| |
| |
| |
Tr. Riemersma
In oerstallich boek
G.W. Abma, De roekkat, Friese Pers Boekerij bv, Drachten/Ljouwert 1986.
Dut boek is gâns flyt op dien, en dat is spitich, want it is fergriemde tiid en muoite. It beskriuwen fan immens ontjouwingsgong fan lyts bern oant de folwoeksenheid, dat is foarby. De psychologyske roman is überhaupt foarby. De Russyske formalisten hawwe al beweard dat de psychologyske roman op wei wie in boulevardgenre te wurden. Jo Smit hat lyts fyftich jier letter - yn De Tsjerne fan 1960 - skreaun: ‘De romanskriuwer is by âlds de birjochtjower en dêrby, en hieltyd mear, om op de fragen fan syn auditorium anderje te kinnen, psycholooch. Op beide gebieten is er ûnttroane’ (211); ‘Salang't der gjin psychology wie, hat de skriuwer him as psycholooch skoan rêdde kinnen. Op dat mêd hied er in monopoaly dat him yn it slimste gefal fan 'e kant fan 'e sieleharders ûntstriden waerd. Mar fyftich jier hawwe genôch west om him dat earstberterjocht te ûntfytmanjen, en nou wurdt syn wurk hifke oan wat Jan en alleman út 'e tredde hân wit út 'e hânboeken fan djipte- en oare psychologen’ (211). Neffens Smit konsintrearret ‘modern proaza’ him op in oar probleem: ‘Net it mechanisme fan de minsklike siel en de saneamde “geheime roersels” giet it om, mar om it wêzen fan de minske as minske. Net om syn psyche, mar om syn moraliteit, om syn frijheid. om syn persoan’ (212). As dut boek fjirtich jier lyn publisearre wie, hie it in wichtige bydrage ta de Fryske literatuer west. Faaks mei it ús wol muoie dàt der doedestiids net sa'n boek ferskynd is. Mar ja, de Fryske literatuer oanbelangjend kin ús safolle muoie. En wy kinne fansels gjin kluchten úthelje as de warhollige Douwe Kalma dy't yn it begjin fan 'e tweintichste ieu klassisistyske dramas fabrisearre om in lakune yn 'e 17e/18e-ieuske Fryske literatuer op te heffen. Wat der net west hat, hat der net
west, en wat te let komt is oerstallich.
Ik wol it belang fan in literêre tradysje net ontstride. De status fan in literatuer wurdt foar in grut part beskaat troch de rige fan ‘grutte wurken’ út foarbye ieuwen, en in rike tradysje is foar notiidske skriuwers mear ynspirearjend as in earmhertich ferline. Mar it hjoed is wichtiger as it ferline: de wurken fan no dy't it publyk fan no oansprekke en oan it tinken sette kinne, dêr hinget by einluten alle dagen wer de wearde fan in literatuer fan ôf. Dat ik kin wat
| |
| |
De roekkat betreft mei de bêste wil fan 'e wrâld ek net sizze: hawar, âlderwetsk, mar yn syn soarte wol goed. Of oarsom: wol goed, mar âlderwetsk. Wat âlderwetsk is, is oerstallich. Wat âlderwetsk is, kin minsken mei in nostalgyske geast faaks it hert wêk meitsje, mar dat is net it doel fan literatuer - alteast net neffens my en net, hoopje ik, neffens Trotwaer en neffens wa't om Trotwaer gearrotsje (al soe Sybrandy syn ferdigening fan it ‘Fryske holisme’ jin oan it twiveljen bringe kinne). Literatuer moat minsken mei de noas op de aktualiteit triuwe, en dat moat op in ‘literêr-nije’ wize barre. Dat der minsken binne dy't mear op ha mei âldere en ferâldere literatuer, dy't eksakt fertelt wat al earder ferteld is en presys sa fertelt as altiten ferteld is, is my bekend, mar foar sokken skriuw ik net en foar sokken soe yn Trotwaer net skreaun wurde moatte. Sokken moatte har de kont mar rêde, en dat sille se mei De roekkat skoan kinne.
Ik sil it hawwe oer it fertellen, mear as oer wat ferteld wurdt. Want och, wat wurdt der no oan nijs ferteld? Alle poepkes en luchtsjes dy't beskreaun wurde haw ik al wol ris earder opsnúfd, en alle feltsjes en frimeltsjes fan kultsjes en prûmpkes ken ik út eigen oanskôging en út 'e close-ups fan myn pornoblêden. Nijs? Klearkomme op in grêfstien dan? In wouter naaie? De werklikheid is ommers ferbjusterjender as wat in skriuwer betinke kin. It bewiis: yn in doarp by ús yn 'e omkriten wie in jonge dy't mei de geit nei de bok moast, mar dy jonge wie te beroerd om dat ein te rinnen, dat hy tocht, ik doch it sels, en hy die it. Wier - teminsten foar wier ferteld - en ek noch grappich. Dat mist by Abma, de humor, de ferrassing, de gekke buottenslach. Dut is treasteleas psychologysk realisme sonder ien inkelde oäse. Ut 'e noas komt snotte en út 'e kul komt sied. Noait in kop kofje of in team einepiken. No ja, dat hat mei psychology fansels net it measte út te stean; wat ik bedoel is: it libben fan dusse jonge ferrint sa't it neffens psychologyske teöryen heart te ferrinnen sjoen de oanlis, de omjouwing en de foarfallen. Hûndert jier lyn stie de literatuer yn it teken fan it determinisme, en dat sil nedich west hawwe om in ieuwenlang negearjen fan it ynderlikst bestean fan minsken yn 'e literatuer goed te meitsjen. Foarútstribjende literatuer pakt altiten dingen oan dy't yn in foargeande literêre perioade gjin omtinken krigen, en meastal wurdt dat ‘nije’ dan oeraksintuearre; dat barde ek yn it naturalisme. Mar dy perioade leit al wer lang achter ús, en it deterministyske ferhaal hoecht net op 'e nij ferteld te wurden.
Ik sil it hawwe oer it fertellen, foarst oer de styl en twad, en mei de styl gearhingjend, oer de fertelsitewaasje. Op dy menier bliuw ik oan 'e ‘buottenkânt’ fan it ferhaal, mar it barren as sadanich yntressearret my net, en - wat wichtiger is - dat barren haw ik as lêzer gjin rjochtstreeks tagong ta, mar allinnich fia it fertellen, dat myn oanpak liket my legitym.
| |
| |
Ik haw yn it begjin sein dat de skriuwer gâns flyt op syn wurk dien hat. Dêrmei doelde ik yn it foarste plak op de styl fan it ferhaal. De skriuwer hat besocht om moaie, brede sinnen te meitsjen mei ynskode of foaroppleatste bysinnen. Hy hat stribbe nei fariaasje yn 'e wurdkar en hy hat socht om it krekte wurd en de tekenjende útdrukking. Mar it resultaat bin ik net wiis mei. De styl is pretentieus, de styl freget tefolle omtinken foar himsels troch syn apartens en soms tsjusterens, en de styl is faken ondúdlik en soms onkrekt. Ik jou wat foarbylden: ‘Wat by Heerd al hast oanberne like, benearre by de âlden’ (8) - ‘by’ moat ferfâle, en dan is de tsjinstelling tusken ‘oanberne’ en ‘benearre’ noch nuver;
‘As broeide en wankte der wat dat as in tiidbom dêr't mar in kat mei de sturt oerhinne hoegde te striken, ûnder de tafel lei’ (8) - de twa bysinnen meitsje de sin ondúdlik; men moat even weromlêze om te begripen dat ‘ûnder de tafel lei’ by ‘tiidbom’ heart;
‘Hy wist neat te betinken, woe dat winliken ek net, elke stap dy't er de kant fan de pleats út sette, ferhege dat dizenige gefoel fan opwining dat er earder socht as mijde en as der al ris eefkes wat troch him hinne flitste dat syn oerdreaun skuldgefoel om wat er ûndernaam, bedimme, joech er him fuort dêrnei namste fûlder oer oan dy eangstige spanning dêr't er al mar mear oan ferslingere rekke’ (54) - ‘bedimme’ moat hearre by ‘wat troch him hinne flitste’ en it is hjir transityf brûkt. Dat kìn, neffens myn ferâldere wurdboek, mar gewoanlik is ‘bedimje’ weromwurkjend: jin bedimje. Ofsjoen hjirfan liket it my ta dat earder it tsjinoerstelde fan ‘bedimje’ bedoeld wurdt, nammentlik: ‘fersterke’ of sokssawat. Troch de sin yn trijen te knippen, hie er yn alle gefallen dúdliker wurden;
‘It gefoel dat de lêste dagen yn him omwuolle, wie sa dizenich en ûnbestimd, sa ûnbeneamber en op de grins fan oanwêzich en net oanwêzich dat er der gjin acht op sloech en de mankelikens dy't him langer altyd pleage, mar diskear noch sterker wie as oars, bracht er der op gjin inkelde wize mei yn ferbân’ (72) - gefoelens kinne yn jin ‘omwine’, net ‘omwuolje’. Mar wat foar koal wurdt hjir ferkocht? Hoe soe in mins acht slaan kinne op gefoelens dy't (1) ‘dizenich’, (2) ‘ûnbestimd’, (3) ‘ûnbeneamber’ en (4) ‘op de grins fan oanwêzich en net oanwêzich binne? It is net slim dat sokke koal opskreaun wurdt, mar dy moat men wol skrasse as men it manuskript nei de printer bringt; ‘It ûndefiniearbere gefoel dat him dy wike al by de Feenstra's hjitfolge hie, en nochris as in wjerljocht troch him hinne flitste doe't er yn de fierte de klokken lieden hearde, waard ferklearre doe't er ynstee fan it teeljochtsje gerdinen foar de finsters seach’ (74) - de ein fan 'e sin is suver kluchtich, mar dat is moai meinommen. Wat my steurt is in ‘ûndefiniearber gefoel’ dat ‘as in wjerljocht troch him hinne flitste’. Neffens my dogge ondefiniearbere gefoelens net sokke spektakulêre dingen;
| |
| |
‘De ûnhuere buoi dy't in wale fan wetter om him hinne hong, befêstige syn ienlik en iensum gluorkjen nei it rút dat in glimp fan smûkens trochliet’ (136) - wat docht dy bui no, syn ienlik en iensum gluorkjen befêstigje? Hoe befêstigje? Ja, fansels, ik snap wol wat der bedoeld wurdt: dy reinbui makke dat de haadpersoan him noch iensumer en ferlittener fielde. Mar wêrom skriuwt Abma dat dan net gewoan?
Dêrmei bin ik dan by it sintrale punt fan myn stylkrityk oankommen: de skriuwer besiket it hyltyd ‘moai’ te sizzen, ‘apart’ te sizzen, ‘oars as gewoan’ te sizzen, en it resultaat is dat er klisjeemjittich skriuwt, ondúdlik skriuwt en flaters makket. Fia dusse styl kryt men net in klear byld fan 'e haadpersoan, dusse styl leit earder as in heal-trochsichtich plestik kleed oer it barren hinne. Doe't ik it in jier of wat lyn hie oer ‘Den Doolaardachtich Ethelle-proaza’ doelde ik op itselde ferskynsel: it proaza fan Abma rûkt nei de âlde doas, it is de styl fan om 'e lêste wrâldoarloch hinne.
De tiid fan moaiskriuwerij is, liket my ta, foarby. De skriuwer fan no hoecht it net mear ‘finaal’, ‘byldzjend’, ‘raak’ ensfh. te sizzen, hy moat it klear en dúdlik sizze yn 'e gewoanste wurden dy't er fine kin. Dusse ried hawwe skriuwers harsels en har kollega's wol earder jûn, mar it is noch altyd gjin oerstallige ried.
Ik gon no op de fertelsitewaasje yn. Ik wol sjen litte dat wat dat oangiet Abma syn boek ek earder âlderwetsk as eigentiidsk is: de fertelsitewaasje hinget noch ticht tsjin it auktoriale oan.
Tusken in ‘suvere’ auktoriale fertelwize wêrby't alles troch de ferteller en neat troch de personaazjes sjoen wurdt, en in ‘suvere’ personale fertelwize wêrby't alle waarnimmingen rinne fia it bewustwêzen fan ien of mear persoanaazjes, is gjin skerpe grins. Men soe allerhande oergongssitewaasjes definiearje en beneame kinne. Dat bart net sa faak en it hat ek net folle doel. Ut 'e oanhellingstekens by de wurden ‘suver’ docht nammers ek al bliken dat ek de meast ekstreme typen doch noch mingfoarmen binne: by in auktoriale fertelsitewaasje wurdt altyd wol wàt fan it belibjen en fielen fan 'e persoanaazjes dúdlik en by in personale fertelsitewaasje hekket de ferteller altiten wol wàt ta. De fraach: hat dut wurk in auktoriale of in personale fertelsitewaasje, moat dan ek opfette wurde as in simplifisearring fan 'e fraach: wiist it fertelde mear op in buotten it ferhaal steande ferteller of mear op ien of mear sintraal-steande beskreaune figueren?
Der binne (op 'en minsten) trije kwestjes dy't in rol spylje by de beäntwurding fan 'e hjirboppe formulearre fraach, nammentlik: konformearret de ferteller him yn syn kennis oan it personaazje of de foarnaamste persoanaazjes, konformearret de ferteller him yn syn wize fan waarnimmen en belibjen oan dat
| |
| |
fan it personaazje of de foamaamste persoanaazjes, en hoefolle distânsje nimt de ferteller fan 'e fertelde feitlikheden? De oplossing fan 'e earste kwestje kin slim wêze as der ferskillende wichtige figueren binne dy't sa likernôch likefolle omtinken krije. Men kin dan nammentlik yn prinsipe kieze tusken de auktoriale fertelsitewaasje wêrby't de ferteller alles wit en de mearfâldich personale fertelsitewaasje wêrby't de ferteller fan in stikmannich figueren alles wit. Foarbylden fan romans mei in mearfâldich personale fertelsitewaasje binne Fjouwer minsken yn in stêd en Hoe moat dat nou, Marijke. It liket my net noarich om yn ferbân mei De roekkat searieus de mooglikheid fan in mearfâldich personale fertelsitewaasje te ûndersykjen: Heerd Hissema is dúdlik de faakst neamde en sintraal steande figuer, en alle oaren binne byfigueren. Dat hâldt yn dat de ferteller - as er de personale sitewaasje sa nei mooglik oankomme wol - him hâlde moat oan datjinge wêrfan't it wierskynlik is of makke wurdt dat Heerd it wit of witte kin. Tsjin dy ‘wet’ sondicht de ferteller wol gauris, en ik sil dêr in mannich foarbylden fan jaan. It dûdlikste foarbyld is fansels it petear tusken de rektor en Hissema en de rektor syn tinzen oer dat petear (s. 30-32). Heerd hat dêr net by west en út neat docht bliken dat de ynhâld fan it petear en de oertinkingen fan 'e rektor him letter meidield binne. Sa auktoriaal as wat. Doch fyn ik dut tekstfragmint winlik minder wichtich as al dy lytse en suver ongemurkene spoaren fan auktorialiteit. It fragmint op s. 30-32 kin men noch fan tinke: in ‘flater’, mar de skriuwer hie dut fragmint perfoarst noarich, en it giet om in isolearre part. Dy lytsere spoaren trochkringe it hele wurk en dy wize derop dat de ferteller
allegeduerigen ree stiet om syn ynformaasje ta te hekjen. Ik jou wat foarbylden:
‘Op de measte leararen makke er in bedaarde en wisse yndruk en dat er neat sei kompinsearre er blykber troch alles opmerklik goed yn him op te nimmen. De trekken yn syn gesicht dy't fan jongsôfoan opfoelen, wiene noch altyd like skerp oanwêzich. Syn grutte dûnkere eagen koene immen net te bedjipjen oansjen en danksij de suver ûnbidige ôfmjittings fan syn holle hie er ûnder it leararenkorps as in bynamme: “de lytse Churchill”’ (9);
‘Faaks wie dizze oanlis mei in gefolch fan de húslike omstannichheden dêr't er yn opgroeide. Dat er bytiden oan syn emoasjes te'n ûnder drige te gean, hie miskien ek te krijen mei in oanboazjende puberteit. Soks hie fansels ek syn wjerslach op hoe't er de leararen beseach’ (10);
‘Koartsein: Heerd tocht net, hy fielde!’ (10);
‘“Dat stomme jonkje fan Hissema, kin no ja en nee sizz,” grute it doarp noch delselde [lês: deselde] middeis...’ (12).
‘Mar doe't er [Laas] de eagen seach dy't Heerd by dat útstel opsette...’ (13);
‘...en woe gjin “nuverichheden” sa't er [Fonger] it tsjin Wikertsje neamde’ (13).
| |
| |
Ik haw partsjes tekst oanhelle wêrfan't ik tink dat it onmooglik of onwierskynlik is dat se fan 'e prakkesearjende Heerd ôfkomstich binne. Of Heerd hat dusse ynformaasje deagewoan net, òf hy is net yn steat om fan 'e ynformaasje in soksoartich rasjonalisearjend-analysearjend gebrûk te meitsjen. It soe gjin grutte toer wêze om dusse tekstfragminten út te wreidzjen en oan te foljen mei sinnen en sindelen dy't minder dúdlik op in tinkende Heerd wize en dy't ek of likegoed op in ynformaasjejaande ferteller wize. By in ‘suver’ personale fertelsitewaasje moat de ferteller achter it personaazje weiwurde. Dat is hjir lang net it gefal. In ‘negatyf bewiis’ hjirfoar is ek it ontbrekken fan 'e frije yndirekte rede.
Allinnich om de aardichheid wiis ik noch op in lyts, mar wol markant auktoriaal trekje: Heerd tinkt konsekwint oan syn heit en mem as ‘de’ mem en ‘de’ heit. Dat gebrûk fan ‘de’ wiist op de ferteller, dy hat it noarich om de âlden fan Heerd as sadanich te markearjen troch it beskate lidwurd. De persoan sels hat dat net noarich: syn mem is gewoan ‘mem’ en heit is gewoan ‘heit’; hy hat fan beiden mar ien en hy wit skoan oan wa't er referearret as er yn syn prakkesaasjes ‘mem’ en ‘heit’ beneamt.
De twadde kwestje, konfoarmearret de ferteller him yn syn wize fan waarnimmen en belibjen oan dat fan 'e haadpersoan? Dat is wolris it gefal, bygelyks as Heerd de oanboazjende rúzje tusken syn heit en mem waarnimt (s.17) en as Heerd neitinkt oer it petearfan syn mem en syn suster Mintsje (s. 21). Mar der binne gâns fragminten dy't mear wize op in formulearjende ferteller as op in haadpersoan fan 12-18 jier. Bygelyks: ‘Wat fregen de eachbrauwen fan de mem har ôf al de kearen dat sy se omheech loek en dat barde de lêste tiid noch al ris’ (9); ‘Troch in kombinaasje fan in skerpe yntuysje en in suver hast dierlik ynstinkt om him op 'e tiid werom te lûken, like it nei bûten ta dat er him reedlik hanthavene’ (9); ‘Sympatyën en antypatyën, beide bloeiden ûnberiddenearre en poer gefoelsmjittich op’ (10). Nimt in jonge fan tolve jier sa waar en bringt dy syn waarnimmingen sà ûnder wurden? Dat wol my net oan. It liket my ta dat de ferteller de waarnimmingen fan 'e jonge - heale of healbewuste waarnimmingen grif ek noch - yn eigen wurden neifertelt. Ik sitearje net mear, mar it is gjin keunst om út dut wurk heapen foarbylden op te djipjen fan uteringen dy mear wize op in ferbaal bejeftige ferteller dy't de tiid nimt om it ‘moai te sizzen’ as op in spontaan tinkende en formulearjende jonge/jongfeint.
De tredde kwestje, de distânsje. Mei dut troch Genette yrifierde begryp wurdt bedoeld de ôfstân dy't de ferteller nimt fan 'e fertelde feitlikheden: sit er der ticht op, dan sil er alle foarfallen sa krekt mooglik ferslaan, stiet er der fierder ôf, dan fettet er it barren gear. It ticht od 'e feiten sitten wiist mear op it personale, it distânsjenimmen mear op it auktoriale. (By Stanzel spilet nammers
| |
| |
it ûnderskied tusken ‘szenische Darstellung’ en ‘berichtende Erzählung’ ek mei yn 'e opposysje personaal vs. auktoriaal). Hoe sit dat mei dusse distânsje yn De roekkaf? De skiednis beslacht in jier of fiif, seis, dat it kin net oars as der moatte - neist hiaten - gearfettingen yn foar komme. Myn yndruk is dat de gearfettingen oerhearskje: it ferhaal as geheel is in gearfetsjende beskriuwing fan in deel fan Heerd syn libben, ôfwiksele mei stikjes sênyske beskriuwing wêryn't Heerd mear direkt op 'e foargrûn komt. Ek wat dat oangiet dominearret de ferteller, hy hâldt de hele fertelling yn 'e hân.
Ik haw allinnich de buottenkânt of de earste laach fan it wurk besjoen, mar ik bin fan betinken dat dat foar in oardiel oer dut wurk genôch is. De styl en de fertelwize binne ommers net tafallige ‘ferpakkingen’ fan it wurk, mar de wichtichste konstituearjende faktoaren fan it wurk. Fia de styl en de ferteller komt de lêzer mei it fertelde yn 'e kunde: styl en ferteller mèìtsje it wurk. Mar ik wol de relaasje wol omdraaie en by de story begjinne, dan is it ferbân nammers noch twingender: in âlderwetsk ferhaal kin allinnich mar ferteld wurde yn in âlderwetske styl en in âlderwetske fertelsitewaasje; in moderne styl en grif in konsekwinte personale fertelsitewaasje soenen dusse story femiele. (Abma skriuwt nei myn saak soms wol goede gedichten. Dêr soe er him fierder ta beheine moatte, want dut proaza fan him, dat kostet in soad beammen, en hy hat neat te fertellen dat wy net wisten.)
| |
Neiskrift
Inkeld om't ik it ris sein hawwe wol: de essees fan Jo Smit soenen ris bondele en útjûn wurde moatte, as wie it mar yn fotokopy. Smit hat ynfloed hân en hie mear ynfloed ha kinnen as er better achtslein wie. Ik wol it plak en de rol fan Anne Wadman yn 'e Fryske literatuer op gjin inkelde wize belytsje - en al soe ik it wolle, ik soe it net kinne -, mar Smit hat (hie...) mear fyzje op 'e takomst.
|
|