Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 118] [p. 118] Baukje Wytsma Wat riedsel bliuwt 'k Rin yn myn eigen poëzij, want ûnder Willinkloften binne de huzen en de minsken frjemd en fier. Ik wit de sfinxen efter de pilaren, heal liuw heal frou rjochtop mei golvjend hier. In riedseleftich ljocht leit oer de ierde: it antwurd op de fraach dy 't net bestiet. Dan reint it blauwe fûnken út de himel, der baarne gatten yn myn hert en yn myn liet. [pagina 119] [p. 119] Yn oare wei Fannijs bin ik wer tichteby de wyn, har rûzel-sûzeltaal loslippich yn myn ear. De wrâld wurdt wetterblau, alles beweecht. Lûdleaze skippen oan de hoarizon kruse mekoar oer 't skomjend paad; gromskom spat by de stjûne op. Se sette koerts yn oare wei. Op hokker kaart? Ik sjoch har nei en wit net mear oft it no skippen wiene, of do en ik en oft wy ea bestiene. Vorige Volgende