Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 187] [p. 187] Tsjits Peanstra Swarte Hoanne foar Willem wy wien' by swarte hoanne op 'e seedyk en skôgen dêr de romme keale fierten út smelle slinken yn it weake slyk kaam ús de lucht fan seewier yn 'e mjitte de waadsee reaunte sêft en mankelyk mar driuwe stoarmen oer de kwelders hinne dan sil it smoarge skom mei kwal en blyk yn wylde baren it basalt berinne wy stienen ek by 't winter op 'e dyk oerwrâld fan kâlde iisbestjurre weagen turkoise-blau en wyt safier 't wy seagen de noardpoal of antartica gelyk de eastewyn blies triennen yn ús eagen wy sochten yn de herberch in ûntwyk Vorige Volgende