| |
| |
| |
Jant van der Weg-Laverman
Flannery O'Connor: Alles wat oereinriist, moat ienris gearkomme
Dokter hie tsjin Julian syn mem sein, sy moast fanwegen har bloeddruk tweintich pûn ôffalle; sadwaande brocht Julian har alle woansdeitejûnen mei de bus nei de stêd ta, nei in fermeageringsklubke.
Dy fermeageringsklub wie ornearre foar froulju fan boppe de fyftich, dy't tusken de 165 en de 200 pûn woegen. Syn mem wie ien fan de mear behindigen; mar se sei, dat in dame noait fertelle soe, hoe âld at se wie en hoe swier. Se woe jûns net mear allinnich mei de bus, sûnt yn dy bussen sawol blank as swart siet. Se hie mar in pear pretsjes, dêr't it fermeageringsklubke ien fan wie, dat boppedat needsaaklik foar har sûnens èn fergees wie. Dêrom sei se, dat Julian it op syn minst opbringe koe har dêrhinne te bringen, as men betocht, wat sy allegear foar him dien hie. Julian hold der net fan om te tinken oan wat sy allegear foar him dien hie, mar alle woansdeitejûnen spande er him derfoar en brocht har.
Sy wie hast klear om fuort, stie foar de gongspegel om de hoed op te setten. Wilens stie hy mei de hannen op 'e rêch, yn it doarskezyn, as wie er dêroan fêstnagele, wachtsjend lykas de hillige Sebastiaan op de pylken, dy't him trochboarje soene...
De hoed wie nij en hie har sân en in heal dollar koste. Se sei hieltiten: ‘Faaks hie ik dat der net foar betelje moatten. Nee, dat hie ik eins net dwaan moatten. Ik set him ôf en ik bring him moarn werom. Ik hie him net keapje moatten.’
Julian krige it wyt fan de eagen foar.
‘Jawol, Mem moast him wol keapje’, sei er. ‘Set dat ding op en kom mei.’ It wie in ôfgriis, dy hoed. In pears-flewielen flap hong der oan ien kant by del en stie oan de oare kant omheech; fierder wie er grien en seach derút as in kessen sûnder fulling. Hy konkludearre, dat it gefal net sasear komyk as wol fleurich èn begrutlik wie. Alles dêr't sy wille fan hie, wie nearzich en deprimearre him.
Se tilde de hoed noch ien kear omheech en sette dy stadich boppe op 'e holle. Oan wjerskanten fan har sûnread gesicht kaam der in lok griis hier ûnderwei; mar har himelsblauwe eagen wiene like ûnskuldich en sûnder ûnderfi- | |
| |
ning as op har tsiende. As se gjin widdo west hie, dy't wrotte en wrame moast om him iten en klean te jaan en him de skoalle dien meitsje te litten, en dy't him noch altyd ûnderhold, ‘oant er himsels rêde koe’, dan hie se in lyts famke wêze kinnen, dat er nei de stêd bringe moast.
‘It is wol goed, it is wol goed,’ sei er, ‘sille wy no mar?’
Hy die de doar iepen en rûn alfêst de stoepe del om har mei te krijen. De loft wie as fan in stjerrend fiolet en de huzen stiene dêr tsjuster tsjin ôftekene, bultige, leverkleurige meunsters fan in unifoarme ûnsjoggens, al wiene der gjin twa gelyk. Om't it hjir fjirtich jier lyn in deftige buert west hie, hold syn mem noch altyd fol, dat se it bêst troffen hiene, dat se hjir wennen. Elk hûs lei in smelle kraach fan smoargens omhinne, dêr't meastentiids in sutrich bern yn stiet. Julian rûn mei de hannen yn 'e bûse, mei de holle foardel en mei de eagen glêzich fan berettens om himsels alhiel gefoelleas te meitsjen yn it skoft dat er oan har pretsje opoffere wie.
De doar foel ticht en hy draaide him om en seach it grouwe stal mei de ôfgryslike hoed as kroan dêrop op him takommen.
‘No ja,’ sei se, ‘mem libbet mar ienkear, en troch in bytsje mear te beteljen kom ik mysels teminsten net hieltiten tsjin.’
‘Op in goeie dei fertsjinje ik jild,’ sei Julian tryst, - hy wist wol, dat it noait safier komme soe - ‘en dan kin mem sa'n gefal fan my krije sa faak as mem mar wol.’
Mar earst soene se ferfarre. Hy seach it hûs al foar him mei de neiste buorlju oan wjerskanten fiif kilometer fan harren ôf.
‘Ik fyn, datsto it bêst foar inoar haste,’ sei se, wylst se de moffen oandie. ‘Do bist noch mar krekt in jier ôfstudearre. Rome is net op ien dei boud.’
Bûten har kamen mar in pear leden fan de fermeageringsklub mei in hoed op en mei moffen oan, dy't dan ek noch in soan hiene dy't oan in universiteit studearre hie.
‘It nimt no ienkear tiid,’ sei se, ‘en de wrâld stiet alhiel op 'e kop. Dizze hoed stiet my better as ien fan dy oaren, mar doe't sy der mei oansetten kaam, sei ik: nim dat ding mar wer mei. Dat wol ik net op 'e holle hawwe. En sy sei: Wachtsje no marris, oant Jo him op hawwe. En doe't se my dy hoed opsette, sei ik: no..o..eh.., en sy sei: As Jo it my freegje, dy hoed docht Jo wat en Jo dogge wat foar dy hoed en boppedat, sei se, mei dy hoed komme Jo Josels net hieltiten tsjin.’
Julian tocht, dat er it better ferdrage koe, as sy egoistysk west hie, as se in âlde tange west hie, dy't dronk en tsjin him raasde. Hy rûn fierder, fol fan wanmoedigens, as in martler, dy't op healweis syn leauwe ferlern hie. Doe't se gewaar waard, hoe yrritearre en sûnder hope syn gesicht stie, bleau se ynienen mei in yntryst gesicht stean en luts him oan de earm.
| |
| |
‘Wachtsje even,’ sei se. ‘Ik gean werom en ik set dat ding ôf en moarn bring ik him werom. Ik wie net goed wiis. Ik kin mei dy sân en in heale dollar moai de gasrekken betelje.’
Hy pakte har nidich by de earm.
‘Mem bringt him net werom,’ sei er, ‘ik mei him wol lije.’
‘No,’ sei se, ‘eins soe ik him better...’
‘Hâld no mar op en genietsje der leaver fan,’ mompele er, noch wanmoediger.
‘Mei de wrâld alhiel op 'e kop,’ sei se, ‘is it noch in wûnder, dat wy earne fan genietsje kinne. Ik sil 't dy sizze, de ûnderste stien is boppe kommen...’
Julian suchte.
‘Fansels,’ sei se, ‘at men wit, wa't men is, dan kin men oeral hinne.’
Dat sei se alle kearen, as er har nei de fermeageringsklub brocht.
‘De measten dêre binne net ús soarte minsken,’ sei se, ‘mar ik bin tsjin elkenien aardich. Ik wit wa't ik bin.’
‘Se jouwe gjin skyt om men har minlikens,’ sei Julian batsk. ‘Witte, wa't men is, kin mar foar ien generaasje. Mem wit amper, wêr't mem no stiet of wa't mem no is.’
Se hold yn en seach him mei fjoer yn 'e eagen oan.
‘Ik wit teminsten, wa't ik bin,’ sei se ‘en asto net witste, wasto biste, dan skamje ik my oer dy.’
‘Fergimme,’ sei Julian.
‘Dyn oerpake hat goeverneur fan dizze steat west,’ sei se. ‘Dyn pake wie in grutgrûnbesitter, dy't it bêst hie. En dyn beppe wie in Godhigh.’
‘Wol mem even om har hinne sjen,’ sei er strak, ‘en even sjen, wêr't mem optheden is?’
En hy swaaide houterich mei de earm om him hinne om har de buert te wizen, dy't by it fallen fan 'e jûn alteast wat minder snústerich waard.
‘Do bliuwste watst biste,’ sei se, ‘dyn oerpake hie in plantaazje en twahûndert slaven.’
‘Der binne gjin slaven mear,’ sei er nitelich.
‘Doe hiene se it oars gâns better,’ sei se.
Hy kreunde, om't er yn 'e rekken krige, dat se har ûnderwerp wer te pakken hie. Dêr davere se om de safolle dagen trochhinne as in trein troch flak terrein. Hy koe alle stopplakken, alle krusings, alle sompen ûnderweis en wist krekt op hokker plak har konklúzje fol majesteit it stasjon ynrôlje soe.
‘It is om te laitsjen. It is gewoan net realistysk. Fansels moatte se oereinrize, mar dan oan de eigen kant fan it sket.’
‘Sille wy dêr no mar oer ophâlde?’ sei Julian.
‘Mei wa't ik begrutsjen haw,’ sei se, ‘dat binne de healbloeden. Dy binne
| |
| |
begrutlik.’
‘Wol mem dêr oer ophâlde?’
‘Stel dat wy healbloed wiene. Dan soene wy der wis mingde gefoelens op nei hâlde.’
‘Ik haw no mingde gefoelens,’ kreunde er.
‘Kom, wy moatte it mar oer wat aardichs hawwe,’ sei se. ‘Ik wit noch, hoe't ik as lyts famke nei pake-en-dy tagie. It wie in hûs mei in dûbelde trep nei de earste ferdjipping. De itensiederij wie ûnder. Ik mocht graach yn 'e keuken wêze fanwege de muorren dy't sa lekker roeken. Dan treau ik de noas tsjin de wytkalk oan en siet mar te snuven. Eins wie it hûs fan de Godhighs, mar dyn pake Chestney betelle de hypteek en koe it sa foar harren oanhâlde. Se wiene troch omstannichheden earm wurden, mar earm of net, sy fergeaten noait, wa't sy wiene.’
‘Fansels holp dy ferfallene huzinge deroan mei om dat net te ferjitten,’ mompele Julian. Hy prate der noait sûnder ferachting oer of tocht der noait sûnder langst oan. As bern hie er it ien kear sjoen, ear't it ferkocht waard. De dûbele trep wie ferrotte en weibrutsen. Der wennen negers yn. Mar yn syn ûnthâld bleau it sa't syn mem it kend hie. Hy dreamde der geregeldwei oer. Dan stie er op de brede feranda te harkjen nei it sêft rûzjen fan ikeblêden, kuiere de hal mei de hege soudering troch nei de salon dy't dêr op útkaam en stoareage nei de fersliten flierkleden en fersketten gerdinen. It like him ta, dat hy der mear wurdearring foar opbringe koe as sy. Hy joech de foarkar oan de healsliten deftigens boppe alles wat er koe en dêrom hie elke buert sa'n tramtaasje foar him west, wylst sy amper it ferskil waarnommen hie. Sy neamde har ûngefoeligens oanpassingsfermogen.
‘En ik kin my dy âlde negerin dy't myn bernefaam wie, Caroline, noch yn 't sin bringe. Der wie gjin better mins op de hiele wrâld. Ik haw altyd in soad respekt hân foar myn kleurde freonen,’ sei se, ‘ik woe alles wol foar harren dwaan en sy...’
‘Wol mem yn 'e goedichheid oer dat ûnderwerp ophâlde?’ sei Julian. As hy allinne mei de bus gie, dan soarge er der altyd foar neist in neger sitten te gean om sadwaande de sûnden fan syn mem te dylgjen.
‘Do bist jûn mar kiezzich,’ sei se, ‘bist net goed?’
‘Ik fiel my bêst,’ sei er, ‘hâld no mar op.’
Se luts de mûle by mekoar.
‘No, no, wat hasto in min sin,’ murk se op, ‘ik sis gewoan neat mear tsjin dy.’ Se wiene by de bushalte kommen. Der wie noch gjin bus te sjen en Julian stoareage lilk mei de hannen noch hieltyd yn 'e bûse en de holle foardel de lege strjitte del. De frustraasje, dat er op 'e bus wachtsje moast èn er dêr ek noch yn meiride moast, begûn him by de nekke op te krûpen as in gleonhite
| |
| |
han. Dat syn mem der noch altiten wie, waard er gewaar, doe't se djip en pynlik suchte. Hy seach mankelyk nei har. Se stie sa rjocht as in kears ûnder dy healwize hoed, dy't se ophie as in banier fan har tinkbyldige weardigens. Der kaam in lilkaardich langst yn him op om har geastkrêft te brekken. Ynienen makke er syn strik los, skuorde dy ôf en treau him yn 'e bûse. Se bestoar it suver.
‘Wêrom moatst der sà útsjen, ast mei my nei de stêd tasilste?’ sei se.
‘Wêrom moatst my mei sin foar gek sette?’
‘As mem dan noait leare sil, wêr't mem stiet,’ sei er, ‘dan kin mem yn alle gefallen oan 'e weet komme, wêr't ik stean.’
‘Do sjochst der út as in bandyt,’ sei se.
‘Dan bin ik dat fêst mar,’ mompele er.
‘Ik gean nei hûs,’ sei se, ‘ik sil dy net langer lestich falle. Ast net iens sa'n lyts dinkje foar my oer haste...’
Mei it wyt foar de eagen foar die er de strik wer om.
‘Wer opnommen yn myn stân,’ mompele er. Hy kaam mei it gesicht tichte by har en systere: ‘De wiere beskaving sit yn 'e geast, de geast,’ sei er en tikke himsels tsjin 'e holle, ‘de geast.’
‘Yn it hert,’ sei se, ‘en yn hoe't men jin hâldt en draacht, en hoe't men jin hâldt en draacht, komt troch hoe't men is.’
‘Gjinien yn dy ferrekte bus kin it in moer skele, wa't mem is.’
‘My kin it wat skele, wa't ik bin,’ sei se kâldwei.
De ferljochte bus kaam deroan, boppe op de heuvel en doe't dy tichterby kaam, gongen se de strjitte op. Hy die har de hân ûnder de earmtakke en hyste har it kreakjende opstapke op. Se stapte glimkjend yn, as kaam se yn in salon, dêr't elkenien op har siet te wachtsjen. Wylst hy de kaartsjes ôfstimpelje liet, gie sy op ien fan de brede foarbanken foar trije persoanen sitten mei it gesicht nei it middenpaad. In meager frommiske mei foarútstekkende tosken en lang ljocht hier siet op 'e ein. Syn mem gie neist har sitten en hold neist har plak foar Julian. Hy gie sitten en seach by de grûn lâns it middenpaad oer nei de oare kant, dêr't in pear smelle fuotten yn readwite linnense sandalen delplante stiene.
Syn mem begûn daliks yn it wylde wei te praten, sadat elkenien, dy't der nocht oan hie, meidwaan koe.
‘Soe it noch waarmer wurde?’ sei se en helle in optearde waaier út har tas, swart mei in Japansk taferiel derop, dy't sy foar har gesicht hinne en wer ferweegde.
‘Dat soe bêst ris kinne,’ sei de frou mei de foarútstekkende tosken, ‘mar ik wit wol, dat it by my yn 'e hûs net hiter wêze kin as no.’
‘Dat komt fêst fan de middeissinne,’ sei syn mem. Se bûgde har foaroer en
| |
| |
seach de hiele bus del. Dy wie healfol. Elkenien wie blank.
‘Ik sjoch, dat wy de bus foar ússels ha,’ sei se.
Julian beloek.
‘Foar de feroaring,’ sei de frou oan de oare kant it paad, dy mei de readwite linnense sandalen, ‘lêsten siet ik yn in bus, doe wiene se machtich as de miggen, foaryn en oeral.’
‘De wrâld stiet alhiel op 'e kop,’ sei syn mem. ‘Ik begryp net, hoe't wy dat allegearre safier komme litten hawwe.’
‘Wêr't ik sa poerrazen fan wurd, dat is, dat al dy jonges út goeie húshâldings mar autobannen stelle,’ sei de frou mei de foarútstekkende tosken. ‘Ik sei tsjin myn soan, ik sei, do bist dan miskien net ryk, mar do bist goed opbracht en at ik oait fernim, datst soks by d' ein haste, dan kinne se dy om my fuortendaliks wol nei de tuchtskoalle stjoere. Want dêr hearst dan thús.’
‘In oplieding is wichtich,’ sei syn mem. ‘Sit jo soan op de middelbere skoalle?’
‘Njoggende klas,’ sei de frou.
‘Myn soan is krekt foarich jier fan de universiteit kommen. Hy wol skriuwe, mar hy ferkeapet no sa lang skriuwmasjines,’ sei syn mem.
It frommes bûgde har foaroer en stoareage nei Julian. Hy seach har sa grimmitich oan, dat se fuortendaliks wer efterútskode. Oan de oare kant it gongpaad lei in âld krante op de flier. Hy gie oerein, pakte dy en hold dy foar syn gesicht. Syn mem wie sa diskreet om sunich fierder te praten, mar de frou oan de oare kant it paad sei moai lûd: ‘No, dat is moai. Skriuwmasjines ferkeapje hat in soad mei skriuwen te meitsjen. Hy kin sa fan it iene nei it oare oerstappe.’
‘Ik sis altyd tsjin him,’ sei syn mem, ‘dat Aken en Keulen net yn ien dei boud binne.’
Efter de krante luts Julian him werom yn it binnenste fekje fan syn geast, dêr't er meastentiids tahold. Dat wie in soarte fan mentale buol, dêr't er himsels yn nessele, as er it net mear ferdrage koe diel út te meitsjen fan wat der om him hinne geande wie. Hy koe wol nei bûten sjen en in oardiel útsprekke, mar hy wie dêr binnenyn feillich foar ynfiltraasje fan bûtenôf. It wie it iennichste plakje, dêr't er him hoede fielde foar de algemiene idioatery fan syn meiminsken. Syn mem wie dêr noch nea binnenkrongen, mar hy koe har dêrwei tige dúdlik sjen. It âld minske wie snoadernôch en hy fûn, dat der mear fan har ferwachte wurde koe, as se mar fan de goeie foamûderstellings útgien wie. Se libbe neffens de wetten fan har eigen fantasywrâld, dêr't er har noch nea bûten sjoen hie. De wet fan dy wrâld wie, dat sy har foar him opoffere, nei't se dat earst needsaaklik makke hie troch oeral in rotsoai fan te meitsjen. As hy har al opofferingen tastien hie, dan kaam dat allinnich dêrfandin- | |
| |
ne, dat dy needsaaklik wurden wiene, trochdat sy net foarútsjen koe. Har hiele libben hie ien wraksel west om as in Chestny te libjen sûnder it jild fan de Chestny's, en om him alles te jaan, dat se tocht, dat in Chestny ha moast; ‘mar wêrom kleie,’ sei se, ‘as men nocht oan wrakseljen hie?’ En as men wûn hie, sa't sy wûn hie, wat wie it dan in aardichheid om op de swiere tiden werom te sjen. Hy koe har net ferjaan, dat se sa'n nocht oan dat wrakseljen hie en dat se tocht, dat sy wûn hie. Wat se bedoelde, as se sei, dat se wûn hie, wie, dat it har slagge wie om him grut te bringen en him nei de universiteit te stjoeren en dat er sa goed útfallen wie - kreas om te sjen (sy hie gatten yn 'e tosken om dy fan him yn oarder bringe te litten),
yntelligint (hy hie wol yn 'e rekken, dat er tè yntelligint wie om in sukses te wêzen) en mei in takomst foar him (der wie fansels hielendal gjin takomst foar him). Se ferjoech him syn minne sinnen, omt er noch dwaande wie folwoeksen te wurden, en syn radikale ideeën, omt er noch gjin erfaring hie.
Se sei, dat er noch neat oer it ‘libben’ wist, dat hy de echte wrâld noch net koe, wylst hy teloarsteld oer dy wrâld wie as in man fan fyftich.
Fierders wie de irony fan it hiele gefal, dat er nettsjinsteande har, sa goed útfallen wie. Nettsjinsteande it feit, dat er mar op in tredderangs universiteit west hie, wie it him op eigen inisjatyf slagge dêr mei in earsterangs oplieding wei te kommen; nettsjinsteande it feit, dat er grutwurden wie ûnder ynfloed fan in bekrompen geast wie hy romhertich; nettsjinsteande al har healwize ideeën wie hy frij fan foaroardielen en net bang om de feiten ûnder eagen te sjen. It meast mirakeleftige fan alles wie wol, dat hy ynstee fan like ferbline fan har te hâlden as sy fan him, himsels emosjoneel folslein fan har lossnien hien en har alhiel objektyf besjen koe. Hy waard net troch syn mem dominearre.
De bus hold ynienen mei in skok en skodde him út syn prakkesaasjes. In frou, dy't efteryn de bus sitten hie, kaam mei lytse stapkes nei foaren sjitten en foel hast boppe op syn krante, wylst se besocht oerein te bliuwen. Se stapte út en in grutte neger stapte yn. Julian liet de krante sakje om alles goed te sjen. Hy fielde him suver wat foldien, as er ûnrjocht yn syn deistige ferskiningsfoarm seach. It bestevige him yn syn oertsjûging, dat der, mei in pear útsûnderingen, gjinien binnen en straal fan trijehûndert kilometer wie, dy't de muoite wurdich wie om mei yn 'e kunde te kommen. De neger siet knap yn 'e klean en hy hie in aktetas by him. Hy seach om him hinne en gie doe op 'e oare ein fan de bank sitten, dêr't de frou mei de raedwite linnense skuon siet. Hy tearde fuortendaliks in krante iepen en kroep dêrefter ferside. Julian syn mem stompte him fûl mei de earmtakke yn 'e side.
‘No sjochst mar ris, wêrom 't ik net allinnich mei de bus wol,’ lústere se. De frou mei de readwite linnense sandalen wie fuort oerein gien, sadree't de ne- | |
| |
ger sitten gie en wie fierder de bus yngien; se wie op it plak fan de útstapte frou sitten gien. Syn mem bûgde har foaroer en knikte har goedkarrend ta. Julian kaam oerein en gie op it plak fan de frou mei de linnense sandalen sitten. Fan dat plak ôf seach er rêstich nei syn mem.
Sy waard read yn it gesicht fan lilkens. Hy stoareage mei de eagen fan in frjemde nei har. Ynienen fielde er, dat er syn spanning kwytrekke, as hie er har yn it iepenbier de oarloch ferklearre.
Hy woe wol mei de neger yn petear gean oer keunst, polityk of watfoar ûnderwerp dat boppe it begryp fan dy oaren om har hinne út gie, mar de man bleau ferskûle efter syn krante. Of hy die krekt, dat er neat fernommen hie fan it plakwikseljen, of hy hie it net ienris yn 'e rekken. Julian koe op gjin inkelde wize syn sympaty blike litte.
Syn mem seach noch altiten ferwitend nei him. De frou mei de foarútstekkende tosken seach gleon nei him, as wie er in soarte fan meunster, dat sy net earder sjoen hie.
‘Ha Jo fjoer foar my?’ frege er oan de neger.
Sûnder fan de krante op te sjen taaste de man yn 'e bûse en joech him in pakje lusifers.
‘Tanke,’ sei Julian. In skofke bleau er ûnnoazel mei de lusifers yn 'e hân sitten. In buordsje mei ‘Net Smoke’ hong boppe de doar foar him oer. Dat op himsels hie him net keare hoegd, hy hie lykwols gjin sigaretten. Hy wie in pear moanne lyn opholden mei smoken, om't it him net mear barre mocht. ‘Sorry,’ mompele er en joech de lusifers werom. De neger liet de krante sakje en seach him stikelich oan. Hy pakte de lusifers oan en die de krante wer omheech. Syn mem seach him hieltyd mar oan, mar se makke gjin gebrûk fan syn ferlegenheid. Har eagen drukten fersleinens út.
Har gesicht wie ûnnatuerlik read, as wie de bloeddruk omheech flein. Julian woe gjin skyn fan begrutsjen blike litte. No't hy yn it foardiel wie, woe er dat wanhopige graach sa hâlde. Hy hie har graach in leske jûn, dêr't se it foarlopich mei dwaan koe, mar it like der net op, dat er it spultsje trochsette koe. De neger ferpofte it efter syn krante wei foar it ljocht te kommen.
Julian die de earms oer elkoar en seach ûnfersteurber foar him út, yn har rjochting, krekt as seach er har net, krekt oft er net mear erkende, dat sy bestie.
Yn gedachten seach er foar him, hoe't de bus by harren útstapplak hâlde soe en hoe't hy op syn plak sitten bliuwe soe, en as se sizze soe: ‘Stapsto net út?’ soe er nei har sjen, krekt as wie se in frjemdenien, dy't it weage him oan te sprekken. De hoeke, dêr't se útstapten, lei der meastentiids ferlitten by, mar it wie dêr goed ferljochte en it soe har alhiel gjin skea dwaan om dy fjouwer blokjes nei de fermeageringsklub allinnich te rinnen.
| |
| |
Hy naam him foar om te wachtsjen, oant it safier wie en dan te besluten, oft er har allinnich útstappe litte soe of net. Hy soe dêr om tsien oere wêze moatte om har ôf te heljen, mar hy soe har der oer ynsitte litte, oft er wol kaam. Se hie gjin inkeld rjocht om te tinken, dat se altyd mar op him rekkenje koe. Hy luts him wer werom yn de hege keamer, dêr't mar in pear grutte antike meubelstikken yn stiene. Even liet er him gean, mar doe waard er him wer bewust fan syn mem foar him oer en it fisioen ferskronfele. Hy bestudearre har kâldwei. Har fuotten yn lytse pumps bongelen lykas dy fan in bern by de bank del en koene de flier net earlik rikke. Sy seach him oerdreaun ferwittend oan. Hy fielde him hielendal los fan har. Op dat stuit hie er har mei wille in klets ferkocht, krekt sa't men dat docht mei in oegryslik lestich bern, dat men op 'e noed hat. Hy begûn alle mooglike en ûnmooglike manearen te betinken om har in leske te jaan. Hy soe freonskip slute kinne mei de ien of oare foaroansteande swarte professor of advokaat en dy in jûne by him thús freegje. Dêr soe er folslein it rjocht ta hawwe, mar har bloeddruk soe nei trijehûndert omheech fleane. Hy koe fansels net sa fier gean en besoargje har in beroerte en boppedat, it slagge him noait sa bot om freonen ûnder swarten te krijen. Hy hie yn de bus alris besocht om mei de mear beskaafde typen yn 'e kunde te kommen, sokken dy't der as professor of minister of advokaat útseagen. Op in moarn wie er neist in donkerbrune man sitten gien, dy't der tige foarnaam útseach en dy't syn fragen mei in sonoare plechtigens beandere hie, mar it die bliken, dat dat in begraffenisûndernimmer wie.
In oare kear wie er neist in sigaarsmokende neger mei in diamanten ring oan 'e finger sitten gien, mar nei in pear forsearre aardichheden hie de neger op it knopke drukt en wie oereingien; en wylst er om Julian hinne knoffele wie, hied er him twa lotterijbriefkes yn 'e hân drukt.
Hy stelde him foar, dat syn mem slim siik wie en dat hy allinnich mar in negerdokter foar har besette koe. Hy boarte in pear minuten mei dat idee om en liet it doe gewurde, om 't er yn in koart fisioen himsels seach as dielnimmer oan in sit-yn-demonstraasje. Dat wie in mooglikheid, mar hy prakkesearre der net te lang oer. Ynpleats kaam er no by it meast skandelike.
Hy kaam thús mei in kreaze frou mei in fertocht negroïde uterlik.
‘Mem kin har mar klearmeitsje,’ sei er. ‘Hjir kin mem neat oan dwaan. Dit is de frou dy't ik keazen haw. Se is yntelligint, weardich, ja, goed en se hat lije moatten en dat is net noflik. Hjitfolgje ús mar, toe mar, hjitfolgje ús mar. Jei har mar fuort, mar tink derom, dan jaget mem my ek fuort.’
Hy kniep de eagen ticht en troch de lilkens dy't er oproppen hie, seach er syn mem oan de oare kant it paad, mei in pearse holle yn mekoar krimpen ta de ôfmjittings fan in ierdmantsje fan har morele mjitstêven, wylst se as in mummy ûnder de bespotlike banier fan har hoed siet.
| |
| |
Hy waard wer út syn fantasijen skuord, doe't de bus hold. De doar gie mei in sûgjend lûd iepen en út it tsjuster stapte in grutte, fleurich klaaide kleurde frou mei in noartsk gesicht yn mei in lyts jonkje. It bern dat miskien in jier of fjouwer wie, hie in koart rútsjes jaske oan en in Tiroler huodsje mei in blauwe fear op. Julian hope, dat er neist him sitten gean soe en dat de frou neist syn mem skowe soe. Hy koe him gjin bettere yndieling foarstelle. Wylst se op har kaartsje wachte, seach de frou it hear oer - hy hope, dat se dat die mei it idee dêre sitten te gean, dêr't se it minste ferlet fan har hiene. Se hie wat oer har, dat Julian bekend foarkaam, mar hy koe it net thúsbringe. It wie in reus fan in frou. Op har gesichtt lei in útdrukking, dy't oanjoech, dat se net allinnich tsjinkanting oankoe, mar dy sels opsocht. Har grutte ûnderlippe hong as in warskôgingsteken nei ûnderen, sa fan: Kom net oan my. Har grouwe lichem wie yn in jurk fan krêpe opsletten en har fuotten pûlen boppe har skuon út. Se hie in hoed op, in ôfgriis wie it. In pearse fluwielen lape hong oan de iene kant nei ûnderen en stie oan de oare kant omheech; fierder wie er grien en seach derút as in kessen sûnder fulling. Se hie in ôfgryslik grutte reade hantas by har, dy't oan alle kanten útpûle, as sieten der stiennen yn.
Spitegernôch klautere it jonkje op it lege plak neist syn mem. Syn mem fette alle bern, swart en blank, gear yn ien kategory: skattich, en se fûn lytse negerkes noch folle skattiger as lytse blanke bern. Se glimke tsjin it jonkje, doe't er op it plak klautere.
Underwilens kaam de frou op it lege plak neist Julian ôf. Ta syn argewaasje wrong se harsels dêryn. Hy seach it gesicht fan syn mem feroarjen, doe't de frou har neist him sette en hy realisearre him mei foldienens, dat dat foar har folle ûnoangenamer wie as foar him. Har gesicht like hast skier en se seach donker, as koe se wat werom, as waard se ynienen mislik by de ien of oare grouwélige konfrontaasje. Julian begriep, dat it kaam, om't sy en de frou yn sekere sin fan soan ruile hiene.
Hoewol't syn mem de symboalyske betsjutting dêrfan net besefte koe, soe se it dochs fiele. Syn wille dêrom stie dúdlik op syn gesicht te lêzen.
De frou neist him mompele wat ûnfersteanbers yn harsels. Hy fielde wat fan nidigens neist him, in ynholden grauwen as fan in lilke kat. Hy koe oars neat sjen as de reade hantas, dy't rjocht oereinstie op de útprotsjende griene billen. Hy helle him de frou foar de geast, sa't se op har kaartsjes stien hie te wachtsjen - it swiere stal, omheech rizend út de reade skuon de mânske heupen, it kolossale boarst, it heechhertige gesicht oant en mei de grien en pearse hoed. Hy skuorde de eagen wiid iepen.
It fisioen fan de twa huodden, idintyk kaam op him oer mei alle útstrieling fan in skitterjende sinne-ûndergong. Syn gesicht striele ynienen fan wille.
Hy koe it net leauwe, dat it needlot syn mem sa'n leske jaan woe.
| |
| |
Hy nokkere sa lûd, dat se wol nei him sjen moast en sjen soe, dat hy it seach. Se draaide har eagen starich nei him ta. It blau dêryn like wol feroare te wêzen yn in beseare pears. Even fielde er mei in noflik gefoel har ûnskuld, mar it duorre mar in tel, foar't it prinsipe him rêde. De gerjochtigheid stie him ta om te laitsjen. Syn gnizen waard breder, oant it har like dúdlik sei, as hie er dat lûdop dien: Dy straf past krekt by mem har nearzigens. Dat soe foargoed in leske foar mem wêze moatte.
Har eagen draaiden nei de frou. Se koe it blykber net ferdrage om him oan te sjen en joech dêrom de foarkar oan de frou. Hy fernaam wer de opsternate oanwêzigens neist him. It frommes grommele as in fuikaan dy't op útbarsten stiet. De mûle fan syn mem begûn oan ien hoeke te lûken. Mei de moed yn 'e hakken seach er begjinnende tekens fan betterskip op har gesicht en hy krige yn 'e rekken, dat se de hiele saak ynienen grappich fûn, en dat it by eintsjebeslút hielendal gjin leske waard. Se siet hieltyd nei de frou te sjen en se glimke fermaaklik as wie de frou in aap, dy't har hoed stellen hie.
It lytse negerjonkje seach mei grutte eagen fassinearre nei har op. Hy besocht al in hiel skoft har oandacht te lûken.
‘Carver,’ sei de frou ynienen, ‘kom hjir!’
Doe't er seach, dat er no dan dochs yn 'e skynwerpers stie, luts Carver de fuotten omheech, draaide him nei Julian syn mem om en begûn te gibeljen. ‘Carver,’ sei de frou, ‘hearst my net? Kom hjir!’
Carver liet him fan 'e bank glide, mar bleau op 'e hûken tsjin de ûnderkant fan de bank sitten, mei de holle fyn ynlein nei Julian syn mem draaid, dy't nei him glimke. It frommes stuts in hân út en skuorde him nei har ta. Hy kaam oerein en hong tsjin har knibbels oan, wylst er tsjin Julian syn mem gnyske. ‘Is it net in skat?’ sei Julian syn mem tsjin de frou mei de foarútstekkende tosken.
‘Jaaa...,’ sei de frou sûnder oertsjûging.
De negerin luts him omheech, mar hy snipte har út 'e hannen wei, skeat nei de oare kant en klautere wakker gibeljend op it plak neist syn leafste.
‘Ik tink, dat er my wol lije mei,’ sei Julian syn mem en glimke nei de frou. It wie it soarte fan glimkjen, dat se brûkte as se wakker freonlik tsjin in minderenien wie. It leske wie by har delrûgele lykas rein by in dak del.
It frommes gie oerein en skuorde it jonkje fan it plak ôf as skuorde se him by in besmetlike sykte wei. Julian fielde, dat se poerrazen wie, om 't se net in wapen hie as it glimkjen fan syn mem. Se joech it bern in hurde klets tsjin de skonk oan. Hy raasde ien kear en stompte doe mei de holle yn har mage en skopte tsjin har skynbonken.
‘Wolst wolris fetsoenlik wêze!’ sei se fûl.
De bus hold en de neger dy't sitten hie te krantlêzen, stapte út. De frou sko- | |
| |
de op en sette it jonkje mei in swaai tusken harsels en Julian yn. Se hold him stevich by de knibbel beet. Fuortynienen die er de hannen foar it gesicht en kipe tusken de fingers troch nei Julian syn mem.
‘Ik sjoch dyyyyy!’ sei dy en die de hân ek foar it gesicht en kipe nei him. It frommes sloech syn hân oan 'e kant.
‘Hâld op mei dy healwizichheid,’ sei se, ‘ear't ik dy foar de harsens slach.’ Julian wie bliid, dat se der by de folgjende halte út moasten. Hy gie oerein en luts oan de koarde. De frou gie op itselde stuit oerein en luts ek.
O God, tocht er. Hy hie der in ferskriklik foargefoel fan, dat syn mem, as se út de bus stapten, har beurs iependwaan soe en de jonge in stuorke jaan soe.
Soks wie foar har like natuerlik as sykheljen.
De bus hold en it frommes gie oerein, stoarme nei foaren, wylst se it bern, dat net mei woe, efter har oan skuorde. Julian en syn mem giene oerein en rûnen efter harren oan. Doe't se tichte by de doar kamen, besocht Julian har tas oer te nimmen.
‘Nee,’ mompele se, ‘ik wol dat jonkje in stuorke jaan.’
‘Nee,’ systere Julian, ‘nee.’
Se glimke tsjin it bern en makke har tas iepen. De doar fan de bus gie iepen en de frou pakte him by de earm en stapte út, wylst er op har heup hong. Op 'e strjitte sette se him del en skodde him troch elkoar.
Julian syn mem moast har tas tichtdwaan, doe't se by it opstapke fan de bus delgong, mar sadree't har fuotten op de strjitte stiene, die sy dy wer iepen en begûn der yn om te rommeljen.
‘Ik kin allinnich mar in sint fine,’ lústere se, ‘mar dy sjocht der as nij út.’
‘Doch dat no net,’ sei Julian ferheftich mei de tosken opinoar.
Der stie in strjitlampe op 'e hoeke en se draafde derhinne om better yn 'e tas sjen te kinnen. De frou gie hastich de strjitte del en sleepte it bern, dat net rjocht meikomme woe, efter har oan.
‘Sis jonkje,’ rôp Julian syn mem, die fluch in pear stappen en helle harren by de strjitlampe yn. ‘Hjir is in hiele moaie nije sint foar dy,’ en se hold him it muntstik foar, dat yn it swakke ljocht in brûnzen glâns hie. It foarse frommes kearde har om, stie dêr even mei de skouders omheech en mei it gesicht stiif fan frustrearre argewaasje en stoareage nei Julian syn mem. Doe like se ynienen útinoar te barsten as in masjine dêr't in fraksje tefolle druk op stie. Julian seach de swarte fûst mei de reade tas útfallen. Hy die de eagen ticht en kromp yninoar, doe't er de frou razen hearde: ‘Hy nimt fan gjinien sinten oan.’
Doe't er de eagen iependie, wie de frou de strjitte al heal út mei de lytse jonge dy't mei de eagen wiid iepen oer har skouder hinne stoareage. Julian syn
| |
| |
mem siet op 'e stoepe.
‘Ik sei ommers tsjin mem, dat mem dat net dwaan moast,’ sei Julian lilk, ‘ik sei ommers, dat mem dat net dwaan moast.’
Hy stie toskeknarsend even oer har hinne bûgd. Se hie de fuotten rjocht foar har út en de hoed lei har op 'e skoat. Hy gie op 'e hûken sitten en seach har yn it gesicht. Der siet alhiel gjin útdrukking yn.
‘No hat mem krekt krige, wat mem fertsjinne,’ sei er, ‘no kom, oerein.’
Hy pakte har taske op en die alles, wat derút fallen wie, der wer yn. Hy pakte har de hoed fan 'e skoat. De sint seach er op 'e stoepe lizzen en dy pakte er op en hy liet him foar har eagen yn de beurs falle. Doe kaam er oerein en bûgde him foaroer en stuts har de hannen ta om har oerein te helpen. Se bleau ûnferweechlik sitten. Hy suchte. Oan beide kanten riisden tsjustere flatgebouwen omheech, ûnregelmjittich markearre mei rjochthoekjes ljocht. Op 'e ein fan it blok kaam in man ta de doar út en kuiere de oare kant op. ‘No goed,’ sei er, ‘stel, dat hjir tafallich ien lânskomt en witte wol, wêrom't mem op 'e stoepe sit.’
Se pakte syn hân beet en swier sykheljend hyste se har mei muoite omheech en bleau doe even stean, wylst se wat hinne en wer soeide, as sirkelen dy ljochtplakken om har hinne. Har eagen, dizich en betiisd, rjochten har op syn gesicht. Hy die syn bêst net om syn argewaasje te ferbergjen.
‘Ik hoopje, dat dat in goede les foar mem west hat,’ sei er.
Se bûgde har foaroer en har eagen taasten syn gesicht ôf. It like wol, oft se besocht om him te idintifisearen. Doe, krekt of koe se neat fertrouds oan him fine, rûn se mei in gystene beweging de ferkearde kant op.
‘Giet mem net nei de klub?’ frege er.
‘Nei hûs,’ mompele se.
‘No, moatte wy dan te gean?’
Se rûn troch. Julian gie efter har oan mei de hannen op de rêch. Hy wie net fan doel om it leske dat se hân hie sûnder wiidweidige útlis fan de betsjutting gewurde te litten. Foar't selde koe har dúdlik makke wurde, wat har oerkommen wie.
‘Tink no mar net,’ sei er, ‘dat dat no tafallich sa mar in bretale negerin wie. Dat wie it hiele kleurde ras, dat jim minlike sinten net langer oannimme wol. Dat wie mem har swarte dûbelgonger. Se kin deselde hoed ophawwe en,’ sei er der noch oerhinne (om't er miende, dat er grappich wie), ‘hy stie har better as mem. Wat dat allegear betsjut,’ sei er, ‘is, dat de wrâld fan juster foarby is. It hâlden en dragen fan foarhinne is ferâldere en jimme goedgeunstigens is gjin pest mear wurdich.’
Hy tocht bitter oan it hûs, dat foar him ferlern wie.
‘Mem is net, dy't mem tinkt, dat mem is,’ sei er.
| |
| |
Se wraksele fierder sûnder him acht te slaan. Har hier wie oan ien kant losrekke. Se liet har taske falle en fernaam it net. Hy bleau stean en pakte it op en joech it har oer, mar sy pakte it net oan.
‘No moat mem net dwaan, as rint it mei de wrâld op 'e ein,’ sei er, ‘want dat is sa net. Fan no ôf moat mem yn in nije wrâld libje en foar de feroaring de werklikheid ris ûnder eagen sjen. Kop op,’ sei er, ‘dêr giet mem net dea fan.’ Se sykhelle rêd.
‘Sille wy op de bus wachtsje?’ sei er.
‘Nei hûs ta,’ sei se mei in tsjok lûd.
‘Wat haw ik dêr in hekel oan, as mem sa docht,’ sei er, ‘krekt in bern. Ik hie wat oars fan mem ferwachte.’
Hy woe mar stean bliuwe en twing har sa om op 'e bus te wachtsjen.
‘Ik gean gjin stap fierder,’ sei er, en bleau stean, ‘wy geane mei de bus.’
Se rûn fierder krekt as hie se him net heard. Hy die in pear stappen en pakte har by de earm en kearde har. Hy seach har yn it gesicht en de siken stûken him. Hy seach yn in gesicht dat er noch noait earder sjoen hie.
‘Sis tsjin pake, dat er my helje moat,’ sei se. Ferslein stoareage er har oan.
‘Sis tsjin Caroline, dat se my helje moat,’ sei se.
Ferbjustere liet er har los en sy stode mar fierder, en se gie as wie de iene skonk wat koarter as de oare. It wie krekt, oft in tsjustere floedweach har by him weiskuorde.
‘Mem,’ raasde er, ‘leave mem, skat, wachtsje.’
Se sakke yn elkoar en foel op 'e stoepe. Hy draafde nei har ta en foel by har del, wylst er gûlde: ‘Mem, memmy.’
Hy draaide har om. Har gesicht wie ferskriklik ferwrongen. Ien each, grut en stoareagjend, ferweegde wat nei lofts, krekt of wie it lossketten. It oare bleau op him fiksearre, taaste nochris syn gesicht ôf, fûn neat en foel ticht.
‘Bliuw hjir, bliuw hjir,’ rôp er en sprong oerein en draafde nei in bosk ljochten dat er yn 'e fierte foar him seach om dêr help te sykjen.
‘Help, help,’ raasde er, mar syn stim wie tin, amper in triedsje fan lûd. De ljochten dreaune fierder fuort, al neigeraden hy hurder draafde en syn fuotten giene sûnder gefoel fierder, as droegen se him nearne hinne. It wie as spielde de floed fan tsjusterens him nei har werom, dêrmei syn ynkomste yn de wrâld fan skuld en fertriet fan momint op momint útstellend.
(Ut de bondel: Flannery O'Connor, The Complete Stories, New York, 1981.)
|
|