Trotwaer. Jaargang 18(1986)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 51] [p. 51] Willem Abma Halcyon dat moskje dat him widzet yn 'e flear is dat dyn geast dy't nei my ta flein is ûntkommen oan dyn lea dy't ik ferlear as ûngrypber bewiis dat ik dy mis mar do bist mear: do bist it waar, de wyn dêr't alle kreätueren yn besteane do bist de dize fan al lang ferlyn draachster fan tekens dy't mar net ferfleane dy dei yn maaie wie tryst en sûmber noch sjoch ik yn ús tún de blauwe blom en wy foar elkoar sa dôf en stom wy flokten mei dat stille wûnder wie dochs dat moskje mar in halcyon boude ús in nêst fan suver seeskom [pagina 52] [p. 52] Spegelbyld allinne komst allinne dysels tsjin sjochst ferwezen dyn hannen dy't dogge dyn geast is al lang mei himsels op 'e rin eagen dy't harsels yn 'e eagen sjogge en nachts leist mar oan sliepen te tinken in iere moarn rist dy wreed de dei begroetest dysels ûnder iten en drinken hevest it glês om mei dysels te klinken dan miauket fan fierren in kat en út dyn harkjen groeit in stil begear: dy boarre is faaks in boade fan God mar dan miicht er tsjin dyn goudkonifear waskest ôf en út wielingen fan skomwyld bernet swijsum émaille dyn spegelbyld [pagina 53] [p. 53] Lok en leed lyk as in ljochtstriel dy't mei't er ferskynt earst yn it tsjuster flechtich syn foarm fynt giet yn it leed safolle lok teloar as wiene hja betingsten fan elkoar Vorige Volgende