Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 120] [p. 120] Eppie Dam Reisgenoat Hja siet yn 'e trein - as hie hja in reis hân - ferlidere en stil foar my oer, de fealgriene skoaltas mei sjongende nammen as in drôvich hûntsje tsjin it rjochterbil, mei eagen wetterich as kikkertsdril mei boarsten nei ûnderen ta ôfrûne op in stoer. Har skouders wiene sa smel dat se 't bestean net heve koene dat har pleage. Har moed rûn der sydlings bydel. In finger tyske yn in knoopsgat fan har fetlik-learen jas en ûnderwilens haffele hja de kaken smachtsjend fan 'e kaugom los. [pagina 121] [p. 121] Senioren Har bewegen yn 'e dize fan 'e gazen heining, sprekt fertraging út en frede mei it ôfgean fan har krêften. Mei de hjerst fermoedsoene, ferjouwe hja de skonken de lôgens fan it fuotwurk. In bytsje earmslach is har al genôch. Hja hawwe it racket mei spinreach bespand, sa genedich is de macht fan har toucher. Hja slane de ballen mei inkeld it idee: hoe hâlde wy it spultsje geande, as in beam dy't bang is om te stoarmjen. Vorige Volgende