ten. As ik it goed haw, heart it ek sa neffens de pedagogen; nije stof moatte
jo net ék nochris yn in nije foarm bringe, dan wurdt it nije de measten oermânsk.
As wy noch wat langer by de tematyk en benammen it tiidsbyld dat skildere wurdt, stean bliuwe, komt it idee boppe dat it boek wolris in skoftsje ûnderweis wêze kinnen hat, want de ik-persoan pielt noch typysk yn it ik-tiidrek fan de 70-er jierren om. Net folle is der noch te fernimmen fan it mear groepsmjittige fan de 80-er jierren. Gjin punkers, gjin drugsproblematyk, gjin jildpine fanwegen legere útkearings (iten en drinken binne wichtich as tiidsfolling yn it boek, en der is ek altyd jild om ris oan te stekken ûnderweis), it tiidsbyld yn dit boek is dan ek al wer wat beheind; faaks is it libben yn de stêd dêr't Maaike tahâldt yndied o sa kalm?
Ek it byld fan de persoanen om de haadpersoan Maaike hinne bliuwt oerflakkich. Manlju binne der bygelyks mar yn twa soarten:
a. | aardige: Harke, har freon, en hait. Beide hawwe se gjin probleem mei Maaike's besluteleazens; it bliuwt ‘poppy’ en ‘leave’. |
b. | net-aardige: kutsjekikers, rammers mei fytskettings, de buorman dy't buorfrou tramtearret. Dizze manlju ha gjin nammen; wat harren beweegt bliuwt tsjuster. Der is gjin tuskenkategory fan byg. aardige buschauffers of sa. |
Foar de froulju jildt itselde:
a. | aardige: beide freondinnen Jetske en Coby, en mem. |
b. | net-aardige: de sleauwe buorfrou dy't har kat en har freon beide net oan kin. |
Wat krekt de eftergrûn is fan Jetske en Coby en wêr't hja de motivaasje wei ha dêr't it Maaike krekt sa oan ûntbrekt, wurdt net dúdlik. Hja tsjinje yn haadsaak as praatpeallen foar Maaike.
Bliuwt oer de haadpersoan dy't allinnich it boek drage moat. Makket Maaike genôch mei (of troch) om it spannend te hâlden oan 'e ein ta? It is nijsgjirrich om te sjen dat de beide resinsinten op dit punt inoar tsjinsprekke. Tineke Steenmeijer: ‘De skriuwster hat wol deeglik besocht de lêzers dúdlik te meitsjen dat Maaike yn de wike dy't hja beskreaun hat wat mear doel krigen hat oer wa't hja is en wat hja wol’. Anne Wadman: ‘... en oan 'e ein fan it relaas is se mei al har problemen net in stap fierder as oan it begjin. No kin dat ek net sa gau yn mar acht dagen. Mar omdat alles bliuwt sa 't it is, kriget de lêzer it fielen, dat dizze acht dagen willekeurich keazen binne en dat de skriuwster foar 't selde mei acht oare dagen op 'e lappen komme kind hie. En it betsjut ek, dat wy ús mei de Maaike-fan'e-bûtenkant tefreden hâlde moatte: dat is fierwei it bêste aspekt fan dit ferhaal’.
Yn dit stik bin ik it mei Tineke Steenmeijer iens: der sit yn it lêst fan it boek