| |
| |
| |
Hans Westra
T.S. Eliot: It Jiskelân
T.S. Eliot (1888-1965) skreau The Waste Land yn 1922, doe't er swier depressyf, en op 'e râne fan 'e dwylsin wie. It is in pessimistysk fisioen oer it ferfal, kultureel, geastlik en biologysk fan 'e doetiids moderne wrâld. It wie de tiid fan nei de earste wrâldoarloch, de Russyske Revolúsje, en it oanbegjin fan de depressy. Eliot, as Amerikaan yn Londen hie grutte bewûndering foar it ferline, mar seach ek hoe't moderne tastannen harren wuortels yn dat ferline hiene.
The Waste Land kriich syn definitive foarm nei't Ezra Pound sawat de helte skrast hie en in protte ferbetterings útstelde. Eliot joech letter in kompleet noatenapparaat by it fers, en tekstbesoargers hawwe dit fakentiids noch útwreide, mar eins wie dat oerstallich. It wurk tilt wol op fan de sitaten út de Westerske, Easterske en klassike literatuer, mar ek sûnder kennis dêrfan kin de lêzer de essinsje wol ûndergean.
It fers stelt wol easken oan de lêzer. Der binne rimpene oergongen fan de iene sprekker nei de oare, petearen wurde ynlaske, de sfear kin sterk wikselje, lykas it taalgebrûk. Dochs sit der in djippe gearhing tusken de dielen. Belangryk is it gebrûk fan âlde fruchtberenssymboalyk, benammen dy fan de ûnfruchtbere Fisker Kening waans lân ek ûnfruchtber is (dêrfandinne: The Waste Land). Londen is it moderne Waste Land, in stiennen woestyn.
Uteinlik fynt de dichter/sprekker de berêsting yn Dante's wurden ‘doe joech er him del yn it fjoer dat harren suveret’ (Purgatorio).
Ien fan de wichtichste kwaliteiten fan Eliot as dichter wie syn fermogen om fersrigels te skriuwen dy't jin troch de holle spoekjen bliuwe, dy't djip ynkringe en lang neigalmje. Ik ha besykje wold om dit effekt ek yn it Frysk nei foaren komme te litten.
De yllustraasjes komme út it Tarot kaartspul (dêr't it moderne kaartspul út fuortkommen is). Nei alle gedachten hat Eliot dit spul (ûntwurpen troch A.E. Waite en tekene troch Pamela Colman Smith) ûnder eagen hân, sjoen syn ferwizing nei stêven trije. It Tarot spul, brûkt foar (would-be) foarsizzings, giet foar in part werom op deselde oerâlde fruchtberenssymboalyk dy't ek yn The Waste Land te finen is. Foar safier't ik wit binne de measte kommintaren der oan foarby gongen, mar eins soe it folsleine Waite-Tarot spul ris ôfprinte wurde moatte by it fers. De sfear dêrfan slút dúdlik oan by dy fan The Wast Land.
| |
| |
| |
T.S. Eliot: It Jiskelân
‘Nam Sibyllam quidem Cumis ego ipse meis, vidi in ampulla pendere, et cum illi pueri dicerent: Sibylla ti theleis; respondebat illa: apothanein thelō.
FOR EZRA POUND
il miglior fabbro
| |
I De begraffenis
April is de wreedste moanne, om't er
Seringen út it deade lân briedt, om't er
Oantinken mei langstme mingt, om't er
Droege wuortels puont mei maitydsrein.
De winter hood ús waarm, mei't er
Ierde mei snie fan ferjitlikens diek, mei't er
In bytsje libben mei droege knollen fuorre.
De simmer kaam ús oer it mad, kaam oer de Starnbergersee
Mei in reinbui; wy skûlen ûnder de gallerij
En gongen fierder yn it sintsje, de Hofgarten yn
En dronken kofje, en praten in oerke
Bin gar keine Russin, stamm' aus Litauen, echt deutsch.
En doe't wy bern wiene, by de aartshertoch útfanhûs,
By myn neefke, naam er my mei op 'e slide,
En ik wie benaud. Hy sei, Marijke,
Marijke, hâld dy fêst. En wy gongen del.
Yn 'e bergen fielt men jin frij.
Ik lês in grut part fan 'e nacht en gean de winters nei it suden ta.
Wat binn' de wuortels dy't gripe, wat tûken waakse
Ut dizze stiennebrod? Minskesoan,
Do kinst it net sizze, as riede, want do kenst inkeld
In heap tebrutsen bylden, dêr't de sinne slacht,
En de deade beam gjin skûl jout; it yntsje gjin ferromming,
En de droege stien gjin lûd fan wetter. Inkeld
| |
| |
Is der skaad ûnder dizze reade rots.
(Kom hjir, ûnder it skaad fan dizze reade rots),
En ik sil dy wat oars sjen litte as dyn
Moarnsskaad, dat dy efternei rint
As dyn jûnsskaad dat dy temjitte riist;
Ik lit dy benaudens sjen yn in hantsjefol stof.
‘Do joechst my hyasinten, in jier tebek;
Se neamden my it hyasinte-famke.’
- Lykswol, doe't wy let weromkamen, út it hyasinte-hôf,
Do, de earms fol, it hier wiet, ik koe neat
Sizze, en myn eagen ferpoften it, ik wie
Libben noch dea, en ik wist neat,
Doe't ik seach yn it hart fan it ljocht, de stiltme.
Madame Sosostris, ferneamd om it twade gesicht,
Wie slim ferkâlden, dochs stiet
Hja bekend as de wiiste frou fan Europa,
Mei in falsk spul kaarten. Hjir, sei se,
Dyn kaart, de fersûpte Fenisyske seeman,
(Dat binn' pearels, dy't syn eagen wiene. Sjuch!)
Hjir is Belladonna, de Frou fan 'e Rotsen,
| |
| |
Hjir is de man mei trije stêven, hjir it Rêd,
En hjir is de keapman mei ien each, en dizze kaart,
Dy't blank is, is eat dat er op 'e rêch tôget,
Dat ik net sjen mei. Ik fyn
De Hongene net. Freezje de wetterdea.
Ik sjuch kloften folk, dy't yn in krinkje rinne.
Danke. At jo dy goeie Mrs. Equitone sjugge,
Sis dan ik sil sels de horoskoop wol bringe:
Men moat optheden sa oppasse.
Under de brune damp fan in winterske dage,
Streamde in mannichte oer London Bridge, sa machtich,
Ik hie net tocht dat de dea sa'n knoarre fergriemd hie.
Suchten, koart en seldsum, wurden litten,
En eltse man hie de eagen rjucht foar him út.
Streamde de heuvel op en King William Street del,
Nei wêr't Saint Mary Woolnoth de oeren sloech
Mei in dea lûd op 'e lêste njoggende slach.
Dêr seach ik ien dy 'k koe, en hood him oan en rôp: ‘Stetson!
Jo wiene by my yn 'e skippen by Mylae!
Dat lyk dat jo ferline jier yn 'e tún planten,
Rint it al út? Sil it bloeie fan 't jier?
As hat de rimpene froast syn bêd fersteurd?
O hâld de Hûn der fier by wei, de minskefreon,
Oars klaut er it mei de neilen wer nei boppen!
Do! Hypocrite lecteur! - mon semblable, - mon frère!’
| |
II In spultsje skaak
De stoel dêr't hja yn siet, as in poetste troan,
Gloeide op it moarmer, dêr't it glês
Ophoden troch standerts bewurke mei ranken en fruchten
Dêr't in goudene Cupido útkipe
(In twaden ferburch de eagen efter syn wjuk)
De flammen ferdûbele fan sân-earmige kandlers
Dy't it ljocht wjerkeatsten op 'e tafel wylst
It blinkerjen fan har juwielen it yn 'e mjitte riisde,
Ut satinen sluven getten, yn rynsk ferskaat.
| |
| |
Yn fleskes fan ivoar en kleurd glês
Untkoarke, skûle har bjuster, syntetysk rûkersguod,
Salve, poeier, as floeiber -, fertiisde
En ferdronk it gefoel yn roken; ret troch de lucht
Dy't wierre troch it rút, stiigden hja
En fieden de lange kersflammen,
Soalden har smook yn 'e souderbalken,
Roerden de foarmen fan it houten ferwulft.
Mânsk seehout drinzge fan koper
Baarnde grien en oranje, fette yn 'e kleurde stien,
Yn dat drôf ljocht swom in útsniene dolfyn.
Boppe d' antike skoarstienmantel toande
As troch in finster it wâldtaferiel
Philomela's feroaring, troch de barbaarske kening
Sa wreed ferkrêfte; lykswol de geal dêre
Folde de hele woestyn mei ûnskeinbere stim
En jitte rôp hja, en ferfolget jit de wrâld,
‘Sjûk, sjûk’ tsjin smoarge earen.
En oare fergiene stompen fan tiid
Wurden ferteld op it lewant; stoarjende foarmen
Linen út, linen, susken de ynsletten romt’.
Stappen skoffelen op 'e trep
Under it ljocht fan it fjoer, ûnder de boarstel, har hier
Utspraat yn fjurrige punten
Gloeide ta wurden, wie dan wyld-stil.
| |
| |
‘Ik hew ut op 'e senuwen fanavond. Ja, slim. Bliif bij my.
Seg wat teugen my. Waarom segge jou noait wat. Seg es wat.
Waar denke jou an? Wat denke? Watte?
Ik weet noait wat jou denke. Denk’.
Ik tink wy binn' yn rotte' steech
Wêr't de deaden de bonken ferlern ha.
‘Wat is dat gelûd no? Wat docht de wyn?’
Neat? Sjuchsto neat? Herinnerst dy
Dat binn' pearels dy't syn eagen wiene.
‘Bisto libben, as net? Is der neat yn dyn holle?’
O O O O dat Shakespehere Stikje -
‘Wat sil 'k no? Wat sil ik dwaan?
Ik sil der sà út, de strjitte op
| |
| |
Mei it hier los, sa. Wat sill' wy moarn?
It hyt wetter om tsien oere.
En at it reint, in kapsjeas om fjouwer oere.
En wy sille in spultsje skaak dwaan,
Eagen sûnder lidden taknipe en wachtsje op in klop op 'e doar.
Doe't Lyske hur man út 'e oarloch kwam sei 'k -
Ik sei 't su't ut was, ik sei self teugen hur,
WIL U OPSCHIETEN WE GAAN SLUITE
Nou't Albert terugkomt mutte jou je wat opknappe.
Hij wil oek wel wete wat jou deen hewwe met dy senten
Foar nieuwe tanden. Su was 't, ik was derbij.
Must se trekke late, Lyske, en un moai gebyt kope,
Hij sei, ik kan 't su nyt langer ansien.
En ik oek nyt sei 'k, en denk an Albert, dy siel,
Fier jaar in ut leger weest, hij wil oek wel wat,
En at jou hem nyt late, dan un ander wel, sei 'k.
O ja, sei se. Reken der mar op, sei 'k.
Dan weet ik oek wel wy, sei se, en keek my su recht an.
WIL U OPSCHIETEN WE GAAN SLUITE
At ut jou nyt anstaat gaan dan su mar deur, sei 'k. Un
Ander het 't fur 't útsoeken at jou ut nyt kanne.
Mar at Albert der fandoar gaat binne jou waarskoud.
Jou mutte jou skame sei 'k, su oudsk der útsien.
(En se is noch mar eenendertich)
Ik kan 't oek nyt helpe, sei se, met un lang gesicht,
't Komt fan dy piltsjes, om ut wech te krijen, sei se.
(Se het der al fiif had, en der hast in bleven bij
De drogist sei ut kon wel, mar ik hew noait wear deselde weest.
Jou binne goed gek, sei 'k.
Nù, at Albert jou nyt met rust laat, dêr hè je ut oek al, sei 'k,
Waarom trouwe je at je geen kienders wille?
WIL U OPSCHIETEN WE GAAN SLUITE
Nù, en dy sondach was Albert tús, se hadden un farkeslapke,
Se froegen my te eten, ut was doe ut lekkerst -
WIL U OPSCHIETEN WE GAAN SLUITE
WIL U OPSCHIETEN WE GAAN SLUITE
| |
| |
Navend, Willem. Navend, Lolle. Navend Maai. Navend.
Good night, ladies, good night, sweet ladies, good night, good night.
| |
III De fjoerpreek
De tinte fan de rivier is brutsen; de lêste blêde-fingers
Gripe en sinke nei de wiete sânbank. De wyn
Krúst it brune lân, ûngemurken. De wetterfammen binne wei.
Swiete Teems, stream súntsjes, oant de ein fan myn sang,
De rivier draacht gjin lege flessen, bôlepûdsjes,
Sidene bûsdoekjes, doazen, peuken
As oare bewizen fan simmerjûnen. De wetterfammen binne wei.
En harren freonen, omhingjende erven fan stedsbestjoerders,
By de wetters fan Leman siet ik te skriemen...
Swiete Teems, stream súntsjes oant de ein fan myn sang,
Swiete Teems, stream súntsjes, want ik sprek net lûd of lang.
Mar efter myn rêch yn in kalde fleach hear
Ik ratteljen fan bonken en gnyskjen fan ear ta ear.
In rôt kroep hoeden troch de planten
Sleepte de slym'rige bûk oer de bank
Wylst ik fiske yn 'e deade sleat
Op in winterjûn efter it gasfabryk
| |
| |
Oertocht it wrek fan myn broer de kening
En ús heit de kening dêrfoar.
Wite liven neaken op 'e lege kliemske grûn,
En bonken yn in leech droech krûpyntsje smiten,
Rattele inkeld troch de rôt syn poat, jier op jier.
Mar efter myn rêch, sa út en troch dan hear ik
It lûd fan toeters en auto's dy't maitiids
Swyntsje by frou Poartstra bringe sille.
O de moanne skynde helder op frou Poartstra
Hja waskje de fuotten mei polka
Et O ces voix d'enfants, chantant dans la coupole!
Sjûk sjûk sjûk sjûk sjûk sjûk
Under de brune damp fan in wintermoarn
Mr. Eugenides, de keapman út Smyrna
Rûch yn 't burd, de bûse fol mei krinten
Fracht: Londen, betelle; papieren by levering,
Dy frege my yn syn demoatysk Frânsk
| |
| |
Te middeisiten yn it Cannon Street Hotel
En dêrnei in wykein yn it Metropole.
Op 'e pearske oere, at eagen en rêch
Har rjuchtsje fan 't buro, at de minskene mesine wachtet
As in taksy bûnzjend wachtsjend,
Ik Tiresias, blyn, bûnzjend tusken twa libbens,
Aldman mei ferronfele frouljusboarsten, sjuch lykswol
Op 'e pearske oere, de oere jûns dy't stribbet
Op hûs oan, de seeman túsbringt fan see,
De tipiste, teetiid tús, rommet it moarnsiten op,
Set de kachel oan, stâlt blykfoer út.
Ut it rút gefaarlik útspraat
Har droegjend ûnderguod, rekke troch de lêste sinnestriel,
Hoazzen, toffels, himden en kersjet.
Ik Tiresias, âldman mei ferronfele jaren
Trochseach it spul, en foarsei de rest -
Ik ek ferwachte doe dy gast.
Hy, jongfeint mei pûsten arriveart,
In lyts makelersklerkje, mei ien dryste loaits,
Ien út it folk, dêr't de fersekering op past
As in sidene hoed op in Bradfordske miljonêr.
De tiid is gaadlik no, sa't er mient,
It miel is dien, hja is ferfeeld en wurch,
't Besykjen om har oan te krûpen
| |
| |
Dat, hoewol ûnwolkom faaks, net opkeard wurdt.
Read en wis falt hy ynienen oan;
Ottaastende hannen moetsje gjin striid;
Syn idelheid ferwachtet neat werom,
Misbrûkt de ûnferskillichheid.
(En ik Tiresias, yn 't foar ha 'k ûndergien
Wat op ditselde bêd as divan bart;
Ik, dy't yn Thebe ûnderoan de muorre siet
En mank de leechsten fan 'e dea rûn ha).
Jout in lêste tút, it kin der ôf,
En taastend op 'en paad, fynt treppen ûnferljochte...
Hja keart, en sjucht ris yn 'e spegel,
Fan har ferfearne feint mar amperoan bewust;
Har geast lit ta ien tins, healskepen:
‘No, dat is dien: gelokkich, dat hat west’.
When lovely woman stoops to folly, dan
Allinnich, de keamer op en del rint, alweroan,
It hier glêdstrykt, mei automatyske hân,
En in plaat leit op 'e grammofoan.
‘Dizze muzyk kroep my oan oer it wetter’
En bylâns the Strand, Queen Victoria Street op.
O Stêd, o stêd, betiden hear
Ik yn Lower Thames Street nêst in kafee
It noflik gegei fan 'e mandolyn'
| |
| |
En in gerop en gerattel binnen yn,
Dêr't fisklju skoftsje; dêr't de muorren
Bjusterbaarlike pracht ophâlde fan Yoanysk wyt en goud.
Nei lij, swaaie mei de swiere gyk.
Klotsten tsjin beide iggen
‘Trammen en stoffich gebeamte.
Highbury berne my. Richmond en Kew
Ferdiene my. By Richmond luts ik de knibbels op,
Yn 'e smelle boat lei 'k achteroer.’
‘Myn fuotten binn' by Moorgate, en myn hart
Wie gûlde 'r. Unthjitte' in nij begjin’.
| |
| |
Ik sei neat. Wat wie der ek op tsjin?’
De brutsen fingerneils fan smoarge hannen.
Myn folk earm folk, hja ferwachtsje
Baarnend baarnend baarnend baarnend
| |
IV De wetterdea
Phlebas de Fenisiër, twa wiken dea,
Fergeat it gegjalp fan 'e mokken, en de djippe seegong
En de winst en it ferlies.
Kriich syn bonken yn núnders. Wylst er stiigd' en foel
Gong er de fasen troch fan tiid en jeugd en
| |
| |
O jo dy't oan it rêd draaie en yn 'e wyn op sjugge,
Tink oan Phlebas, dy't ienris kreas en mânsk wie lykas jo.
| |
V Wat de tonger sei
Nei it fakkelljocht read op switterige gesichten
Nei de froastige stiltme yn 'e tunen
Nei de deastriid op stiennige plakken
Tichthús en paleis, en de galm
Fan maitydstonger oer fiere bergen
Wy dy't libben stjerre no
Hjir is gjin wetter mar inkeld rots
Rots en gjin wetter en de sânige reed
De reed dy't him omheech slingeret tusken de bergen
Dy't bergen fan rots binne sûnder wetter
At der wetter wie soene wy stopje en drinke
Tusken de rotsen kin men net stopje as tinke
Swit is droech en fuotten binn' yn 't sân
At der mar wetter wie tusken de rots
Deade bergebek fan brune tosken dy't net spuie
Hjir kin men stean noch lizze noch sitte
Der is sels gjin stiltme yn 'e bergen
Mar droege gelde tonger sûnder rein
Der is sels gjin stiltme yn 'e bergen
Mar reade stúmske troanjes húnje en grauwe
Ut de doarren fan moudedroege huzen
In welle tusken de rotsen
At der inkeld mar it lûd fan wetter wie
En droech gers te sjongen
| |
| |
Mar lûd fan wetter oer in rots dêr't
De hearemyt-klyster sjongt yn 'e spjirren
Drip drop drip drop drop drop drop
Wa is de tredde dy't hyltyd nêst dy rint?
At ik tel, binn' der inkeld do en ik tegearre
Mar at ik foarútsjuch, oer de wite dyk
Is der hyltyd in oar dy't nêst dy rint
Glydzjend, yn in brune mantel bewuolle, mei kape
Ik wit net is it in man as in frou
- Mar wa is dat oare kant fan dy?
Wat is dat foar lûd heech yn 'e loft
Reauntsjen fan memme-kleien
Hokfoar kloften mei har kapen binn' dit, swarmjend
Oer ûnbidige flakten, stroffeljend oer barstene ierde
Omjûn fan inkeld de flakke kym
Wat is de stêd oer de bergen
Skuorret en ferfoarmet en barst yn de pearske loft
Jeruzalem Athene Alexandrië
| |
| |
In frommis luts it lang swart hier strak
En fidele lúster-muzyk op dy snaren
En flearmûzen mei poppetroanjes yn it pearske ljocht
En krûpten, de kop omleech, in swarte muorre del
En omkeard yn 'e loft wiene tuorren
Dy't betinkende klokken letten, dy't de oeren sloegen
En stimmen sjongend út lege reinbak en linze saad.
Yn dit ferfallen hoal mank de bergen
Yn it dimmen moanneljocht, sjongt it gers
Oer ferfallene grêven, om de kapel
Dêr is de lege kapel, inkeld de wyn ta hûs.
Der binn' gjin finsters, en de doar swaait,
Droege bonken dogge net ien kwea.
Inkeld in hoanne stie op 'e naal
Yn in wjerljochtsslach. Dêrnei in wietige fleach
Ganga wie sonken, en de sloppe blêden
Wachten op rein, wylst de swarte wolken
Sammelen, fier fuort, boppe Himavant.
De wyldernis op 'e knibbels, bûgde yn stiltme.
| |
| |
Myn freon, it bloed dat my it hart skoddet
It skriklik doaren fan it efkes oerjaan
Dat in ivichheid fan hoedenens nea ûngedien makket
Hjirtroch, en troch dit allinnich, ha wy bestien
Wat net yn ús nekrologyën stiet
As yn oantinkens omhongen troch de mylde spin
As ûnder segels brutsen troch de skriele notaris
Yn 'e doar ienris, inkeld ienris omdraaien heard
Wy tinke oan de kaai, elts in finzene
Tinkend oan de kaai, wurdt elts in finzene
Inkeld at de jûn falt, dogge flechtige geroften
Efkes in brutsen Coriolanus wer libje
Fleurich de mei seil en riem betûfte hân
De see wie kalm, dyn hart soe
Fleurich, at it frege woar, reewillich klopjend
Te fiskjen, mei it ûnlân efter my
| |
| |
Sil ik dan alteast myn lân yn oarder bringe?
London Bridge is falling down falling down falling down
Poi s'ascose nel foco che gli affina
Quando fiam uti chelidon - O sweltsje sweltsje
Le Prince d'Aquitaine à la tour abolie
Dizze stikken haw ik skoarre tsjin myn púnbult
Why then Ile fit you. Hieronymo's mad againe.
Datta. Dayadhvam. Damyata
Grins, april 1985 - april 1986
|
|