Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 204] [p. 204] Jac. Dykstra Oergong Yn it grille ljocht fan ein septimber dûnsje michjes op en del, ien tel noch is it simmer, ien tel is't as fan âlds. Dy waarme sinne op 'e Swette, de elzen noch sa fol fan blêdte, wylde einen fuorgje stilwei trocht it wiet. Mar do en ik, wy stoarje foar ús hinne, der is sa'n grutte leechte tusken ús en wurden dogge no ek gjin fertuten. Dat, wy dogge der it swijen ta, lykwols de michjes dûnsje op en del, ien tel is it noch simmer, ien tel stiet alles stil. [pagina 205] [p. 205] Op 'e kear Leave, fernij my wat ús bynt, wat bining jout oan brûkte tiid en lang bekuolle tinzen. Wy wiene byld en spegel beide, duorjend mei mekoar ferbûn, mar net by steat ta gearfal. Der is gjin moederaasje mear, wy binne wurch fan alle skelen en wachtsje inkeld op 'e kear. Sa kin it ommers net bestean, want troch de kleasters fan ús gean krûpt skier en ynlik swijen. Vorige Volgende