Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 58] [p. 58] Jabik Veenbaas Sang foar in soargeleaze simmerdei Ik wit it wol ik moat dit en dat en noch folle mear moat ik wol mar it is samar wer winter en dêrom set ik dan hjoed de klokken stil en jou my del, maklik as de katten, om en om rôlje se harren ommers yn it gêrs. Ik lit it gewurde, gjin slach doch ik mar ik stek de hân út nei it lok - lok sisris wat jouste, ik jou dy neat, seit it lok en it jout neat ik jou der ommers dochs neat om. Sjoch, de toppen fan de beammen ferwege dat docht de wyn. Vorige Volgende