| |
| |
| |
Josse de Haan
Meartaligens: rykdom of handikap?
(in pleit foar de literatuer)
Yn de literatuer oer meartalichheid is in soad skreaun en wreaun oer twatalichheid, meastens troch lju dy't dat aspekt formeel taalkundich beseagen. Benammen yn Fryslân binne der net in bulte lju dy't út it kreative aspekt wei de problematyk neier besjoen hawwe. Ik bedoel eins de fraach wat meartalichheid betsjut foar de keunstner, lit ús sizze yn dit stik fan saken foar de skriuwer, los fan partijpohtike belangen en eliteklupkes. Hawwe dy twa of mear talen ynfloed op it proses fan 't skriuwen, op it produkt dat ûntstiet, op 'e totale ynstelling fan dy meartalige skriuwer of skriuwster?
De Argentynsk/Frânske skriuwer Hector Bianciotti, ek in meartalige skriuwer seit it sa:
‘Soms tink ik dat twa- of meartalichheid in foarm fan frijheid is, en soms dat men jins wêzen (identiteit) dêrtroch by eintsjebeslút troch fernielt (dat it fernield wurdt)’.
Mei oare wurden: meartalichheid is mear en frijer, òf in handikap dy't groei en ûntjowing fan de persoan tsjinhâldt en ferneaticht. Men soe ek sizze kinne: it kin in rykdom wêze, mar it kin ek in gebrek ynhâlde. Dizze skriuwer praat hjir oer de ynfloed fan dy meartaligens op syn wurk, op syn kréativiteit, op de mooglikheden dy't it jout oangeande syn skriuwen.
| |
0 Myn nijsgjirrigens en fernuvering
Al jierren fernuverje ik my oer dy meartalichheid yn minsken. Ik sis mei opsetsin meartalichheid, want ien en ien is yn dit stik fan saken net twa, mar gewoan mear omdat de mearwearde grutter is as sljochtweihinne twa. Men kin talen net optelle. Meartalichheid yn minsken dus, lit ús sizze, yn de Fryske minsken mei wa't ik opgroeid bin en dêr't ik in lytse 30 jier tusken wenne haw.
Myn earste 15 jier wiene hast folslein Frysktalich - sa rûchwei yn de omkriten fan Peins-Frjentsjer-Ljouwert - myn twadde 15 jier kin men twatalich neame (Frysk en Hollânsk, no soe 'k sizze meartalich), wylst de ôfrûne 15 jier foar in grut part Hollânsktalich west hawwe, ek wol meartalich mar it Frysk spile
| |
| |
yn de oerflakte fan it deistich libben in ûndergeskikte rol. It frjemde is dat ik yn de lêste perioade dy't dochs foar in grut part in Hollânsktaligen wie (en is) yn 't Frysk publisearre haw. Allinne ‘De dei fan de kraenfûgel’ wie in twatalige publikaasje. Al it oare wie Frysktalich.
Sûnt twa jier bin ik mei in Hollânsktalige roman dwaande dy't oer in pear moanne klear is. Ek wer ientalich, mar wol oan de bûtekant, tinkt my. It ferfiermiddel is it Hollânsk, mar ik tink dat de djippere lagen wis wol meartalich binne. Ik kom der noch op werom. De fraach kin steld wurde at sa'n ûntjowing foar in bûtenfrysk skriuwer in normalenien is, en in twadde, miskien wol wichtiger fraach is oft dy meartalichheid fan my werom te finen is yn dy ûntjowing èn yn dy Hollânsktalige roman. No al yn 't foar kin ik sizze dat ik dêr gjin slutend antwurd op jaan kin, en feitlik ek net wól, omdat der noch te folle eleminten yn dy ûntjowing yn in embrionaal stadium ferkeare, of noch fierste dizich binne.
It iennige wat ik dwaan sil is in skets jaan fan myn eigen ûnderfiningen mei dy meartalichheid, fan myn eigen tinken dêroer, en tagelyk sil 'k besykje dy meartalichheid te pleatsen yn in wider ramt, net yn de taalkundige betsjutting want dat is en bliuwt fakentiids te steryl en te formalistysk, mar wol yn in literêr/c.q. keunstkader. Ik bin net de earste dy't oer dy meartalichheid-yn-de-skriuwer-sels stroffelet/c.q. mei wrakselet/c.q. nijsgjirrich fynt. Bûten̂lafiske skriuwers lykas Canetti, Pessoa, Tzara, Kundera, Kosinsky, Camus, Gertrude Stein, Anna Achmatova en folle mear 1 + x-talige skriuwers hawwe dêroer út de eigen ûnderfining al wat sein en skreaun, elk út syn of har eigen sitewaasje (by guon folslein dominearre troch in politike ferbanning, en dan spylje der wer oare saken mei).
Yn dit kader wol ik wat sizze oer de taal sec, oer de taal en de kultuer, oer meartalichheid en healtalichheid, oer taal en keunst, oer de literatuer as tsjinkrêftyn de healslachtigens.
Ik bin my bewust dat ik gjin slutende wierheden fertel, dat ik folslein út myn eigen ûnderfining sprek, en dat soks ek myn bedoeling is. Myn útgongsstelling soe ek sa wêze kinne:
YN 'T FRANSK FRIJT IT OARS AS YN 'T FRYSK, mei de klam op oars, want by eintsjebeslút hat men mar ien memmetaal.
| |
1 Oer de taal keal
At ik wat oer taal sis dan moat ik my beheine ta de taal dy't ik brûk yn myn proaza en yn myn poëzij, dy't te krijen hat mei de meartalichheid dêr't ik yn libje. Mei opsetsin sis ik fan libje, omdat dat wurd (begryp) mear oanjout as bestean (dat is my te passyf). Ik libje hjoeddedei foar 't grutste part yn 't Hol- | |
| |
lânsk omdat ik yn in Hollânkstalige sitewaasje wenje, meastens dy taal brûk, en fangefolgen ek fakentiids Hollânsk tink. Dochs libje ik yn mear talen, omdat njonken dat Hollânsk it Frysk in rol meispilet, bygelyks at ik yn myn kop werom gean nei doe, it ferline dat elke dei yn 'e foarm fan swakke en sterke assosjaasjes wolris werom komt. En benammen at ik yn myn ferhalen en gedichten it doe mei it no ferbyn.
Ik haw sein dat ik yn mear talen libje, en dêrmei bedoel ik fansels it Frysk en it Hollânsk yn 't foarste plak, mar it giet noch fierder, omdat der yn de rin fan de jierren in soarte fan tredde taal ûntstien is, sawol yn 'e boppelaach fan libjen en bestean as yn de djippere lagen. Men soe sizze kinne dat it de optelsom is fan it Frysk en it Hollânsk, mar dan net yn in rekkenkundige searje. Lit ús sizze, at it dan beneamd wurde moat in soarte fan FRYHOL. Mar ek dat kloppet wer net hielendal mei de realiteit, omdat der yn elk gefal yn de foarmaspekten gjin assimilaasjeproses stâl krigen hat. Krektoarsom, it puristyske aspekt oangeande de foarm en de styl slane oan de oerflakte foar master op, yn beide besteande talen. Dy twa binne folslein skieden, foar safier men dat kin. En dochs bestiet dy tredde taal, miskien moat ik sizze, besteane der njonken dy twa registrearre talen in tal oare talen. Ik moat sizze myn tredde taal, en myn oare talen, omdat soks foar elkenien wer oars is, en op in oare wize omskreaun wurde kin.
Yn kontakten mei 1 + x-talige minsken ha 'k merkbiten dat der grutte ferskillen besteane tusken dy yn de djippere lagen oanwêzige tredde en mear talen.
Is it in rykdom, of is it in handidap? Kriget men in sterkere identiteit, of is it in proses fan ôfbrekken fan de oarspronklike wêzensfoarm? Persoanlik tekenje ik wat langer wat mear foar it ja op de earste fraach, hoewol't men tige op jins iepenst wêze moat dat der gjin ferfrisseling ûntstiet tusken it âlde fielen yn in selde kontekst en it nije fielen yn in oare kontekst. Mei fielen bedoel ik hjir it ûndergean en ûnderfinen fan de werklikheid (dus ek fan jinsels) dêr't men yn libbet en bestiet. Myn konsepsje fan de werklikheid wie oant myn fyftjinde in Fryskenien, want ik learde de wrâld kennen yn it Frysk, waard letter mei it Hollânsk útwreide, en bestiet no út in nije foarm, miskien sels yn in nije taal, of yn nije talen, dy't ûntstiet út Fryske ynhâlden (dy't foar it grutste part statysk wurden binne, mar wol wichtich omdat ik emosjoneel en sosjaal de wrâld yn 't Frysk yn 'e fingers en yn myn kop krige), en út feroarjende Hollânske ynhâlden dy't dynamysker wat feroarjender binne. Yn dy lêste taal ha 'k dan no in roman skreaun, in logyske kar mei 'k hast wol sizze.
Lykwols, ik tink dat it in Hollânsk-Fryske roman wurden is dy't skreaun is yn 't Hollânsk. En wêrom in Hollânsk-Fryske roman? Wel, in part spilet in 35-40 jier tebek yn in fiktyf (mar wat is fiktyf?) Frysk doarp wylst in oar part yn in
| |
| |
Hollânsktalich fermidden situearre is. De persoanen binne bûn troch harren taal oan harren omkriten, en omdat it foar in part autobiografyske eleminten befettet is it tagelyk in wjerslach fan de 1 + x-talichheid fan de skriuwer. De fraach yn hokker taal sa'n boek dan skreaun wurde moat is net mear relevant, omdat de tredde taal, op papier alteast (it ‘FRYHOL’) net bestiet, en noait bestean sil. Meartalige minsken hearre net mear thús yn in lân mei in flagge, mei grinsposten, mei in kening, nee, meartalige minsken brûke in taal en libje yn mear talen.
Soks kin ferfrjemdzjend wurkje - want wêr hear ik no eins thús - mar it kin ek ferrykjend wurkje, want men kin jin oeral thús fiele, omdat de kâns bestiet dat it âlde en it nije yn in duorjend proses fan feroaring elkoar posityf beynfloedzje. Gjin ferhearliking fan it âlde (saneamde feilige en bekinde), en ek gjin oerwurdearring fan it nije (nij is altiten goed, en soksoarte fan gjalpen), mar in yntegraasje fan dy beide eleminten.
At men op sa'n wize bûten de âlde taalfoarm libbet (dêr't jins libben stâl krige), en men ek de nije taalfoarm mei in bepaalde reserve en op ôfstân besjocht en opnimt, ûntstiet neffens my in moaiaardich sterk taalbewustwêzen, dat tagelyk in polityk bewustwêzen wêze kin. Ut dy eleminten kinne wichtige stimulânsen nei foaren komme - foar de skriuwer yn dit stik fan saken - dêr't de âlde bewende paden en hillige húskes sljochte wurde, en dêr't soms yn in taal skreaun wurdt dy't ferskriklik liket, mar dêr't yntusken de klisjees yn tinken en fielen, lit ús sizze it réaksjonêre en nettolerante, foar hûndert prosint ôfwiisd wurde.
Dizze yntegraasje fan talen - en foar in bûtenfrysk skriuwer faaks wichtiger as foar in binnenfrysk skriuwer - spilet ek yn Fryslân sels in rol. It stomwei ôfwizen fan de twadde taal - de earste taal kin feroarje yn in twaddenien - is neffens my it rinnen mei in blynkape foar de kop. It Hollânsk spilet ek yn Fryslân sels in wichtige rol. It ôfwizen fan it Frysk (troch de ‘landgenoten’), fan it Turksk, fan it Surinaamsk, fan it Marokkaansk, en gean mar troch, betsjut it ôfwizen fan de minsken dy't dy taal brûke. It is de arrogânsje fan de taal dy't de macht hat (polityk, sosjaal en ekonomysk), en wat dat oanbelanget soe men hjirre mear útgean moatte fan de meartalige sitewaasje, ek dy minsken dy't skriuwe. Taalstriid is in politike en sosjale striid. Solidariteit mei de minsken dy't it hûndert kear sa swier hawwe as de Friezen, de leden fan de etnyske minderheden, soe in normale saak wêze moatte yn in meartalich gebiet.
Der bestiet gjin ing Fryske kultuer, mar der is wol in Frysk-Nederlânske kultuer, sa 't der in Surinaamsk-Nederlânske kultuer ûntstiet, en dat is folslein wat oars as in Nederlânske kultuer. It binne de talen yn de minsken, it is de meartalichheid, dy't dat bepale. Dat easket in taalbewustwêzen, dat easket
| |
| |
in oertsjûge wêzen fan de eigen wearde. Wat dat oanbelanget soe ik der foar pleitsje wolle de hjoeddeiske Fryske taalpolityk folslein om te smiten, want no kin men sizze dat it in konservearjende, konservatyf-réaksjonêre polityk is, dy't de Frysk-Nederlânske kultuer negearret. Der binne al genôch musea.
| |
2 Taal en kultuer
Bûten Fryslân is my dúdlik wurden - is it mear manifest en helderder nei foaren kommen - dat ik in meartalich mins bin. Ek al wie fansels, mar yn Fryslân sels kaam dat minder skerp oan de oerflakte. No, by it skriuwen fan niisneamde roman waard it ek op papier tige helder. Guon útspraken fan oaren, fan mysels, guon tinkbylden en assosjaasjetekens begûnen wer te libjen en stiene yn 't Frysk yn myn kop printe. Ik koe se wurd foar wurd herhelje, mar sette se dochs oer yn 't Hollânsk. Bestjutte dat in oantaasten fan de werklikheid fan doe? Hâlde dat in wêzentlike feroaring yn? Nee, men kin, hat my bliken dien, de memmetaal op in bepaald nivo (lit ús sizze oant in jier of alvetolve) maklik oersette yn dy taal of talen, omdat it fielen doe, dat stâl krige yn de eigen taal, nei safolle jierren ek ynflatwaar wurke hat, yn dy betsjutting dat de taal wol wat opropt mar dat it neifielen nei in 35-40 jier aardich mongen is mei ûnderfiningen dêrnei. It relativearjen troch de jierren hinne kin ek yn dy twadde taal omdraaid wurde ta in selde konsintraasje. De taal fan in 8-jierrich bern is ek yn dyselde taal in folslein oarenien as dy fan immen fan bygelyks 40. De tredde taal - it FRYHOL - soarget derfoar dat de krekte diminsje oanjûn wurde kin. Op 't lêst stiet de literêre foarm ek al boarch foar in oarsoarte fan taalgebrûk en yntinsje. At in foiwoeksen skriuwer oer syn alter ego fan 10 skriuwt, soarget it perspektyf wol foar de tiid en de sfear, mar sil de taal dy fan de folwoeksene wêze.
Doe't in fragmint fan de roman - yn 't perspektyf fan in 8-jierrich jonkje - yn 't Hollânsk skreaun, ôfprinte waard yn De Groene yn desimber'85, hie ik by it skriuwen earst en letter by it lêzen deselde emoasjes as wannear't it stik yn 't Frysk skreaun west wie (miskien lies ik al skriuwend it stik yn mysels yn 't Frysk).
Letter is men net bûn oan dy memmetaal, at men folslein meartalich is, en is it in politike kar at men skriuwt yn dy earste taal (mar dy is ek meartalich) of yn dy oare taal. De taal, fan in bern dy't de wrâld kennen leart, heart ta de kultuer fan in streek, fan in lân. Dêr kin in oare taal út in oare kultuer by komme.
Dit bringt my op it diskutabele punt fan de kultuer, dêr't ik niis fan sein haw dat dy yn in ing Frysk ferbân net bestiet. Dat komt omdat Fryslân net as in isolearre eilân mei in eigen taal yn de wrâld leit. Wider sjoen - ik bedoel yn
| |
| |
de meartalige sitewaasje dy't al ieuwen bestiet - kin men tink ik wol sprekke fan in Fryske kultuer. Ik wol dat wat fierder útwurkje, en dan benammen de twa eleminten kultuer en Frysk ris neier besjen, yn dy meartalige sitewaasje dy't wis in oaren is as mines yn myn meartalich bestean, mar op de keper besjoen yn wêzen in gradueel ferskil útmakket.
It begryp kultuer kin fanút ûnderskate dissiplines iderkear wer op in oare wize ynfold wurde. Ut de sosjolozjy wei sjoen wurdt de kultuer omskreaun as in stelsel fan oplossingen dy't minsken betocht hawwe en útfûn foar de problemen fan it deistich bestean. It hat hjir te krijen mei de fragen hoe't men yn dy maatskippij meielkoar omgiet, it omfettet alle gedrach wat oanleard is (de taal, de keunst, de wittenskip, de gewoanten, de technyk, de politike struktueren, ensf.). Dy kultuer is yn Nederlân ynklusyf Fryslân westersk oriëntearre. At men fan bygelyks Dokkum nei Gorkum ferfart, of oarsom, kin it iennige wichtige ferskil de taal wêze. It ferskil yn de pleatslike folklore en pleatslike tradysjes binne sekundêre ferskillen, en net relevant foar de kultuer. Oars wurdt it at in ynwenner fan Paramaribo nei Dokkum te wenjen giet, want dan kin men yndied prate fan kultuerferskillen dy't wêzentlik binne.
Yn Fryslân is it allinne de taal dy't útmakket at der sprutsen wurde kin fan in Fryske kultuer. En ik wol wer fierder gean, sa't ik earder al sein haw, neffens my is it de meartalichheid fan Friezen dy't dy Fryske kultuer útmakket. Ik neam dat dus de ‘FRYHOL’-kultuer, dy't perfoarst gjin neutrale mingfoarm is fan it Hollânsk en it Frysk. Yn dat kader wol ik prate oer in Fryske kultuer. Wa 't dy konkrete realiteit negearret, en útgiet fan in allinne Frysktalige kultuer, hâldt him dwaande mei in isolearre eilânsitewaasje, dy't der bygelyks foar soarget dat men de stelling ‘taalstriid is in sosjale striid’ foarby rinne kin, en ûntkenne. De romantyske utopisten brekke it Frysk earder ôf dan dat se de striid fan de sljochtweihinne meartalige Fries stypje.
In meartalige skriuwer yn Fryslân - en neffens my is elke skriuwer en skriuwster yn Fryslân meartalich - sil him of har bekroadzje moatte oer dat medium dat brûkt wurdt, en hoe fier at hy of sy yn de omskreaune ‘FRYHOL’- sitewaasje sit. Yn dy sin redenearre bestiet der gjin Frysk, ek gjin Hollânsk, en ek gjin Fryske kultuer. It leit rommer. Se besteane net omdat in mythe net libbet mar libbe hat, en útsoarte gjin takomst hat. De Fries is in meartalich minske.
De taal, de bylden en de ôfbyldingen, de ekspresje yn it gedrach fan de minsken binnen wêzentlike eleminten fan in kultuer. De meartalige minske is net mear, mar wol oars yn dit stik fan saken. Al dy eleminten foarmje de oerflaktelaach dy't men sjocht en dy't men neifolgje kin. Mar ûnder dy oerflakte skûlet de djiptelaach, dy't ek by dy kultuer heart, want de tekens dy't men yn dy taal, yn dy bylden en yn dat gedrach ôflêze kin symbolisearje mear. Se
| |
| |
wize nammentlik nei folle mear betsjuttingen. In meartalich minske apellearret yn de djiptelaach oan oare betsjuttingen as in ientalich minske (foarsafier sokken bestean). Yn dy talen fan in meartalich persoan lizze yn de oerflaktelaach èn yn de djiptelaach de eleminten fan in kultuer, en wurdt de wrâld beneamd yn dy taal of talen. Yn dy meartalichheid, te hearren en te sjen, en net te hearren en te sjen, skûlet neffens my de Fryske kultuer.
| |
3 Meartalichheid en healtalichheid
In skriuwer dy't him eksplisyt yn syn wurk mei de meartalichheid yn himsels dwaande hâlden hat is bygelyks Leo Vroman. Hy neamt it meartalichheidsaspekt yn himsels healtalich.
Halftalig
Wat schuilt er nu nog allemaal
onder mijn dikke moedertaal?
Mijn mond waagt zich nooit open want
mijn tong baadt zich - of baadt zich niet
van mijn oude binnenland,
ik praat zoals ik bijna hoop
engels met een groenig waas
en met iets wrangs van appelstroop.
Wat schuilt er dan nog allemaal
onder mijn dikke moedertaal?
Daar waar een bezemsteel behoort
in een donkere mondhoek staat
nog steeds het kerkelijker woord,
maar vroeger nauwelijks verkapte
klanken schieten mij te binnen
waar wij eens om ginnegapten.
Zij die liefst met sche beginnen
| |
| |
schunnig hollands rond en slecht
mogen nu heel gezond gezegd;
gezegdes destijds onbelicht
stiekem warm en platgezeten
slechts door het achterwerk geweten
Mijn moeders taal is opgestaan
en haar strakgebroekte reet
liet in haar praatstoel geen geheimen
behalve dan die deuk waaraan
mijn mond die vage reuk van zweet
mijn mond zich warmt om nog te rijmen.
Lief lief kussen houd mij heet.
Vroman omskriuwt lykas Kundera lêstendeis yn in fraachpetear syn sitewaasje as healtalich, mar dat is perfoarst gjin handikapte sitewaasje. Hy jout dúdlik oan dat de twa talen, yn syn gefal it Ingelsk en it Hollânsk, der by wûn hawwe. Syn tsjûke memmetaal is troch de ynfloed fan it Ingelsk iepener wurden, en hat wat mear geheimen frij jûn. Hy waarmet himsels noch oan dy memmetaal, dy't yn syn sitewaasje folslein loswoele is en it âlde binnenlân iepen teart. In twadde taal kin de earste taal ek posityf beynfloedzje, benammen at men der iepen foaroer stiet, en de ûnderlizzende betsjuttingen fan de wurden yn beide talen kombinearje wol en kin. It healtalige fan de iene taal foeget men by it healtalige fan de oare en men kriget in rikere oare taal werom, dy't útsoarte frij wêze kin fan klisjées en toarre bylden. Yn dat ljocht sjoen soe men wiis wêze moatte mei in meartalige sitewaasje dy't fakentiids mear mooglikheden jout foar ekspresje en libjen, yn elk gefal in oare foarm fan libjen implisearret. In eangstich wizen nei it ûndermynjen fan de taal - men bedoelt it kostuum, de oerflaktefoarm fan stavering en grammatika - is itselde as ride yn in postkoets wylst der in superflugge TGV fan Amsterdam nei Paris stoot. Ik bedoel, tiden feroarje, en de taal feroaret mei, at men dat no aardich fynt of net. Benammen skriuwers en skriuwsters soene wat mear keunstner wêze moatte en wat minder kommaneukende skoalmasters, want oars wurdt de wrâld fan de taal folslein ôfsletten en op in sydspoar setten. Mei de macht fan de technokrasy en har machthawwers, dy't leafst ien of twa wrâldtalen hawwe soene, bestiet it gefaar dat de mins folslein ientalich en iendiminsjonaal makke wurdt. De grutte talen wurde sa glêd en sa gelykfoar- | |
| |
mich - want ek dy ha ferlet fan nij en oar bloed - dat de minske mei de talen in glêde
kompjoeter wurdt. Allinne de meartalige minsken (men kin ek sizze de meardiminsjonale minsken) dy't yn en mei ûnderskate talen libje en besteane, kinne der foar soargje dat sa'n gelykfoarmichheid foarkommen wurdt. It Frysk, it Turksk, it Surinaamsk, it Marokkaansk oangeande it Hollânsk, en it Hollânsk, it Deensk, it Sweedsk, esf. oangeande it Ingelsk. By wize fan sprekken. De pluriformiteit, én dêrtroch de ynfloed op elkoar, kin unifoarmiteit te foaren komme, en benammen in technologyske glêde taal. It ûnferwachte, it tafal, de tizeboel sa út en troch, en f'ral it divergearjende fan in libjende taal wurket stimulearjend, en kin in wapen wêze tsjin de oerflakkige media, tsjin de manipulearjende politisy en oaren dy't oan de toutsjes lûke.
| |
4 Taal en keunst
At ik hjir oer taal praat dan bedoel ik yn earste oanlis de praat- en skriuwtaal, mar dêrnjonken haw ik it ek oer alle foarmen dy't der op lykje. Ik bedoel dat byldzjende keunst, musyk, ballet, fotografy, film en tejater ek foarmen fan taal binne, omdat se op deselde wize as de reguliere taal in appel op 'e minske sels dogge yn syn wêzen en yn syn fielen. Mei oare wurden, sadree 't der sprutsen wurde kin fan refleksje middels ien fan de neamde keunstfoarmen ûntstiet der in kontakt, in spanning of in sinsaasje. Mei taal wurdt fakentiids reflektearre op datjinge wat men meimakket. Wat mear mooglikheden de minske mei syn taal hat, wat mear at hy oer him yn de wrâld te witten komt. In aardich foarbyld fan keunst dy't gebrûk makket fan taal is de film. In nijsgjirrich foarbyld fan dy besprutsen meartalichheid - mar dan implisyt yn de taal sels - seach ik yn de film De Dream fan ferline jier.
Foar De Groene ha 'k dêroer yn jannewaris in skôging skreaun, yn 't Hollânsk, mar dat ferrûn krekt as by de roman, it wie gjin beheining. Yn 't kader fan de besprutsen meartalichheid wol ik út dat besprek in tal saken oanhelje, dy't noch wat mear adstruearje wat ik bedoel mei de rykdom fan in bewuste meartalichheid: (dêrby bestiet ien grut ferskil: yn de tiid fan de film spile de meartalichheid in minder grutte rol as hjoeddedei).
sitaat 1: | gjin ‘nije’ taalhûd ... in oanrenien (by meartaligens) |
sitaat 2: | taal = kultuer |
sitaat 3: | taal bûn oan de minske en omkeard |
sitaat 4: | autochtoane meartalichheid |
sitaat 5: | de taal is de minske: keunstmjittige taal en trochlibbe taal |
sitaat 6: | eigen taal en filmtaal |
sitaat 7: | bûten de foarm fan it doarp |
sitaat 8: | 100 jier lyn: ien taal ... taal is gjin pak klean |
| |
| |
| |
1.
Bij mezelf ga ik na waarom ik op dit ogenblik zo reageer, en waardoor die lichte opwinding ontstaat. Ik kom daar niet zo een, twee, drie uit, vooral ook doordat het Fries enigszins belast is voor de autochtone bevolking. In geheel Friestalige dorpen spreken geboren en getogen Friestalige onderwijzersgezinnen Nederlands, waarmee ze een puristisch assimilatieproces ten toon spreiden. In de tweetalige wereld van het dorp proberen ze zichzelf te vergeten en een nieuwe ‘taaihuid’ aan te nemen, alsof dat mogelijk zou zijn, alsof tweetaligheid niet ook een rijkdom kan zijn waaruit iets nieuws kan ontstaan. Tenslotte liggen gevoel en moedertaal heel dicht bij elkaar.
| |
2.
Zoals mensen door het landschap worden bepaald, de invloed ervan ondergaan in de geest, naar voren komend in houding en gedrag, zo bepaalt ook de taal voor een groot gedeelte iemands staan in de wereld. De invloeden van de taal op de mens, en die van de mens op de taal, zijn een elkaar insluitende interaktie. In dat verband is het zinvol geweest dat de voertaal van de film Fries is, omdat de plaats van handeling een Friese was. De diverse uitingen en gedragingen zijn uitermate gebonden aan die taal. Elke keer dat het Nederlands zijn intrede doet, klinkt het onnatuurlijk en afstandelijk. Die subtiele verschillen, die nuances komen in de film heel goed tot hun recht.
| |
3.
Wat mij verder opviel, was het hoekige van de taal en het gedrag, die in uiterst magere dialogen heel goed getroffen werden. Men leeft niet gracieus, men danst niet, men tekent geen cirkels, men verkeert eerder in vierkante ruimten, waardoor de botsingen des te harder aankomen. Er wordt een streep gezet waar soms de krullen de haken en ogen zouden kunnen verdrijven. Zelfs de taal uit zich in dit geheel vierkant. Geen ellenlange betogen en eufemistische uitdrukkingen, nee, direkt en dodelijk op het doel af.
| |
4.
Soms was er sprake van nuances, waar de verschillende talen een rol speelden, al naar gelang de situatie dit vereiste, en steeds aangepast aan de verschillende gebruikers en gebruiksters. In de rechtszaal bezigde Wybren een gevoelloos met Fries aksent uitgesproken Nederlands, totdat hij emotioneel betrokken raakte bij dat wat hij naar voren wilde brengen. Op dat ogenblik viel hij terug op zijn moedertaal, die in eerste aanleg door de rechter werd verboden, maar uiteindelijk getolereerd. Vorm, inhoud en uiting werden hier op meesterlijke wijze tot een eenheid gesmeed.
| |
5.
Ymkje die haar gevoel door wraak liet overvleugelen, sprak in de rechtszaal een onderkoeld soort Nederlands, wat ook authentiek overkwam. Het verschil tussen de soci- | |
| |
alistenleiders Dijkstra en Stienstra kwam in hun taalgebruik - hoewel beiden Fries - heel precies naar voren. Dijkstra, de gladde, clichématige spreker van leuzen, bleek in vergelijking tot Stienstra, de weloverwogen denker, hemelsbreed te verschillen van de laatste. Ook hier gaven taalgebruik en aksent de soort mens weer. Het hyperkorrekt aangeleerde Fries van de inspekteur van politie klonk levensecht, en veroorzaakte ondanks zijn bereidwilligheid de volkstaal te spreken toch een zekere afstand, wat op een uitmuntende wijze naar voren werd gebracht in de gesprekken met de schoolmeester en met Wybren in zijn cel. Kunstmatig aangeleerde taal is nog geen doorleefde taal. Uiteindelijk is taal meer dan een optelsom van woordjes en zinnetjes.
| |
6.
Zelfs het Stadsfries kreeg in de persoon van Paulus van Dijk een vertegenwoordiger toen hij door de inspekteur werd ondervraagd. Het bewijs dat alle ogenschijnlijke details de aandacht hebben gekregen die nodig was. Wybren Hogerhuis sprak wisselend een soort Woudfries en Kleifries. Het eerste is speelser en soepeler dan het tweede, zoals het verbonden is met de mensen die het spreken. Het zal te maken hebben gehad met de afkomst van de hoofdrolspeler, die zich in zijn eigen Woudfries waarschijnlijk gemakkelijker uitdrukt. Echt storend heb ik het niet gevonden.
| |
7.
Mens, taal en omgeving sloten voortreffelijk aan bij de omstandigheden en de gebeurtenissen. Ik kreeg een doorkijkje naar mijn eigen dorp, bij wijze van spreken, zoals ik het nog nooit had gezien, met name omdat ik zelf waarschijnlijk nog helemaal in die vorm zat, en wat nu dank zij de film overduidelijk werd belicht. Voor mij gold dat voor het konkrete dorp van een veertig jaar geleden, maar tegelijkertijd gold het denk ik voor alle dorpen die in de hoofden van de mensen meewandelen op hun reis door de wereld.
| |
8.
De verbeeldingswerelden van de personen in de film zijn gevormd in en door het Fries, hun moedertaal. In die taal uiten ze zich het gemakkelijkst, in die taal leven ze waar de invloed van andere talen klein of nihil is, omdat die verbonden is met het gezag in de hoofdstad. Deze film kon inderdaad alleen maar worden gespeeld in de taal waarin de mensen in die tijd leefden. Het geeft tevens aan hoe belangrijk het is de taal, waarin de wereld en de omgeving gestalte heeft gekregen, niet te veronachtzamen. Daardoor is de film anno 1985 extra aktueel, waar in dit land zo'n veertig nationaliteiten zijn gehuisvest. Taaldiskriminatie is de diskriminatie van mensen, omdat ze in hun wezenlijke gevoelens worden gekwetst. Het is onmogelijk van de ene dag op de andere de eerste taaihuid te verwisselen voor een tweede. Taal is geen kledingstuk.
(Ut De Groene 8 jannewaris 1986).
| |
| |
De Dream is foar my in illustraasje hoe 't de sitewaasje - sosjaal/ekonomysk/ polityk - feroare is. lentalichheid is meartalichheid wurden. Frysk op skoalle, Frysk yn de literatuer (literatuer yn 't Frysk) is mear as Frysk sec, omdat net allinne it Hollânsk derby kommen is yn dizze tiid, mar benammen ynfloeden (media) út de hiele wrâld.
Eigen taal en kultuer binne net mear isolearre reservaten. Dat moat konsekwinsjes hawwe foar de taalpolityk, foar it ûnderwiis en foar de taal sels.
| |
5 Literatuer as tsjinwicht en tsjinkrêft yn healslachtigens
Jan EIburg hat yn 1956 in bondel fersen útjûn dy't de tapaslike titel hat fan De vlag van de werkelijkheid dêr't in fers yn stiet dat hjoeddedei noch mear tapaslik is. It hyt ‘Stadgenoot’, mar men kin likegoed ‘Taalgenoat’ lêze.
stadgenoot
Hij is het licht vergeten
en al die kleine levende kevertjes
en de smaak van water en het waaien
van het hooi de grijze vacht van de schapen
de varens de omgelegde aardkluiten
zijn binnen is geen nest zijn buiten
geen buiten zijn tuin een vaas
de bliksem vergeten de rauwe
hij zegt niet: graan meel brood
hij ziet de vogels niet weggaan
hij zal bang en verongelijkt doodgaan
My tinkt dat de meartalige minske, en dan benammen de meartalige skriuwer - hjirre dus de Fryske skriuwer - en taalstrider fakentiids liket op de ‘Stadgenoot’ fan Jan Elburg. It is in tige komplekse sitewaasje, mar it komt der
| |
| |
faak op del dat men ûnnatuerlik operearret. De ynfloed fan de twadde en oare talen (of kultueren), of minsken, wurdt keunstmjittich oan 'e kant setten, en men dûkt ûnder yn dy memmetaal (kultueren út de âlde tiden) en wurket dêrmei yn in autoritêre heitekontekst (elitêr boppe de minsken).
Op gesach fan de autoriteiten - mar wa binne dat yn 'e goedichheid - wurde de puristyske stipkes op de eigen flagge setten. Skjinne taalfoarmen, skjinne stylfoarmen, skjinne stavering en benammen in skjinne ynhâld slane foar master op. Krekt as besteane der gjin oare wrâlden, krekt as besiket men Fryslân sa fluch mooglik te feroarjen yn ien demint taalhûs. Wat hoedet yn fredesnamme in Kultuerrie, de kulturele ôfdieling fan de provinsje, of in Tryater dat in oerset stik yn 't Frysk spilet? Hokker Frysk, en ynklusyf hokker wrâld wurdt hjir eins bewarre?
Ik bin begûn mei de útspraak fan de Argentynske Frânsman dy't oan de meartalichheid óf frijheid keppelet, óf in fuortspielen fan in eigen idintiteit. Ik tink dat it lêste gauris it gefal is omdat men jins idintiteit ûntlient oan wat men is en hoe 't men is. At dy meartalichheid keunstmjittich negearre wurdt, ûntstiet der gjin groei mar ôfbraak en ferneatiging. De skriuwers yn en út Fryslân soene wat dat oanbelanget in tsjinkrêft foarmje kinne yn dat gehiel fan destruksje, teloargean en healslachtigens fan it Frysk, fan de minsken dy't dêryn libje. De mearsinnichheid fan de literatuer kin in buffer wêze tsjin de oerflakkige unifoarmisearring.
(Lêzing hâlden foar it Skriuwersbûn op 3 maaie 1986 te Ljouwert).
|
|