Geart fan der Mear
Kastanjes
In heldre moarn, en net it minst bewegen,
Sjoch! hoe't it ljocht wjerkeatst op têk en stien.
Troch 't wide fjild fyts ik de ljochte wegen,
Suver gjin blêd is al syn delreis gien.
It libben, yn al wider rûnten metten,
Giet hjoed in grutten rêst yn, wûndre stil.
Mei sok in ljocht, dy fierten, is fergetten,
Dat ek it libben sels iens stjerre sil.
De ljochtfal streamt - dan, op 'e stille strjitte
Knappe kastanjes, en de frucht springt bleat.
Mocht sa ús siele út d' eigen hoalling sjitte
En glan̂zgjend 't ljocht yn springe foar 'e dead!
fgl. ek ‘Kastanjes’, it ferneamde fers fan J.H. Brouwer:
Kastanjes
In stille moarn en net it minst biwegen.
En net in stim dy troch de dize giet;
Allinne dript, út beammen lâns de wegen,
Yn 't giele leaf it treasteleaze liet.
It libben, yn al inger rounte sletten,
Ebbet en gliidt de rêst yn, deade-stil.
Oft ek it bange bounzjen fan ús herten
Yn 't selde ritme sliepend stjerre sil?
De dize dript - dan, op 'e stille strjitte,
Knappe kastanjes en de frucht springt bleat.
Mocht sa ús siele út lichems hoalling sjitte
En glânsgjend iepenboarste yn 'e dead!
(Ut: In string fersen, 1934)