Meindert Bylsma
De tún
Menear Galema hat in grutte tún en dy tún is syn wille en tier. Galema is dan ek biologylearaar. ‘Alles wat minsken beweecht,’ seit er altyd, ‘is yn in tún werom te finen. En dat is al hiel lang sa. Doe't de minske syn swalkjend bestean ferruile foar in bestean op in fêst plak, hat in tún fan grut belang west foar minsken: der moast griente ferboud wurde en nôt en de tún moast fruchten opsmite. Om it gewaaks tsjin wylde bisten en oare fijannen te beskermjen, planten de minsken der al rillegau hagen omhinne of freden de boel ôf mei stekken fan ynelkoar frissele wylgetienen. De tún wie in wrâld yn it lyts, de striid om it bestean siet yn 'e tún. En doe't foar de befoarrjochten dy striid wat nofliker waard, is de siertún ûntstien dy't útrinne koe yn in tûn dêr't de folsleine minsklike heechmoed yn begriemd wie, tink mar ris oan de ferneamde tún by Versailles. Al it goede en al it kweade dat yn de minsken omwrotte, fûn syn wjerslach yn de tûn. En dat is noch sa.’
Menear Galema syn tún is ek in wjerslach fan himsels. Der is in stik mei kreaze grinttegels, opmitsele blombakken en in sânbak foar de bern, mar der is ek in stik by dat der foar wyld hinne leit. Der is in kreas gazon mei gjin túchje deryn, mar hy hat ek in krûdetún. Hy hat prachtige sierheesters plante, mar ek wylgemûzen en elzen. En fansels hat er in grientetún!
Menear Galema moat besykje alles yn 'e tún syn gerak te jaan. Slagget dat, dan kriget er sels syn gerak ek. Troch de bank slagget dat wol, mar út en troch is der wat mis mei him. Dan draaft er breinroer mei ien of oar skerp túnark, in skoffel, in snoeimes, in haachskjirre of in lep troch de tún en dan is der gjin lân mei him te besilen. Hy knipt samar in tûke ôf fan de moaiste heester, hy skoffelet in koalplant om dy't er de deis te foaren mei soarch plante hie, hy raamt in blom fan 'e stâle dêr't er dyselde deis noch mei grutte niget yn 'e hoksen by sitten hie te sjen, hy stekt ien fan 'e seldsumste krûden mei woartel en al út 'e grûn en soalt de brot oer de hage, hy ferrinnewearret in spinreach en knypt de spin dea. Sa'n oanfal duorret noait net lang en syn frou en bern hawwe it ek al lang ôfleard om har der mei yn te litten. Se litte him mar stikem útraze. By sa'n oanfal praat er altyd lûdop, mar mei wat er seit is net folle te begjinnen:
- Dy ha 'k al faak warskôge, no is it út, no sil ik it dy foargoed ôfleare.
- Ik lit my net gnjirdzje troch sa'n ûngelok as dy.