yn it sin fan de poaier spitst, mar Walle bleau noflik yn it praat, net freonliker, mar ek net minder freonlik as oars. Soe it feit dat de poaier sa ûnwierskynlik evenredich bleau ûnder it ferlies op himsels dan al in faai teken wêze? Nei de fjirde partij hie de poaier ynienen syn nocht, mar minsinnich wie er alhiel net. Hy woe der fuort wer op út.
‘lus primae noctis’, stie mei grutte reade letters op in hege flat dy't mar in eintsje fan de Reeperbahn ôfstie.
‘Wat betsjut dat’, frege Walle.
‘It rjocht fan de earste nacht’, andere Heerd, ‘en dat foar in hoerekast, der sille doch grif gjin maagden yn sitte.’
‘Kinst it ek oars besjen: mannen dy't foar de earste kear mei in frou op bêd geane. It beheart ta it wichtichste wurk fan in hoer om in man yn de keunst fan it leafdesspul yn te wijen. Soks skynt yn Súd-Amearika normaal te wêzen, dêr geane jonges fan in jier as santjin ûnder tafersjoch fan de heit in pear kear nei in âldere hoer om in bytsje beslein it houlik yn te gean.’
Soe it yndie sa wêze wat de poaier tefoaren brocht of... Hy seach nei de kante letters dy't heech yn it tsjuster fan de jûnsnacht opgloeiden. De namme koe likegoed slaan op klanten en huorren dy't elkoar foar't earst moeten en dan sloech it op beide partijen. It wie ek noch mooglik dat der in anekdoate oan de namme te 'n grûnslach lei, dy't inkeld oan insiders bekend wie. Hy fielde dat de poaier de eagen net fan him ôfhold.
| |
| |
It flat bliek in labyrint dêr't froulju út alle hoeken en harnen fan de wrâld fertsjintwurdige wiene. Sa wie der in blok mei fammen fan de Balkan, ien mei guons út Latyns-Amearika, Indo-Sjina, Afrika ensafuorthinne.
‘Wat fynst der fan’, frege de poaier suver grutsk, ‘ik haw der mei opsetsin mar net tefolle oer opsnijd.’
Hy koe yndie syn eagen amper leauwe. Dat sokke moaie geve famkes harren foar sok wurk lienden, al waard al gau dúdlik dat der wol selektearre waard. In gewante portier wegere elkenien dy't yn 'e weef stie of der smoarch útseach. Dat soe Walle net dwaan, as der mar betelle waard, dan moasten syn huorren mei nei boppen.
‘Wêr giet de foarkar nei út’, frege de poaier, ‘nei dûnker of nei ljocht?’
‘Dûnker’, andere Heerd beret.
‘Sigeuner of Maya’?
‘Maya?’
‘Meksikaansk of sokssawat.’ De poaier gnyske wer ris heimsinnich.
Wat hie er dêr dochs it mier oan. Hy koe it net oars sjen: de poaier mocht dan noch sa freonlik dwaan, yn dat bepaalde gnyske lei besletten dat er noait echt te fertrouwen wêze soe.
‘In Meksikaanske liket my wol wat ta’, sei er sabeare ûnferskillich.
‘Dan moatte wy hegerop’. De poaier seach mei stúdzje op in plattegrûn.
‘Se sitte op de fjirde of fyfde galerij’, sei er, ‘kom op.’
It blok bliek hielendal oan de ein fan de fjirde galerij te wêzen.
In tal famkes dy't der eksoatysk útseagen kuieren mei in hast fernimstige trêd foarby. Se twongen harren alhiel net op lyk as yn de nachtklup. Der wiene twa by dy't er útsûnderlik kreas fûn. It wie hast net foar te stellen dat er aansens mei ien fan harren allinne wêze soe.
‘Wat prate wy ôf’, frege er de poaier. Hy moast syn best dwaan oars begûn it lûd him fan klearebare spanning te triljen.
Hy moast der net oan tinke dat de poaier deselde kar makke hie as hysels. ‘Wachtsje wy op elkoar of geane wy op eigen gelegenheid nei it hotel werom sa as justerjûn?’
‘Sjoch’, sei Walle en joech him temûk fyftich marken, ‘foar fiifentweintich meist der tsien menuten bliuwe, mar foar fyftich wol trije kertier. Tink der goed om datst dy net opjeie litst.’
‘Dit hie ik sels oars betelje wold’, brocht er der tsjin yn, mar de poaier woe dêr fannijs gjin praat fan hearre. ‘Ofspraak is ôfspraak’, sei er koart. ‘Hokker sikest út?’ Hy wiisde de moaiste frou dy't er ea yn syn libben sjoen hie oan. ‘Jo binne der sels ek noch, miskien...’
‘Haw mar gjin noed mei my, it binne alle fjouwer prachtwiven. Oer goed trije kertier by de útgong.’ Mei stoep er op ien fan de oare fjouwer famkes ta en
| |
| |
wie yn in eachwink troch in doar ferdwûn.
Wat koe der yn de goedichheid efter stykje dat de poaier it him sa nei't sin makke?
Skrutel rûn er op it famke ta, it biljet fan fyftich mark noch yn 'e hân.
‘Kommen Sie mit’, klonk it sacht. In tel mar hiene har prachtige eagen him oansjoen. Mei dynjende trêd rûn se foar him út. Ik moat oan snie tinke, tocht er, oan eat dat kâlder is as iis.
‘Was wünschen Sie’, frege se doe't se yn in keamer dêr't sawat de helt fan ‘e romte troch in twapersoans baaikûp ynnommen waard, foar elkoar oer stiene. It glimke dat in rigele blikkerjend wite tosken bleat makke, wjerljochte troch him hinne. Sûnder in wurd utbringe te kinnen, joech er har triljend it briefke fan fyftich.
‘Das ist eine halbe Stunde normal’, sei se en begûn har út te klaaien. Hy folge har foarbyld wylst de lea him fan de spanning skodde.
Goed fiif menuten letter stie er by de útgong fan it flat. De hoer hie him net iens it kondoom omdwaan hoegd. It wie in útsûndering, sei se, mar hy koe foar fyftich mark ekstra noch in healoere bliuwe om it op 'en nij te besykjen. Mar hy hie al by de stoel stien. Noch krekt hie er har wielderige skamtekrollen sjen kind ear't se noch gauwer as hy de klean wer oanhie. Se hie in sigaret oanstutsen en him net iens mear oansjoen doe't se de doar foar him iepen hold. Bikkelhurde business. Mar, dat wie it slimste noch net. Geduerich stie er yn himsels te flokken, it feit dat er bestie, ferwinskjend.
Op 'e kop ôf trije kertier letter kaam de poaier. Hy hie al wer in poerbêst sin nei't it like en stelde út om ear't se nei it hotel werom giene, earst noch eefkes earne wat te drinken. Oer hoe't elk it han hie waard net in wurd praat. It wie al aardich let doe't se by it hotel oankamen. Doe't er mei de nachtklean al oan nei't húske ta gie, seach er yn it foarby gean de kruk fan de doar fan Walle ferwegen. Sûnder der fierder omtinken oan te jaan, rûn er troch.
De oare moarns ûntdiek er al gau dat de beide briefkes fan elk hûndert mark ût de beurs ferdwûn wiene. It jaske dêr't de beurs yn siet, hie by de Meksikaanske oer de lining fan de stoel hongen. Hy hie, wylst er in tel op 'e râne fan it bêd siet, der it each net fan ôf hân. It wie ûnmooglik dat sy him bestellen hie.
De poaier ferloek gjin spier doe't er him ûnder de moarnsbrogge trochdie dat er it jild kwyt wie.
‘Dêr soe ik net oer ynsitte, soks kin dy no ienkear oerkomme ast nei in stêd as Hamburg ta gieste.’
‘Binne jo ek jild kwyt’, frege er ûnnoazelwei. De poaier skodholle.
‘Ik bin der op ôfjage.’
Ynwindich ferflokte er de poaier om syn sabeare goederjouskens. No hie er
| |
| |
eintsjebeslút sels doch noch de reis betelle. Wie it jildsucht of wraak foar de ferlerne skaakpartijen?
‘Sjoch’, sei Walle en skode him in briefke fan hûndert mark ta, dat kinst salang wol fan my liene. Dan kinst dy altyd rêde, mocht der wat barre. Of net dan?’
Hy koe de gedachte net fan him ôf sette dat de poaier him fan syn eigen jild liende. Hy drige. Hoe faak hie er him net foarnommen om noait jild fan de poaier te lienen? De poaier seach him skerp oan, syn eachopslach wie ynienen sa freonlik net mear. ‘Sjoch’, sei er, ‘pak oan, ast mazzel hast, hoechst it net iens werom te beteljen. Miskien ryd ik my wol dea.’
Wegerjen koe maklik as in mislediging opfette wurde of de yndruk jaan dat er folslein op de bûse fan Walle tarre woe. Hy naam it biljet oan. ‘Okay, ik betelje it jo daalk werom as wy thús binne.’
De poaier dronk mei stúdzje in mânske mok thee leech en reagearre net.
Kranen, pipen, tuorren en flats wiene noch net út it gesicht ferdwûn doe't Walle samar begûn te fertellen oer syn libben. De holle stie him der alhiel net nei om mei de poaier te praten of him oan te hearren. Thús soe er dy kloat betankje kinne foar in reis dy't er sels betelle hie. It moast foargoed út wêze mei de besites oan De Houwe. Mei dy telefoantsjes soe de poaier him net langer oan syn kroech bine. De hiele reis lang jin by't fluenske om't ôf op 'e lije side komme en no dit. Wat in perfide geast moast der yn dy man beskûl gean.
‘It wie grutte earmoede by ús thús, ús mem ferstoar doe't se fan my yn 'e kream moast, in suske fan mar san jier âlder as ik hat my grutbrocht. Heit skarrele mei muoite de kost byinoar, mar rekke al gau oan 'e drank. Wy hawwe as bern ús sels rede moatten. Op 't lêst bin ik yn in tehûs bedarre yn 'e stêd. Ik wie noch gjin trettjin doe siet ik al op see. Dêr haw ik my oars noch wol fermakke, seelju binne rûch, mar ik mei wol oer sok folk, se binne ornaris sa earlik as goud.’
- Wat kin my dat allegearre skele, koe ik mar útstappe en fierder liftsje. Aansens beskuldiget er my dat ik yn syn priveelibben ynbrutsen haw troch him útprate te litten. Hy wol ommers foar elkenien in mystearje wêze. Dêr moat wat efter sitte. Miskien sjanteart er my wol as wy goed en wol thús binne.- ‘Op in stuit hie ik yn Amsterdam in oannimmersbedriuw mei in fjirtich man yn 't wurk. It jild kaam by't kroadfol binnen. Hâldst it net foar mooglik: yn noch gjin jier wie ik miljonêr en âlderling yn de griffermearde tsjerke. Se hiene my yn dat wêshûs aardich wat bybrocht dat ik kaam beslein op 't iis. Ien ding, ik hie noait oan dat wiif hingje bliuwe moatten. Ik miende doe noch dat ik myn fatsoen hâlde moast en troude har doe't se swier rekke. Wy hawwe
| |
| |
ferdomme foar't front fan de gemeente skuld belide moatten en ik waard fansels fuort âlderling ôf, want in frou swiermeitsje sûnder datst troud bist, dat koe fansels net yn de griffermearde tsjerke. Earst koe it noch wol hinnebruie. Ik kocht spesiaal foar har in antyksaakje dat sy dreau, dan hie se wat om hannen. It gie dat it slydjage oant de reidsjes kamen, oeral kaam ik se tsjin, op it húske, yn 'e sliepkeamer, op 'e souder. En ik mar tinke dat de beide bern se slingerje lieten as se in glês drinken hân hiene. De frou waard ûnderwilens meagerder en meagerder. Wat tochst dat der oan 'e hân wie? Sy hold de administraasje by, ik miende noch altyd dat der jild by de rûs wie. De winkel rûn ommers poerbêst en de saak koe net stikken. Se sloech in protte op it Waterlooplein om om antyk te keapjen. Dat miende ik tenminsten, mar efternei begryp ik noch net hoe't ik sa slûgerteftich wêze hawwe kind. Al in hiel skoft wie se sa ferdomde ôfwêzich en dat gie sa linkendewei dat it moat my doe net opfallen wêze. Doe op in kear waard der folslein ûnferwachte troch âlve man plysje in ynfal dien op 'e saak. Se sleaten alles ôf en namen my mei nei it buro foar in ferhear. Ik waard fertocht fan helen, hannel yn drugs en ûntdûking fan de belêsting. It koe net mâlder, moatst begripe dat ik nearne erch yn hie. De hearen hawwe my fjouwer dagen fêsthâlden yn in sel dêrst dy de kûnt net keare koest fan smoargens en flieën. Ik mocht my net iens waskje en skeare. En wat kaam der eintsjebeslút efterwei?
De frou hie godferdomme gedoente mei in Sjinees, ien fan de grutste gokkers fan de stêd, dy't har oan de kokaïne brocht hie. Se snúfde kokaïne troch reidsjes. Rekkens dêr't ik fan miende dat se betelle wiene, stiene noch iepen. Der wie yn de ôfrûne jierren al mei al in skuld fan acht ton makke en wa draaide der foar op? Krekt, Walle Jousma. Alles wat ik opboud hie, gie yn ien klap nei gychem.
Ik haw har noait wer sjoen, wat der fan wurden is, ik soe it net witte. Om earlik te wêzen wyt ik net iens oft wy wol offisieel skieden binne. Doe't ik yn de bak siet, waarden de beide bern by frjemd ûnderbrocht. Ik haw besocht om se werom te krijen, om se yn alle gefallen sjen te meien, mar Walle mocht net witte wêr't se sieten, om't er noch altyd ûnder fertinking stie. Al gau waard der in proseduere op gong brocht om ús út de alderlike macht te ûntsetten. De hege hearen hiene de antesedinten neigien. Ik hie yn in tehûs sitten en op see, beide waarden my as in misdied oanrekkene, as hie ik mysels yn dat tehûs brocht. ‘Jo binne troud mei in ferslaafde’, seine se, ‘immen dy't der konneksjes mei de ûnderwrâld op nei hâldt. Miskien hawwe jo har der wol ta oantrune. Wy kinne net oars as jo as de earste fertochte beskôgje’. Ik hear it dy ofsier fan justysje noch sizzen. Dan giet der al wat yn dy om, dat wik ik dy. Ik tocht op 't lêst: jimme kinne it krije sa't jimme it hawwe wolle. Of net dan? Doe't se gjin bewizen fine koene foar al de beskuldigingen dy't my foar
| |
| |
de skinen smiten waarden, bin ik nei Fryslân werom gien en in kroech begûn. Earst yn 'e Wâlden, wat letter yn 'e stêd en no, sûnt fiif jier al wer, De Houwe. It foldocht poerbêst.’
De poaier seach flechtich fansiden en fage him mei de mouwe fine switpeareltsjes fan de foarholle.
- Wat besielet dizze sfinks dat er samar syn hiele hert oan my útstoart? Freget er bedutsen om begryp foar it feit dat er der sa rûch hinnelibbet? Mar, wat kin it dizze bikkelhurde figuer skele hoe't Heerd Hissema oer him tinkt? Der sit wol wat begrutliks yn wat er allegearre meimakke hat. Ik soe net graach mei him roalje wolle. Hoewol, ús mem yn 'e kream ferstoarn, gjin kuiers nei de poel, gjin ferhalen út de bibel, mar miskien wol in ferskining fan God en net dy fan de roekkat. Unsin. It byld fan in frou mei in bril op mei in fyn montuer dy't roerleas en as ferstienne sit te lêzen, soe net bestean. Wat wie te ferkiezen, jin neat fan in mem yn 't sin bringe kinne, of soksoarte bylden as ik der op neihâld?
En de heit? Och ja de heit, hy is al wer oan it wurk, de operaasje is goed beteard. In drinker hat it noait west. Nee, wat de heit oanbelanget, soe ik net graach mei de poaier roalje wolle.
Yn in tehûs hie ik sokken as Laas en juffer Haima noait kennen leard. De poaier hat it minder hân as ik, gâns minder. Ik moat ris ophâlde my mei him te ferlykjen, it ferline wiist oars út. Dat de sfear dy't om him hinne hinget my yn 'e besnijing hat, moat earne oars oan lizze. It is net wêzentlik, perfoarst net. De poaier sil net lyk as ik mei in byldsje befreone wêze, wy binne folslein ferskillich. -
Yn Bad-Zwischenahn stieken se oan.
‘Zwei mal Ochsenschwanzsuppe und Kartoffeln mit zwei pölnische Würste mit salad, und zwei Kaffee bitte’, bestelde Walle mei't er al wer de kar oan Heerd litten hie. ‘Oksesturtsop krijst yndie nearne sa lekker as yn Dútsklân, mar it moat wol oanmakke wêze’, sei de poaier.
Sa praatsk Walle oant no ta west hie, sa swijsum wie er op it lêste stik fan de weromreis. Miskien ferwachte er in reaksje, mar Heerd koe it net opbringe en kom op it ferhaal werom. Hast soe er freegje nei de namme fan de grutte fûgels dy't hjir rûnom yn it fjild te sjen wiene en fan fierren wol wat fan guozzen hiene, mar hy betocht him en swijde steech. Doe't er foar De Houwe útstapte, joech er de poaier in hân mei dêryn it briefke fan de hûndert mark sadat it wol oannommen wurde moast. It biljet waard him daalk weromjûn. ‘Hâld it mar, hoechst it ek net werom te beteljen, wy hawwe in moaie reis hân. Of net dan?’
Heerd knikte, ‘tige tank, tige tank’, preuvele er noch ris.
De Saab skeat mei faasje foarút, de poaier like ûnderwilens al wer aardich
| |
| |
de âlde. Foarearst hoegde Walle him net wer yn De Houwe te ferwachtsjen. Miskien kaam er der wol noait wer, hoewol't it sfearke dochs wol loek. As de poaier him mar noait wer foar sa'n reis mei frege.
De distânsje dy't der altyd tusken harren west hie, ek al skaakten se, moast der bliuwe.
In yntins gefoel fan befrijing streamde troch him hinne doe't er it byldsje út de koffer helle. Underbroeken, himden en pyama foelen op 'e grûn.
‘Dit is in moaiere striptease as ik yn Hamburg sjoen haw, Orfeus, moaier as dy fan de Meksikaanske. Do meist dan gjin earms hawwe sa as dy frou op de flap fan de plaat fan Gluck en gjin fuotten, do stiest op dyn mul, dat is op himsels al in wûnder. It moaie oan dy is dyn ûnfolsleinens, ik kin dy nei beleaven oanfolje en dêrom bist foar my it meast folmakke wêzen dat der bestiet. Do bist God sels, de alpha en de omega, begjin en ein dy't beide rêste yn harsels, sa as in sonate of in nokturne, do bist gjin symfony fan Mahler, do hast dyn eigen klank, dyn eigen kleur, dyn eigen kontrapunt. Sis my, hoe moat ik mei de poaier oan? Hy wol dat ik âldjiersjûn yn De Houwe kom, mar ik leau dat it better is dat ik weibliuw. Hy is der mei begûn mei my te skaken en te drinken, mar no is it safier dat wy tegearre oan it huorrejeien west hawwe. Mar folle slimmer as dat is dat er my syn hiele libbensrin ferteld hat. Dat hie noait wêze moatten, dêr hie er my abslút bûtenhalde moatten. Ik krige it gefoel dat er my njonken him yn syn sel loek en doe sels útnaaide en dat ik, allinne oerbleaun, yn myn eigen stront lei te rôljen.
Doe't ik yn Hamburg oer de galerij rûn, fjouwer heech, winske ik dat ik fleane koe, dat ik in fûgelmins wie. Mar ja, wat hat men oan sokke dreamen? Men kin no ienkear allinne mar nei it fleanen fan in fûgel sjen, it him noait neidwaan. ‘Wy binne net wat wy sjogge, Orfeus. Miskien is it mar goed ek.’
Hy sette it byldsje op 'e tafel, pakte papier en pinne en begûn te skriuwen wylst er de wurden lûdop sei as woe er fannijs dat it byldsje him ferbettere en oanfolle.
|
|