Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 167] [p. 167] Eppie Dam De bline Hoewol't it maityd wie, bin ik berne by de hjerst. De moarns om 9 oere wie it dizich, sa dôf ha my de eagen west, fan jongs ôf oan sa swier bebolstere dat it my in riedsel wie hoe- dat der ljocht te heinen foel as wie it rein. Sûnder doel foar eagen haw ik my de tiid troch- slein, mei de blinestôk de rânen fan 't bestean betaastend, heal ûnwittend, heal fermoedzjend dat it wêzen my ûntkaam. Oant de dei dat ik it barsten hearde fan kastanjes út har skyl, as knapte der in stien. Doe binne my de eagen iepengien en stapte ik it ljocht yn út 'e skerte fan eachslid wei: myn twadde berte. Vorige Volgende