Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 122] [p. 122] Koos Dalstra Wat wie de mar wat wie de mar dochs ienris rûm wardy heit wurd wekker út dyn slûm dêr komme de kommizen = it net oerdeis dan = it wol jûns dêr komme se foar potten fleis mei skûm pake haas, fyn dysels werom dyn taillejas mei koopren knopen dyn putties passe by ús skuon do bist hjir de baas net oerdeis mar wol jûns op flechte útsjochtoer sjongst moarns betiid yn maaie heit wylst mem de flierbedekking leit hoi! wy hawwe frij fan skoalle wy geane út har lânsdouwen wei mar sille har nea ferjitte se leit dochs ús herte sa nei sakre keur wy hawwe in poerbêst humeur heit tute mem wêr't er koe of ik de jiskepûde bûten sette woe ferrifele troch reade lippen sa as 't yn alle stikken stiet sadat har herte iepen giet wat nimmen sizze koe dat sei ús heit omdat er froulju laitsje litte woe! Vorige Volgende