Lykas altiten krige er de doar mei lijen iepen en it earste dat er fernaam wie in aparte rook, in âlde, ieuwenâlde rook. Ynienen stoden in stikmannich lytse reade mantsjes syn gong yn, harren mûtskes wiene grien, guon hiene grize burdsjes en oaren hiene wite, mar wat by alle kabouterkes gelyk wie, dat wiene de skerpe, wrede, wite toskjes, dy't tusken de snoar- en burdhierren troch glânsden yn it pearseftige ljocht dat út Hidde syn net op besite betochte keamer streamde. It grutste part fan de mantsjes luts Hidde, oan syn boksen skuorrend, oer de keamersdrompel, de oare trije treaunen hymjend de doar ticht. De grutste kabouter gong lyk foar Hidde oer stean en sei mei ferrassend djip lûd: ‘De minsk sil troch tolve útkarden iten wurde. Ranend sil de reus ûntstean’. Mei dizze wurden, dy't fibrearjend opsein waarden, foel Hidde as in stik beton efteroer, syn holle kaam spitigernôch op in leech bierfleske telâne, sadat er in pear tellen fuort wie. Doe't er syn eagen wer iepen die, fernaam er dat er omwuolle wie mei in soart fan nylontried dat pynlik yn syn hûd snie as er him ferwege woe. It iene kabouterke begong wer te praten: ‘Foar't wy mei ús miel úteinsette, wol ik earst besykje út te lizzen wat der mei jo barre sil. Eangje net, want it is de wil fan it Hegere. Wy sille beskate parten fan jo lichem konsumearje, te witten it hert, it brein, foarsafier oanwêzich, en jo, ja, hoe sil 'k it neame, jo tyldielen. Wy hawwe jo foar ús hillich doel útsocht om't jo it berne slachtoffer binne, dat witte jo sels ek wol, en om't wy fan de filosofy útgeane dat itjinge dat it swakst is allinnich mar sterker wurde kin. Der komt noch mear by, mar dat begripe jo dochs net. Ite, jonges!’
De keardeltsjes wiene aardich roppich yn it liif, sa te sjen, se slobberen Hidde syn weake grize harsens fia de earst leechmakke eachholtes mei smaak op. Underwilens wiene oare, wierskynlik perverse kabouterkes, dwaande mei it opsminkeljen fan syn sâltich spultsje. De grutte kabouter hie mei in yn ferhâlding grut knyft syn bonkjende hert derút snien, sloarpe longerich it spuitsjende bloed efter de knopen en bepluze doe it eale fleis. De helske pine dy't Hidde by dizze gastronomyske aktiviteiten fielde, bleaut fierders ûnbesprutsen, mar wol moat dúdlik wêze dat it ferlies fan syn brein foarearst gjin ferlies fan gefoel ynhâlde.
It wie sa njonkelytsen wol in smoarge bringst op Hidde syn rjappelsekken, stikjes liljend fleis en bloedpuozzen bedutsen it brune weefsel. De kabouterkes leine mei beblette mûltsjes yn in sletten sirkel om Hidde syn stoflik oerskot hinne. Syn geast sweefde dêr in heale meter boppe. De kabouterlieder preuvele in stikmannich tsjoenspreuken, it gefolch wie dat der in triljen troch de mantsjes hinne teach, se krûpten tsjininoar oan, nee, se raanden oaninoar fêst. De reade jaskes en de griene mûtskes gongen yn in stjonkende reek op en nei in pear sekonden wie der gjin yndividueel ierdmantsje mear te ûnderskieden. De sirkel fan no hast floeiber fleis waard hieltiten lytser oant it