Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 183] [p. 183] Meindert Bylsma Cochem (welt und breit gemütlichkeit) 1. dêr sit ik dan by kreas waar op in bankje yn Cochem oan 'e Moezel de Moezel is moai en de wyngerds dy't tsjin 'e hellingen lizze ik sil der gjin kwea wurd fan sizze de Moselpromenade is bemanne en befroule deugdlik lang en lossinnich koart bejurke of bebroeke alles wat minsklik is kin ik fan myn bankje ôf berûke ik soe in Rundfahrt meitsje kinne in kastiel besjen in berch beklimme in flesse wyn keapje of in Bockwurst mei in Brötchen se hawwe hjirre sels patat mei sûnder en mei mei en oeral hawwe se foar my [pagina 184] [p. 184] noch wol ein Zimmer frei ek wurdt der foar my flagge op syn Dútsk syn Ingelsk syn Frânsk syn Belgysk syn Amerikaansk se ha der sels foar soarge dat de Nederlânske flagge net ûntbrekt ik mis lykwols de pompeblêden en dat is it him no krekt Cochem is gjin Kimswert de Moezel gjin Harnzerfeart in berch is gjin seedyk haw ik ien berch oerwûn in oaren jout my gjin ûntwyk 2. efterbaks glydzje de bergen op my ta mar ek fan foaren en fan 'e sydkanten de hellingen hawwe har fersein oan 'e druvebeammen as soldaten yn fredestiid ferklearje se my de oarloch ik fiel my ûnheimisch as in poerbêste klaaijerappel tusken suterige druven yn in fierstente djip board stadich mar sekuer lykwols [pagina 185] [p. 185] sille de druven rypje yn 'e nacht fan it wynfeest sille se har rôlje litte en ik sil fersûpe yn in lawine fan Moezelwyn ik moat hjirwei werom nei seewyn 3. sitte jo yn in dal en tinke jo de bergen ta plumpuddingen mei weake ûnderstellen sis mar sloppe ankels dêr 't se elk stuit trochhinne gean kinne dan hawwe jo lêst fan berchfreze it is faaks better om takom jier jo tinte op te slaan tusken Wierum en Nes wa wit is waadrinnen wat foar jo Vorige Volgende