Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 56] [p. 56] Jelle Kaspersma Alkali alkali bitend stof o skiere flok fan dit lân dyn moudestoarmen ha de minsken in bittere wierheid yn 'e eagen wreaun yn grize wolken stowe dreamen fan rike rispingen fan koel helder wetter witwersanne mara is hjir mear as in bibels wurd bonkerakken njonken in neakene poel myn ûntstutsen eagen boppe de bûsdoek sykje nei tekens fan libben [pagina 57] [p. 57] Stien dellein troch iis fan in lange winter efterlitten stien fertoant him yn de hurde pracht fan swarte flint ik sykje dy op hifkje dyn wicht op 'e hân tongerstien fjoermakker hjir leit de hurde glâns fan swarte flint en nim dy mei reizgest fan rêstplak nei rêstplak út ierde's ynderlik wei nei iis nei wetter nei strân dan dizze finsterbank yn dyn hurde klank fan swarte flint Vorige Volgende