Leest net mei safolle ûnferhulde frustraasje te keap rint as Hermans.
Troch Fryslân yn de vaart der volkeren op te stjitten wurde hjoeddeiske tastannen nei foaren helle dy't op oare plakken húsriem binne, lykas de filefoarming en de Goaiske Matras. De bewuste oerdriuwing, byg. dat Mans Koop Koopmans syn baan as útsmiter ferlear troch de emansipaasjewetten, skept genôch ôfstân om net yn soere bespotting te ferfallen. Frouljusgambyt is lykswol gjin echt satiryske roman wurden, lykas byg. Tejo, de lotgevallen van een geëmancipeerde man, dêrfoar is it net genôch op ien ferskynsel taspitst.
Van der Leest hat it de lêzer net maklik makke wat taal oangiet. Hy brûkt âldfrinzich Frysk dat net foar dat fan Tamminga ûnder hoecht te dwaan, mar wit der wol sa linich mei om te gean dat syn styl lêsber bliuwt. Hy hat syn figueren mei karakteristyk taalgebrûk, lykas Chick Anus mei syn omkeard Bokwerts dat dochs wer oars is as de ferhollânske Fryske praattaal fan hjoeddedei, of Vandenoudemeulemakerbroecke mei syn Flaamsk op syn Frysk, en skept mei sin spraakbetizings wêr't se ornaris net foarkomme byg. wylde jierren / hierren; Sawnhuzen / Sânhuzen.
Wat Van der Leest mei taal dwaan kin blykt wol út de frije bewurking (transposysje soene je soks neame kinne) fan it begjin fan Under Milk Wood fan Dylan Thomas, dy't er yn Frouljusgambyt opnommen hat (5.6.1.), en it stikje dêropfolgjend (5.6.3.) dat yn deselde styl skreaun is.
Fergelykje:
It is spring, moonless night in the small town, starless and bible-black, the cobblestreets silent, and the hunched, courters'-and-rabbits' wood limping invisible down to the sloeblack, slow, black, crowblack, fishingboat-bobbing sea. The houses are blind as moles (though moles see fine to-night in the snouting, velvet dingles) or blind as Captain Cat there in the muffled middle by the pump and the town clock, the shops in mourning, the Welfare Hall in widows' weeds. And all the people of the lulled and dumbfound town are sleeping now.
mei:
It is simmer, sinneskyndei op it boerelân sûnder skieppesmoar, en himelsblau, de drokke diken en de nau besefte barmen dogge it har oan tiid nei de grommelige, blakke, grûnige, goarswarte, boatstille mar te winen. De huzen hawwe sinneblinen foar, of spegeljende finsterbrillen op, dy't it ljocht flikkerje litte oer de keatene earm fan de doarpspomp en de roekbeskitene hoed fan it klokhûs, de winkels op har sljocht sneinsk, it kafetaria yn feestdracht. En alle lju op en yn har snoarkjende ferfiermiddels jouwe spul út.
Men soe fierders de ynfloed fan Thomas sjen kinne yn it gebrûk fan nammen