Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 186] [p. 186] Willem Abma Dichteresse foar Tine Piebenga en Tsjits Peanstra hja is in bern dat boartet op it strân noch krekt ear't ferwoeden weagen wiskje swijend har wurden stalt yn't losse sân dêr't frjemden aansens ûnnoazel fiskje as dan it lûkend tij ek har net sparret harren suvere sangen nimt mei him rûzet ferlangstme dat de see bewarret sadat oan fiere kusten klinkt har stim Vorige Volgende