| |
| |
| |
Anne Wadman
In bychtsoan
It is al frjemd, sa'n bytsje as der fan dy earste twa trije jier nei de oarloch by de minsken hingjen bleaun is. Fan de oarloch en de besetting sels is faaks ek wol it ien en 't oar út it ûnthâld wiske, mar gans dêrfan is letter, nei '50, weromkommen, hieltyd skerper, pinigjender en frustrearjender. De measten fan dy't it belibbe hawwe, sille de sfear en de gefoelslading fan dy besettingstiid by harsels noch oproppe kinne, sels dy fan de rêstige, waarme simmerdagen op it plattelân, as it oarlochsgeweld sa fier fuort en sa teoretys like. It nachtlik oan- en ôfweagjen fan de Amerikaanse eskaders, it harkjen nei de Ingelse radio, de faaie grins fan de honger, op it plattelân ek, as men it rêde moast sûnder boererelaasjes of yllegaal keapmanskip. De ferhalen oer de yllegaliteit, oer de konsintraasjekampen, fermoedens en skuldgefoelens, it ûnderdrukken derfan, it hoopjen op in gaueftige ferlossing, de teloarstelling as it dòchs wer net sa wie, it neigean op 'e kaart fan de altyd te stadige fuortgong yn it militêre: El Alamein, Tobroek, Stalingrad, Arromanches, Okinawa, Bastogne, Arnhim, nammen dy't men oproppe kin mei derom hinne de sfear tusken hope en freze. Keale strjitten mei inkelde Dútse soldatehelms en gewearen, mei alle luguberens dy't de foto's út dy tiid sa genedeleas priis jouwe, mar dy't men net yn wurden stal jaan kin.
De befrijingsdagen, dat slagget ek noch wol sa'n bytsje. Mar dy jierren 1945, '46, '47 - wêr binne se keard? As ik besykje it yn 't ûnthâld werom te roppen, tink ik: in wrâld dy't noch libbe yn it slachskaad fan de oarloch, dêr't pas yn 'e jierren sechstich sa no en dan wat ljocht yn begûn te strieljen. It dekôr is griis en ientoanich, earmoedich: skrale blomkes mei lijen opbloeiend út it pún fan Europa - ferjou my de retoryk. Ik haw it idee dat it doe altyd hjerst wie en nea simmer. Ik haw der grut lijen mei mysels yn dat slachskaad werom te finen, en dochs haw ik libbe, sykhelle en warber west.
Mei myn sykte gyng it gâns better, al wie der noch wolris in tebekset. Myn skriuwerij loek de oandacht, mar it grut sukses is noait kommen, de wat men tsjintwurdich neamt: trochbraak. Ik publisearre wat yn in pear fan de mannichte literêre tydskriften dy't doe ta de grûn út brûsden. Gruttere plannen hie ik ek, mar dêr is neat fan kommen. Ik studearre wat yn 't wylde wei: Ingels, keunstskiednis, op 't lêst: ekonomy. Troch famyljeomstannichheden hie ik wat jild omhannen krige en foar de kost wurke ik yn 'e losse sjoerna- | |
| |
listyk, free lance, om in grut wurd te brûken, as streekkorrespondint foar in Hollâns deiblêd, as gearstaller en bewurker fan VVV-gidskes en datsoarte lytsguod. Reklame-teksten sels.
Mar dat binne feiten dy't ek yn har skriftlike wjerslach meastepart noch te efterheljen binne, likegoed as de mear algemiene feiten yn polityk en maatskippij: de dékolonisaasje-oarloch (‘polisjonele aksje’ neamd), de need-wet foar de âlderein, tribunalen en suveringskommisjes, opbou fan ferrinnewearre stêden en stedsdielen, geastlike fernijing dy't foar it grutste part leuze en yllúzje bleau. Van der Leeuw, Schermerhorn, Drees, Beel, Van Mook, ik neam mar op dy't my sa foar de pinne komme. Mar hoe wie de sfear dy't om al dy dingen en nammen hinne hinge? Ik kom oars net as ta: griis, donkergrijs en in bytsje treurich, nettsjinsteande de freugde om de werwûne frijheid. Hoe siet dat mei de sympaty fan in soad lju, en dêr hearde ik ek ta, foar de Sowjet-Uny yn dy dagen? Echt kommunist haw ik nea west, en dochs wie der in soarte fan ferwachting dy kant út: de langst nei in nij wrâldbyld op skjin papier faaks? In sympaty dy't wy ús no, safolle jier nei Praach en Boedapest en Berlyn en noch sa'n rychje, net mear yntinke kinne. In betrouwen faaks omdat wy it rottich fûnen om gjin betrouwen te hawwen, ûntstien yn 'e dagen fan Stalingrad en Brjansk en Wjasma ûnder de ymmorele bolderbast Stalin. It kommunisme hat altyd salonfertsjintwurdigers oanlutsen en ik haw yn dy dagen dêr wol wat mei kokettearre, al hie 'k fan hûs út gjin spoen loftsichheid meikrige en stie by ús thús myn jongesfoarkar foar de Spaanse republyk tige op 'e sigen. Ik wit it, der wiene doe en letter party lju dy't it mei Ruslân ‘altyd al sjoen hiene’, de realisten dy't it lettere fiasko op 'e smelle rêch fan Roosevelt skoden en dy't de ferneamde foto fan it trijemanskip fan Jalta altyd al op in pypfol hân hawwe. Dy't ús foar ûnwerklike en ferbline sielen oanseagen, gefaarlik ek noch. Ik wol tajaan, dat wy doe tefolle betrouwen
hân hawwe, mar it libjen mei dat betrouwen hie in soarte fan bekoaring dy't mei gauwens, om presiis te wêzen yn april '48 ferlern gien is: der like in begjin fan wat nijs te wêzen, suverder en earliker en minskliker as earder, en der wie ek in poarsje wantrouwen yn 'e demokratsy, dy't ryklik wurch en âld like en syn draai net goed fine koe. Miskien is it dit: dat it kommunisme in goed systeem is, dat foar syn ferwêzenliking en syn fuortbestean in ferkearde mentaliteit nedich hat en dus skept, wylst it nasjonaal-sosjalisme in ferkearde mentaliteit is, dy't ek mar allinne in ferkeard systeem skeppe kin. Dit foar de lju dy't de dingen al te maklik oer ien kaam skeare. En as dy der dan tsjin ynlizze, dat it einresultaat fan beide wakker op itselde delkomt, dan moat ik tajaan: it ferskil is minder grut as nedich (en mooglik) west hie.
Mar ta de saak. It ferhaal fan dokter Degreve is, yn it ljocht fan wat wy no oer de oarloch witte, mar in lytse groteske, al hie it dan yn 'e fierte wat út te
| |
| |
stean mei dy skriklike trageedzje fan seis miljoen fermoarde Joadse minsken, dy't ús net mear loslitte sil al organisearje wy yn it jier 2010 ús earste toeristereizen nei de moanne. En it fierder ferrin fan de saak hat der einliks alhiel neat mear mei te krijen. Dochs kin ik my net losmeitsje fan it idee, dat dokter Degreve, op syn eigen nuveraardige wize, in slachtoffer fan dy oarloch wurden is. Ik haw letter, doe't ik al dy papieren en dokuminten en flardsjes út syn ‘dossiers’ nochris trochnoaske, de oertsjûging krige, sûnder dat soks nei de letter dúdlik te lêzen stie, dat fan dy saak-Winters foar him gâns mear ôfhinge as simpelwei in misferstân en in jildkwestje. As dy Winters in earlik man, in earlike saak wie, dan hat Degreve in lyts ding dien om de trageedzje te kear te gean: miskien binne der yn dat gefal troch syn meiwurking in pear minsken fan in skriklike dea rêden. Mar as Winters in ferkeardenien wie, in profiteur en ûtsûger, dan hat Degreve gâns minder dien as wat er as syn plicht fielde, dan hat er lichtfeardich en stom hannele. En yn dit lytse persoanlik dilemma is Minke Wiuwerda syn lotgenoate wurden, of leaver: se hie it yn syn each wurde moatten. Sij moast syn beleanning wurde fan dy lotsferbûnens. Dat ideé fixe hat ferantwurdlik west foar wat der fierder bard en ek foar wat der nèt bard is.
Dat Sije Wiuwerda him, in healjier nei syn feroardieling ta tsien jier tichthússtraf, yn july '46, yn syn sel ferhongen hat, haw ik al ferteld. Sa sil er in skuld dylgje wollen ha dêr't fierder net mei te libjen foel. In wize fan skulddylgjen sûnder nuânses, sûnder wurden; hy hat ek gjin briefke efterlitten. Ik haw ûndersiik dien nei de omstannichheden, mar der is sa goed as neat oer te sizzen. De finzenisdirekteur, in minsklik man, út 'e yllegaliteit wei yn dit foar him frjemde en ûnwêzenlike amt bedarre en koart nei Sije syn dea wer yn it boargerlibben weromkeard, koe him fan de man net folle mear te binnen bringe, allinnich syn dea en de rapporten dêroer útbrocht. In grouwe sokses, yn wêzen goed as bôle, mar mei in minimaal ferstân en gjin ynsjoch yn de konsekwinsjes fan syn dieden, sa wie it betinken, konkretisearre út de man syn wivelige opmerkingen. Under syn âlde kammeraten dêr't er earst mei yn in kamp sitten hie, swieren en minder swieren, geboefte en mislate idealisten, domme fleisklompen en fynynleine opportunisten, wied er ien fan de swijsumste. In man dy't him net kronken fielde troch it needlot, mar dy't him ek net yn alle bochten wynde fan skuldgefoel. Hy hie gjin polityk ynsjoch, hy hie him allinne mar troch moaie praters tagonklik meitsje litten foar it kwasiideaal fan in nije wrâld, oplein troch Dútse eigenwaan en útbarstingen fan rasse-haat. In Joad wie foar Sije net in minske, seis gjin ‘ûnderminske’, mar in abstraksje, in teoretys wêzen, as kreet, as punt-yn-in-partijprogram (dat er wierskynlik ek allinnich fan hearren en razen koe). Hy is, mei it foarútsicht fan fiif, seis jier sitten en de ûnmooglikheid om wer te ferskinen yn it doarp
| |
| |
dêr't er ienris nearringdwaande west hie, út dit libben weigien. Hy soe nea wer wurde dy't er west hie en noch minder dy't er wêze moatten hie. In ferkearde kar dy't mei gjin jild of goede wurden, mei gjin bycht of publike ferklearring mear ûngedien makke wurde koe. Sa moat it sawat west hawwe. Mar miskien idealisearje ik dizze man ek noch. Op syn begraffenis wiene allinnich Minke en in fiere neef fan sines. Afke liet har net sjen. Dat wie har wize fan wraaknimmen.
Yn 'e simmer fan '46 kaam der ek yn it bestean fan dokter Degreve in feroaring. Hy hie it klearspile syn wiif ta it hûs út te krijen, dy huze op djoere apparteminten yn Wassenaar dêr't har âlden ek wennen. De beide jonges sieten yn Amsterdam en lieten har net mear sjen. Hy hie dus it ryk allinne, mei help fan de tsjinstfaam. Hy hie dat ryk fansels mei Minke diele wollen en hat dêr ek tige war foar dien. Mar Minke hâlde him op 'e tok. Se hie har beslút al nommen, al spriek se dat net daliks út. Se moat ynsjoen hawwe dat, simpel sein, dy dokter Degreve gjin man foar har wie, mar dat er ek har maatskiplike opgong, sa sil ik it mar neame - it wurd karriêre docht it yn dit ferbân net sa goed -, yn 'e wei stean soe. Se socht op in oare wize har revanche. De inkelde kearen dat ik har noch seach, hâlde se har noch wat op 'e romte. Ik haw al sein dat se op in bank wurke; yn har húshâldskoalletiid hie se al oan tikjen en steno dien en no helle se it iene diploma nei it oare. Ik wist doe noch net dat se dizze wei lâns in selsstannige posysje opbouwe woe as grûnslach foar in fierder lizzend doel: har yn 'e sjongkeunst bekwame. Dêr waard se yn stipe fan de dirigint fan har Midwerter sjongkoar, dy't har soms in solo sjonge liet en hege ferwachtingen fan har hie (dy't net yn alle opsichten útkommen binne). Se wenne doe al net mear by har mem yn Flokswert: dat wie ûnmooglik wurden yn de sfear fan fijânskip dêr't se sûnt Sije syn dea yn rekke wiene. Minke hierde in keamer yn Midwert en reizge ien middei yn 'e fjirtjin dagen nei Ljouwert foar har sjongles.
Degreve wie fan al dy dingen net op 'e hichte en ik ek mar heal en heal. Hy libbe, haw ik letter begrepen, yn 'e yllúzje dat Minke komme soe as de skieding mar ien kear útsprutsen wie, ja hy wie fol fan dy ferwachting. Hy gyng der fan út, dat Adèle in echtskiedingsproseduere tsjin him opsette soe, dêr't er dan graach syn Grutte Leagen, sa't dat doe hiet, foar oer hie, al seach er tagelyk ek wol yn dat sa'n skieding him finansjeel noch djipper yn'e ûnderwâl bringe soe. Hy hie sels ek in echtskiedingsgrûn opfandele: ‘kweawillige ferlitting’. Mar de advokaat dy't er dêroer rieplachte (net Mr. de Goede, dy hie it foargoed bedoarn), joech him net in soad kâns, en it wie ek in saak fan jierren; it wurd ‘kweawillich’ joech nammers ek oanlieding ta útienrinnende ynterpretaasjes. Wierskynlik hat ek it fêsthâlden oan de roomse opfettingen oer ditsoarte fan saken, al of net ûnder ynfloed fan kapelaan (no wierskynlik pastoar) Nuchelmans, by har swier woegen.
| |
| |
Degreve húsmanne dus allinne yn dat grutte doktershûs. Syn praktyk wie slim yn 't neigean rekke, mar hy woe en soe op syn post bliuwe, oan 'e lêste pasjint ta. Yn syn foartún stie in boerd: ‘Praktyk allinne foar tagediene minsken’ - dat stie dêr as in monumint, útrekkene op it stee dêr't Searp Jilkema sa raar oer de side teard wie. Tagediene minsken wiene der net sa folle mear, benammen de tsjerklike lju lieten it sitte. Finansjeel stie er der min foar, want by alle oare swierrichheden yn dat stik wied er ek noch in minne rekkentsje-skriuwer, benammen doe't syn frou, al fier foar har fuortgean, har út 'e administraasje tebeklutsen hie. Hy kaam der net oer gear en liet it op 'e rongen slepe. De apoteek ferfoel geandewei en ek de trouwe pasjinten moasten om dingen fan neat nei Midwert of sels nei de stêd.
By alle tsjinstuit hat dy simmer fan '46 wierskynlik dokter Degreve syn lokkichste tiid west, befrijd fan in lêst en libjend yn in yllúzje. Ik, as mandélige yn de saak fan syn libben, haw him doe fleuriger en jongeseftiger kend as ea tefoaren. Mar it wie dúdlik dat it sa net bliuwe koe. De maatskiplike delgong friet troch, de beide soannen koene har op elk stuit oppenearje om him finansjeel en seedlik de deastek te jaan, en ek de frou, hoe fier fuort ek, bleau in bedriging, in ûnwisse faktor. Hy wist dit allegear wol, mar hy prate en libbe der fleurich oerhinne. It ferskil yn jierren tusken him en my foel wei, en hy wie yn it doarp einliks de iennichste dy't my foar fol oanseach. Ik waard syn bychtsoan, om sa mar te sizzen. Ik moat oannimme dat syn gefoelens foar Minke dy fan in earlik man wiene, mar foar sokke gefoelens en benammen foar de konsekwinsjes dy't se hawwe moasten, wie yn 'e maatskiippij mar amper en yn in doarp as Flokswert alhiel gjin plak.
Ik sil gjin folslein oersjoch jaan fan de lytse pesterijen dêr't se him yn dy tiid mei hjitfolge hawwe. Ik folstean mei it ûntslach as gemeente-arts, it weistimmen út bestjoeren en kommisjes, de einleaze doarwarders-prosedueres dy't Searp Jilkema, de nimmer wurge strider foar It Rjocht, him oandie, oant er belies joech en 700 gûne fan 'e bank helle om se troch Grutte Searp syn brievebus te triuwen, it trochkringen fan oare artsen yn syn praktyk - wat moasten sokken ek al as de lju harren rôpen by sykte of ûngemak? -, it net mear groetsjen of stymske koarte knikjes op 'e strjitte, it koe net op. Ik haw yn dy dagen, wat better mobyl wurden, wolris besocht hjir en dêr by lju wat goodwill foar him oan te setten, mar krige dêrby it fielen dat ik net foar fol oansjoen waard en dat ik boppedat partisipearre yn 'e stille hún dy't him taparte waard. Hy hie op in geheimsinnige wize anneks west mei de dochter fan dy lânwachter-selsmoardner, ik hie gedoente hân mei dyselde lânferrieder troch te besykjen syn arrestaasje tsjin te kearen. Ik hie nammentlik Sije Wiuwerda sels de wink jûn om as de dei der wrake yn 't sicht kaam him ûnder myn bêd te ferskûljen en - sà fier gyng it praat al, hearde ik fan myn jongste suster
| |
| |
- plannen ûntwurpen om him ûntflechtsje te litten nei it bûtenlân of, wa wit, nei de moanne... Eins hie ik in soarte fan kollaborateur west en dat ûnder de bemanteling fan myn sykte, dy't, dat seagen je no mar wer, gjin echte en yn alle gefallen gjin slimme sykte west hie: ik fytste wer en fan myn ironys praat oer in takomstige rolstoel wie neat oan west. Ien en oar waard dan ek noch wer yn ferbân brocht, by de doarpsnotabelen, mei myn saneamd kommunisme, omdat ik wolris stikjes yn in kommunistys deiblêd skreau (mear oer de moaie natoer as oer de segeningen fan it bolsjewisme, nammers). Yn 'e fizy fan it doarp wiene wy in soarte fan trio: Minke, Degreve en ik. En ta myn fernuvering ûntdiek ik, dat dit trio fierder fan 'e doarpsmienskip ôfstie as de stik of trije heale of hele doarps-NSB-ers dy't wy ryk wiene en dy't mei gauwens wer út it kamp weromkamen. Allinne Sije Wiuwerda stie te boek as in swier gefal, mar dat waard dan ek wol wer goedpraat troch syn dommens. En frou Wiuwerda mocht har sels yn 'e geunst fan gâns lju spegelje, as oarlochswiddo dy't har lot sa kranich wist te dragen, en har as wurkster sa goed rêde koe.
As ik de frije kar hân hie, dan hie 'k it doarp Flokswert mei gauwens farwol sein. Mar myn eigen healens en letter ek de oanboazjende sykte fan ús mem, en yn wêzen dochs ek noch de lotsferbûnens mei de beide oare leden fan it trio, hâlden my dêre. It is my earst folle letter dúdlik wurden, dat net sasear myn noedstean fan Sije Wiuwerda de oarsaak fan myn isolemint wie, mar folle mear myn eigen karakter, myn tekoart oan mienskipssin, myn, lit ik it grutte wurd mar neame: yndividualisme. Ik paste net mear yn dy mienskip, want yn sa'n doarp is in skriuwend yndividu net funksjoneel, hy hat der gjin organys plak. Miskien haw ik ek wolris te skerpwest yn myn uteringen: myn krantestikjes waarden troch guon tûke doarpsiju wol sekuer neilêzen en op har kritise uterigen hifke. Ik wit ek net mear wat ik doe allegear oan ympressys en doarpshistoarjes by elkoar skreaun en wreaun haw, ik haw der ek gjin sin oan om dy âlde plakboeken wer foar 't ljocht te heljen. Mar dêr kin foar in part de oarsaak lizze fan it erchtinken dat it doarp yn my hie.
Tsjerklik en polityk hie ik gjin dak mear boppe de holle: myn eigen middenortodoksy sei my neat mear, de grifformearde eigengerjochtichheid koe ik net daaie en by it lytse ploechje sosjalisten stie ik as kommunist te boek. Feesten en doarpsmanifestaasjes stie ik bûten (behalve in kearmannich as ferslachjouwer) en de iennichste kear dat ik my op fersiik oan in soarte fan toanielskets weage haw, by it safollejierrich bestean fan in jongfeinteklub op kristlik-histoarise grûnslach, waard in artistyk fiasko: it lekespul mei geheimsinnige ‘stimmen’ (eksperiminteel suver foardat it wurd bestie) spriek de lju net oan, it hat ek myn bêste wurk net west. Mei de doarpskultuer haw ik altyd op in wankele foet stien. As ik earlik bin mei de Grutte Kultuer ek, en as der
| |
| |
gjin ferbettering komt sil ik as skriuwer altyd wol in handich, slûchslim, yn in soad silen mak smjuntsje bliuwe, in ‘penny-a-liner’, dy't syn ‘bien’ nimt wêr't er it ‘trouve’. Mar iksels bin net oan 'e oarder yn dit ferhaal, dat it begjin fan syn ein fynt op 'e dei dat Minke Wiuwerda net langer swije koe en har kaarten iepen by dokter Degreve op 'e tafel lei. Net letterlik op syn tafel, want it ûnderhâld hie by my thús pleats, en op har fersiik, om't ik har by in tafallich moetsjen op syn tastân wiisd hie. Sa kaam it Trio dochs noch in kear gear. Ik sil fan dat ûnderhåald, dat ek mar koart duorre hat, ein oktober '46, gjin ferslach dwaan. De feiten haw ik hjirfoare al neamd en fan de dramatyk dy't der mei anneks wie, kin ik gjin adekwaat byld jaan. It wie ferpletterjend. En it einbeslút in telidersleine Degreve, dy't sûnder in wurd fan ôfskied de doar efter him tichtsloech.
Minke en ik seagen elkoar oan. Har eagen wiene earnstich, betrienne, mar tagelyk ferromme.
Letter haw ik wolris tocht, dat dit dan de tredde kear wie dat ik neiliet har myn leafde te ferklearjen.
(Haadstik XI út de te ferskinen roman In bolle yn 'e reak)
|
|