Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 168] [p. 168] Jabik Veenbaas Oarderje Ik hâld fan dy, moarn Do joust ús foarm en perspektyf Myn hân giet de fertroude dingen nei, Mei dy begjint de dei Ik hâld fan dy, maitiid Do setst de earste blommen yn 'e tún, Joust blêden oan 'e beam. Oan dy wit ik: No sil de simmer komme En do, minske Do dy't yn hoeken wrot en skrept om oardering Snij do it lân mar op yn rjochte griene banen En stek by jûntiid lampen oan. [pagina 169] [p. 169] Sa sil it bliuwe Nea feroaret it, de doar giet iepen, Sinnestrielen laket se, oer har skouders Falt it lange gouden hier. Nee, neat feroaret, sjoch mar Dêr stiet de âlde skoalle noch, De hagedissen rinne yn syn skaad. Nea wurdt it oars, foar it souderrút Tilt ús heit my op en wiist my yn 'e nacht De fjoertuorren: ‘Dat is it Amelân, En dat is Skiermûntseach.’ Sa sil it bliuwe, op in dei Bloeit der in see fan pinksterblommen yn Peet syn lân. It is ier yn 'e moarn, oer de sleatten Hingje sêfte reade tekkens fan dauwe. Vorige Volgende