dy't se dêr ferkeapje. Der komme noch mear fan. Us earste petear hie sa bysûnder net west, dus ik tocht, ik rin mar troch. Mar sy kamen dalik op my ta. Op harren útstel dronken wy kofje. Wat my der ta bracht om har selskip te sykjen kin ik net sa maklik sizze, ik hie, tink, ferlet fan oanspraak.
Wy kamen teplak op de Piazza della Signoria. (+) Dit is krekt sa'n dia, ek út it setsje. Wannear soene se him makke ha, sa sûnder minsken derop? It is dêr altyd smoardrok. Wy fûnen in taffeltsje yn it skaad en kamen oer fan alles te praten. (+) Dit wie ús ober, in jong fintsje sa as jim sjugge, mar in juwiel. Ik ha krekt dien as woe ik Ytzen der op sette, oars wie dizze noait sa goed slagge.
Thomas sei net folle. Hy woe eigentlik al wol wer nei hûs ta, fertelde Ytzen, hy fûn der hjir net folle oan. Der wie hjir gjin strân en jûns ek neat te beleven. (+) Hjir stiet Thomas wol goed op, dy ‘walkman’ hied er altyd by him. Ik leau dat er him dy moarns ek wol opsette woe, doe't Ytzen en ik sa sieten te praten.
It duorre net lang oft ik frege nei it ‘undersyk’. Ik krige in wiidweidich antwurd. Hy wie dwaande mei in boek oer Simke Kloosterman! De skriuwster hie yn 1928 yn Florence west, nei Parys en de Rivièra en Ytzen reizge har no efternei. ‘Mar,’ sa begûn ik, ‘dêr is dochs al ien mei dwaande, dy frou fan de briefwiksel?’
Syn hiele gesicht ljochte op, ik hie him noch net sa libben sjoen. ‘Datst dat witst!’
‘Dy biografy,’ sa gie hy fierder, ‘dêr leau ik net mear yn, dat duorret no al sa lang. As ik straks noch wat mear materiaal ha, dan sil ik har útstelle dat ik it mar oernim.’ Dat ynstânsjes jin dêr earst in opdracht ta jaan moatte, dêr begûn ik mar net oer. Hy wie sa wis fan syn saak.
Wy praten der oer troch, wat se yn Florence dien hie, by wa't se útfanhuze hie, en dat it net sa maklik wie dat allegear nei te gean. It gie ek mear om in ‘sfearympresje’ sei Ytzen, foar't wy ôfskied namen.
Ik hie Thomas noch freegje wold, oft er Ytzen by it ûndersyk holp, mar ik krige it idee dat er der net folle fan ha moast. In lêzer like it my ek net ta.
Dy middeis gie ik nei de Boboli-tunen (+) - dizze is ek wer út it setsje - en fûn in rêstich plakje ûnder de beammen. Ik waard wat slûch, it wie hyt. Simke hie oan Douwe Kalma skreaun - dat wist ik wer fan Ytzen - dat hja op reis gie ‘nei it lân fan sinneskyn en palmerûzjen’.
Sinne en palmen. Wat rôp dat net op! En dy Thomas snapte net dat Ytzen dat allegear ris sjen woe en dêrom dit jier net trije wiken nei Spanje koe. Ik seach dat oars en as hy fan 't winter nei Rome moast - dêr hie se ek west - dan woe ik wol mei. Krysttiid soe ik wol kinne.
Ik dûze wei. Ytzen liet my brieven sjen, giel fan âldens, mar ik seach allinnich