Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 203] [p. 203] R.R.R. van der Leest Utflecht te tinken dat wy inoar neier komme soene as elk fan ús it eigen honk ferliet en wy tegearre in wike earne oars tabrochten healwizen soks fan it bûtenlân te ferwachtsjen of fan de frjemde keamer dy't wy diele moasten goed wy gongen ek om te frijen inoar wat faker driuwend te besitten mar om't it hert it bleate wurk net folgje woe bleaune wy wat wy dêrfoar al wiene útfanhûzers fan inoar inkeld útfanhûzers fan inoarrens sinnen Vorige Volgende